Ynhāld

NIJE SKIEDNIS

 

In wurd foarōf

Hoe betrouber is śs skiednis? As jo dźr sels ūndersyk nei dogge of as jo as ynteressearre, de śtkomsten fan ūndersiken fan oaren folgje, dan sil it jo opfalle dat in hiele protte dingen dochs krekt wat oars wienen dan as jo destiids leard is.
Dat is net sa frjemd as it liket. As jo fan in gefal in ferslach meitsje litte troch 5 ferskillende minsken, dy't der by betrutsen wienen, dan krije jo 5 ferskillende ferslaggen, al nei dat men der mear of minder by betrutsen is, en har skuldich of  beskeadige fiele. En sels folslein ūnpartijdige taskōgers sille it gefal ferskillend besjen en neifertelle.
As dat al sa is by eart dźr't jo tsjūge fan binne, dan is it fanselssprekkend dat it ferslach fan immen śt de twadde hān, nei ūndersyk fan ferskate ferslachjouwers, ek net al te wis wźze kin. Noch ūnwisser wurdt it as it oer it ferline giet, en oer dingen dźr't men alhiel gjin wisse ferslaggen fan hat en allinne mar ferhalen mei in hiel oar doel as in skiekundich ferslach, de 'vita' libbensferhalen fan 'hilligen' bygelyks. In protte 'feiten' śt de iere midsieuwen komme dźr śt.
Noch āldere skiednissen śt boeken fan Romeinen en Griken, lykje faaks hiel wis, mar bestean foar in grut part śt letter optekene ferhalen, faak polityk of nasjonalistysk ynkleure, en ek hiel faak gewoan sūnder fierder ūndersyk fan eardere skriuwers oerskreaun.
En wie in skriuwslaaf lykas Flavius Josefus, of Prokopius frij om te skriuwen wat hy seach? Prokopius die letter, doe't hy blykber wat mear frijheid hie yn syn Historia Arcana, in hiel oar boekje iepen oer syn baas en de frou, en oer de Keizer en syn frou, en hoe't it der allegear om ta gie yn dy kringen, as de loflike dingen dy't hy skreau yn syn ferslaggen fan de oarloggen, en de bouwurken.
In protte fan noch āldere skiednissen is mear 'myte'dan ferslach. Fan it wurk fan de earste kristlike skiedskrieuwer, Paulus Orosius, HISTORIARUM ADVERSUM PAGANOS (Skiednissen tsjin oer de heidens, net bedoeld as krityk op de heidenske skiedskriuwing, mar ta ferdigening fan it kristendom,) dat de hiele midsieuwen troch in net te wjerlizzen autotiteit wie, bliuwt by krityske skōging net folle fan skiedkundig belang oer, as wat hy skreau oer syn eigen tiid, en wat hy oanhelle fan eardere skriuwers, śt wurken dy 't no net mear besteane. En dat jild ek foar in hiele protte āldere Romeinske en Grykske skriuwers. Der hawwe hiele bybleteken bestien, mar it measte dźr fan is ferlern gien, faak troch geweld of brān. En der ha hiele bybleteken bestien fan hurdbakte klaaitabletten yn hieroglifen of spikerskrift, dźr is gelokkich noch in protte fan oerbleaun.
It is dus hiel gewoan dat skiednis altyd iensidich en net botte wis is, en ūnwisser wurdt as men fierder yn de tiid tebek giet.
Dźrom is it sa wichtich dat as der nije bewizen en ferbetteringen komme, dy ek sa gau as it kin yn it skiednis ūnderwiis ferwurke wurde.
En dźr liket noch hiel wat oan te ūntbrekken.   Pas op dat jo dy nije ynsjoggen net yn in eksamen opjefte brūke, want dan wurdt it grif fout rekkene. It ūnderwiis rint wat dat betreft fier achterop. Dat liket in politike reden te hawwen..
Wy learden op skoalle noch te sjongen:
 Daar, daar woonden eens de Bataven, zo eenvoudig maar ook zo vrij.
Het nakroost dier gespierde braven, vol van moed en trou zijn wij!
Dat wie sūnder mear in leagen, en dat wist men doe ek al wol. Wźrom liet men Nederlānske Fryske bern dan soks sjonge. Wźr om stiet der yn Nederlānske skiednis neat posityfs oer Friezen. Neffens moderne būtenlānske ūndersikers wennen der by de kust lāns, fan Bologne yn Frankryk oant Romö by Denemarken Friezen. Hollanders binne dus  krektlike goed Friezen as wy. Skamje dy minsken har der foar om Friezen te wźzen?
De troch de Franken hjir hinne stjoerde  greven setten har nei wenjen yn it hout by Skeveningen, yn harren taal neamden hja dat 'Holtland' en op it segel fan Durk II stiet dan, Theodoricus Holtlandensis comes in Frisia. Holland is dus begūn as in boskje by Skeveningen.
Dizze stikjes binne skreaun yn 2015 foar Meiinoar de doarpskrante fan Suwāld.

BEWENNERS FAN DE NOARDSEE

Dat de Friezen ienris yn de flakte fan de Noardsee wennen, mei de oare Germanen fan de seekant, Saksen, Angelen, Juten, en Denen, en mei Helgolān as mienskiplik hillig lān, en Hilligdom?,  dat waard al langer troch guon skiedskriuwers beweard, mar dat koe men yn de  Fryske skriedskriuwing noch net werom fine. Dochs komme der hieltyd mear bewizen boppe wetter dat de Noardseeflakte ienris bewenne lān wie.
Doggerland

De seismyske ūndersiken fan de oaljemaatskippijen joegen de gelearden de mooglikheid om in rekonstruksje te meitsjen fan it lānskip, sa as it er yn de tiid, fan 18 tūzen jier ferlyn ōf, der śtsjoen hat. It ljochte gebiet op it kaartsje wie nei 10000 jier ūnderwetter rekke, it wat donkerder gie tusken 8000 en 7000 fK.ek ferlern. It donkere part bleau noch in skoft bewenber oan’t it yn eilannen śtinoar foel.

Fuort nei de lźste iistiid wie it seewetter wol 120 meter leger as no, en troch it gewicht fan it iis dat noch op de bergen fan Noorwegen en Skotlān lei waard de boaiem fan de lege see omheech parse, sa dat dy gāns heger lei as de seeboaiem no. De tekening hjir boppe jout de sitewaasje sa as dy wie yn 16000 fK. en sa’t dy waard yn 8000 en 7000 en sa’t dy no is.

Doe’t de iistiid noch op syn heechst wie, wie it allegear toendra, en libben der allinne by’t simmer minsken dy’t op rindieren jagen, en dy’t by’t hjerst de keppels rindieren folgen nei it suden nei waarmere streken om te oerwinterjen. Sokke rindierjagerskampen fynt men no noch wol spoaren fan ek om Suwāld en Burgum hinne. Hja brūkten dy grif ūnderweis fan en nei de flakte dźr’t no de Noardsee weaget.

Doe’t wat no it fźste lān is, neidat de froast śt de grūn rekke, earst alhiel śtdroege en ferskriklik begūn te stowen, (it ālde en letter it jonge deksān) en dźrnei  beboske rekke, wie der allinne plak foar it grutte wyld oan de iepen seekant, en de minsken dy’ t fan dat wyld libben, folgen har dźr hinne. De seekant biedt altyd wat te iten. It klimaat waard mylder, der wie dźr wyld en fisk en krūden, dus iten by de rūs.
Foar de minsken dy’ dźr wennen, dy’t libben fan jijen en fiskjen en wat hja oan krūden fine koenen, wie it doe’t it klimaat wat opwaarme suver in paradys. It wie in hiel grut gebiet, grutter as Dśtslān no, en der kinne wol mear as 10 tūzen minsken libbe hawwe. It wie op dat momint grif it rykste en kultureel wichtichste stik fan Europa. Want it hegere lān waard stadich oan mear en mear oerwāld.



De minsken dy't dźr wennen

Noardwest Europa is befolke fan twa kanten śt wei. Der wienen hjir al foar de lźste iistiid minsken west, saneamde Neanderthalers, dy wienen doe’t it hjir te kāld waard nei it suden ferhuze en dźr yn kontakt kaam mei oaren, minsken by de Swartesee wei. En dźrmei fermong kamen hja foaral troch de dellings fan de Donau en de Rijn wer nei it noarden. Jo moatte je dat net foarstelle as in ‘folksferhuzing’, hja setten har earne te wenjen, mar hienen gjin fźste wenplakken, hja gienen dźr’t it wyld gie, en in folgjende generaasje socht it wźr wat fierder op.
Sa gie it ek oan de westkant by de seekust lāns. Dy minsken kamen al foar de iistiid śt Westafrika en wreiden har by de kust lāns śt oer Spanje, Sśdfrankryk en by de westkust fan Frankryk lāns nei it westen fan Ingelān en Ierlān. Hja koenen doe noch gewoan fan Bretangne nei Ierlān rinne.Waadsee
Dizze twa streamen moeten menoar yn de noardseeflakte, dy’t de Ingelsken no Doggersland neame. Dźr fermongen hja har ta de minsken dy’t Tacitus “Ingwaeones” neamde, en dy’t men letter hiel tapasselik ‘noardseegermanen’ neamde omdat se om de Noardsee hinne wennen. Dat se śt dy Noardsee kaam wienen, dźr hie men gjin idee fan.
Yn wźzen binne dus Ingelsken, Iislanders, Nederlanders, Dśtskers en Skandinaviėrs it selde folk en soarte minsken. Dat betsjut dat de noordseeflakte, it Doggersland de kreamkeamer wie fan it moderne Westeuropeeske folk.

De skets hjir neist lit it gebiet sjen dat  no noch bewenne wurdt.
Oeral yn it waad wenje noch minsken, as men de diken fuort tinkt wenje wy ek noch yn de Noardsee.  It grize ūndjippe gebiet  wie foar in pear tūzen jier ek noch lān. Helgolān siet ienris noch oan de kust fźst en ek dźr omhinne wie noch in hiel stik bewenber. By de seedjipten fan no is mei it sakjen fan de seeboajum gjin rekken hālden, en dy lei yn de stientiid noch ferskate meters heger as no, en mooglik ek noch mei in dikke laach fean der op.

Hoe’t it de minsken dźr fergie is net krekt te sizzen, mar de see kaam wol hieltyd heger, en it lān sakke.
Net dat de minsken dat fuort fernamen, want it giet oer ieuwen, en dan fernimt men it ferskil fan dei ta dei fuort net, mar ālde minsken koenen wol fertelle dat der grutte stikken lān ūnder wetter ferdwūn wienen, dy’t hja as bern noch as lān kend hienen.
It langste wie der noch in flink gebiet om Helgolān hinne yn de Dśtskebocht en in lźste stik dźrfan sjocht men noch yn Noard Fryslān en it waadgebiet.
Ienris wie Helgolān blykber it geastlike sintrum fan it hiele noardsee gebiet, want alle Noardseegermanen erkenden dat as “It Hilligelān”




IN TSJUNAMI YN DE NOARDSEE?

Of wie it de sindfloed fan Noach, of de ūndergong fan Atlantis??


Wy seagen de oare kear, dat der fan it hichtepunt fan de lźste iistiid ōf, as men de bewenning fan de waadeilannen en de halligen mei rekkenet, oan’t no ta minsken yn de Noardsee wenje, grif al mear as 16 tūzen jier. Wol acht kear salang as de śs bekende skiednis. En as wy gjin hege en swiere diken hienen, dan wennen wy en in grut diel fan Nederlān noch yn de Noardsee. En is dat net gefaarlik? Ja. Mooglik wol want it wienen net allinne tūzenen jierren fan stadich ōfnimmende seespegel stiging.
Tsjin stoarmen, ek swiere stoarmen binne śs diken wol berekkene, mar in floedgolf, of in tsjūnami, hat men dźr wol rekken mei hālden?

Kin der ek yn de Noardsee in tsjūnami foarkomme?

Ja, dat kin. Stel dat der by Iislān, dat nochal fulkanysk is, in grutte fulkaan yn of ūnder de see śtbarste soe, dat soe dat yn de Noardsee dy’t nei it suden ta hieltyd nauwer en ūndjipper wurdt, ta in gefaarlike oprinnende floedgolf liede kinne. En krekt boppe Noorwegen is der, djip ūnder wetter, in steile wand, de rāne fan de kontinintaleplaat fan Europa, mear as 3000 m hichte ferskil yn de seeboaiem, dźr’t grutte grūn ferpleatsingen ek tsjūnami achtige floedgolven feroarsaakje kinne en feroarsake hawwe.
Store egga fl
Sawat 8200 jier ferlyn soe in ierdbeving by Iislān in grūnferskowing by dy “Storegge” = grutte igge/rāne, feroarsake hawwe dźr’t in tsjūnami opfolge, dy’t by de Shetlān eilannen in hichte hie fan mear as 20 m. Dy tsjūnami moat in ferskriklike ramp west hawwe, mar hat grif net it hiele Noardseelān ferwoaste. It oantal minsken dat der by omkaam is net bekend.
Guon miene dat der doe al gjin minsken mear wennen, oaren dat de floedgolf net fier it doe noch droech lizzende gebiet op kaam. Dus allinne by wat doe de kust wie sille minsken omkaam wźze, dźr wie de golfhichte noch 3-4 m., mar dźr wennen fansels wol de measte minsken.
It sśdlikste plak oan de Ingelske kust dźrt noch spoaren fūn binne is Hartlepool, de sśdlikste wite stip, fierder is de floedgolf faaks net kaam.
Op it kaartsje sjogge jim it plak fan de ierdferskowing as in donkere flek boppe Noarwegen, en de wite stipkes jouwe de plakken oan dźr’t spoaren fan de tsjūnamy fūn binne en de hichte dźrfan boppe de gewoane seespegel fan doe.

Soe sa’n tsjūnami no ek noch foarkomme kinne?   Men kin it net śtslute, mar de kāns is net grut. De grutte grūn ferpleatsing by de Storegga kaam mei troch de iistiid, seit men, en soe earst nei in folgjende iistiid wer foarkomme kinne. Lytsere floedgolven komme faak foar, mar bringe net folle skea.
De tiid dat soks barde is net op dei of jier fźst te stellen. Dźrom wurdt it meast yn rūne sifers jūn. Mei in marge fan sawat 10%, 8000 jier soe dus ek 8400 of 7600 wźze kinne.

It leechrinnen fan “Lake Agassiz’ 8400 of 7400 jier ferlyn. Der moat sawat yn de selde tiid noch in hiel oare, mar wol sterke seespegel stiging en klimaat feroaring west hawwe. Dat waard feroarsake troch it leechrinnen fan it grut gletsjermar yn Canada en Amerika, Lake Agassiz. Der wurdt yn Amerika en Canada hiel wat ūndersyk nei dien.
Lake Agassiz
It hiele noardeasten fan Canada wettert ōf nei de Hudsonbaai. Doe’t dy troch in iiskappe ōfsletten waard ūntstie foar dy iiswāl in mar. Foaral doe’t it waarmer waard woechs dy mar hurd oan ta in ynhāld fan wol 440.000 Km3.  Doe’t dat leech rūn troch dat de iiskappe it bejoech soe de seewźtterhichte 1,20 m heger wurden wźze. En troch dat al dat kālde swiete wetter mei de oars ‘waarme golfstream‘ nei Europa fierd waard, sakke dźr de jier temperatuer mei 3 oant 5 graden, foar wol mear as 100 jier.  Dat moat foar it folk yn it lege en flakke Noardseelān in minne tiid west hawwe, en ek foar alle oare folken dy’t yn lege rivierdelta’s wennen, dy’t no ūnder wetter lizze.
Mooglik is doe de seehichte dochs wer mei hast de helte ōfnaam, omdat yn sawat de selde tiid, en mooglik feroarsake troch de Agassiz floed, de Swarte see folstreamde mei in wettermassa dy’t sawat de helte lytsjer wie as dy fan de Agassiz mar.

Wie it de Sindfloed? Men tocht dat it folstreamen fan de Swartesee mooglik de oanlieding west hie ta it Gilgamesj epos, en it Sindfloed ferlhaal, de berch Arrarat lei der fuort neist no. Mar dat hat net folle kāns, it is dźrfoar wol wat te lang lyn. En men kin net oantoane dat dat hiel hurd gie. In rźstich folrinnen soe net ta sa’n wrāld omfetsjend ramp ferhaal liede. Der ha altyd minsken wenne yn rivierdelta’s, en oan lege seekusten., tink oan de delta fan de Eufraat en de Tigris yn Sumeriė.
In ūndersyk nei de ūndergong fan it Ingelske Dunwich, telt mear as 300 plakken dy’t yn’e tiid nei de midsieuwen yn see ferdwūn binne en dat allinne yn it Kanaal en de Noardsee. It grutste diel fan de ierdbefolking wennet altyd krekt op sokke plakken, de seespegel stiicht, stoarmfloeden en floedgolven komme hast elk jier foar. Dat makket grif dat alle folken, rūnom op ierde Grutte Floed ferhalen hawwe.

Atlantis fan de alde Griken? Yn de Timaeus fan Plato fine we it ferhaal fan de ūndergong fan it ‘Alde Athene’ tagelyk mei dat fan it har bedriigjende ryk fan it eilān Atlantis. Dat eilān lei būten de ‘pilaren fan Herakles’ yn de Atlantyske oseaan. It wie grut, ryk en machtich en hie hiel Afrika oan’t Egypte ta, en hiel Europa oan’t de Aegeyske see ta, al ferovere en woe doe yn ien slach Hellas, Asia en Egypte feroverje. Yn dy striid hienen de Atheners śtblonken yn moed en striidberens en wienen der oplźst yn slagge de oanfallers te ferslaan. Dźrop soe yn ien nacht sawol de striidmacht fan Athene as it eilān Atlantis troch ierdbevingen en floedgolven fergien wźze. En dźrnei soe de oseaan dźr sa ūndjip en modderich wźze dat men dźr net mear farre koe.
No ja, dat lźste soe bźst op it Noarseelān slaan kinne, dat wa wit. mar fźst stiet dat dy tsjūnami der west hat, en dat de Agassiz mar leech rūn is, en mooglik ha dy beide mei holpen dat de Noardseeflakte minder bewenber waard.

DE KIMBRYSKE FLOED

Op’e legere skoalle yn Suwāld krigen we ‘vaderlandsche geschiedenis’ yn de tredde en fjirde klasse, by master Groen. By de earste les liet hy śs platen sjen śt in boek. De iene plaat stienen iistiid bisten op: mamoeten, wolhierige noashoarn, reuze herten, as spoekeftige bisten mei wite linen op in swarte achtergrūn tekene, en in tekening fan de “Cimbrische Vloed”, śs foarālders as neakene drinkelingen, in inkelde yn in bistefel, neakene berntsjes  yn de modder.                                                                                            Ryksmuseum Kimbryske floed

No, dy Kimbryske floed, dźr’t se oant dy tiid fan tochten dat dy de oarsaak west hie dat Ingelān in eilān waard en dat de Sudersee en it waad ūntstien wienen, en dat al dy beammen dy’t men ūnder it fean fūn, doe omrekke wienen, dy koe alles moai ferklearje dźr’t men de oarsaak net fan wiste.

It idee soe by Strabo weikaam wźze, in Grykske skriuwer (64 f.K. - 25 n.K. Mar H.F. Link wiist der yn "Die Urwelt und das Alterdum" al op dat sokke floed ferhalen as oarsaak fan ferskate trochbraken, sa as by Gibraltar en Messina en de Bosporus ensafh., yn it Middenlānskesee gebiet al sa āld binne as der skiednis of ierdrykskunde beskreaun wurdt. Hja binne earder mytysk as histoarysk. No, Strabo hie it yn syn Geologia, boek 7 haastik 2, wiidweidich oer de Cimbri, en begrypt dat hja śt it noarden fan Europa wei kamen. Mar dat hja, sa as der sein waard, troch in grutte floed śt har lān ferdreaun wienen, dźr woe hy neat fan leauwe. Hy fūn it bespotlik te tinken dat minsken dy’t by de see wennen bang foar in floed wźze soenen, dat wie ommers in elke dei twaris foarkommend ferskynsel, sa as elk wit dy’t by de see wennet! Dźr hoege jo dochs net bang foar te wźzen. Boppedat, dźr wennen noch altyd Cimbri, want dy hienen noch in hillige tsjettel oan keizer Augustus skonken, mei ferūntskuldiging oer wat der foarfallen wie, dus har lān wie der ek net ūnder strūpt.
 Strabo koe allinne de Middelānske see, dźr’t de floed hichten net sa grut binne. Mar troch Strabo wisten śs skiedskriuwers, dat der mooglik ienris in geweldige floed of oerstreaming west hie. Dat sa koenen hja mei in berop op Strabo, in protte ferskynsels dźrt hja tiid en oarsaak net fan wisten ferklearje.

Dat is it probleem mei skiednisskriuwers, hja helje rūnom wat wei by ālde skriuwers, dy’t hja as autoriteiten beskōgje en dy’t hja net tsjinsprekke doarre en brūke dat om har nasjonale of politike foarūnderstellingen mei te bewizen, sels as dy ālde skriuwer it ek net wist of it tsjinoerstelde bedoelde.
Boppedat wurdt der troch skiedskriuwers faak sterk oerdreaun, krekt lykas yn de polityk en yn de reklame, de eigen dingen wurde hiel iensidich en lūd bearend posityf foarsteld. Flavius Josephus (37 - 100 n.K.) murk yn syn tiid al op dat oantallen faak wol mei twa nullen ynkoart wurde moatte, om yn’e buert fan de wierheid te kommen.
Sa ek de Kimbryske floed en de gefolgen dźr fan. Dizze soe om 115 f.K. foarfallen wźze.  En as gefolch derfan wienen Kimbren, Teutonen en Ambronen, śt har lān weitein en as lānferhuzers op wei gien nei Itaalje. De nammen binne latinisearre. 
Steelink Kimbryskefloed
De Kimbren wienen minsken śt Himmerland, de Teutonen śt Thy, beide lānstreken yn it noarden fan Jutlān. En de Ambronen kamen fan it Noardfryske eilān Oomram, dat yn Deensk en Dśtsk Ambrun hyt. It soe in śttocht fan wol 100.000 minsken west hawwe!  En doe’t hja in pear jier letter in pear romeinske legioenen yn sśd Frankryk bedrigen en fersloegen soenen der wol 300.000 west hawwe, en in skriuwer bewearde hunderd jier letter sels fan wol 400.000.  Sa groeide it tal noch doe’t hja al śtroege wienen.
De Romeinen hienen der belang by de driging tige grut foar te stellen om maatregels en middels nimme te kinnen om har te bestriden, om de skande fan de nederlagen te ferlytsjen, en de eare en rom fan de Romeinen te fergrutsjen, doe’t hja se ferslein en ferneatige hienen.tocht fan kimbren en teutonen

Dy floed sil der fźst wol west hawwe en de kusten dźr’t dizze minsken wennen slim oantaast hawwe. Mooglik dat hja der sels oan meiwurke hienen, troch in diel fan de sālte feanen dźr’t hja wennen, te fergraven foar sāltwinning. Mar ek de seespegel rizing en it sakjen fan it lān foarmen in hieltyd slimmer wurdende bedriging, en dat gie net altyd evenredich en foarspelber. Diken sille der doe ek noch net west hawwe. Dus in stoarmfloed of in floedgolf troch oare oarsaken, koe samar taslaan, mei alle needlottige gefolgen. 
Jutlān levere gans koarn oan de Romeinen, en der wie dus hannels ferkear mei Rome al of net mei tusken hannel. Yn in Deenske skiednis beweerde men dat de lānferhuzing op gong kaam wie troch dat keaplju har oanred hienen nei de Poflakte te ferhuzjen. Galliė oan dy kant fan de alpen wie troch de Romeinen ferovere, mei in protte ferwoasting as gefolch, sa dat in grut part fan it lān braak lei en ferlitten. Goeie boeren soenen dźr tige wolkom wźze, en it soe har(de keaplju) en de Romeinen grut foardiel bringe. En foar de lānferhuzers hie it in folle oantrekliker klimaat as Jutlān. 
Dat boadskip soe foaral it jongfolk oanset hawwe ta dizze grutte ūndernimming. As men de skattingen fan it oantal minsken oer dy tiid sjocht sille it grif gjin 100.000 west hawwe, litte we de rie fan Josephus mar folgje en de in pear nullen ōfdwaan.
Doe’t hja by Noreia yn Eastenryk oer de Alpen besochten te kommen, kearden de Romeinen har, en besochten har yn in mūklaach te lokjen, mei te bewearen dat hja har in better paad wize soenen, mar hja hienen misrekkene, de lānferhuzers fersloegen de Romeinen. Dźrnei trieken hja troch it suden fan Dśtslān nei in plak dźr’t hja de Rijn oerstekke koenen, en troch Frankryk, dat doe Gallia neamd waard, nei it suden, dźr’t hja de Romeinske legioenen dy’t har keare woenen, op in man of tsien nei alhiel ferneatigen. Doe besochten hja it oer de Pyreneėn yn Spanje. Mar dat like har grif net goed ta, hja kearden werom en besochten yn twa ferskillende groepen ien foar de Alpen lāns en ien oer de Alpenpassen yn Itaalje te kommen. Dat slagge, mar dźr waarden hja ien foar ien ferslein, de measten deamakke, de oaren as slaven ferkocht. En dat wylst hja by elk treffen mei de Romeinen beswarden dat it har allinne gie om lān tawiist te krijen, as tsjinprestaasje woenen hja dan wol as helptroepen de Romeinen helpe om har lān te ferdigenjen. Mar de Romeinen wienen bang foar har, en eangst is in minne riedjouwer.
Sa sjocht men dat de śtwreiding fan de Noardsee, en it lānferlies dźr troch, yn de folgjende ieuwen in stream fan folksferhuzing op gong brocht yn Noardeuropa, dy’t śteinlik in ein makke oan it Romeinske ryk.

BOUWE MEI GRUTTE STIENNEN


Rūnom yn de wrāld fynt men bouwurken fan hiele grutte stiennen, lyk as de hunebźden, blykber dźr delset yn foarhistoaryske tiden, troch doe fźst noch ‘primitive’ minsken. Hoe is dat mooglik??
Dat moatte wol reusachtich sterke minsken west hawwe tocht men. Ja dat moatte wol reuzen west hawwe. Ja, en reuzen kamen ek yn de bibel foar, dus sa moast it wźze, sa ‘bewiist’ de iene redenaasje de oare. Der wie blykber net ien dy’t tochte: Dat is minskewurk, dat dy minsken moatte gāns tūker west hawwe as śs, om soks meitsje te kinnen.

Johannes Picardt, dūmny, dokter, boer en lānoanmakker, en skriuwer, skreau in boek oer de skiednis fan Drinte “Korte beschrijvinge van eenige vergetene en verborgene ANTIQUITEITEN. en ANNALES DRENTIAE en De Stad Coevorden”.(titel in ein ynkoarte).
 Hy wenne en buorke yn Rhee, en wie dūmny yn Rolde, letter yn Coeforden. En op syn reizen fan syn hūs nei syn parochje kaam hy foarby ferskate hunebźden, grźfheuvels en oare āldheden. Hy hie dźr belangstelling foar en ūndersocht en beskreau dy. Yn de opdracht fan dat boek oan de “Illuystere Edele-Mogende Heeren Gedeputeerden” fan Fryslān, Grins en Drinte stie hy der tige op oan dat men maatregels treffe soe om sokke plakken te beskermjen en te bewarjen. En trochdat dźrop de deputearren fan Drinte it fernielen fan hunebźden en grźfhichten ferbearnen, binne der no noch in oantal oer, tanksij dūmny Picardt, oars wienen se lang al fuort west.

ReuzenFoar dūmny Picardt wie it wis dat sokke bouwurken net śt de loft fallen wienen, of troch de sindfloed hjirhinne dreaun en opsteapele, of  dat it
monuminten wienen fan de Romeinen, fan oerwinningen op de Drinten en Friezen. Nee, dat it minskewurken wienen dat wie dśdlik, mar net fan gewoane minsken, mar fan Reuzen. Dat soenen hjir de earste minsken west hawwe, en yn hiel noard-europa. Skandinaviė en it Reuzegeberchte yn Bohemen hienen der ek fol mei sitten. En rūnom fūn men dźr dan ek ditsoarte bouwurken fan grutte stiennen, dy’t noch gjin leger fan 150 man yn beweging krije koenen. Yn Drinte hienen se dat besocht!.
En reuzen kamen op ferskate plakken yn de bibel ek foar, dat wat soe men twifelje.

Hy besefte ek dat it grźfmonuminten wienen, krekt as de rūne heuveltsjes, dy’t it folk as wenten fan de wite wiven beskōge.
En hy hie ūntdutsen dat der krūken yn foarkamen mei de oerbliuwsels fan lykferbrāning. Dat wie yn syn tiid gjin gewoante mear, dat hy tekene ek hoe’t soks om en ta gie, mei it lyk fan in reus op in kreaze brānsteapel, mei treurjende reuzen en reuzinnen der omhinne en ek in pear ferwūndere ‘gewoane’ minsken, sjoch it ferskil yn grutte.                                                                                  Lykferbrāning
En dat wie yn it begjin fan de nije tiid, in geleard man, mei in goede oplieding, tige bereizge yn in grut part fan Europa. Hy hie it ūnderwerp tige bestudearre. Syn boek hat in list fan 84 āldere en nijere skriuwers śt binnen en būtelān, dy’t hy rieplachte hat, mei dit risseltaat.
Wy hawwe it al earder oer it probleem fan de skiednisskriuwers hān, hja skriuwe oer dingen dy’t hja sels net meimakke hawwe. Faak fan hearren en sizzen fan guon dy’t it ek net sels meimakke hawwe. Elk wit dat dat minne getugen binne. En fierder liene hja śt folksferhalen en oerleveringen. Grif moai en spannend en “wier”, mar net altyd betrouber.
Dat jild ek foar de skiednissen dy’t skreaun binne oer śs folk. Dat wol net sizze dat hja it lźzen net wurdich binne. Guon binne opsteld as kroniken fan kleasters of as libbens fan hilligen. Oaren rźste op oarkonden, ferslaggen of rjochtsrigels, guon binne foar in part sammele folksoerlevering, of lykas it Oera Linda Bock alhiel śt de tūme sūge.
Mar dat is in protte LITERATUER dochs ek, en dat is keunst en dus hiel moai!.
Ik ried jim dan ek oan om boeken as dat fan Ocko Scarlensis, of it Oera Linda Bock dochs marris te lźzen, hja binne op it ynternet wol te finen. Best de muoite wurdich!   
En dźr kinne jim it boek fan dūmny Johannes Picardt ek wol fine, en dźr stiet gāns mear yn as allinne oer de hunebźden, guon dingen wol wat achterhelle, mar wol tige learsum.
En jim moatte foaral net delsjen op dūmny Picardt as skiedskriuwer. Hy wie yn syn tiid in foarśt stribjend man mei hiel nije ideeėn, dy’t sels ūndersyk die en dźr konklśzjes śt lūke doarste. En it sels ūndesykjen hat der ta laat dat we no folle mear fan skiednis ōf witte, mar noch lang net alles.
Want hoe’t de minsken, sūnder kranen en takels, doe mei sokke grutte stiennen bouwe koenen is noch altyd, ek foar in protte gelearden in riedsel.

Mear fragen as antwurden.

In protte yn de keunst fan it bouwen mei grutte stiennen is ek no noch, ek foar gelearden, in riedsel. Men hat hiel wat oarsaken, reden, bou-wizen, en -tiden besocht wier te meitsjen, mar in protte berźst ek no noch op in bytsje bewiis en in protte fantasije, krekt as by Picardt.
As foarbyld: Hoewol’t it bouwen fan grutte dowestiennen bylden op Peaskeeilān om 1650 hinne noch foarkaam, wolle Amerikaanske gelearden noch net leauwe dat de eilanders dy bylden śt it gat dźr’t se śtkapt wienen, nei har plak op it poadium dźr’t se opsteld waarden, ‘kuierje’ lieten. Dat hienen se oars oan Thor Heyerdahl al demonstrearre! Mar dat wie gjin ‘wittenskiplik’ bewiis! Dat hja makken ek sa’n byld, fan beton, en besochten mei kranen en touwen it kuierje te litten. It slagge har net.

Muorre by Shoria


Dochs reuzen?

Der hawwe yn it ferline wier wol tige grutte minsken west. By opgravings yn China fūnen hja net allinne de Pekingminske, mar ek kiezzen fan in folle grutter type dat hja Gigantopithecus ‘reuzeaap’ neamden, en op Java fūnen hja in grut minskesoarte de Megantropus ‘grutminske’ en ek op oare plakken hat men fossilen fūn fan tige grutte minsken of minskeachtigen.
It is min śt te meitsjen oft der hiele folken fan tige grutte minsken west hawwe of dat it inkelingen wienen dy’t, lykas no ek noch wol, troch in fout yn’e hormoan produksje, troch- waaksje en folle grutter wurde as har ālden.
Der sille dus earder ek wol gruttere minsken west hawwe, mar dat lost it probleem fan it bouwen mei grutte stiennen net op.
Yn Shoria yn it suden fan Sibeariė fūn men in bouwurk mei stiennen fan 3.000 ton. Dy tille 1000 reuzen ek net, en sjochris hoe moai oft dy yninoar passe. Wa hat soks boud, wat moat soks foarstelle?  In stik sachte dowestien of kalkstien dat sil noch wol gean, mar hoe bewurkje jo granyt of sark sa, dat se sa  yninoar passe en dat sūnder metalen ark. En dochs fynt men sokke bouwurken rūnom yn’e wrāld; makke troch minsken dy’t noch gjin metalen ark hienen en har dus mei stiennen ark behelpe moasten. Mei reuzen hat it neat te krijen.

Wa koe soks bouwe


Men tochte dat soks net troch jagers/samlers boud wurde koe. Dat wienen mar lytse groepkes fan ien of in pear famyljes. En foar sokke bouwurken wienen in protte minsken nedich, en fansels sintrale lieding en planning, en in ekonomy dy’t safolle ‘oerskot’ hie dat hja it wurk fan hūnderten of tūzenen minsken bekostigje koe. Der moast dus in al fier foardere lānbou ekonomy bestean, mei grutte oerskotten, en in ‘hegere klasse’ om lieding te jaan, ear’t men oan soks begjinne koe. Sadwaande dat grutte projekten as Stonehench yn Ingelān en de Piramiden yn Egypte sa let yn de megalityske tiid boud wienen. Dy teory giet net mear op, want de timpels op Malta blykten, doe’t men wat better de ālderdom berekkenje koe, oardeltūzen jier ālder. En dat op in eilān mei op syn alder geunstichst mooglik 11000 minsken wNabta flakteerfan op syn bźst 3000 ynset wurde koenen om te helpen by de bou mei stiennen fan om de 50 ton. En by de āldste timpels wie der ek noch gjin lānbou op Malta. 

Yn de Nabta flakte yn Egypte, fūn men in sirkel opstelde stiennen, by wat doe yn de reintiid in mar wie. Hja binne noch ālder as de āldste Maltezer timpells, hja foarmje in astronomysk stelsel lykas Stonehenge yn Ingelān, mar binne wol 2000 jier ālder. De befolking wienen nomadyske hoeders, dźr wie ek noch gjin lānbou.

     
De Göbekli tepe “Nāle hichte” yn it suden fan Turkije is, oan’t no ta, it āldste fynplak fan megalitebou.

Göbekli Tepe

It plak wie al folle langer bewenne, mar om 9500 f.K begūnen hja der stiennen gebouwen te setten, mooglik wol 20, der is noch mar in lyts stikje opgroeven . En de lieder fan de opgraving sei: “It levert mear fragen as antwurden”; it duorre noch 1500 jier foart dźr lānbou śntstie.

De bewenners wienen dus jagers/samlers, hoe koenen dy sa’n grut kompleks bouwe en wer hienen se dat foar nedich?
En it wienen prachtige gebouwen; al dy grutte śt ien stien makke pilaren, dy’t it dak drage moasten, binne fersierd mei figuren fan minsken en bisten. De flierren binne fan in soart keunstgranyt,(lykas de flier yn de gong fan de Suderfinne), dat men no terrazzo neamt. Wikipedia mient dat dat yn de 15e ieu yn Itaalje śtfūn wie, mar it is dus wol 10.000 jier ālder!  En mooglik binne der noch āldere bouwurken west. Yn India en yn Japan hat men bouwurken ūntdutsen dy’t 30 en 50 meter ūnder wetter lizze en boud wźze moatte doe’t it seewetter folle leger wie, yn de tiid dat hjir de Noardseeflakte noch bewenne wie. Dźr soe men dus ek noch sokke bouwurken fine kinne!

En hoe dienen hja dat.

Bawemataloeo
De 525 minsken fan Bawemataloeo op Nias, in eilān by Sumatra, hienen yn 1915, trije dagen nedich om dizze stien, sawat 12 ton, oer trije kilometer en troch in rivier te ferslepen en yn it doarp op te stellen as tinkteken foar in deade.

De Inkas, dy ‘t yn Sśdamearika in grut ryk hienen,  bouden de festingstźd Sacsehuaman yn 50 jier, mei 30.000 - 50.000 man. De Inkas hienen gjin jild, gjin skrift, hoe soenen se dat organisearre hawwe? 


Meiinoar.Sacsehuayman

 Yn de winter, ik tink fan 1938, wie der sterk iis. It koe wol in hynder tille. Wy koenen oeral prachtich ride. En doe foel der op in jūn in pak snie. Doe like it dat it mei it riden gebeurt wie. Under de snie is it iis samar bedoarn.
Mar dy jūns om in oere of 10, besleaten de jonges śt de jongfeintenferiening wei, om fuort daliks de banen der troch te meitsjen, hja fregen de Leistra’s fan Tytsjerk om de trijehoek fan de gemeente, dźr’t de Leistras de wegen mei sniefrij meitsje moasten en de hynders, dy’t op skerp stienen.  Alle jongfolk die mei, ik wie noch mar in jonge fan 12, mar woe fansels net thśs bliuwe. Yn dy nacht fagen we de banen der troch fan de Skipfeart, it Nijdjip, oer Tytsjerk en de Spoarsleat, oan’t de slūs by’t Alddiel. Ik wit net mear hoe let we klear en wer thśs wienen, mar de oare deis koenen we wer oan Ljouwert ta ride. As minsken der belang by hawwe, der ree ta binne, en it meiinoar wolle, dan is harren eins neat ūnmooglik.
Dat is it ‘geheim’ fan it bouwen mei grutte stiennen. Meiinoar binne we sterker as reuzen!!


DE NOARDSEEKULTUER


Omdat śs skiednis foaral boud is op ālde grykske en romeinske boarnen, en earst folle letter ek wer op ferhalen fan roomske hilligen, dźrom is der fan de skiednis fan de lannen būten it Romeinske ryk, oan’t de komst fan it roomske kristendom ta, mar sa’n bytsje bekend, en ek dat bytsje wurdt hast nea neamd. Sawol de Romeinen as de roomske tsjerke en de dźrtroch belearde bestjoerders achten har sels allinne belangryk as hja oantoane koenen dat hja ōfstamden fan minsken śt de beskaafde wrāld fan de ālde grykske, en middeneasterske kulturen. Dźrom bewearden de romeinen dat hja ōfstamden fan de minsken dy’t śt Troje ferdreaun wienen, en lieten śs ālde skiedskriuwers de earste germanen, Friso, Saxo en Bruno, yn de tiid fan Alexander de “grutte” śt India komme. Net śt de Noardsee! En dochs binne dy westeuropeeske minsken en harren kultuer hiel oars as dy fan de ālde griken, romeinen, of joaden. Der moat dus ek in grutte eigen ynbring west hawwe.

Noardsee kultuer

Dat hiele gebiet om de Noardsee hinne mei ynbegryp fan Skotlān en Ierlān en in grut stik fan Dutslān by de revieren lāns, en de lannen om de Eastsee hinne, allegear lannen bewenne troch minsken dy’t ōfstammelingen wienen fan de minsken dy’t ienris de noardseeflakte bewennen en dy’t net  troch de romeinen beset west hienen, foarmen in eigen sterk ferwante kultuer, al wienen der fansels wol pleatslike ferskillen. Der binne guon dy’t fan sa’n Noardsee kultuer neat witte wolle, mar der binne bewizen genōch. Sa as:

Sagen, lieten, leginden    

                                                                                                                  Gudrun
Yn it libbens ferhaal fan Liudger komt de skald Bernlef foar, fan wa’t ferteld wurdt dat hy de helte dieden fan de foarfaars plichte te besjongen.
Dichtsjen en sjongen heart by kultuer, en yn lieten dy’t śs derfan oerlevere binne fernimme jo dat hja faak hast it hiele gebiet beslagge. De minsken seagen dat dus blykber as harren wrāld.
Yn de Beowulf, dat spilet yn Denemarken en Sweden, komt in skald foar, dy’t in liet foardraacht dat de striid yn de Finsburch beskriuwt. Yn de ‘widsith’ wurdt Fin Folcwalding neamd as kening fan de Friezen. It spilet yn wat no Winaam neamd wurdt (fan Finwaldahiem) en opgravingen hawwe oantoand dat dat it wenplak fan in kening west hat.

Kening Naef fan Denemarken kaam mei syn liifwacht (housekarls) op besite by kening Fin, dy’t mei de suster fan Naef, Hildeburch, troud wie. Naef wie in ūngemaklik man, dy’t mei elk spul hie. It ferhaal fertelt it drama dat folget as kening Naef yn striid mei it gastrjocht rśzje makket en in soan en in omkesizzer fan Fin deaslacht en dernei sels deaslein wurdt. En dan giet it foaral oer de morele striid fan Hengest, de oanfierder fan Naef syn liifwacht, tusken syn eed fan trou oan syn master Naef, en syn gastplicht oan kening Fin. Hy moat syn hear wreke, mar kin dat as gast net meitsje. Kening Fin biedt him oan om mei syn mannen by him te bliuwen, en Hengest en syn mannen swarre trou oan kening Fin. Mar dan ūntstiet der skeel mei de ālde liifwacht. Hengest en syn mannen wurde yn de seal belegere en warre har sa goed, dat de friezen ferslein wurde, kening Fin wurdt deade, en syn frou Hildeburch mei fierd nei Denemarken. Hengest is letter yn tsjinst fan de kening yn Kent. Yn de sagen giet it hiel faak oer dit soart morele striidfragen.
Yn De Gudrun sage wurdt sein dat it ryk fan kening Hegel rikte fan Frieslān oan’t Denemarken en fan de Noardseekusten oan’t de Eastsee. En it beslśt mei in fredestifting, der 't  houliken by sletten wurde tusken ferskate keningshūzen, fan Ierlān oan’t Iislān
En it Nibelungen lied begjint mei: Der wie ris yn de nederlannen....;wermei dan it hiele kustgebiet fan de Noardsee bedoeld wurdt.

Handel en Keunst

Fryske sceatta        Aldfrith sceatta

It wie net sa dat de minsken hjirre allegear earme ūngelokkige achterbleaune stumpers wienen.De opgravingen fertelle in hiel oar ferhaal. 
Ek al yn it begjin fan de jiertelling wie hjir in drok hannelsferkear en skipfeart, sawol mei de lannen om de Noardsee hinne as mei it romeinske ryk, it midden easten, en de lannen om de Eastsee hinne.
De Noardsee foarme foar harren gjin skieding, mar foaral in goede ferbining. De skippen waarden grutter en seeweardiger. Der wie in hiel stelsel fan merkplakken, en havens, “Viken”. Plaknammen mei Vik letter ferhollanske ta ‘wijk’ fynt men rūnom by de noardseekust en de revieren lāns.
Ferliking fan byg sieraden lit sjen dat it hjir gjin earmoed wie, en dat der in protte oerienkomst wie mei de styl fan fersieringen yn Ierlān,( boek fan Kells), mei Denemarken, (de Jellingstien), mei Ingelān (Sutton Hoo), en Winaam en Hegebeintum. En dy sieraden kamen net fan om fierrens, mar waarden hjir makke.

Jelling stien

Boek fan Kells

Winaam

Sutton Hoo

Godstsjinst

Yn dy lannen hie men fierhinne de selde goaden hān. Allegearre seagen hja Helgolān as it ālde hillige lān.
En yn dat hiele gebiet, fan Ierlān oan’t Skandinaviė kaam al foar 400 nK it kristendom. Dat blykt śt opgravingen, byg. by Easterbeintum, dźr begjinne ierkristlike begravingen al foar 400 en om 700 hinne binne hja algemien. In foarm fan de lźste ear oan deaden feroaret men net samar, dźr sit in geastlike feroaring achter. Yn Sśdsweden kamen kristlike begravingen al fuort nei 200 foar. En Beda seit yn syn Skiednis fan de Ingelske tsjerke ek dat om 400 hinne de hiele wrāld kristelik wie. Ek yn Ierlān en op Iona wienen al  foar 400 hiel wat kristenen. Dat wienen yn de eagen fan Rome fansels ketters, dy telden net mei. Sa sjogge jim, der binne genōch bewizen dat der in rike Noarseekultuer bestien hat, en dat we lang net alles oan  Griken en Romeinen te tankjen hawwe, dy wienen doe, krekt as no yn in bult dingen fan it noarden ofhinklik.

IT FOLKEFERFARREN

As men alear fan it iene plak nei it oare ferhuze, neamde men dat ‘ferfarren’, omdat der doe noch gjin ferhśsweinen wienen, en alle ferfier oer it wetter gie. Folkeferfarren hālde yn dat hiele folkstammen, mei al har besit en fee, earne oars in plak sochten om te wenjen. Nei de lźste oarloch seach men ek sa’n beweging, doe binne der ek śt Nederlān en oare Europeeske lannen wei,  tūzenen nei Amearika, Canada, Australiė en Nij Seelān ferfard. De measten noch letterlik mei de boat. It hjitte doe ‘emigraasje’.
Dy minsken sochten feilichheid, hja mienden dat dat yn it eigen lān faai stie troch de kālde oarloch. En hja sochten ek in better bestean, dat hja mienden dat it troch de oarloch ferwoaste Europa net biede koe. Dy “emigraasje” is in goed foarbyld fan wat folkeferfarren betsjut. In protte, meast jonge minsken, geane fuort, mar lang net alle minsken. As it goed organisearre is jout it romte yn it lān dat se ferlitte, en nei in skoftsje sels foardiel foar har en it lān dźr’t se hinne geane. Dy lannen stienen dat ek ta, want dźr wie ferlet fan warbere jonge minsken. Sokke bewegings hawwe der altyd west, en binne der dus ek no noch, foaral śt lannen dźr’t de feiligens en besteans mooglikheden min binne, nei gebieten dźr’t de feiligens en de kānsen grutter binne. No hjitte it flechtelingen of asylsikers, nijs en kranten binne der fol fan.
                                                                                                                                    Folkeferfarren
Hjoed de dei binne der guon dy’t sokke folks bewegingen yn eardertiden ūntkenne wolle.   Hja hawwe yn safier gelyk, dat se faak sterk oerdreaun wurde en dat der wol ris folksferhuzingen betocht binne, dy’t der net wienen, fan de Angelen en Saksen bygelyks! Der is śt de tiid fan 400 oant 1000, in protte dat net al te goed bekend is. Dus bestiet it śt ferhalen, myten en leginden. Litte we ris sa’n leginde nei gean.

Omstreeks 530 skreau in Britske pryster mei namme Gildas in soarte boetepreek. Dźr yn lekket hy de ūnfoege en domme polityk fan kening Vortigern, dy’t yn 447, om’t er lźst hie fan ynfallen fan Scotten en Picten, de Saksen ta help roppen hie: “in wreed en goddeleas folk, hate troch God en minsken”, trije skipfol, (miskien wol 60 man) letter kamen der mear; dy’t earst yndie meiholpen tsjin it folk śt it noarden, mar letter klagen oer te min soldij en doe it lān begūnen te plonderjen, oan’t hja by Bathhill troch de Britten ferslein waarden, ūnder lieding fan in romein, Ambrosius Aurelius. Dy slach wie, nei’t er skreau, yn it jier dat hy Gildas berne waard, mooglik yn 482.  Śt (De Excidio Britanniae, II: 23-26)

Beda: 673-735, in Ingelske muonts skreau, twa hūndert jier letter, in skiednis fan de Ingelske tsjerke. Stikken dźrfan skreau hy oer fan Gildas, mar folle wider śtwreide. Wylst Gildas it hie oer trije skippen mei Saksen, hat Beda it oer ‘the Saxon nation” it Saksyske folk! En “the nation of Angles or Saxon” (hy wist dus net rjocht of it Angelen of Saksen wienen, wat wie it ferskil?) Oerset, sei hy: “dyselden dy’t oerkamen śt Dśtslān wienen de machtichste folken, de Angelen, Juten en Saksen. De oanfierders wienen Hengist en Horsa, soannen fan Victgilsus de soan fan Vecta, de soan fan Wodan, (dus fan godlik komōf) Hja ferdreaunen de Britten en besetten in grut part fan it lān: Yn it suden de Juten en Saksen, by de eastkust lāns de Angelen oan’t de grins mei Skotlān. Uteinlik waarden hja troch de Britten ūnder Ambrosius Aurelius ferslein by Baddesdownhill.”

Nennius Historia Brittonum (858 nK) siden 13-22,§31-§49, is wer goed 100 jier letter,
Nennius neamt as syn boarnen: de ferhalen fan de Skotten en de Saksen. It stik oer de komst fan de Saksen berźst dus op dy ferhalen.
Nennius lit de Saksen ūnder Hengist en Horsa ek op fersyk fan kening Vortigern oanlānje, wernei’t der hieltiid mear komme, oant se de Britten fan de eastkant, (nei syn redenaasje de linkerkant) ferdreaun hawwe. Net troch har tūkens mar as straf fan God foar de goddeleazens fan de Britten.

Geoffrey of Monmouth; Wie ek in geastlike, en in smoute ferteller, in protte hat er oernaam fan Nennius, mar it measte liket der by betocht. Moaie ferhalen, mar de pear rigels by Gildas binne by Geoffrey in boek en ferskate haadstikken, meiinoar 40 siden, dźrt krekt yn ferteld wurdt wat de minsken seinen en tochten. Historia Regum Brittaniae.

Dizze dingen makken dat de minsken yn Ingelān leard waard: dat de Britten, in Keltysk folk wienen, en de oarspronkelike beskaafde ynwenners fan it lān, en dat in grut part fan it lān letter ferovere wie yn in ynfaasje fan barbaarske heidenske germanen.
Op de webside  http://www.proto-english.org/l4.html How old is English? Wurdt foargoed ōfweefd mei dizze foarūnderstellings, sjoch http://www.proto-english.org/sum1.html

Net ien fan dizze trije stellingen is in histoarysk feit:                                                                                         Taalferdieling
It lān hat altyd bewenne west troch 2 folken, yn it westen Britten, ferwant oan de minsken yn Ierlān, Bretagne en de Basken. En oan de eastkant fan de bergen  Ingweoanske germanen ōfkomstich śt it Noardseelān, ferwant oan Friezen,Flamingen en Skandinaviėrs.
Foaral net barbaarsker of heidensker as de Britten. De measten wienen al kristlik, mar net roomsk, krekt as ek de measte Britten en Ieren yn dy tiid, en neffens Beda: “de hiele wrāld omstreeks 400".
En in Keltysk folk hat der nea bestien! De Griken neamden de noardlik fan har wenjende minsken mei ljocht hier, dy’t gjin gryks praten ‘keltoi’, sa eat as ‘wytkoppen’, de Romeinen namen dat oer as ‘galli’ fan gallus (hoanne), dus ‘hoantsjes of kraaiers’, it binne dus skelnammen en net de nammen dy’t dy minsken sels brūkten.

Mar op dit soarte foarūnderstellingen wie dus de skiednis fan Ingelān boud, en dat hat ek śs skiednis beynfloede.  It wol de Hol(t)landers mar min oan dat hja ek mar Friezen binne. De Flamingen ha dźr folle minder muoite mei. De Hollanders soenen leaver Bataven, Kelten, Kaninefaten of Cymbrieėrs wźze (allegear nammen dy’t men yn ālde skienisboeken fynt as stamfaars fan de Hollanders). Yn de skiednis wurdt dźrom sa min mooglik oer Frysk en Friezen praat. It ienige dat yn śs jiertal boekje stie wie dat Bonifatius by Dokkum troch Friezen fermoarde wie. No hat Albert Delahaye al śtfūn dat dat ūnmooglik by Dokkum west hawwe kin, want dat bestie doe noch net.  En by de Akademy ha se ek al betocht dat hy yn elts gefal net fermoarde is. Helpt neat, yn Dokkum betinke se noch altyd dy ‘moard’ en soenen dat net graach misse wolle, wat is Dokkum sūnder Bonifatius?
Sa waard de ynfaazje fan de Angelen en Saksen yn de Nederlānske skiednis brūkt om te bewizen dat Friezen eins alhiel net bestienen, dy soenen nei it suden tein wźze, ferdreaun troch de Angelen en Saksen, dy’t ūnderweis wienen nei Ingelān. It bewiis wie, dat yn terpen dy’t om 400 hinne ferlitten wienen en letter bewenne waarden troch oare minsken, “Angelsaksyske” jiske urnen fūn waarden. Dat is it gefaar fan opgravings, de dingen dy’t jo fine prate sels net! Wat śs foarskūtele wurdt is de śtlis dy’t de opgravers der oan jouwe. It foarkommen fan dingen śt de frjemdte is gjin bewiis dat dy frjemden hjir wennen, hja kinne ek oankocht wźze en dus tsjutte op handel mei dy lannen, krekt as śs Japanske- of Koareaanske-auto’s net bewize dat hjir no Jappanners en Koareanen wenje. Ja, de terpkes en wieren op Aldemiede en de Stūken binne fan 400 oan’t 1100 ferlitten en oerslike. Mar de mearste doarpsterpen binne ophege en neffens ūndersyk fan Herma van den Berg binne de terpen yn Eastergo  oanhāldend bewenne west.
Dus gjin Fryske folkferfarders!

It folkeferfarren

Foaral yn de tiid fan de ‘renaissānse’ idealisearre men de Grykske āldheid en it ālde Romeinske ryk en syn greatens en macht.
Dat wie in reaksje op de wantastannen yn steat en tsjerke, dy ‘t elk wol seach, mar dźr’t net ien wat oan die. It wie ek, ūnder ynfloed fan nije  ūntdekkingen, dy ‘t de bibelske oerlevering tsjinsprieken, in ōfkearen fan it leauwen, dat ferfallen wie ta byleauwe, en fan in maatskippij dy ‘t behearske waard troch adel en geastlikheid. Eartiids, yn de heidenske tiid, hie it allegear folle better west.
 En de oarsaak fan de teloargong dźrfan, dat moasten wol al dy barbaren west hawwe dy ‘t it ryk de ūndergong oandien hienen. Dy miening waard yn hiel Europa ferspraat en wurket noch oant hjoed de dei ta. Sa waard dus it folkeferfarren brūkt as ferlechje foar de ūndergong fan it romeinskeryk, as soe doe de hiele beskaafde 'romeinske' wrāld oerweldige wźze troch barbaren en dat soe laat hawwe ta de tsjustere midsieuwen. Dy midsieuwen waarden tige swart ōfskildere en de āldheid yn in mytysk idealisearre ljocht set.  No sa moai wie it yn de āldheid ek net altyd, en de midsieuwen wienen as tiid om yn te libjen ek grif net minder as de āldheid. Grutte folksbewegingen ha der yn alle tiden west, en in posityf gefolch fan de ferminging fan folken en kulturen is meastal in foarśtgong op alle gebiet, sa leare minsken wat fan inoar!

De grutste oarsaak fan dy folksbewegings wienen ek de Romeinen sels. Neat wie foar harren rōfsucht feilich. Begūn as in stźd mei wat ommelannen, hienen hja hiel Italiė, it middeneasten, Noard-Afrika en in grut diel fan West-Europa en Ingelān verovere. De ferearing yn de renaissānse, foar al wat Romeinsk wie, hat soks allegear goed praat, mar foar dy lannen en folken wie it gjin foarśtgong, want it wie in besetting. Besetters komme nea om wat te bringen, mar om wat te heljen, slaven, swiere hearetsjinsten, en swiere belźsting.
En dat gie net samar, wa’t net omlyk woe waard deaslein of as slaaf ferkocht, de belźsting waard ferhierd oan tolgearders, dy ‘t bźst om harsels tochten, mar it folk śtrūpelen.
Dy druk wie foar in protte folken de oarsaak fan ferset en opstān. Rūnom yn it ryk kamen geregeld opstannen foar, ek yn Italiė. Dat betsjutte dat der in grut leger nedich wie om de oarder en de macht te behālden. En dat leger hie de macht en beneamde de keizers, in inkelde goede, meast net sokke bźste en it bestjoer wie faak in rommeltsje. De grinzen fan it ryk wienen fiersten te lang om mei allinne Romeinen te ferdigenjen. It moast al bźst gean as it kader en de lieding śt Romeinen bestie. Yn it begjin wie dat wol sa, mar letter achten de measte Romeinen it fier beneden har stān om yn it leger te tsjinjen.  En sa wienen hja alhiel ōfhinklik fan oare folken, binnen of būten it ryk, foar har feiligens. In goedkeape manier wie om minsken lān oan te bieden krekt būten de grins fan it ryk, in oar syn lān dus, op foarwaarde dat hja dy grins ferdigenen tsjin ynkringers. Dat koste de Romeinen neat! Sa wienen der Būrgūnders en Longobarden yn it suden fan Dśtslān kaam, Fisigoaten en Vindil yn Eastenryk-Hongarije, Eastgoaten yn Oekraine en de Krim, allegear ferdigeners fan it ryk.

Doe kamen de Hunnen. Dźr wienen dizze groepen net tsjin opwoeksen en sochten en fūnen in plak binnen it ryk, en stelden har ta beskikking fan de keizer.
De tocht dy ‘t de Fisigoaten yn 410 ūndernamen yn Italiė, dienen hja yn opdracht fan de keizer. Mar fansels, sa’n leger bestie net allinne śt soldaten, hja namen al har folk, froulju, bern en slaven mei. En in leger moast sels mar yn syn behoeften foarsjen. Dat die men troch de plakken dźr’t se lāns kamen te brānskatten. As dy genōch betellen waarden se fierder mei rźst litten, woenen se net betelje, dan waarden se plondere. Dat oerkaam Rome ek, mar sa hienen de Romeinen it ek altyd dien en faak folle slimmer. Augustinus priizge Alarik en de  Fisigoaten, dy de straf fan God oer de wer nei heidendom niigjende stźd śtfierden, mar de hillichdommen, en de minsken dy ‘t dźr yn har taflecht socht hienen, sparren. En dy ‘t de tsjerkeskatten, dy ‘t de eigen ynwenners stellen hienen, ūnder begelieding fan soldaten, nei de tsjerke werom bringe liet. Hiel wat minder barbaarsk as dat de Romeinen sels wend wienen te dwaan.
It ryk yn 476
Letter triken de Fisigoaten nei Spanje en Sśdfrankryk en setten har dźr nei wenjen. Mei de Vindill, dy ‘t de Romeinen ‘vandalen neamden', wie it fierhinne it selde gien, hja kamen yn it suden fan Spanje telāne. (It hyt der noch (V)andalusiė (de Moosaraben hienen muoite mei de V en sloegen dy dus mar oer.) Doe’t de Fisigoaten der ek kamen stutsen se oer nei Afrika, doe de rykste Romeinske provinsje, hja namen dy oer en bestjoerden dy yn namme fan de keizer. Keizer Zeno stjoerdeTheodorik de kening fan de Eastgoaten nei Italiė, om it yn syn namme te bestjoeren, mei in tredde part fan it lān as beleaning foar syn folk. Nei it oardiel fan syn grutste fijannen, wie it lān yn gjin ieuwen sa goed bestjoerd as yn de tiid fan kening Theodorik en syn dochter Amalasuntha. Lykwols minachten hja him en syn dochter, want dat wienen gjin Romeinen mar ‘barbaren’.

De Hunnen wienen śt it suden fan Ruslān en Siberiė kaam. Atilla en syn broer hienen nei de dea fan harren omke de lieding oernaam, en troch syn broer fermoardzje te litten, hie Atilla allinne de macht krige.  Hy lei by de Romeinen op in minne namme, en waard as hast ūnoerwinlik beskōge. Dochs wie hy net sa suksesfol, syn hiele fjildtoch mislearre op’t lźst. Syn namme Atilla ‘heity’, him troch de germanen jūn, is earder in earenamme as in skelnamme. Hy wie wierskynlik in goed bestjoerder, dy ‘t net op oare folken delseach lykas de Romeinen. Hy wie yn Rome grut brocht, en wie, op har fersyk, mei de romeinske keizersdochter,Grata Honoria Augusta, troud. As breidskat easke hy it heale romeinske ryk, dźr’t syn frou, neffens romeinskrjocht, rjocht op hie.
Doe’t de Hunnen oer de Ryn trieken kaam it ta in fjildslach mei it feriene leger fan Romeinen en Fisigoaten. De slach bliuw ūnbeslist,  beide kanten hienen safolle minsken ferlern dat hja gjin kāns mear seagen ta in beslissende slach. De Hunnen trieken har tebek. Dy slach wie it safolleste bewiis dat Atilla net ūnoerwinlik wie. Syn fjildtocht yn Italiė, om syn breidskat op te easkjen, rūn ek op neat śt en doe’t hy gau dźrnei stoar foel syn ryk samar śtinoar. 

Hoewol ‘t der sa yn it Romeinskeryk rūnom ek oare folken kaam wienen te wenjen, en lang net altyd goedskiks, wienen hja dochs net śt op de ūndergong fan dat ryk, mar krekt om der diel fan te wurden. Hja erkenden de keizers yn Byzantium en betellen him belesting. Foaral ūnder keizer Anastasius 491-518 wurke dat, mei respekt fan beide kanten, hiel goed. En sa blykt wol dat dy folken earder de rźdding as de ūndergong fan it ryk wienen.

DE UNDERGONG FAN IT ROMEINSKE RYK


Wy seagen dat der oant de tiid fan keizer Anastasius ta, net sprutsen wurde koe fan in ūndergong fan it ryk. Under it bestjoer fan de Vindill en Goaten, dy’t as lytse minderheden nei in pear generaasjes wol assimilearre wienen, hie it westen fan it ryk wer ta oansjen en wolfeard komme kinnen, mar it rūn alhiel oars.
Nei keizer Anastasius, kaam keizer Justinus, dy’t sa ‘beskaaft’ wie dat er syn wetten mei in krśske ūndertekenje moast, hy koe lźze noch skriuwe. Dźrom hie er syn omkesizzer Justinianus in goede skoalle oplieding jaan litten, sa dat dy him helpe en opfolgje koe.
Justinianus wie sūnder mis in tūk en tige from man. Mar ien ding wie him tige yn’e wei: Al dy heidens en ketters dy’t mar net leauwe woenen yn de Trijeienheid, dy’t dochs troch de tsjerke en de steat as it wiere leauwe fźststeld wie. En dus kamen der al gau nei dat hy syn omke opfolge hie, wetten tsjin de ‘hellenen’, dat wienen noch heidenske Griken. En in pear jier dźrnei waard it besit fan de ariaanske tsjerken yn beslach naam, en elke foarm fan ketterij binnen it ryk ferbearn. Wa’t net de mis yn de wiere tsjerke bywenne waard ferband. Earst moasten de Joaden en de Samaritanen it ūntjilde, en doe de ketters yn Egypte. Want Justinianus syn plan wie it ryk frij te meitsjen fan ketters.

De Romeinen wienen al ieuwen mei de Perzen en Arabieren yn oarloch. Mar no waard der foar grau jild in frede mei de Perzen sletten, it koste Justinianus 440.000 pūn goud.
En doe hie er de hannen frij foar in oarloch tsjin de ketterske barbaren yn Noard-Afrika en yn Italiė. Syn bźste riedjouwers retten it him slim ōf. Folslein ūnnedich, it wie ommers al   romeinsk gebied. En it wie in ūnmooglike ūndernimming dy’t in berch jild kostje soe, en neat opleverje as in protte deaden, it soe swiere belźstingen fergje, it folk soe grif yn opstān komme, Net Dwaan! Mar in biskop kaam as in profeet om te fertellen dat hy in fisioen hān hie. Dźryn hie God him opdroegen de keizer te bemoedigjen, omdat Hy him de oerwinning jaan soe. Dat joech by Julianus de trochslach.

Der waard in grut leger reemakke. Der kaam in float fan 600 skippen, foar 5000 ruters en 10.000 man te foet, mei al har hynders, ark en foarrieden.
Yn 534 waard de float troch de biskop ynsegene en stiek doe, ūnder lieding fan Belisarius, beselskippe fan syn frou Antonina en syn kronykskriuwer Procopius, fan wal nei Afrika.
De Vindill yn Africa, waarden skat op in 600.000 minsken (80.000 manlju) hja foarmen de bestjoerende toplaach. It lān wie yn frede en wolfeart, behalve de tsjerklike ferskillen dan. Mar no wie der twaspjalt, troch dat guon de kening te slap fūnen. Hja hienen in oare kening keazen en de foarige opsletten. Dat joech Justinianus in ‘reden’ om syn offisjele fazal te help te kommen en de Vindill oan te fallen, de wiere reden wie dat hja ariaansk wienen, yn Justinianus eagen dus ‘ketters’ en dy moasten śtroege wurde.
It parate leger en de float fan de Vindill wienen op Sardiniė om in opstān te ūnderdrukken. Sa slaggen de Romeinen der yn de Vindill yn 3 moanne te ferslaan en foar’t grutste part śt te roegjen. It levere de romeinske kommedant Belisarius in triomftocht op yn Byzantium.
Mar it hie fan gefolgen dat Noard-Afrika nei in skoft fan wanbestjoer śteinlik ferlern gie en earst troch heidenske Berbers en Moren en letter troch de moslims yn besit naam waard.

De Goaten yn Italiė hienen, nei tige goede jierren ūnder Theodorik en Amalasūnta, yn 535 Theodatus as kening, in filosoof, mar as kening en oanfierder neat wurdich.
It romeinske leger, wer ūnder lieding fan Belisarius, hie śt Afrika wei sūnder muoite Siciliė ynnaam, en wie dźr śt wei oerstutsen nei Italiė, Napels joech al gau belies. Doe triken hja op nei Rome en namen it sūnder muoite yn.
Undertusken seagen leger en lieding fan de Goaten dat hja fan Teodatus neat ferwachtsje koenen en rōpen op in landei ien fan har oanfierders, Vitigis, śt as kening.  Hja besleaten oant de maytiid te wachtsjen mei in tsjinoanfal, om har troepen rūnomwei te ferienigjen sadat hja it romeinske leger oan koenen. Doe trieken hja nei Rome en belegeren it. Hja koenen de stźd net alhiel omsingelje, en it slagge harren ek net it troch bestoarmjen yn te nimmeferfal fan it rykn.
De Romeinen seagen kans it hieltiid wer te befoarriedzjen, en oplźst moast Vitigis de belegering opjaan en him tebeklūke op Ravenna. Hiel Italiė kaam no yn opstān, mar der ūntstie ek ūnienigens by de romeinske legerlieding, en doe foel de frankyske kening Theodebert mei 500.000 Franken yn Italiė. Hja foelen sawol de Romeinen as de Goaten oan, mar yn it al alhiel śtroepele lān krigen hja gebrek oan iten en drinken. Troch it iten  fan al lang deade bisten en it drinken fan bedoarn wetter krigen hja sykten en it grutte frankyske leger slynde wei as snie foar de sinne.
Kening Vitigis, yn Ravenna belegere, seach gjin kāns mear op in goede śtslach en joech de stźd oer oan Belisarius, hy waard nei Byzantium brocht en stoar dźr. Yn 541 waard Totila kening fan wat der noch oer wie fan de Goaten. Yn in soart guerilla oarloch wist hy in grut part fan sśd-Italiė, Siciliė, Sardiniė en Corsica werom te winnen. Mar yn 552 wist Narses, dy’t mei in leger fan 22.000 man nei Italiė stjoerd wie, him ta in fjildslach te twingen, dy’t de Goaten ferlearen en Totila en mear as 6000 fan syn mannen it libben koste.
Syn opfolger wie Teia. De striid ferpleatste him wer nei it suden. Yn it folgjende jier waard op de Molke Berch tusken Pompei en Salerno de lźste slach yn de Goatyske oarloch śtfochten. De lźste Goaten meast froulju en bern mochten it lān ferlitte en waarden mooglik oerbrocht nei de Fisigoaten yn Spanje.

Justinianus like nei 20 jier syn doel berikt te hawwen yn 554. Doe wie syn ryk op syn grutst, mar net lang. De skatkiste wie leech, it ryk yn djippe earmoed. Italiė, alhiel śtplondere, hie gjin boeren mear om it lān te bebouwen, de stźden rūnen leech en ferfoelen ta pśnheapen. Hiele folken wienen śtmoarde, it hie miljoenen (Procopius skatte it op mear as tsien miljoen) minskelibbens koste.
In jier letter plonderen Franken en Alemanen it lān. Yn 568 waard it ferovere troch de Longobarden, dy’t noch wol foar de helte heidensk wienen. It ryk wie net mear by steat ta syn eigen ferdigening en waard fan alle kanten oanfallen. It belune hurd, al kamen der letter noch wol wat bettere tiden en duorre it noch oant 1435 foart ek Byzantium troch islamityske Turken ferovere waard. En ek dat hie syn woartels yn dizze ketterjacht.
In joadskristlike groep dy’t foar de ferfolging fan Justinianus flechte wie, wie yn Arabiė yn’e buert fan Mekka te lāne kommen, en sa kaam Mohamed mei it kristendom yn’e kunde, dat him ynspirearre ta de koran en de islam. En syn folgelingen feroveren yn de folgjende ieuwen it hiele east-romeinske ryk.
It is apart dat elk ek hjoed de dei noch, dizze ūndergong taskriuwt fansels oan de barbaren en oan pestsykten, miswier, hongersneed, ynflaasje ensafuorthinne. En net oan de folkemoard en ketterjacht fan Justinianus. De roomske tsjerke hat him hillich ferklearre.


KONKLUZJE


Wy seagen dat de skiednis faak hiel oars ferrūn is as de skoalle boekjes śs leauwe litte wolle. By al wat men der oer fine kin op it ynternet, falt it op dat foaral de skoalle boeken en programmas foar de skoallebern, yn de "Vaderlandse Geschiedenis" like iensidich op hollān rjochte binne, as yn de ālde skiednis op it middelānske see gebiet, oer de oare provinsjes en wat der būten it romeinske ryk barde,wurdt praktysk neat sein, en hja binne alhiel net oanpast binne oan nije ūntdekkingen, mar fertelle noch it selde ferhaal as 200 jier ferlyn.

Nije skiednis

No moat men net tinke dat de nije ynsichten of ūntdekkingen altyd stān hālde sille.
Ek no bite minsken har faak fźst yn in idee dat hja miene bewiist te hawwen, en blykt dochs letter dat it net alhiel kloppet.
As foarbyld bygelyks Albert Delahaye,(Klimmen, 18 oktober 1915 – Breda, 19 januari 1987) argivaris fan Nijmegen en letter fan Brabān. Dy kaam ta de konkluzje Karel de Grutte nea yn Nijmegen in paleis hān hie, en dat de Bataven net yn de Betuwe, mar yn Noard Frankryk wenne hienen, dat de Romeinen hjir net troch de barbaren mar troch it wetter ferdreaun wienen, en op dat hege wetter berōp hij him ek doe’t hy ferklearre dat Bonifatius net by Dokkum fermoarde wźze koe, mar dat dat yn de buurt fan Duinkerken yn Noard Frankryk west hie, dźr wennen de Fresones doe.
En dat kaam allegear omdat troch de oerstreaming fan Duinkerke-2 hiel Nederlān ūnderwetter stie. En dus koenen Willibrord en Bonifatius en sels Liudger nea yn it hjoeddeiske Nederlān west hawwe.    
Dat wie allegear bassearre op ideeėn oer transgressie perioaden, lang duorjende oerstreamingen, en de hichte en betsjutting dźrfan, neffens ūndersikingen dy’t men yn de buert fan Duinkerken dien hie en dy’t men yn Nederlān ek oernaam hie. Neffens Albert Delahaye hie de oerstreaming fan Duinkerken-2 duorre fan 200 oant 900, en hie it seewetter doe bytiden wol 7 meter heger stien as no. Mar by neiere stśdzje die bliken dat de fynsten yn Nederlān net yn tiid en hichten mei de Frānske oerienkamen. Dat kinne jim sels maklik sjen. As Delahaye gelyk hie soe der yn Suwāld, dat mar krekt op de hichte fan it Amsterdamsk Peil leit, nei 700 jier oerstreaming, in fikse klaai laach lizze moatte. No dy is der net, en op de legere lannen om Suwāld hinne ek net. Duinkerken-2 is dus net oan Suwāld ta kaam. By Raerd oan de Middelsee leit it fan ien meter ūnder A.P oant 10 sm ūnder A.P.  90 sm dik (Cnossen 1958) Lykwols hālde Delahaye en no syn opfolgers noch altyd fol dat Nederlān tusken 200 en 900 fierhinne ūnbewenber wie.

De komst fan it Kristendom

By opgravings fan in grźffjild yn de terp fan Easterbeintum bliik dat de oergong fan ferbrāning fan de deaden om 400 hinne stadichoan ferfong waard troch begraven. Dat begraven die men earder wol mei hynders en hūnen, net mei minsken.
En om no samar lyk as in bist yn’e grūn bedobbe te wurden, dat sil śs heidenske foarālden grif oangriisd hawwe. It earfol behandeljen fan it lichem fan in ferstoarne dierbere feroaret men net samar. Dźr moatte dus wichtige reden west hawwe dat minsken dźr mei begūnen, net elk en ien noch, mar guon. Dat moat grif mei feroaring fan it leauwen te meitsjen hawwe. In oar leauwe, hja dat wie der yn dy tiid, it kristendom, mar dat kaam dochs earst nei de komst fan Willibrord yn 695? Dat hat men śs altyd leauwe litte wollen, mar it wie hjir al trije hūndert jier earder!

It kristendom bestie al hūnderten jierren, it wie begūn yn it romeinske ryk, der hienen slimme ferfolgings west, dy’t in protte minsken būten it ryk jage hienen. Dochs wie it oantal kristenen yn it ryk en dźr būten al sa bot oanwūksen, dat der yn de tiid fan keizer Constantijn frijheid foar de troch de keizer en de tsjerke goedkeurde streaming fan de kristlike godstsjinst kaam, en yn de tiid fan keizer Theodosius, yn 380, waard dat Niceaanske kristendom sels steatsgodstsjinst en alle heidendom en ketterij waard ferbean. Dat sil wer in hiele śttocht feroarsake hawwe, want lykas altyd wienen de ‘oarstinkenden’ fier yn de mearderheid.

Yn 369 hie de goatyske biskop Wulfila It Nije Testamint oerset yn it goatysk, in taal dy’t foar de measte germanen wol te begripen wie. Mei as gefolch dat de germaanske folken binnen it ryk allegear ariaanske kristenen wienen want yn dy tsjerke waard harren taal brūkt.
Yn 200 wienen der, neffens Tertulianus ek yn foar de Romeinen net tagongklike gebieten yn Brittania, dus yn Skotlān en Ierlān, al kristenen.
En Beda klage dat omstreeks 400 ek de tsjerke yn Ingelān oanstutsen waard troch it Arianisme, “dat de hiele wrāld besmet hie”. Ja Beda wie goed roomsk. Beda syn 'hiele wrāld, dat wie foaral Noardwest Europa.
It soe dus alhiel net frjemd wźze dat der yn 400 ek op Easterbeintum al kristenen wennen, dy’t har net mear ferbrāne lieten omdat hja leauden yn in weropstanding. En dźr wie it begraven om 700 hinne al hast algemien. Mar ja, doe wienen der ek yn China en India al kristlike tsjerken, dus yn Noardwest Europa grif ek wol.
It liket der dus op dat it kristendom hjir net brocht is troch Willibrord en Bonifatius, mar dat it hjir doe al mear as 300 jier wie.  Dat makket fan it geweldiedige optreden fan Willibrord en Bonifatius, ūnder dekking fan it Frankyske leger, dus mear in ketterjacht as in sinding.

Kennis fan wat der yn it ferline bard is, en dat is skiednis, is foar elk minske fan grut belang foar it begripen fan de hjoeddeiske tastān en hoe’t dy ūntstien is. Wat priizenswurdige dieden en beslissingen śs foarālden naam hawwe, en wźrom. En wat misslaggen en flaters as der makke binne en wźr troch. Sa dat elk minske wit hoe’t hy yn romte en tiid bestiet, tusken syn foarālden en syn neikommelingen, it koarte skoftsje tiid fan syn libben. Dat makket him  mear minske en dus mear ‘mansk’.
It giet dus net allinne oer de romrofte dieden, grutte oerwinningen en heltedieden fan it foargeslacht, mar de misdieden, misslaggen, en wantastannen moatte ek net fergetten wurde. De politike en populaire ynkleuring fan de skiednis hat as gefaar dat we ta skea fan śs, it folk en de wrāld yn de ālde fouten wźrom falle.

Dźrom falt der oan it histoarysk ūndersyk en ūnderwiis noch hiel wat te dwaan en te ferbetterjen en moatte we kritysk iepenstean foar nije ynsichten en ūntdekkingen.


Ynhāld                     Thśsside                      E-post