Sint Brendan

Skip
YNLIEDING

Dat der op Skylge in fjoertoer stiet mei de namme Brandaris sil de measte lęzers wol bekend węze, mar węr`t dy namme weikomt en hoe`t dy toer op Skylge dęr oankomt dat is in nijsgjirrige fraach.
It like ús de muoite wurdich, mei it each op it fjouwerhűnderd jierrich bestean fan de Brandaris wat oandacht te jaan oan de hillige dęr`t hy nei neamd is en in antwurd te jaan op de fraach węr't dy namme weikomt.

De namme Brandaris is in ferfoarming fan de namme Brandanus en Brandaan, dy`t foarme binne út de yn it Latyn meast brűkte foarmen Brendanus en Brendan, dy`t Latinisearringen binne fan de Ierske namme Brenaind of Brenain. Foar it neist wie de útspraak fan beide lettergrepen lang, dus Breenaand of Breenaan.

Dizze hillige, ferneamd om syn seereizen, waard yn in grut part fan Noardwesteuropa tige fereare as patroan fan seefarders en as ôflieding fan syn namme,op`e klank ôf,  ek as beskermer tsjin fjoer en brân, en sa koe hy dus ek sjoen wurde as in beskermer fan it kustljocht dat de seefarders de wei nei de feilige haven wiist. Want it doel fan elke hillige is optlęst om te wizen nei De Wei nei De Feilige Haven. Dy`t Jo, sa as Jo yn de Navigatio lęze kinne,  sűnder Jo persoanlike patroanhillige nea fine kinne.
Oer Brendan binne ferskate boeken skreaun troch de ieuwen hinne. De oarspronkeliksten dęrfan hienen wy  hjir gearbrocht. Dat binne:

Vita Sancti Brendani Clonfertensis; It Libben fan de Hillige Brendan fan Clonfert,

sa as dat troch de pater Jezuit Paulus Grosjean S.I. út ferskate Latynske hânskriften gearstald is en publisearre yn Vita Sanctorum Hiberniae.

Navigatio Sancti Brendani Abbatis; De Seereis fan de Abt Sint Brendan,

sa as gearstald troch Carl Selmer yn it boek mei dy namme.

De Reis Fan Sint Brandaan;

neffens it middelnederlâns gedicht "Van Sente Brandane.

2284 fersrigels, oerset en oerdichte troch Klaas Bruinsma, neffens it Comburgse hânskrift

yn de útjefte fan Dr.Maartje Draak ,dy`t opnij berime wie troch Bertus Aafjes.

útjűn troch J.Meulenhof, Amsterdam, 1949.

En oerdichte troch Klaas Bruinsma

Malperthús, Aldemardum jannewaris 1994

Oratio Sancti Brendani; It gebed fan Sint Brendan,

út Acta Sancti Brendani fan kardinaal Patrick Francis Moran.

En dęrmei hawwe wy no in folsleine samling oer Sint Brendan yn it Frysk.
Brendan yn fjouwerfâld
BOPPESTEANDE WURKEN BINNE YN 2012 UTJUN BY ELIKSER YN LJOUWERT
UNDER DE NAMME "SINT BRANDAAN YN FJOUWERFALD"
EN DAT IS DUS NO YN DE BOEKHANDEL TE KRIJEN.

It is no ek yn de bybleteek wol te lien.


 

De Histoarje

De navigatio sancti Brendani Abbatis, is in leginde oer de Ierske Abt Brčnaind soan fan Findlug út it súdwesten fan Ierlân. Oare boarnen neame Alltraighe Caille en Ciarraighe Luachra, plakjes fuort by Traigh Li (Tralee) oan`e műning fan de rivier de Li. Yn Kyarraghi (Kerry) yn it súdlikste part fan Ierlân dat doe it keninkryk Munster wie.
Hy moat berne węze yn it lęst fan de fyfde ieu en stoarn yn`e santiger jierren fan de seisde. Hy soe doopt en grutbrocht węze troch de Biskop Erc of Kerry.
Syn feestdei is 16 maaie, neffens de Vita soe hy op dy deis stoarn węze, mar wis is dat net. De Grutte W.P. hat ca 480 - ca 577. Dan soe er űngefear 97 jier wurden węze en dat is in respektabele leeftiid. Hy is net de iennige Ierske geastlike fan dy namme. The Book of Leinster, side 366.col.5 neamd santsjin Brenand`s. De earste is Brenand abt fan Birr, en de twadde is Brenand mac Hua Alta "The Navigator".
Hy stifte in mannich kleasters yn west Ierlân. It wichtichste Clonfert yn Connacht yn Galway. Hy wurdt dan ek wol Brendanus fan Clonfert neamd. Mar hy soe ek kleasters stifte ha yn Skotlân, Ingelân en Bretagne.
Yn "Vita Columbae" wurdt praat oer in besite fan Brénaind mei noch trije kleaster stifters oan Columba op Iona.
Columba libbe fan 521 oan`t 597. Hy wie in Iersk man fan heech komôf, dy`t ek ferskate kleasters stifte hie op Ierlân en op`e eilannen west fan Skotlân. It bekendste dęrfan wie it eilânkleaster Iona, dat yn syn tiid en lang dęrnei it ferneamdste sintrum fan de Ierske tsjerke wie. Brénaind wie dus in wat âldere tiidgenoat fan Columba.
Ek yn de Vita is sprake fan in seereis, dus syn seereis kin histoarysk węze. De Vita skynt wat âlder te węzen as de Navigatio, de Navigatio soe dęr troch ynspirearre węze kinne.

De Eftergrűn.

Ierlân hie net beset west troch de Romeinen, en hie dus oars as it grutste part fan Westeuropa, mar krektlyk as Fryslân, Skotlân en de Skandinavyske lannen, syn eigen bestjoer systeem behâlden, al wienen der wol gâns kontakten en handel mei it Romeinske ryk. Dus ek mei it kristendom dat yn 381 yn it Romeinske ryk steatsgodstsjinst wurden wier.
Yn 431 wienen der yn Ierlân al safolle kristenen blykber, dat der in biskop beneamd wurde koe, en de paus stjoerde in sekere Palladius as biskop nei Ierlân. Yn dyselde tiid wurke dęr yn it noarden fan Ierlân in Ingelskman, mei namme Patrick, yn it Latyn Patricius, dy`t earst troch Ierske rôvers as slaaf meinaam wie nei Ierlân, mar űntsnapte, en him letter roppen fielde yn Ierlân it evangeelje te ferkundigjen. Hy is de ferneamdste Ierske hillige wurden, Sint Patrick of Sanctus Patricius.
Troch it bestjoer fan de tsjerke yn oerienstimming mei Ierske begripen oer maatskippij en steatsopbou yn te rjochtsjen, de Ierske hegerein de lieding ta te betrouwen, de frijstelde gelearden, keunstners en dichters, dęr in funksje yn te jaan, krige men sűnder folle wjerstân in typysk Ierske tsjerke, dy`t yn letter ieuwen tige aktyf west hat yn de sinding yn Westeuropa.


It Gebed-------------Seereis-------------Thússide---------------E-mail