23-3-1880 -
23-3-1939
![]() It gemeente plysjekorps 1925: steand flnr, Tjitze Kingma, Jacob v.d. Leest, Jelle Hoekstra, Gerben Osinga, Anne Feenstra; sittend Siebren Dykstra, chef Roelof Krottje, Geerlings Foar de minsken fan hjoed is it wurd ‘veldwachter’ hast ûnbekend, en as se it noch wolris heard hawwe,tinke se dêrby oan in figuer as Bromsnor yn de televysje searje oer Swiebertje. As ik har dan dizze foto sjen lit, fan it hiele Tytsjerksteradielster fjildwachters korps yn 1925 dan sil har dat yn dy miening grif fuortsterkje, want it hawwen fan in fikse snor hearde blykber by it plysje wêzen. It stie yn elk gefal wol manhaftich en dat moasten hja ek wol wêze, want der wie samar gjin help te beroppen, en hja moasten har dus ek mei gefaarlike sitewaasjes faak allinne rêde. En krekt as hjoed de dei wienen der ek doe minsken dy’t de plysje net lije mochten, en as hja dan in boete of presesverbaal oprûnen, lilk en gefaarlik waarden, tink mar oan immen as Eije Wykstra, dy’ fjouwer plysjes deaskeat yn 1929. It wienen dus guon dy’t har mantsje wol stean moasten, en oan de oare kant ek freonlik en behelpsum wêze moasten foar minsken dy’t help nedich hienen. Fan dizze mannen ha ik mar twa wat better kennen leard, Germ Oasinga fan Tytsjerk en Suwâld, dy’t de bynamme “bots’ hie, en letter doe’t we yn Garyp wennen, Jacob van der Leest. Dat ik dit stikje oer Germ Oasinga skriuw is omdat ik him dochs likegoed as Yke Franses en Dreiber as in opmerklike figuer sjoch, dy’t soks 75 jier nei syn dea dochs wol fertsjinnet, al wie net elkenien altyd like goed oer him te sprekken. Us heit fûn him mar in bangskiter, heit en Simen Bergsma kamen op in jûn út it fjild, hja hienen te streupen west, want hja hienen wol gewearen mar gjin jachtakte, en hja hienen ek wyld by harren. Hast oan hûs ta moeten hja Oasinga, dy’t dêr mei ien stie te praten. Hja rûnen gewoan troch, ‘Bots’ doarste twa wapene mannen dochs net oanhâlde. Gerben Oasinga Streupen seach men doe yn Suwâld net as in kwea. Tine fan tante Atsje en ik sieten op in jûn yn’e hjerst op de jarrekolk achter hûs mei it hûntsje Fanny tusken ús yn. De omkes Jan en Peet wienen oan it melken, mar omke Peet hie ús dêr delsetten om te warskôgjen as der guozzen oerkamen. Hy hie it ald guozzeroer achter it bynt set, foar it gripen. En dêr kamen guon. Wy rôpen ‘guozzen’! Omke Peet ûnder de ko wei, it guozzeroer en ‘pang’, it gewear wer achter de stile en wer melke. Fanny fleach it lân yn achter de guozzen oan. En dêr wie Oasinga: “Hjir waard sketten” sei er. Omke Peet sei: “Man wer ha je it oer, wy binne drok oan’t melken.” Mar Oasinga hâlde fol dat der sketten wie. Hy wie krekt foarhûs op de wei, it koe him net misse. Omke Peet helle syn dûbbelloops jachtgewear út de kast yn it foarhús en liet Oasinga fiele en rûke dat der net mei sketten wie. Dat oertsjoege him mar heal, mar hy hie gjin bewiis en sette ôf. Hy wie noch mar krekt fuort of dêr wie de hûn mei de guozze! Us Daniel en ik wienen, yn de droege sleat njonken Jan Ykes, in hutte oan it bouwen fan prikken dy’t yn de sleat leinen en guon dy’t we fan de beammen ôfbrutsen. Doe ynienen dêr wie Oasinga. Wat er krekt sei wit ik net mear, mar wy waarden sa bang dat we útnaaiden, nei ús beppe, dat wie it tichste by. Oasinga ús, op de fyts mei syn grutte sabel der oan, achternei. Beppe liet ús yn’e skourre en skoattele de doar, en omke Peet stie Oasinga te wurd en jage him fuort fan it hiem: “Kinst oars net as achter lytse bern oansitte, ophoepelje”! ![]() ![]() Nee, it jongfolk yn Suwâld makke it him faak ek net maklik, want dogeneaten ha je oeral en dy wienen der yn Suwâld ek genôch. En der gienen hiel wat sterke ferhalen oer hoe’t se Oasinga te fiter hân hienen, mar dy ha ik sels net mei belibbe, dat dy lit ik mar gewurde. Letter makke ik Oasinga ek wol fan in oare kant mei. En dan blykte it in hiel freonlike behelpsume man te wêzen. Lykas by de feesten en by brân en ûngelokken. Ik ha ek wolris by him thús west yn Tytsjerk, hy wenne fuort by de bosk. Dat kaam omdat ik in beurs ferlern hie, en wy hearden dat ien him fûn hie en nei de plysje brocht. Ik waard freonlik ûntfong mei in kopke thee, en moast útlizze hoe’t de beurs der út seach en wat der yn siet. En doe’t dat kloppe mei it “gevonden voorwerp’ krige ik him wer mei. Blykber koenen de gemeente plysjes al op harren 58-ste mei pensioen. Op 2 juny 1938 naam it plysje korps ôfskie fan Germ Osinga, nei 24 jier tsjinst. De taspraken, fan burgemeester Steenhuizen, chef fjildwachter Haken, dy ‘t Krottje opfolge wie, majoor Deelstra van de ryksfjildwacht en Bos fan de marechausjee, wienen tige loovjend foar syn ynset, syn trou, iver, kundigens en meiwurking. By syn mearderen en kollega’s hie hy dus grutte wurdearring wûn. Men hie der in hiel feest fan makke, mei presintsjes fan de gemeente, syn kollega’s, en sels fan it personiel fan de gemeente sikretarije. Ik tink dus dat dy wurdearring wol miend wie. Al hie hy no pensioen, dochs siet hy net stil, en wurke hy noch as parkwachter, foar de reginten fan de Stichting op Tautenburg, yn de bosk fan Ypey. Lang hat hy net fan syn pensioen genietsje mocht. Mei neiststeand berjocht makke de Ljouwerter krante bekend hoe’t Oasinga yn syn wurk op it Alddiel hastich ferstoarn wie. Dochs in skrik foar in protte minsken dy’t him kend hienen. |
Fan de famylje fan Dyk krige ik, te lien, de foto boeken en de boeken mei kranteknipsels oer Suwâld, dy ’t Reint fan Dyk makke en sammele hie, sa dat ik se oernimme koe. Dat is wer in boarne foar nijsgjirrige stikjes oer Suwâld fan fjirtich jier of langer ferlyn. En dan is it foar de hân lizzend, om te begjinnen mei in ferhaal oer de samler sels. Doet hy al slim siik wie socht ik him faak op yn ‘Hillemastate’, en doe ha we in oantal fan de dingen dy’t hy noch wist út syn jonge jierren op de bân fêstlein. Reint is berne 15 april 1917, as bern fan Anne fan Dyk en Haukje Beerda, yn de noardlikste fan de doe noch trije ienkeamer wenten, no tsjerkebuorren nr. 65. Syn heit Anne wie foarman timmerman by de Veeninga’s, syn mem in achter bernsbern fan de eardere skoalmaster Reint Teakes Beerda. Reint syn jonge jierren wienen net sa maklik, hy wie gauris siik, hie faak lêst fan brongitis, hy stammere wat, prate net maklik, hy wie der by de oare bern faak wat oer en waard in bulte pleage. It wie dúdlik dat hy net it postuer hie foar in boufakker of boerearbeider. Gelokkich soarge syn mem dat hy de kâns krige om te learen, en dat slagge goed. Hy die de ULO-skoalle yn Ljouwert, en in ULO-diploma wie foar de oarloch al hiel wat om goed oan’e slacht te kommen. Nei in pear jier yn it magesyn fan garaazje Statema yn Ljouwert, kaam hy op kantoar by de gemeente ûntfanger Siepma yn Burgum, en yn 1937 waard hy amtner foar soasjale saken yn Tytsjerksteradiel, op it gemeentehûs te Burgum. Yn Suwâld foel Reint op trochdat hy op de jongfeinteferiening en it fraachlearen opkaam foar it frysk. Dat wie wat nijs yn Suwâld, en lang net elk wie it dêr mei iens. It heucht my dat wy as bern, let yn de tritiger jierren, warskôge waarden foar sokke ‘trochdriuwers’ as Fedde Schurer en Reint fan Dyk! Dochs wienen der ek yn Suwâld wol frysksinnige minsken, Reint wie lid wurden fan it Kristlik Frysk Selskip, en it slagge him om yn Suwâld in fryske krite op te setten. En hja sutelen al foar de oarloch mei fryske boeken en kranten. Sa learde ik myn earste frysk lêzen út in boekje dat ús beppe oan ’e doar fan de sutelers kocht hie. It koste my net folle muoite en ik fûn it moai, folle échter as it hollânsk dat we op skoalle learden en it is neitiid altyd myn ‘earste’ taal bleaun. Reint mocht ek graach dichtsje. De earste prebearsels wienen gelegenheids gedichten op fersyk. Foar sinterklaas, of in feest. Sa as hjir op it feest fan 1938, it jubileum fan keningin Wilhelmina, dêr’t hy foardroech of song ûnder begelieding fan in ‘sigeuner’ dy 't in protte op Warren Kamminga liket, mei in rommelpot. Dêr foar en om syn ynliedingen op de jongfeinteferiening yn it frysk dwaan te kinnen learde hy frysk te skriuwen en helle letter ek de fryske akte, sa dat hy kursussen jaan koe. ![]() En hy skreau, ûnder de skûlnamme “Reginhart” ek serieuze gedichten, dy’t opnaam waarden yn de deiblêden, de Burgumerkrante, Actief, en De Stim fan Fryslân, Frysk en Frij, en fêst ek wol yn Meiinoar. Der binne ek dichtbundels fan him útjûn by de Kristlik Fryske Folks Bybleteek, mei de titels Ynkognito en Diggelfjoer. Mooglik binne se by de KFFB of by Steven Sterk noch wol te krijen. En Tresoar hat in knipselmap fan him oanlein mei mear as 50 artikels fan of oer Reint van Dijk. Hoewol syn skrippen foar it frysk, yn tsjerke en op it gemeente hûs, net altyd op priis steld waard, hat hy er dochs hielwat mei berikt. It wie dochs mei dêroan te tankjen dat Tytsjerksteradiel foarbyld gemeente waard by it brûken fan it frysk yn it offisjele ferkear. En ien fan de earste gemeenten dêrt de plaknammen ferfryske waarden. Op in jûn kamen we wêrom fan in gearkomste fan it Kristlik Frysk Selskip, Jaap van der Meer, Reint fan Dyk en ik, en doe besleaten we om de krite “G.A.Wumkes” yn Burgum, dy’t al jierren net mear gearkaam, wer aktyf te meitsjen. Dat slagge, en dy krite bestiet noch, en ek dêryn hat Reint as bestjoerslid en ek as lid fan it haadbestjoer fan it K.F.S. syn paadsje wol skjin makke. Foar my wie hy in foarbyld, in wize riedjouwer, dus in echte ‘Reginhart’, in bêste en trouwe freon, en in bytsje famylje, hy wie troud mei myn nicht Frouke Lykles van der Meulen. It wie in hiele slach foar harren bern en foar ús, dat hja beide sa jong en sa hastich stoaren. Hjirby dan noch in tapaslik gedicht fan Reint oer Suwâld.
|