Tietje Theunis van der Veen
Berne :
Sneon 10 Oktober 1908 yn Feanwâlden
Stoarn :
Woansdei 6 Desimber 2000 yn Roan
Bern fan :
Troud : ûnbekend
Berte akte
Geboorteakte Dantumadeel 1908
Aangiftedatum 12 oktober 1908, akte nr. 291
Tietje van der Veen, geboren 10 oktober 1908 te Veenwouden
Dochter van Theunis van der Veen, oud 24 jaren, koopman
wonende te Veenwouden, en zijne huisvrouw Maaike Postmus,
zonder beroep, aldaar
Comparanten: 2 klerken
(FS Dantumadeel 1908-1912 Nr. 77)
Trou akte
Net beskikber
Dea akte
Net beskikber
Libben
Tytsje van der Veen is yn 1929 troud mei Ynze Klazes de Boer, sy
krigen trije bern. Har man wie fan 1948 oant syn dea yn 1961
notaris yn Ljouwert. Yn in LC-artikel nei oanlieding fan syn ferstjerren
wurd hy in 'warber Fries' neamd; hat foarsitter west fan de Fryske
Bibliotheek, en fan it Âld Selskip.
Tytsje, letter neamde se harsels Tite, hat tusken 1924 en 1997
hunderten fersen skrean. Har earste publikaasje, yn it 'Leeuwarder
Nieuwsblad' doe't hja 15 jier wie, levere in ryksdaalder op.
Letter dichte hja ek yn it Frysk, gedichten fan har hân binne u.o. yn
Frisia en Frysk en Frij printe.
Frysk en Frij hat yn 1998, Tite wie doe al 90, in bondel mei 16 Fryske
en 18 Hollânske gedichten fan har útjun; 'Wite Klaver', gearstald
troch Eppie Dam. Yn de Ljouwerter krante fan 13 Maart 1998 stiet in
artikel fan Eppie Dam nei oanliedig fan dizze útjefte.
Trije fan har gedichten binne troch Tjeerd Nielsen op musiek setten,
en opnaam yn de bondel 'Sjongenderwize' fan Bernard Smilde.
Tite is yn 1991 fan Damwâld nei Roan (Roden) ferfard. Dêr is hja yn
it jier 2000, op 92 jierriche leeftiid, stoarn.
It poesie album dat Tytsje yn 1916 krige mei har 8ste jierdei.
Ta Oantinken fan Eppie Dam mei it ferstjerren fan Tite de Boer-
van der Veen. Ljouwerter krante 29 desember 2000.

As jo fragen, oanmerkings, of oanfoljende ynformaasje hawwe oer Tietje Theunis van der Veen, brûk dan asjebleaft it Kontakt formulier