IN
WURD FOAROF


Albert en Wytske wennen doe by har skoansoan Warrens Kamminga en har dochter Nynke yn oan'e oare kant fan de skipfeart, no nûmer 20.
Us beppe, Sijke Bosma, in suster fan Wytske, hie in grutte bewûndering foar him omdat hy in protte oan ûndersyk fan de skiednis fan Suwâld die en doe al dwaande wie mei wat no tige populair is "genealogie". Doe‛t ik in jonkje wie seach ik him faak fytsen, as hy nei Ljouwert gie nei de ‛Kânselerij‛, dêr‛t doe noch de Prov

Ik wie der altyd nijsgjirrich nei wat dêrfan op ‛e hispel kaam wie, en omt ik fan‛t simmer tiid hie bin ik der efkes yndûkt. Alles is lang net geskikt foar publikaasje en guon is wol wat achterhelle, mar der bliuwe genôch spikers oer om in histoarysk ferhaal oan op te hingjen. Guon dingen binne letter ek al brûkt troch dûmny P. Datema yn syn skiednis fan Suwâld : "Suawoude bijgenaamd Kanaän" Laverman Drachten 1971.
Een oude historie gezet in het raam van zijn tijd
Dit is een feestlike bydrage oan it feest fan it 25-jierrich bestean fan de Kristlike Skoalle yn Suwâld. Albertom begjint yn it hollânsk en giet dan oer yn it frysk, yn dy tiid, 1924, waard der noch net safolle frysk skreaun grif net yn in otterdoks doarp as Suwâld en dêr wie dus wol wat moed foar nedich, hy moat dus in tige frysksinnich man west hawwe. Syn stavering is folslein eigen, mar sûnder mear begryplik, al sil it foar in protte hjoeddeiske minsken faaks wat swierrigens jaan. Dêrom set ik alles mar yn ‛modern‛ frysk.
In âld ferhaal sjoen yn it ramt fan syn tiid
Omt der yn in feestjûn sa as wy hjoed hawwe meie, om it 25jierrich bestean fan ús skoalle te fieren, dêr‛t master Bouma dy 25 jier ek as haad oan ferbûn wie, ferskate sprekkers optrede om dit op in noflike wize feestlik te betinken, wol ek ik master Bouma fan herte lokwinskje mei it heuglike feit dat de Heare him dizze 25 jierren yn it libben sparre hat, en omt ik der fan oertsjûge bin dat hy mei nocht en iver it Kristlik ûnderwiis hjirre dizze 25 jier tsjinne hat en dat de fruchten dêrfan net útbleaun binne en ek fierder net útbliuwe sille, is it myn hertlike winsk dat de Heare him ek fierders ta in rike seine foar it Kristlik ûnderwiis yn Suwâld sette mei. Ik soe hjir noch hiel wat lofprizings oan tafoegje kinne, mar omdat ik net de earste en foaral ek net de bêste sprekker bin, swij ik dêr mar oer, master Bouma hâldt dêr ek net sa fan. En no is ek wat ik jimme fan‛e jûn fertelle woe my net foar de fuotten weimeand.
It
wie yn de simmer fan 1730 dat Suwâld in nije skoalmaster hawwe
moast.
No wie dat
net sa slim as men mar foar de winter ien hie, simmers hie men gjin
master nedich. In oprop
yn de kranten dat wie der noch net by, want dy wienen hjir doe noch
net. Doch waard it wol
yn in wide krite bekend, en doe‛t de hjerst kaam hienen de 19 boeren
fan Suwâld foaral net
te min en ek wol in romme kar, om dêr de bêste út te
kiezen en ien mei
de namme Klaas wie
de lokkige dy‛t keazen waard.
Klaas hie ommers alle goede eigenskippen dy‛t easke waarden, hy wie fan de reformearde tsjerke, it Heitelân tige tagedien, koe ek wol wat lêze en skriuwe en de Psalmen fan David tige moai sjonge, wat woe men noch mear.
It salaris waard yn oerliz mei de grytman fêststeld op 60 gûne it jier, plus seisdeheal stoer foar elk bern yn it fearnsjier, fan dy alden dy‛t it betelje koenen en de bern nei skoalle stjoerden. Ta masterswente krige hy it achterhûs fan de pastorije fan dûmny Duursma hjirre.
Klaas wie mei dat alles wol op‛tskik, 1 oktober moast er begjinne en fjirtsjindagen fan te foaren wie er al yn syn wente, om alles earst wat op te knappen en ree te meitsjen.
Klaas hie ek noch rjocht op de heale tún fan dûmny Duursma, dat wie it skipfeartlân, tusken de skipfeart en de reed fan de pastorije pleats (dêr‛t Jentsje de Vries no- 1924- wennet) dêr‛t de skipfeart doe noch oan ta rûn.
Dûmny hie oan Klaas in flinke help krige foar de tún, Klaas naam it wurk dat der noch te dwaan wie foar syn rekken, mar dan mocht hy meidiele yn de fruchten dy‛t dûmny ferboud hie. En wylst dûmny deis op húsbesyk wie, wie Klaas drok dwaande yn ‛e tún. En middeis soarge Juffer Sjoeke, de frou fan‛e dûmny, dat Klaas in miel iten krige, want hy hie noch net in wiif.
Mar wa is dat dochs dy‛t dêr alle dagen wol in pear kear by de skipfeart komt om wat út te spielen, fan‛e moarn ek al wer, tinkt Klaas. Dat moast ik fan‛e middei de juffer mar ris freegje tocht Klaas. No dy wist it wol! En juffer Sjoeke dêr wie hy al aardich mei thús!
En doe‛t de juffer him syn middeis iten wer brocht, weage hy it om har dêr nei te freegjen.
Wol sei se, dat is Marijke, de dochter fan Wierd en Wytske, mear frege Klaas mar net, want Wierd Bouwes dat wie ien fan de grutte boeren, dat wist hy noch wol fan syn sollisitaasje, en hy wist it grutte stânsferskil tusken in boer en in skoalmaster.
Mar op in dei dat Klaas al in pear wiken skoalle hâlden hie, en de moarns yn ‛e tún wie, kaam Marijke ek wer by de feart. ‛Moarn master‛rôp Marijke ‛wat ha we hjoed in moaie dei net?‛ ‛Moarn Marijke, sei Klaas, ja it is hjoed kostlik moai.‛ Klaas wist net rjocht wat hy der fan tinke moast, master sei se, woe se him soms de gek oan stekke, mar dat woe er eins ek net leauwe en mear waard der doe ek net sein, mar de jûns doe‛t er yn syn keamerke siet kaam Marijke him wol wer yn it sin.
De oare deis doe‛t Klaas in koal foar de juffer út‛e tún helje moast, kaam Marijke wer even by de feart om in dweil út te spielen.
Doe sei Klaas: ‛Krije jimme hjoed ek koal yn ‛e pot Marijke?‛
‛Nee, sei Marijke, de bargen hawwe ús koal opfretten.‛
‛Da‛s minder moai‛ sei Klaas, en elk gong wer syn eigen wei.
De oare deis, it wie al op ‛e jûn, wie Klaas noch wat mei de wâl by de skipfeart oan it opsnoeien, Marijke hie him der wol wer sjoen en makke in boadskipke by de feart om even mei him te praten.
Sil master de wâl wat opsnoeie‛sei se.
‛Ja, ik mei it graach wat knap lije,‛ sei Klaas, ‛Sa‛n feart sa ticht by hûs is wol in gemak foar jimme‛ lit er dêr op folgje. ‛Ja‛seit Marijke, ‛dy moatte we alle dagen wolris brûke.
Doe‛t Klaas dy jûn wer allinne yn syn keamerke siet tocht er: ‛Dy Marijke liket my dochs wol in aardich famke ta, en ek neat net grutsk,‛ mear doarst hy dêr ek al net fan te tinken.
En wat tocht Marijke: ‛Dy nije master is dochs mar in knappe feint en ek wol in aardige jonge.‛
Hoe‛t it ek wie, hja wisten it beide net, mar Klaas mocht graag op it skipfeartlân wêze en Marijke woe dan wol graag nei de skipfeart om te spielen, en dan tochten beide wolris: ‛Koe ik noch mar tichter by dy komme.‛ Mar dan wie altyd de skipfeart der tusken.
De oare moarns doe‛t Klaas in roggenbrea fan 10 pûn fan de Hurdegarypster grutterswein krige en dêr it earste stik ôfsnie, tocht er: ‛It wie eins better sa‛n brea tegearre op te iten as dat ik dêr allinne oer gear moat‛ en sa mimere hy wol mear wat yn him sels, mar hy prate der ek wol fertroulik mei de juffer oer, dat wie, tocht Klaas, ek in hiel aardich minske, dat wie ommers ek ien út de geringe stân. Dûmny hie har ommers hjir ek fûn doe‛t er hjir as kandidaat kaam wie. En sadwaande wist de juffer ek wol dat Klaas oars wol wat bestek op Marijke hie.
En sokke froulju dy‛t al in jiermannich troud west ha, binne noch slimmer as de feinten en fammen. De jûns nei skoaltiid sei juffer tsjin Klaas: ‛Master, jo moatte jûn even mei in koal nei Wierd Bouwes‛
‛O
heden‛ tocht Klaas ‛dat wurdt wat.‛ Oer dei koenen de bern fan
dûmny‛s
wol even in
boadskip dwaan, mar jûns net, dat wist Klaas wol.
No, de jûns, al ryklik skimerjûn, striek Klaas him wat op, gie nei de juffer en sei: ‛No juffer, ik soe de koal noch even fuort bringe, ik sjoch der wol wat tsjin oan, mar ik sil wol gau even hin en wer, mei ik him wol ta de doar yn sette en dan wer fuortgean?‛ ‛Ja, ik sil earst ek noch wol roppe: ‛In koal fan dumny‛s.‛
‛Harkris even master, jo sizze: ‛De groetnis fan Sjoeke,‛ want sa neame Wierd en Wytske my altyd, ‛en hjir wie in koal.‛
No wit ik it wol sei Klaas, ik siz: ‛De groetnis fan juffer en hjir wie in koal.‛
En Klaas op sjou, mar doe‛t er syn boadskip sein hie sei Wytske: ‛No master, mar even yn ‛e hûs, Wierd is noch yn‛t bûthus, mar hat aanst gau dien, en dan prate we noch wat, en Wytske joech master in stoel, en rôp oan Marijke, dat dy de master even in kalkenpiip krije moast, Marijke hie wol fernaam dat master by harres siet en sei tsjin har broer Bouwe: ‛Krij do master even in piip.‛ Wylst striik Marijke har wat op, hja wie earst ek noch wat skruten om yn ‛e hûs te kommen, mar it duorre net lang of se sieten allegear om de tafel yn de foarkeamer.
En Wierd en master hienen al gau in petear oer de stimming, dat dat allegear fuort yn ienkear eins mar flot fan steapel rûn wie. ‛Ik sei al,‛ sei Wierd, ‛dat is de man dy‛t we ha moatte en dat hie ik ek net iens missjoen, dat blykt wol oan de útslach fan de stimming.‛
Master en Wierd koenen it dy jûne wol aardich pratende hâlde. Wierd moast no en dan wol even sizze: ‛Lit dy spinwielen no ris even stean, want men kin sa net meiinoar prate.‛
‛Hoe lang is master hjir no?‛
‛Sân wike‛ sei master.
‛En mei master hjir wat wêze?‛
‛Ja, hiel graach.‛
‛Kom, dêr bin‛k bliid om.‛ sei Wierd.
‛Ja, ik ek‛ sei Wytske.
‛Kin master ek aardich mei Sjoeke oer de wei?‛
‛Ja, hiel skoan boer,‛ sei master
‛Ja, dat wol‛k ek wol leauwe,‛ sei Wierd, ‛dat hat altyd in bêst minske west, sy hat it no ek noch al wat drokker krige yn ‛e pasterije no der in master yn kaam is sûnder wiif.‛
‛Ja dat is ek sa, boer,‛sei Klaas.
‛Foar in wike of wat kin dat wol, mar op ‛en duer net master,‛ sei Wierd.
‛Nee, dat is ek sa, boer,‛sei Klaas, en it swit briek him hast út.
‛Of hat master soms al hast ien ree?‛
‛Nee boer ek net.‛
‛No ik soe myn bêst mar ris dwaan.‛
‛Ja boer, dat sil ik ek, mar ik moat no ek noadich wer fuort, it wurdt al wer letter,‛ sei Klaas, ‛dat ik siz jimme allegearre mar goejûn‛ en Klaas der út.
‛Kin master it wol sjen?‛sei Wierd, ‛Marij, bring do him mar even oan ‛e posterije ta!‛
Klaas en Marije hienen it nei it lêste petear yn ‛e hûs beide waarm krige, en wat wie se bliid dat se Klaas nei hûs bringe moast, want no wie de skipfeart net mear tuskenbeiden.
Doe‛t se der út wienen sei Wierd tsjin Wytske: ‛Ik tochte, ik sil dy nije master mar ris goed fiele litte dat er no ek mar gau sjen moat om in wiif, want Sjoeke kriget op 'en doer har nocht der fan om master altyd iten en drinken te bringen.‛ Wierd wie tige op‛tskik dat er it dy nije master sa moai sein hie.
Marije kaam wer thús en gie fuort nei it tsjustere gonkje om har út te klaaien en gau op bêd, want Marij woe jûn leafst net folle mear mei heit en mem prate.
Wytske sei noch al: ‛Dat duorre noch al wat, wie it sa tsjuster?‛
‛Ja, master wie samar ferdwaald as ik him net thús brocht hie.‛ ‛Nacht mem,‛ sei Marij.
Klaas koe dy jûn mar net yn ‛e sliep komme, hy tocht der oer nei wat boer Wierd mei him bepraat hie.
Marij koe likemin yn ‛e sliep komme, sy wie bliid dat se even allinne mei Klaas west hie, mar se wie ek bang dat Klaas it yn fertrouwen oan Sjoeke fertelle soe, en Sjoeke wer oan dumny en dûmny wer oan har heit, en dan wie‛t net sa wakker.
No, freonen ik skei der mei út, oars seinen jimme: ‛Hy hat ús in frijers ferhaaltsje ferteld!‛ En dat wol‛k net fan jimme hearre.
No sil‛k jim dit allinne noch al even sizze, dat se mekoar noch al krige hawwe, mar Sjoeke krige de measte skuld der fan, want dat fernamen Wierd en Wytske wol, dat dy der alles fan ôf wist, en dy moast sa wiis west ha dat se tsjin Klaas sein hie: ‛Jonge, doe meist hjir yn Suwâld net oan in boeredochter komme. Mar dûmny naam it foar syn frou op en hat de gemoederen wer wat ta bedaren brocht.
En dy‛t de
22e april 1731 hjir
yn de tsjerke wienen hawwe heart dat dûmny Durandus
Duursma de moarns ôfkundige:
De eerste huwelijks afkondiging van
Klaas
Bouwes en
Marijke Wierds, beiden van Suawoude.
En de folgjende snein yn Tytsjerk
en de tredde wer
yn Suwâld, dat wie de 6e maaie en dy
sneintemiddei
is
harren houlik hjir tsjerklik ynsegene.
En dat houlik bleau ek net sûnder bern, tusken 3 juni 1732 en 2 maart 1751 krigen se 4 soannen en 5 dochters. De tredde dochter waard earst nei de mem fan Marijke neamd en de twadde soan wie in Wierd, dêrút kin men wol opmeitsje dat yn de earste jierren de ferhâlding noch net sa goed wie. No wit ik net folle fan dy neiteam, mar wol wat en dan binne dêr fan‛e jûn ek noch wol guon fan yn ús fermidden.
Taljochting:
It ferhaal liket wat fantasearre, de nammen binne histoarysk, mar de feiten lykje net alhiel te klopjen. Yn 1738 en 1748 wie Wierd Bouwes hierder fan de pleats fan 140 pm, noard fan de pastorij, eigendom fan de bijsitter Foeke Hayes fan Burgum, mar wêr‛t it hûs stie wit ik net, dûmny Datema tocht fan achter de âlde kristlike skoalle. Mar Albertom hat faaks tocht dat it tjinoer D. van der Meulen stie, en dat de skipfeart dêr doe noch tusken de pleats en de pastorije rûn. Op‛e kaart fan Schotanus/Halma, fan 1700 stiet dêr wol in hûs, mar hâldt de feart achter de pastorij op. It soe oars wol begryplik wêze dat se by it ferfarren fan de tsjerke in 100 jier earder in feart groeven hienen oan it tsjerkhôf ta, sadat se it materiaal fuort teplak losse koenen, as immen fan de lêzers dêr mear fan wit wol ik it wol graach hearre.
Mear oer master Klaas Bouwes dy‛t 69 jier skoalmaster yn Suwâld west hat, fan 1722 oant 1791, fine jo yn P. Datema ‛Suawoude‛ siden 166,167.
Marijke wie de dochter fan Wierd Bouwes en Wytske Harrits berne op 22 nov. doopt op 3 des. 1710 yn Suwâld as Marike neffens it doopregister. Sy hie dus altyd yn Suwâld wenne. Klaas Bouwes moat ek yn Suwâld berne wêze om 1705 hinne, mar ik koe him yn it doopboek net fine!
DE
FEESYKTE YN
SUWÂLD YN DE 18e IEU
Dit is in wat minder romantysk ferhaal, mar it hâldt wol ferbân mei it oare. Wat my opfoel by it neisykjen wer‛t Wierd Bouwes wenne hie, foel my op dat de man yn 1749 mar 2 kij hâlde op in pleats fan 140 pûnsmiet. Dat wie fansels mar sa‛n bytsje dat der moast wol wat oan‛e hân wêze. Ik wie it yn Albertom syn oantekens ek alris tsjinkaam, dy hie him der blykber ek al oer fernuvere, mar hy joech gjin ferklearring. En jo kinne it ek fine by Datema, bylage E, side213.
Nei‛t yn 1648 de tachtichjierrige oarloch ophâlden wie, liken der gouden tiiden te kommen, men neamt dat no noch ‛de Gouden Ieu‛ mar sa bleau it net en it duorre ek lang net in ieu. Yn 1672 barste der in oarloch los mei Ingelân, Frankryk en de bisdommen Munster en Keulen, dy‛t de Republyk hast ta in bankroet brocht en de lannen op hege lêsten kaam te stean. Yn it begjin fan de 18e ieu gie it stadich wer wat better, mar yn‛e winter fan 1713-14 kaam de feesykte, dy‛t men letter feepest neamde en dy‛t al in skoft yn Europa omware, ek yn Fryslân. It wie net sa dat de sykte tasloech en dan wêr ophâlde, mar it ware mar om yn it lân, dan hjirris dan derris guon gie it foarby oaren waarden as hja wer nij fee oankocht hienen fuort wer troffen en guon wol trije kear. Dan like de sykte alhiel fuort te wêzen, waarden der tankstûnen hâlden en feesten fierd, en dan nei in jier twa- trije kaam it dochs wer.
Der wienen trije weagen dat it der slim oanwei gie. Fan 1713-1719, fan 1744-1767 en fan 1768-1786. Yn 1748 wie it folk troch earmoed en ellinde yn opstân kaam tsjin de hege lêsten en de misstanden yn it reginte bestjoer. Ien fan de maatregels dy‛t ferbettering bringe moasten wie it ôfskaffen fan it útbesteegjen fan de belêstingen oan in soarte fan ‛tolgearders‛ de ‛cherchers‛ en dat op te dragen oan de doarpsrjochters en in ûntfanger. Amtners dus dy‛t it neist harren oare wurk dienen. En de oantekens dêrfan, de jierlikse ‛Specie Cohieren‛ jouwe in dúdlik ynsjoch hoe it der yn de grietenij mei de feebesetting foarstie. It gie oer fiif soarte lêsten;
Skoarstienjild, trije en in heale gûne de
skoarstien.
Haadjild, trije gûne foar elke folwoeksene.
Minder begoedigen, arbeiders en ruinearde boeren joegen de helte en
wienen dus ‛heale haden‛.
Kij wienen belêste mei 14 stoeren, rierren mei
7 stoeren.
It besiedde boulân, (it braaklizzende wie dus
frij) die 3,5 stoer it pûnsmiet.
In hynder die ek 14 stoeren.
Hoe slim it yn Suwâld yn 1714 - 1717 west hie wit ik net, mar doe‛t yn jannewaris 1749 foar it earst de belêsting gegevens opnaam waarden, stie it der yn de hiele grietenij net sa bêst foar en yn Suwâld ek net. In grafykje lit dat better sjen as in protte sifers.
Yn
jannewaris 1749 wie it feebeslach, kij en rierren byinoar opteld,
mear as de helte minder as gewoan, it gewoane beslach rekkene op tusken
de 250 en 300 bisten sille der yn 1748 dus in 150 bisten deagien
wêze. De deade bisten moasten mei kalk bedutsen bedobbe
wurde, hja mochten net slachte wurde, guon dienen it wol en der like
harren neat fan te oerkommen.
De boeren besochten it mei bou om dochs wat oanslach en ynkommen te
hawwen en faaks ha se dêrneist skiep hâlden, dy wienen net
fetber foar de sykte, mar dy wienen ek net belêste dus dêr
bin gjin sifers fan. As it oantal kij wêr tanimt sjocht men dus
de bou wer krimpen, al giet it net lykop, want foar bou wie dong nedich
en sûnder fee hie men dêr fierstentemin fan.
Yn 1763 wie de stân wer hast gewoan, mar yn de winter 1769 - 70 sloech de sykte wer ta en stoar wer hast de helte fan it fee, it duorre tsien jier foar‛t it wer op it gewoane tal wie en doe kaam it yn 1780 nochris, al gie it doe gelokkich net sa mâl as yn ‛48 en yn ‛70 en de boeren hienen leard dat boulân ek winst jaan koe mei minder risiko‛s as fee en bouden nije fruchten lykas jirpels en sûkerij neist rogge en boekweit. En der waard ek nochal wat klynlân fergroeven om turf te meitsjen.
De grafyk hjir
neist lit it tanimmen
fan de konsumpsje fan jirpels sjen
sa as dat yn de 18e* ieu yn Flaanderen gie,
dêr sloech de
feesykte ek slim
ta.
Ut: Boter en kaas in de Kasselrij Veurne
(16de-begin
19de
eeuw) (Laurent Hoornaert) Hoofdstuk 7: Handel en verbruik van zuivel.
It sprekt fansels dat soks op de wolfeart en it wolwêzen fan de
minsken in grutte ynfloed hie. Guon grutte boeren hienen gjin 600
gûne mear - doe blykber de earmoede grins - en telden as
healehaden ûnder oaren ek Mr Klaas Bouwes en syn broer Johannes
yn ‛48,
en ek in grut boer as syn skoanheit Wierd Bouwes yn 1758 en sels
dûmny Veenstra yn 1766.
Guon fersegelen in keamer en lieten de skoarstien tichtmitselje om
belêsting út te sparjen. Mei mar 1 ko wienen hja gjin
grutfaam mear nedich, en twa feinten waard ek in lúkse. Der moat
grutte earmoed west ha, en dochs wienen der yn it djipst fan de krisis
mar 2 ‛gealimenteerden‛ yn in diaconij keamer. Mar doe‛t yn 1795 it
revolusjonêre bestjoer oan‛e macht kaam en
de lêsten wat ferlichte waarden, wienen der yn Suwâld 12
húshâldings, dy‛t alhiel of foar in part, frijsteld
waarden,(de knik yn‛e brune line yn 1793 komt troch dat de
"bataafske"bestjoerders in part fan de ‛heale haden‛ frijstelde fan de
lêsten). Mar de revolúsje brocht ek fuort noch gjin
wolfeart en
de sykte ware noch altyd om. Yn de gritenij wie it dan ek neat better
as yn Suwâld
It ferrin fan
de kohier oanjeften yn
Tytsjerksteradiel
fan 1748 - 1796.
Yn
binnen en bûtenlân waard socht om middels om de sykte te
foarkommen, te bestriden en de slachtoffers te helpen.
Ferfier, en foaral ynfier fan fee waard strang ferbean. Bedriuwen dy't
besmet wienen moasten in swart krús op'e hikke sette. Hja
mochten sutelders en omswalkjend folk gjin ûnderdak jaan, en as
dat by ûngelok al bard wie, moast it strie dêr't hja yn
slept hienen ferbaarnd wurde.
Gelearden P. Camper yn Frjentsjer en W. Munnik yn Grins sochten om
brûkbere medisinen, en omdat bisten dy't de sykte hân
hienen it net wêr krigen, wienen der guon dy't proeven dienen mei
ynintsjen. Yn Fryslân weage dûmny Eelke Alta syn eigen kij
oan sa'n proef, mar hja stoaren allegear! Slim, mar Alta hie wat
leard, de bisten wienen al besmet foar't hy se yninte, hy wie te let.
Geart Reinders fan Bedum hie mear sukses. Hy ferspile twaris syn
beslach, mar ûntdiek dat it jongfee as it op'e tiid yninte wie de
sykte wol krige, mar maklik oerlibbe. De gelearden lokwinsken him, en
yn Hollân levere it him in gouden en in sulveren medalje op en 65
gouden dukaten om fierder te gean mei syn proeven.
Ek al doarste noch lang elk en ien syn fee net yn te intsjen,
yn Grinslân en Fryslân skilde it yn tsjien jier wol
mear as twa miljoen gûne troch dat der minder fee stoar!
En it Bataafske bestjoer stelde in fûns yn, om bedriuwen dy't
romme
wurde moasten, te mjitte te kommen.
IT
GEFAL JACOB HARMENS
Wy
bliuwe
noch efkes yn de 18e ieu, en de gefolgen fan de feesykte.
Ut‛e handelingen fan de tsjerkerie hie Albertom, oantekens makke oer it
gefal fan Jacob Harmens in mooglik slachtoffer fan de feesykte.
Handelingen van de kerkeraad 24 apr. 1763.
J. Harmens op de V.G. wordt onderhouden over het verlaten van vrou en
kind, met medenemen van zijn kleederen, haar laten zitten zonder gelt
eten en schip.
Zonder kleeren kon hij niet reizen hij hat een overtollig hemd
megenomen hij had het met de booze kop gedaan vertrokken hij was ook
weder gekomen, vragende op een zeer onbeschofte wijze, of zijn daad wel
erger was als die van zuke menschen ja zelfs predikanten die haar
vrouwen schopten sloegen en bij het haar trokken, tonende zoo in plaats
van boetvaardig zeer kwaadaardig en verlaten te zijn.
Art. 3: Ten slotte is hij gevraag of hij niet op de zelfde tijd met
zijn gewezen meid vertrokken was naar Amsterdam, zoo heeft hij dat stuk
niet bekend maar gezegd hij had ze na Leeuwarden gebragt wijders
gevraagd of hij niet in een veepraam met haar naar Amsterdam gevaren
was? Antwoorde hij zoo zulks geschied was hij haar dat niet konde
beletten, wijders dat hij niet Paapsch was en voor de kerkeraad niet
dagte te bigten.
Art. 4 Sensure van Jacob Harmens (op de kant)
De kerkeraad hem doende buiten staan en de zaak overwegende heeft
besloten J.H. voor gesensureerd te houden door hem te weeren van de
tafel des Heeren ter tijd dan dat hij berou bewijze en betone met
woorden en daden is aan hem bekend gemaakt.
Andries oudl. S.R. Veenstra pr. Wouter Wijbes oudl. Eelke Dirks diaken.
Den 27 Maij 1764, Dom. S.R.V. komende van de predik stoel heeft de
kerkeraad die volledig teegenwoordig was of in den zaak van Jacob
Harmens nu iets naders moeste gedaan worden dan boven gemelde sensuur
als zijnde het nu een bekende zaak dat hij zijn egte vrou en twee
kinders verlaten en na alle oogenschijn met zijn gewezen meid was
doorgegaan, de zaak voor de kerkeraad te zwaar zijnde heeft Ds.
Veenstra gelascht om zulks de Classis Leeuwarden voor te dragen en haar
om een advies te vragen. Het advies der Classis was met afsnijding te
wachten tot eerst de polieti er zich mee bemoeit.
Handelingen van de Eerwaarde Kerkeraad van Suawoude en Tietjerk
gehouden in de kerk van Suawoude den 8 nov. 1767. Nadat de
vergadering door de gebeden was ingezegent, raporteerde Ds Veenstra dat
Jacobus Harmens gesensureerd lidmaat in de huisbezoeking voor hem en de
ouderling Leijkele Ritskes beleden had dat hij rechtvaardig
gesensureerd was, dat zijn bedreven zonden hem hartelijk leed waren en
dat hij die menigmaal met tranen voor God beleden had en verzoening
over dezelfde zogt in het bloed van Christus zijn de begeerig van zijn
sensuur ontslagen te worden en weder tot het gebruik van het avondmaal
toegelaten te worden. Op zondag van af de predikstoel den gemeente
bekent te maaken en hem weer toegang te verlenen.
Dizze Jakob Harmens wie in soan fan Harmen Jans dy‛t wenne op Tytsjerk
nr. 12 neffens de specie cohieren.Fl. nr.30a, tsjin de Lune en de
Haringsleat oan.
Jakob begûn sels yn 1753 te buorkjen op nr. 23, Fl.nrs 29&30;
meiinoar 69 pûnsmiet pastorijelân, dat lei tusken de
Haringsleat en de Feart en hast tsjin de âlde Lune
oan.
Oer de
Haringsleat, binnen de swarte line de
pastorijepleats fan Tytsjerk.
Hy
wie krekt
út tsjinst kaam,18 jier âld en troud. Hy begûn mei 4
bisten, 2 jier letter hie er 11, mar it jier dêrop mar 5 mear. Yn
1757 4 en in hynder. It gie Jacob net sa wakker, blykber stoaren der
hieltyd wer kij, want hy kaam net fierder as 2 of 3 kij en 1 of 2
rierren, in hynder en in stikje bou. Yn 1761 krigen se in lytse poppe,
Rinske, en yn novimber liet er him dope en die er belidenis om ek it
lyts famke dope te litten.
Fan syn âlden en syn frou kin ik net fine dat se lid fan in
tsjerke wienen, ek net wannear en wer‛t se troud binne. Mooglik wienen
se roomsk of menist.
Yn 1762 stjoar syn heit Harmen Jans, en blykber hie dy wat neilitten
want doe hienen se in faam, 4 kij, 4 rierren, 1 pm bou en in hynder.
Mar yn 1763 wie de faam al wer fuort en de bou en it hynder ek. En yn
1764 wienen se sels ek "Vertrokken zonder te weten werwaarts"
Blykber hat er it as skipper besocht. Want yn‛e handelingen fan‛e
tsjerkeried fan april 1763 giet it oer Jakob Harmens op de V.G. en
wurdt him ferwiten dat hy syn frou en bern achterlitten hat
sûnder jild , iten en skip, en dat hy mei syn faam op in feepream
nei Amsterdam gien wie, dat hy dat net tajaan wol is te begripen,
útfier fan fee wie yn dy tiid strang ferbearn en yn Hollân
de ynfier ek. It wie dus sa goed as ûnmooglik, en as it barde wie
it slûkjen en tige riskant.
Wie hy der wier yn 1763 mei de faam fan troch gien? Foar de tsjerkeried
ûntkende hy dat en yn April wie er al wer wêrom. En 2
oktober ‛63 lit hy syn twadde dochter Tryntsje dope, syn frou en alden
wienen gjin lid, dus dat moat hy sels wol dien hawwe en yn it doopboek
is neat bysûnders oantekene. De classis ferwiisde nei de plysje. Mar ek
dat hat blykber neat
oplevere. It liket ek wol dat dûmny der folle swierder oan tilde as de
tsjerkerie en de classis; fielde er him misledige, wie hy sa wreed oer
syn frou?
Earst yn novimber ‛67 doet se wer yn in hûs yn Tytsjerk wennen
waard it skeel mei de tsjerkerie bylein en de sensuer opheven.
Yn 1768 wennen se by Oene Sybes yn op nr. 33 yn 1769 op nr. 36 mei 1
ko, yn 1770 op nr 47. Yn 1777 op nr 26 in ôfbaarnd hûs dat
krekt wêr opboud wie, yn ‛78 op nr 59, in nij hûs boud op
in kâld stee (dus net op in besteand hiem) sa‛n hûs wie
tsien jier frij fan skoarstienjild, en dêr rêsten ek gjin
florenen op, dus dat fynt men yn de cohieren net wer, dêr wennen
se oan‛t 1804, doe ferhuzen ze nei nr. 55. Yn 1818 wenne syn widdo
dêr noch, mar dat wie syn twadde frou. Wat hy nei 1763 by de ein
hie stiet net yn de cohieren, faaks is er skipper bleaun, mar hy sil
wol gewoan arbeider west ha, it faak ferhúzjen wiist dêr
op. Oan fee weage hy him blykber net wer, mear as 1 ko foar de molke en
soms in rier der by hat hy letter nea.
Yn 1811 by it oannimmen fan famyljenammen naam hy de namme Hoekstra
oan. Syn dochter Rinske 50 jier âld wenne doe yn Ingelum, en Tryntsje,
48 jier âld wenne yn Lekkum. Under de oanjefte stiet: Is door de
president en de secretaris onderteekend vermits de comparant verklaarde
niet te kunnen schrijven.
Hy stoar 17 0kt. 1815 yn Ryptsjerk, 83 jier ald. Syn twadde frou wie in
Tryntsje Bouwes, in dochter fan Bouwe Wierds, en dan sitte we wer yn de
famylje fan Klaas en Marijke dêr‛t we mei begûn binne, de
wrâld is mar lyts.
DE ADMINISTRAASJE FAN IT SET MEI BARTEN OP'E RUCHFINNE
Nei
dat der
al earder klage wie oer de tastân fan it paad fan de Lytse Geast nei Suwâld, kamen der echte
problemen nei
dat yn‛e hjerst fan 1859 it Nijdjip útslatten wie, en
dêrby wie it barteset en de draai dêrby opromme en de widdo
Bergsma, dêr‛t reed en paad oer it lân rûn, wie net
fan plan om it op har kosten wêr op te knappen. In tal ynwenners
fan Suwâld en de Lytsegeast tsjinnen in fersyk yn by it gemeente
bestjoer, dat hie ommers it Nijdjip slatte litten, om in oplossing. Hja
wiisden der dêrby op dat Ietsje Bergsma it lân kocht hie
belêste mei paad en reed en ûnderhâld fan de draai.
It wie ommers noch foardat de nije wei nei Tytsjerk oanlein waard, en
sûnder it fuotpaad moast men hast by Hurdegaryp om, om yn
Tytsjerk te kommen. Dat wie wol in oere om as men fan Lytsegeast nei
Suwâld nei tsjerke moast, of út Suwâld nei
Ljouwert nei de merk.
Of it gemeente bestjoer wat meiholpen hat wit ik net, mar yn 1861 wie
der wer in barteset. Sa‛n barteset bestie út oan beide
wallen in stalt fan ierde fersterke mei hout en dêr tusken in
houten ‛brêge‛, sûnder leuning, dy‛t meastal bestie
út 2 of 3 barten fan sawat in meter breed, op‛e einen sieten
ringen dêr‛t men se oan optille en der ôflûke koe.
Under elke barte lei dan faak in ‛juffer‛dy‛t tusken de stalten paste
en dêr‛t men de barte oer oanlûke en wêrom skowe koe
as der in skip troch moast
Yn de
oantekens fan Albertom fûn ik de administraasje fan dat barteset
op‛e Rûchfinne, eartiids beoardere men sokke dingen sels. De minsken
dy‛t earne meiinoar gebrûk fan makken, dienen soks
foar eigen rekken, mar omdat it om jild gie moast it wol ferantwurde
wurde. Blykber wie dêr al in reed ûngefeer dêr‛t no de Simen
Halbeswei rint. De minsken mei lân dat dêr reed lâns
hie, wienen de ûnderhâldsplichtigen en moasten neffens de
grutte fan it lân in bedrach it mêd betelje.
Der
wienen 14 dielnimmers en it gie om 133 mêd meiinoar. De grutste
dielnimmers wienen J.A de Boer mei de 33 mêd fan ‛De
Rûchfinne‛ en de tsjerke fan Suwâld mei 25 mêd. De oaren
hienen lytsere perselen. En de kosten lykje mar lyts, it earste skoft
fan 1861-1869 betellen se 40 sinten it mêd oer 8 jier, dat wie
dus mar in stoer it mêd it jier!
It wurke sa, der wie ien administrearjend kommisjelid, dy‛t oeral mei
rêde moast en as dy ophâlde, waard der in rekkendei
hâlden en neffens de útkomst dêrfan waarden de
kosten oer de dielnimmers omslein. Dan waard er in nij administrearjend
kommisjelid keazen en koe men wer jierren fierder.
Dit
wienen sa foar en nei:
Simen
Oeges Hoekstra 1861-1869;
Jelmer
Alberts de Boer
1869-1886; Kornelis Wytses
van der Wal 1886
- 1890;
Widdo J.A. de Boer. 1890 -
1898.
Op de rekkendei fan 7 april 1881 wie de kontribúsje 80 sinten it
mêd oer 7 jier, ryklik 11ct it jier dat gie wol wat bot! De
foljgende kear wie der jild oer! De lêsten wienen ferdield sa as
hjir ûnder folget:
Fan: f Bartele R Algra 3,20 de School Hardegarijp 2,40 Erven H.G. Kooistra 0,80 Aant Hedzers Castelein 8,80 Trijntje P.Boonstra 3,20 de Kerk te Suawoude 20,00 Wopke. Y. Bergsma 4,00 J. P. Bosma 7,20 diakonie Tietjerk 1,60 Ritske O. Vries 6,40 Dr N. R. Brouwer 8,00 W.A. Looxma Ypey 8,00 Andries Snoek 6,40 Jelmer A. De Boer N. 26,40
De
kadasternûmers sille wol
net te
lêzen wêze, mar as ien dy witte wol moat er even op HISGIS
sjen.
Op 23 sept. 1886 wie der wer in rekkendei, no by herbergier Tjeerd Klases Hoekstra it saldo is noch grut genôch dus gjin kontribúsje! Jelmer Alberts de Boer wie ferstoarn, dêrom moast der ôfrekkene wurde. Kornelis Wytses van der Wal komt foar him yn it plak. It stik is tekene troch J.P. Bosma, W.Y Bergsma, J.D. van der Meulen, K.W. van der Wal, W.S. Hoekstra en A. Antonides, de skoalmaster dy‛t de skriuwer wie.
Op 26 sept. 1890 wie de kontribúsje 1 gûne, want der moasten nije barten komme en in nij set. Mar op‛e folgjende rekkendei 1 sept. 1898 is de widdo fan J. A.de Boer de administrerend gecommiteerde en de kontribusje is 25 sinten oer acht jier. En it is de earste kear dat der in post fan ƒ1,00 foar de fertarring opfierd wurdt en dat A.A. Veeninga op de rekken foarkomt. De rekkendei wurdt hâlden by T.K. Hoekstra, en as it folgjende administrearjend kommisjelid wurdt Klaas Jelmers de Boer keazen. Fierders wurdt dizze lêste rekken ûndertekene troch : K. J de Boer, O. B. Vries, J. D. v.d.Meulen, M. M. Miedema, H. K. Deelstra, F. W. v.d. Veen, J.P. Bosma en T.P. Miedema. Blykber alle oanwêzige dielnimmers. Nei de ûndertekening folget:
Tevens werd besloten dat er over het Nieuwe Diep een draai zal gelegd worden waarvan de Wed. De Boer de helft van de kosten zal betalen, terwijl de andere helft door de verschillende belanghebbenden in verhouding tot elks oppervlakte zal betaald worden. Dat wie dus it ein fan de administraasje. Op de lêste side stiet noch in batich slotsaldo fan ƒ25,53 wylst der noch ƒ 9,50 oan kontribúsje betelle wurde moat. Tekene op dyselde 1 sept. 1898 troch in nije skriuwer F.J. Mook.
Oft de draai der kaam is? Op‛e kaart fan de militaire verkenningen 1922 stiet der wol ien oanjûn in bytsje noardlik fan de Skipfeart, mar op‛e Rûchfinne wie doe al in daam, troch it oanlizzen fan it wetterskip Tytsjerk yn 1922.
Dat de famylje De Boer sa‛n belang by dat set en de draai hie kaam omdat Jelmer Alberts de Rûchfinne kocht hie fan de Baron van Breugel, en dêr in pleats op sette litten, al wenne hy yn 1871 noch yn Sumar
DE
RUCHFINNE PLEATS
Dêr
wie ik de oare kears goed mis! Ik tocht dat Jelmer de Boer al gau
neidat hy de Rûchfinne kocht hie dêr fuort in pleats op
sette litten hie. Mar dat blykt net sa te wêzen. Yn 1882 doe‛t
syn jongste soan berne waard wennen se noch yn Sumar op it hoekje fan
de Achterwei en de Buorren en dêr is Jelmer ek stoarn.
Nei
1890
kaam Roelofke mei 6 bern yn Suwâld te wenjen, op nr 1.
Foar har wennen dêr Hendrik Pieters Riemersma en Baukje
Daniëls van der Meulen, dy‛t yn 1872 troud binne.
Ik tink dat dat de pleats is dêr‛t Jelmer Hoekstra no wennet,
Noarderein 9, fanwege dizze earste stien, dy‛t se by de ferbouwing sa
moai restaurearre hawwe. Op dy pleats wennen letter Roelofke har
dochter
Grietsje en har soan Pieter dy‛t beide net troud wienen.
In boufergunning foar de pleats op‛e Rûchfinne waard yn
febrewaris 1908 oanfrege troch de Wed. J.A. de Boer en de pleats sil yn
dat jier ek wol boud wêze. De boumaster wie A.A. Veeninga, en de
earste bewenners wienen Jan Jelmers de Boer en Tryntsje Daniëls
van der Meulen. (ús mem har âldste suster.)
Ik ha gjin foto fan de pleats sa‛t dy doe wie. Mar wol de boutekening
dy‛t by de oanfraach foar de boufergunning siet.
It hûs is letter ferboud, it hie earst in trochrinnend
bûthús op it suden, mei in doar yn‛e gevel, de yngong fan
de wenning wie op it noarden en it dak fan de achterein wie mei reid
dutsen. Apart is dat de tekening gjin gevels en oansichten jout,
allinne mar in plattegrûn en twa trochsneden.
Jo kinne sjen dat der plak wie foar 22 melke bisten en wat jongfee yn
it dwarsbûthús. Yn 1928 waard der noch in lytshûs by
boud.
Dat Yttje Douwes Douwma de widdo fan Yke Ritskes Bergsma it set en de
draai net ferfange woe lei dochs wol yn‛e reden. De ferplichting foar
it ûnderhâld dêrfan wie foar Jr. Van Breugel al hiel
fanselssprekkend, hy hie in hiel grutte pleats, 25 ha west fan it
Nijdjip en noch 36 ha east fan it Nijdjip. It set lei doe midden yn syn
pleats en waard dagelijks brûkt. Ytsje hie
dat belang alhiel net hja hie alhiel gjin lân oer it Nijdjip en
dus hie hja ek net folle belang by it meitsjen fan in nij set en draai,
sa as de minsken út Suwâld en Lytse Geast hawwe woenen,
dat wie earder in mear algemien belang.
De gemeente hie al earder blike litten dat hja har net drok makken oer it paad nei Ljouwert.
En
dus
draaiden de eigeners fan lân oer it Nijdjip op foar de kosten fan
it barteset sa as bliken die út‛e administraasje.
De pleats fan Jonker van Breugel east fan it Nijdjip binnen de swarte line, en dy fan Frou Bergsma binnen de reade line. De brune streek is de reed nei it set, en de giele streek de âlde wei fan Suwâld nei Tytsjerk.
DE
THEECLUB "GELIJKHEID
EN FRIJHEID
De Sondagse Thee comparitie opgericht binnen Franeker in den jare 1785.
Allen dengenen welke dezen zullen zien of deze horen lezen Heil en Broederschap.
Alzoo Pieter Adama Dr. en Advocaat voor den hove van justitie in het voormalige gewest Friesland zich van ons heeft geadreseerd verzoekende om geällegeerde redenen, om als lid der voorschreven: Theecomparitie honorabel te worden gedemitteerd. Zoo is het dat wij na examinatie der redenen door hem P.A. bijgebragt en de gegrondheid van dezelve penetrerende, tevens in consideratie genomen hebbende dat voornoemde P.A. zich gedurende zijn lidmaatschap in voorschreven Comparitie ten allen tijde conform de heilsame bedoelingen van dezelve heeft gecomporteerd, na rijpe deliberatien hebben goed gevonden en verstaan het verzoek van hem P.A. niet alleen gratieuslijk te accordeeren, maar dat deze teffens zal strekken ten geblijke dat gemelde comparitie ten uitersten voldaan is over het gedrag van hem Pieter Adema gedurende zijn lidmaatschap gehouden en also gene zwarigheid maakt, denzelven aan alle Theecomparitien welke binnen deze Republiek en elders mogen exteren, instantelijk te recommanderen en zal deze ten decharge van gemelden P.A. en om hem te strekken naar behoren, worden afgegeven.
Aldus gegeven onder ons groot Sigille Sampt Praesi et Secretari subscriptien ad causas etc. Actum in onze gewone Theecomparitie gehouden binnen Franeker de 26 December 1798 het vierde jaar der Bataafsche Vrijheid.
T. Ord tie van dezelve
S. Wijbenga
Lings
beneden, bijwijze van zegel, de afdruk van de keerzijde van een
Nederlandsch drie-gulden stuk. Het gebruiken van een geldstuk geschiede
niet bij gebreke van een eigen stempel. Men had zelfs en bijzonder
aardig kopern cachet in doorsnede 3,4 cm keurig vrij diep uitgesneden
de voorstelling van een theepot, daarboven in een halve boog: ‛Deze
beschermen wij,‛ en er onder het jaar 1785.
Wat
was nu
de aard van deze Theecomparitie, die reeds 13 jaren bestond toen voor
het lid Pieter Adama zulk een deftige ontslag brief werd opgemaakt? Het
oprichtings jaar 1785 wijst er immers al aanstonds op, dat wij met een
club Franeker patriotten te doen hebben, die bij een onschuldig kopje
thee gretig de couranten en tijd-schriften lazen die de regeeringsdaden
aan scherpe kritiek onderwierpen en toetsten aan de leer der
volkssouvereiniteit. Het politiek bewustzijn der menigte begon te
ontwaken, het verzet tegen de regenten te groeien. Het broeide en giste
destijds in het Vaderland. Het woord onvrijheid had toen geen hollen
klank in Friesland. In geen Friesche stad vonden de democratische
beginselen meer aanhang dan te Franeker. Daar is in 1786 een
fraterniteit opgericht, die zekere vermaardheid kreeg toen curatoren
der Franeker universiteit er bij de Friesche staten over klaaagden, dat
zelfs hoogleeraren er lid van waren; Prof. Valckenaer, de bekende
patriot, zelf precident.
Toen in Mei 1787, de staten met een Aristocratische meerderheid, de
profesoren in het ongelijk stelden waren een viertal, zoo ontstemd, dat
zij hun ambt neerlegden. Hun voorbeeld werd den 21 Mei nagevolgd door
Franeker studenten, die zich lieten schrappen als Academici en
verklaarden ten hoogste bezwaard te zijn door het verbod om vooraan
eenig lidmaatschap in eenig exterzitiegenootschap of in eenig andere
sositeit, de minste zoo genaamde relatie tot de zweevende geschillen in
het Vaderland te hebben te houden of te continueeren, onder deze
sositeiten was ook de V.Z. der Theecomparitie. De theeclub was dus zeer
zeker een patriotische vereeniging.
P.C.J.A. Boeles, 'De Theecomparitie, opgericht binnen Franeker, 1785',
De Vrije Fries 29 (1929) 83-86.
Yn skrift II, dêr‛t ek it ferhaal fan master Klaas Bouwes yn
stiet, fûn ik dit stikje alhiel oerskreaun út de Vrije
Fries. Ik frege my ôf wat in Antirevolusjonêr man as Albertom der
ta brocht hawwe koe om dit stikje oer te skriuwen. Ik koe gjin relaasje
fine mei ien fan de dêryn neamde persoanen: Pieter Adama, wie
berne te Fjentsjer yn 1715. S. Wijbenga is Skelte Andries Wybenga,
berne yn Frjentsjer 16 april
1747 en stoarn yn Harns 26 april 1797. Johannes Vriemoet Drabbe wie
berne yn1768 en ynskreaun as studint yn‛e
Rjochten yn1784, yn 1793 wie hy abbekaat by it Hof fan Fryslân.
En
ik koe my ek net foarstelle dat ien fan syn foarfaars ta de patriotten
heard hie, hoewol, der wie by de Suwâldster patriotten in Jan
Petrus dy‛t him letter Bosma neamde en dat wie de oerpake fan syn frou
Wytske. As men teminsten de minsken dy‛t yn 1796 op oanstean fan ds.
F.Hellendoorn Cramer frijwillich de suveringsakte tekenen, ‛patriotten‛
neame mei. It wienen, Sybren Aukes, Klaas Sytses, Sije Willems, Sake
Jans, Albert Jans, Jan Petrus en Jan Wybrens. Sybren Aukes wie wat
âlder, de oaren wienen allegear jonge troude mannen mei lytse
bern, it wie eins in kommisje om in skoalmaster te kiezen, mar faaks
troch dûmny útsocht as foarútstribjende
partijgongers om sa ek in ‛Bataafse‛ skoalmaster te krijen. Sake Jans
wenne op Alde-miede nr 23. Jan Wybrens wie syn buorman op nr 24. Albert
Jans wenne op Alde-miede nr 25 en Sije Willems wenne op Alde-miede nr
26. Klaas Sytses wie arbeider (by syn heit Sytse Klases op nr 28) en
wenne sels op nr 29. ( De nûmers binne fan de Specie-Cohieren)
Jan Petrus wenne yn Suwâld op nr 14, de Bosma pleats, no De
Twadde Hikke en Sybren Aukes op nr 15 in dûbeld hûs, dêr‛t er de
helte fan ferhierde. Hy hie sels in pear kij en in stikje bou. Hy wenne
dêr al sûnt 1776 earst as frijfeint, letter hie er miskien
in hûshâldster, hy wie yn elk gefal net tsjerklik troud.
Wylst
dus hast de hiele Aldemiede fertsjintwurdige wie, wienen der mar
twa út de buorren fan Suwâld. In jier letter tekenen alle
‛gezinshoofden‛ om dêrmei kiesrjocht te krijen. Want op 11 maart
1876 hienen de ‛Provisionele Representanten van het Volk van Friesland‛
besletten dat nimmen in fertsjintwurdigjende funksje útoefenje
mocht as hy de eed fan trou oan de Bataafse Republiek net ôflein
hie. Sa grut wie harren ‛vrijheid‛ no ek wer net!
It gie net sa fan herte, mar foaral op oanstean fan dûmny, dat
der letter ek in frijheidsbeam oprjochte waard en dêr sil ek wol
sprutsen, dûnse, dronken en klonken wêze op de
revolutionêre frijheid, mar dat it net fan herte gie en net sa
‛spontaan‛ blykt wol, omdat it doe al yn‛e simmer fan 1896 wie, wylst
de earste frijheidsbeammen al yn febrewaris 1895 oprjochte waarden,
Suwâld rûn yn‛e revolusje dus net bepaald foarop, mar
blykber wienen se op Aldemiede wat foarútstribjender as yn‛e
buorren, of kaam dat omdat se dêr wat mear op‛e frijsinnige
klaai, Warten, Warstiens en Himpens rjochte wienen?
IT
MENU FOAR IN WIKE
YN IT SINT ANTONY GASTHÚS
Troch
de
macdonaldisearring is it no wat oars, mar foarhinne wie it miel fan
gewoane minsken eins altyd ôfmakke mei ierpels mei fleis en
griente en sûpengroattenbrij nei.
Guon koenen har net foarstelle dat de minsken net ferhongeren doe‛t der
noch gjin ierpels wienen. Mar ierpels kamen earst yn it midden fan de
achtsjinde ieu yn gebrûk en waarden letter ek betelber foar
gewoane minsken. En wat ieten se foar dy tiid dan?
No hjir is it menu foar in wike yn in fersoargingshûs fan dy
tiid, it âld Sint Antony gasthús, ierpels binne der noch
net by! Mar se ferhongeren net hear.
It Sint
Antony Gasthús yn Ljouwert, 1780.
Moarns alle dagen: Bier-en-bôle sean mei sjerp,
en koarnbole mei
bûter en tsiis.
Moandeitemiddei: Bêste grauwe earten en
waarm
pikelfleis en wite beannen mei bûter en jittik en waarm rikke
spek mei bûter en tsiis.
Jûns: Sûpengroattenbrij mei sjerp, in
skûtel hutspot mei ryssop, op smaak brocht mei
krûderij (specerijen),
of mei griente, en bûter en
tsiis.
iisdeitemiddei: Potmarge mei reade
bûter of
mei farsk smoar en sjerp en in skûtel griente aardvruchten‛
rapen, koal en woartels mei farsk spek.
Jûns: Sûpe-en-bôle sean mei anys
en sjerp. ‛Gebraad‛ of gebak sa as boekweiten koeken en lykas oars
bûter en tsiis.
Woansdeitemiddei: Stokfisk, kabeljau of skylfisk
mei raande bûter
en kâlde moster. Sûpe-en-bôle sean mei jittik en sjerp.
Bûter en tsiis.
Jûns: Bierenbôle goed sean mei sjerp, in
goede skûtel hutspot en foar elke persoan in heale grauweiten
bôle. Bûter en tsiis.
Tongersdeitemiddei: Wite of grauwe
earten mei reade
bûter, pikelfleis of rikke fleis en spek; bûter en tsiis.
Jûns: Brij fan sûpe en pelde garst goed
(lang) sean. In skûtel hutspot mei in goed sop fan griente, en
lykas altyd bûter en tsiis.
Freedtemiddei: Potmarge mei allinne bûter, of mei
farsk smoar en
sjerp. Mei in skûtel ‛ierdfruchten‛ sa as rapen,
koal, woartels, griene snijbeannen, roomske beannen of eartepûlen, mei in hutspot fan kofleis,
woarst, farsk spek of
bargeribbe en genôch bûter en tsiis.
Jûns: sûpe-en-bôle goed besean mei
anys en sjerp. En fierders in skûtel bûtengewoan
(extraordinaris) iten en bûter en tsiis.
Sneontemiddei: brij fan molke-en-groat,
goed sean,
en pikelfleis of rikke fleis en spek en goed bûter en tsiis.
jûns: Molke mei weitenbôle goed sean, en waarme
bôle
mei bûter en tsiis.
Sneintemiddei: Rizenbrij mei in goed
stik
pikelfleis, rikke fleis en spek, safolle‛t men wol, goed bûter en
tsiis.
Om‛e oare snein in skûtel weitenbôle
weakke yn it
sop fan keallefleis of skjipfleis, en mei goede reade bûter
stoofd. In goede skûtel hutspot mei aaisop, mei krûden en sitroensop op smaak brocht.
En foar in elk alle sneinen in heale
weiten
bôle mei de simmels bakt en genôch bûter en tsiis.
Jûns: Molke mei twiebak goed besean, en
in
gebraad fan kofleis, keallefleis of skjipfleis en in neigesetsje en fansels
bûter en tsiis.
Rommert Doedes Joenkema (1516-1585) neamde de roomske beannen, ‛turkse
earten‛ en dêr komt ús wurd tusearten fan.
Koarnbôle is bôle fan garst, gerstebrood, garst wurdt yn it
frysk meastal koarn neamd, mar koarn kin ek brûkt wurde as
sammelwurd foar alle oare ‛granen.‛
De húl om de kerrel fan garst is tige hurd, dy wurdt der
dêrom ôfslipe en dan is it groat.
Bierenbôle waard as ien wurd útsprutsen ek yn it
hollânsk ‛bierenbrood‛ it wurdboek neamd it ‛biersoep‛. Sa hie
men ek molkengroat, seane groat mei kâlde skjipmolke.
Molke mei bôle neamde men ek ‛weakebôle‛ en molke mei
twiebak ‛molkenbak‛
Potmarge wie in pot fan stiifseane groat mei krinten of rezinen en
bûter of
smoar.
Ek
fan in proveniershûs yn Weesp is in wike menu
bekend:
Sint Antony
Gasthús
Maandag:grauwe erwten,Turkse bonen, koud vlees,’s avonds zoete melk en rijstebrij.
Woensdag: vers vlees of taling (eend) en ’s avonds bierenbrood.
Donderdag: kort warmoes (groenteschotel) en ’s avonds sla en eieren.
Vrijdag: stokvis of andere vis en ’s avonds wittebroodpap
Zaterdag: rapen of groene erwten en ’s avond brij. (út Weespernieuws 21-5-2006.)
Aardvruchten
neamde men doe de fruchten dy‛t net oan beammen, mar op of yn‛e
grûn woeksen, koal, rapen, woartels en biten (koarn, earten en
beannen net).
Resepten foar hast al dizze âlde gerjochten kin men fine yn de
Fryske Petiele fan Simke Kloosterman, bewurke troch Wieke de Haan
(1986) en fansels ek op Wieke har side op it ynternet. Ik soe sizze
besykje
it marris.
It
Sint Antony Gasthús wie in hiel
kompleks, dêr moast
foar hiel wat minsken iten sean wurd, en dat wie doe noch net op in
gaspitsje of fornús, mar yn potten en goatlings oan‛e heak boppe
in iepen fjoer; foaral yn‛e simmer min en gleon wurk.
Of yn‛e oven, want se sille sels wol bôle en brea bakt hawwe, en
as de oven ienris hyt wie koe der ek wol wat oars yn bakt of waarm
makke wurde.
Dit plaatsje fan de keuken is hast 200 jier letter makke, mar it wie
faaks wol deselde romte. It hie net mear in iepen fjoer, mar in grut
fornús en in stookpot. Hjoed sjogge jo yn gewoane huzen
faak noch grutter keuken as dizze.
Ek de keamers sille yn ferhâlding lyts west hawwe. Dochs wienen
der hiel wat, foaral âlde minsken sûnder bern, dy‛t in plak
as ‛provenier‛ yn it gasthús sochten, dêrby naam it
gasthús de soarchtaak fan de bern oer, mar ek it erfrjocht. Hja
moasten dan al har habben en hâlden oan it gasthús
neilitte. Sa dwaande hie it gasthús hiel wat lân en
pleatsen yn hiel Fryslân.
DE
ADMINISTRAASJE FAN DE
SKIPFEART POLDER EN MUNE
Op‛e kaart fan de militaire verkenningen út de twintigerjierren fan de foarige ieu steane twa mûnen oanjûn oan de skipfeart, út myn jeugd heucht my noch dat dêr, it baaiersplak en eintsje foarby, in wat wider plak wie dat wy it mûnegat neamden, mar de mûnen dy‛t dêr stien hienen ha ik ek nea sjoen. Hat ien fan jimme ea foto‛s sjoen fan Suwâld, dêr‛t wat fan dizze mûnen oan de skipfeart op te sjen is? Ik nim oan dat it gjin grutte mûnen wienen mar spinnekoppen lykas dizzen, dy‛t yn in soartgelikense sitewaasje stienen, elk oan in kant fan de feart dêr‛t se op útmealden.

Op Hisgis sjogge jo twa mûnen op dat plak oan de Skipfeart, oan‛e noardkant dy fan Ytsje Douwes Douma. Oan‛e súdkant dy fan Reinder Wybrens Gerritsma. Fan dizze lêste mûne, dy‛t de Skipfeartpolder bemealde wie Albertom ferskate jierren de boekhâlder, en dy administraasje fan 1903 oan‛t it oergean nei it wetterskip de Suderkrite en it ôfbrekken fan de mûne, is bewarre bleaun.
Blykber wie de mûne earst fan Daniël Bouwes van der Meulen west, dy‛t wenne yn wat no Tsjerkebuorren 57 is, dat wie doe noch gjin pleats, de skuorre is der letter achter boud. It hiet no in ‛masale‛ mûne, d.w.s. yn mienskiplik gebrûk en dus moast der in administraasje fan wêze. Dit skrift is it lêste, it begjint mei in batich saldo fan de foarige rekken, dat der wie al earder in administraasje west.
De ‛administreerend gecommiteerde‛ wie yn 1903 S. Andringa, dy‛t wenne op de pleats fan de erven fan Rinderd Daniëls v.d. Meulen, no Tsjerkebuorren 59.

De boekhâlders wienen: S. Andringa 1904. W. Andringa 1905 oan‛t 1907. Daniël Rinderts van der Meulen fan 1908 oant 1912. Dernei oant 1925 A.A. Veeninga.
De mûne moast fansels ek meald wurde, yn it begjin wienen S. en W. Andringa de mûnders foar ƒ45 it jier yn 1903-4 en ƒ50 yn 1904-7, dernei wie Jan Scholte mûnder achterienfolgens foar ƒ 69, ƒ 64,ƒ 70, ƒ 75, ƒ84, ƒ100,ƒ 97,50 it jier en dan J.D. van der Meulen, (ik wit net of‛t dat Jan Durks of Jan Daniëls is) foar ƒ125, mar dat gong te bot fansels, dan moatte der ynskriuwbryfkes ynlevere wurde en giet de mûne foar ƒ100 en letter foar ƒ70, en ƒ49 nei Petrus Harms Bosma, mar dat is it lêste jiers, as it lân ten oasten fan de wei net mear meidocht en it jier ek net mear alhiel folmakke wurdt. De hege kosten fan 1915 oan‛t 1921 komme troch de djoere tiid yn de earst wrâldoarloch en fuort dêrnei.

Meallen mei in spinnekop wie gjin swier mar wol min wurk, foaral as it ûnlijich en buiich waar wie. In spinnekop hie net folle binneromte, en men koe in draaiende mûne by wat bluisterich waar ek net allinne litte, dus dat waard klûmerjen by nacht en ûntiid yn‛e smoute fan‛e mûne want, sa as jo op dizze iepenwurke tekening sjen kinne, men koe yn sa‛n mûne net iens goed rjochtop stean. As it reinde koe men faaks yn in hoekje fan‛e sigerige mûne, by in stoarmlantearne wat sitte te nifeljen, dan bleau men alteast droech, mar it wienen foar komelkers as Jan Scholte en Petrus Bosma tige wolkomme, mar ek soer fertsjinne sinten.
Lykas by de administraasje fan de barten, waarden earst de ûnkosten berekkene en dan wat elk, neffens de grutte fan syn lân yn ares bydrage moast yn de kosten, sadwaande wie der nea te min en altyd mar in hiel lyts batich saldo. Meastal waard der rekkene yn breuken, dus net ƒ0,0225 mar 2¼ sint en by it ferdielen fan de pot yn 1925 mei 11 7/8 sint de are. En omdat se earst útrekkenen wat elk ha moast en se dus wat ôfrûnings fouten makken kloppe it net alhiel. Der bleaunen noch 79 sinten oer, en dy skonken se oan de boekhâlder!
De skipfeartpolder op in kaart fan 1847.

De totale kosten yn dy 22 jier wienen ƒ2295 dat is 82½ sint de are, of ƒ3,75 de ha trochinoar yn it jier. Dat is minder as 1% fan wat in hûshâlding sûnder hûs of lân no oan it Wetterskip Fryslân betellet!
De polder besloech yn it begjin 2562 are, en groeide oant 2782 are, it is it gebied dat al as polder oanjûn is op de kaart fan 1847. De lêste stikken nei it Nijdjip ta wurde as bûtlân rekkene en dogge net mei. Neffens it kadaster wie it oerflak fan dizze polder 2993 are dus wie der goed 200 are fan dit gebiet dat net mei die. De tsjerken ûntbrekke op de list en de wei kinne we der ek ôflûke, Ik tink dat it dan aardich kloppet.
As foarbyld twa ferantwurdingen op rekkendagen, de earste oer 1903-1904 en de lêste de ôfrekken by de opheffing.
Ferantwurding op ôfrekkendei: Yn 1903-1904 By O. Antonides; kosten mûnder en ûnderhâld ƒ63,19

S. Andringa kommiteerde en mûnder
Eigenaars:fêste bijdragen:
Oer fan de foarige rekken f. 8,50
W.S.Hoekstra f. 1,50
W.J.Mulder f. 4,50
Dr. R Reeling-Brouwer. f. 5,00
G.H. Kooi f. 2,50
erven R.D. van der Meulen f. 7,25
K.G.Bosma f. 1,00
Kontribusje betellers: f. O,014 de are, dus 14 sinten de 10 are.
S.Andringa foar 986 are f. 13,86
B.D. van der Meulen 504 f. 7,08
D.R. van der M en A.A. V 434 f. 6,105
G.H. Kooi. 260 f. 3,655
J. Scholte 90 f. 1,265
J. D. van der Meulen 216 f. 3,035
K.J. Bokma. 55 f. 0,775
A.A. Veeninga. 17 f. 0,24
2562 are f. 66,265
1924 - 1925 dit is de einôfrekken fan de polder, yn in foarôfwurd wurdt útlein dat de polder opgien is yn it wetterskip Suawoude zuid. En dat it wetterskip de mûne oernaam hat foar de skatte gebrûkswaarde fan f. 400 en him dêrnei ferkocht hat foar de sloop. De mûne hat stien oan de skipfeart tusken de ien med en de twa med. De lêste jierren wienen der gjin gekommiteerden mear beneamd, sadat men oannaam dat Daniël Rinderts van der Meulen en Wytse Jans Mulder noch yn funksje wienen, mar no wienen dy beide al ferstoarn en dêrom hie Veeninga oerlein mei Eabele Talstra dy‛t no op de pleats fan Mulder wenne, om mei de

De ynkomsten wienen f. 406,67
de útjeften f. 75,56
te ferdielen f.331,11
Wed. Daniël Rinderts van der Meulen foar 986 are f.117,08
Albert Arjens Veeninga. 481 are f. 57,11
Erven Wytse Jans Mulder 347 are f. 41,20
Pieter Gerks Kooi. 315 are f. 37,40
Erven Andries Joukes Bosma 253 are f. 30,04
Wed. Dirk Jans van der Meulen 200 are f. 23,75
Hendrik Klazes van der Veen 80 are f. 9,50
Diaconie gebruikt door J. Scholte 55 are f. 6,53
Erven Gerk Hendriks Kooi 55 are f. 6,53
Frans Feijes Hoekstra 10 are f. 1,18
2782 are f.330,32
Doe wie der noch 79 sinten oer, en dy skonken se oan de boekhâlder! Fakwurk, in nije skroef meitsje.
IT TSJERKESTEK FAN 1892
In het jaar 1892, Domini Zoete was even in Suawoude, was het hek voor de kerk te Suawoude met palen en al geheel aan nieuw onderhevig. Wij hebben toen, misschien wel in overleg met de Ds. en de smid Jelle de Jong die het ijzeren hek geleverd en met ons geplaatst heeft, een Sleuf gegraven, tot aan de bodem van de oude gragt tot het vaste zand p.m. 2,25 m. beneden den begaanen grond. Daar hebben we een zware doorgezaagde balk in gelegd met de platte kant naar beneden, waarin gaten zijn gekapt waar in weer de eiken palen staan, van boven rond, waar omheen de daarvoor bestemde ijzeren onderdelen waarop de hekpalen ieder met 4 schroefen zijn, en dan beneden de grond beneden de ijzeren onderstukken van het hek een eiken gordel met bouten gevast waar tusschen scheve eiken schoren voor het in de haak blijven voor het draaijen van de hekken. Toen hebben we met de Smid de jong de hekken geplaats Toen heeft Smid de jong de Sijvers 1892 gemaakt, naar de Sijver formen gemaakt door Ds Zoete. En nu we het jaar 1944 hebben draait alles nog nettjes.
Suawoude 17 juni 1944 A.A. Veeninga Sr.
Dit is in hiel nijsgjirrich stikje, net allinne omdat it stek noch altyd yn wêzen is en noch altyd goed draait, mar omdat it ús leard dat der dus eartiids ek in grêft foar de tsjerke wie. Dat wie foar safier as ik wit út gjin oare boarne bekend.
Soe der eartiids in brêge west ha foar de tsjerke? En wannear soe dy grêft ticht makke wêze, by it oanlizzen fan de ferhurde wei? Of al folle earder? Fan Klaas Wynia hearde ik dat it stek der by de lêste restauraasje alhiel wei west hat, en dat der ek al earder ris in peal fan omriden is troch de auto fan in stienhouwer. De lêste restauraasje is útfierd troch de firma Hoekstra, mar Pieter Gosse koe út syn administraasje net mear achterhelje hoe‛t de fundaasje der djipper yn‛e grûn no útsjocht. It is mooglik dat de houten fundaasje út 1892 noch foar in part bestiet, en dat men der no stikken beton opstoart hat mei triedeinen dêr‛t de stekpeallen op fêst skroefd binne.


De tekening hjirby jout in foarstelling hoe ik tink dat it der yn‛e grûn sawat útsjoen hat. It is dus in skets dy‛t ik makke ha en gjin tekening dy‛t by de oantekens wie. It stek past der net sa moai op mar dat komt omdat de foto dêr‛t it fan ôf naam is net presys heaks op it stek naam is, de sit wat perspektyf yn.
Ik wit noch dat der achter en oan beide kanten fan de tsjerke in gracht wie, en dy wie ek wol aardich breed, de bern rieden der wol op as it iis sterk wie. By de útwreiding fan it tjerkhof binne dy oan de noardkant en eastkant tichtmakke, wat der no as freding is binne mear sleatten as grêften en dy steane ek meastal droech. Dêr oan kin men sjen hoe ‛t de grûnwetterstân yn de lêste 60 jier noch al wat ferlege is.
Jan van der Meulen fertelde my dat de wynmotor yn‛e Suderkrite, dy‛t it wurk fan de mûne út it foarige stikje oernaam, as er der no noch stie it wetter net iens mear rikke koe.
De wettersteatkundige tastannen binne yn‛e rin fan‛e ieuwen gâns feroare, op‛e tekening fan Suwâld op it omslach fan it boek fan Ds. Datema liket Suwâld in eilantsje yn it hege wetter. Ek yn it begjin fan de foarige ieu wie dat út en troch noch mooglik. Der binne foto‛s foaral fan Tytsjerk en Warten út de winter fan 1909-10 dêr‛t alles blank stiet, doe sille de simmerkrytsjes yn Sûwâld it ek mei muoite droech hâlden hawwe.
It heechste punt fan Suwâld is de Ljippenstâl 50 cm boppe AP en neffens de ferslaggen út Tytsjerk stie it wetter dêr doe 90 cm boppe AP.

Dizze foto út "In Skoallelibben yn Tytsjerk" jout in dúdlik byld fan de sitewaasje, dy‛t de ministers fan Lânbou en Wettersteat dêre te sjen krigen.Minsken út Suwâld dy‛t dy deftige hearen ek wolris sjen woenen koenen rjochtút rjochtoan oer it lân nei Tytsjerk farre!
Beppe hat my wolris ferteld dat hja fan Aldemiede ôf altyd mei de boat nei tsjerke gienen. Ferfier mei it skip wie maklik en skjin en oeral wienen doe noch opfearten. De minsken koenen fan de Lytsegeast en Tytsjerk ôf fakentiden ek makliker mei de boat yn Suwâld komme as te gean oer de wei. Ear‛t de wei troch it doarp ferhurde waard en dus noch in sânreed wie moasten der oan beide kanten wol sleatten wêze om de reed sa droech mooglik te hâlden, en dan wie it by‛t winter en yn wiete riten noch in drekboel!
Op it plak fan de grêft by de wei lâns wie yn elk gefal yn 1880 al in hage.
Doe wie de skoalle ôfkard omdat er te lyts wie en moast der en nijen boud wurde, de tsjerkerie hie in terrein, mar dat lei neffens de wet te ticht by it tsjerkhof. Hja fierden oan dat de âlde skoalle ek al net oan dy eask foldien hie; dat de skoalle 23 meter fan it tsjerkhof ôf wie, dêrt in 2 meter hege hage omhinne siet, sadat de bern der alhiel gjin lêst fan hienen.
Eartiids sieten der ek grachten om de pastoarije. Doe‛t yn 1765 de pastoarijepleats ferkocht waard en ôfbrutsen feroare dat de yndieling fan hûs en hiem alhiel en waard de tsjerkerie ferplichte de grachten om de pastoarije hinne op‛e nij te slatten. Dêrby is grif it stikje skipfeart, dat earst noch oan ‛t achter de pastoarij ta rûn, tichtmakke om in frije reed te meitsjen foar de nije pleats achter de pastoarije.
Op‛e foto‛s fan de âlde pastoarije fan 1869 sjogge jo dat dy krekt sa‛n stek hie as de tsjerke, suver it selde model mooglik wat leger, wa wit wêr‛t it bleaun is?

It wienen kronkeljende streamkes en dat kronkeljen wie ien fan de beswieren dy‛t hja hienen! Foar de skipfeart wienen rjochte kanalen folle foardieliger en dy fierden it wetter ek folle better en flugger ôf dus waarden de streamkes ferfong troch fearten.
Doe‛t men de Middelsee begûn te bedykjen kaam der by Barrahûs in syl en by dy syl in úthôf fan it kleaster fan de regulieren yn Burgum. Dy regulieren fan Burgum behearden ek de ‛Lioedmersdaem‛ en hienen de fiskrjochten yn de tynjes by Suwâld en by Risens. Yn‛e mande mei de Leppa hat it kleaster grif in grut oandiel hân yn it tastânkommen fan in bettere ôfstreaming en it ferfier oer it wetter.
Want trochdat de Middelsee hieltiid fierder opslike, waard de ofwettering minder, sadat men oare wegen sykje moast om it wetter kwyt te wurden. Earst is doe it Langdiel slatten, dat it wetter oer it Alddiel en de Moark ôffierde nei de Dokkumerie.
Letter hat men it Wiidhop troch it slatten fan it Skalkedjip en de Langemear mei it Langdiel ferbûn. En men hat in bettere ferbining makke mei de Ried by Ryptsjerk troch it Nijdjip te slatten.

No wie dy âlde stream dwars troch de Stûken nei Warten de grins tusken de doarpen Garyp en Suwâld. Troch it graven fan de Langemear wie dat stik fan Suwâld dus fan it doarp ôfsnien en allinne noch oer of troch it wetter te berikken. It kleaster hie yn‛e Stûken ek noch 200 pûnsmiet lân lizzen. By it graven fan it Skalkedjip sil men dus op it plak dat letter it Biezemmakkersset hiet fuortdalik wol in troch-waadber set makke hawwe.
Sa‛n set wie in mei balstiennen befluorre paad troch it wetter, mei op en ôfritten, op de kaart fan Eekhof binne dy noch te sjen.

Troch de ieuwen hinne hat men dus altyd mei de ôfwettering oan de gong west, omdat de ierde al ieuwen opwaarmet, sadat it seewetter heger komt en it lân troch ynklinken en troch it sakjen fan de grûn leger komt te lizzen. Dêr kaam noch by dat sûnt der mûnen wienen der hieltiid mear polders kamen en de ‛boezem‛ dus lytser waard. De natuerlike ôfwettering troch de silen wie by‛t hjerst mei wiet waar al lang net grut genôch mear. It wie net alle winters sa slim as yn 1910, mar dochs wol faak.
Te begjinnen krekt bûten de doarpsgrins yn Tytsjerk fine we:
1 De polder fan Baron Van Breugel mei in mûne oan‛e westkant hast by it Nijdjip.
2 De polder fan Reinder Sipkes Algra, dy mûne stie der noch doe‛t ik in jonge wie.
3 It polderke fan Sake Ritskes Bergsma (veldwachter) de mûne wie in tsjasker.
4 De polder fan G Wilhelmy, de mûne stie dêr‛t de knik yn‛e Daniël Bouweswei sit.
5 De polder fan Douwe Ykes Bergsma
6 De Skipfeartpolder mei de mandielige mûne oan de Skipfeart.
7 Derneist de polder fan Andries Joukes Bosma mei in mûne by it Heechhiem.
8 Derneis it polderke fan de diakenij, it mûntsje stie dêr‛t no de iisbaan is.
9 Oan de oastkant fan de wei de polder fan Jan Bouwes van der Meulen.
Sa besocht men yn Suwâld om 1840 hinne de fuotten yn de winter droech te hâlden.
Man : Arjen Wygers Veninga, oud 28 jaar, geboren te Tietjerk
Vrouw : Antje Alberts Miedema, oud 24 jaar, geboren te Tietjerk
Datum : 14 mei 1857, akte nr. 30
Bern :
Sytske Veninga, geboren 9 april 1858 troud 1 dec. 1877;
Eelkje Veeninga, geboren 17 november 1860 troud 12 mei 1883
Albert Veeninga, geboren 25 december 1863 troud 10 mei 1890
Jan Veninga, geboren 9 februari 1865 troud 11 mei 1889
Rykele Veninga, geboren 2 februari 1868 troud 5 mei 1894
Catrinus Veninga, geboren 6 april 1869 troud 5 mei 1900
Otte Veninga, geboren 7 december 1875 troud 1 juni 1901
(De bern dy‛t yn Ljouwert oanjûn waarden hawwe de namme mei twa e‛s! )
Antje Miedema stoar 31 december 1875 43 jier âld, goed trije wike nei dat se befallen wie fan har 7e bern.
Doe‛t Arjen wertroude wie noch mar ien fan de bern de doar út.
Froukje begûn dus yn in húshâlding mei 6 bern wêrfan de âldste mar 3 jier jonger wie as harsels en de jongste noch mar 2 jier en 7 moanne.
Man : Arjen Wygers Veninga, oud 49 jaar, geboren te Tietjerk
Vrouw : Froukjen Kornelis Boonstra, oud 21 jaar, geboren te Garijp
Datum : 20 juli 1878, akte nr. 81
Bern:
Lolkje Veninga, geboren 4 februari 1879 troud 10 mei 1902
Kornelis Veninga, geboren 14 februari 1880 overleden 16 september 1896
Tjeerd Veninga, geboren 26 augustus 1881 troud 7 februari 1903, overleden 19 januari 1905
Pieter Veninga, geboren 5 augustus 1883 , overleden 26 juli 1902
Maria Veninga, geboren 8 juli 1885 troud 15 mei 1909
Gjalt Veeninga, geboren 5 september 1887 troud 28 april 1910
(Wer in e tefolle mar no yn Burgum.)
Arjentje Veninga, geboren 25 april 1892 Opm.: Vader overleden, troud 7 september 1916

Arjen Wiegers Veninga, overl. 4 februari 1892 Oud 62 jaar,gehuwd
It duorre 11 jier eart Froukje wer troude:
Man : Gjalt Wijma, oud 58 jaar, geboren te Oudega,
Vrouw : Froukjen Kornelis Boonstra, oud 45 jaar, geboren te Garijp
Datum : 18 april 1903,
Gjalt Minzes Wijma hie alve bern by syn earste frou, Iekje Kooistra, werfan 4 al troud wienen.
Froukje hie noch 4 bern yn‛e hûs.
De bern fan Arjen en Antsje wienen doe allegear de doar al út mar noch yn libben.
De bern fan Arjen en Froukje wienen 2 fan ferstoarn en Tseard wie yn it selde jier troud mei in dochter fan Gjalt en Iekje.
Arjentje troude letter mei har styfbroer Wyberen Wijma
Froukjen Kornelis Boonstra, overleden 24 juli 1916 Oud 59 jaar, gehuwd
Gjalt Wijma, overleden 15 december 1935 Oud 91 jaar, weduwnaar
Der wienen dus 7 bern fan Arjen en Antsje en 7 bern fan Arjen en Froukje, en 11 bern fan Gjalt en Iekje, dat makke meiinoar 25; mar men kin it min ien húshâlding neame. Hja wennen wol yn it selde hûs, dizze pleats fan it Sint Anthony Gasthús fuort by de Hegebrêge oan it Alddiel.
Sint Anthony Gasthús hie de pleats yn 1865 fan Marijke Veninga E.A. kocht. Arjen Wygers Veninga hierde de pleats fan 1873-1898, syn widdo Froukje oant 1903, en Gjalt M. Wijma fan 1903 oant 1917.De pleats stiet der noch, mar it is no net mear Al

It kaartsje hjirneist jout de sitewaasje sa as dy wie yn 1832. Fuort sud fan de Aldfeart stienen doe 2 pleatsen, de súdlike bewenne troch in Van der Meer, de noardlike hie as eigener bewenner Arjen Tseards Veninga. Letter wennen dêr syn soan Wyger Arjens en Sytske Jans van der Veen, en dêrnei syn pakesizzer Arjen Wygers en Antsje Miedema. Yn septimber 1863 stoar Sytske de widdo fan Wieger Arjens, en har erven ferkochten de pleats oan it Sint Anthony Gasthús dêr‛t se earder ek al lân fan hierden. Arjen en Antsje waarden de hierders. Der kamen gâns feroarings, de âldfeart gie ticht, stikken lân waarden byinoar lutsen, it Gasthús wreide syn besit dêr by de wielen flink út. Yn 1879/80 waard de aldpleats ôfbrutsen en in nijen boud oan‛e oare kant fan de feart (by it krúske op‛e kaart), de pleats hjirboppe. Dêrby feroaren se fan wenplak want de Aldfeart wie de grins tusken Tytsjerk en Ryptsjerk.
Der is in oantekenboekje mei in hurdkartonnen kaft, dêr‛t ferskate siden alhiel of foar in part útsnien binne, dy befetten faaks te fertroulike ynformaasje. Der steane oantekens yn foar rekkens foar klanten, fan maaie 1887 oant 1890; foar ûnderhâlds wurksumheden, materialen, lean en kostjild.
Albertom wie doe 23 jier en blykber foar himsels begûn as timmerman. Wer‛t er it fak leard hie is my net bekend, yn Ljouwert wie sûnt 1881 in ambachtskoalle, hja wennen dêr net sa fier ôf, der wienen yn dy tiid eins noch gjin fytsen, mar de minsken wienen it rinnen went. It soe wêze kinne dat hy dêr ien fan de earste learlingen wie; mar fierwei de measten begûnen doe noch, lykas ieuwen her, gewoan as learling by in baas en hy sil grif earst ek by in oar wurke hawwe om it fak te learen.
It liket foaral te gean om klanten op it Alddiel, Aldemiede en de Lytsegeast en ien grutte klant, it St. Anthoany Gasthús yn Ljouwert, dat hie twa pleatsen op it Alddiel en trije op‛e Lytsegeast en ferskate mûnen.
Blykber hie hy dêr doe op it Alddiel sels in wurkpleats. It boekje jout in moai byld fan de prizen leanen en kosten yn dy tiid. Der is húshâldlik lytsguod by lykas in pear nije reedhouten mei it slypjen 90 sinten, speaken yn in stoel, in nij linnenrak, in pear stoven, mar ek in kast foar in jong faam dy‛t de doar útgie foar ƒ 28,00
Putsjes lykas in bân om in houten melkamer en in pear kear in amerrak, litte jo fernimme dat it noch foar de tiid fan de molkfabriken en de molkbussen wie. De kij waarden doe noch molken yn teakhouten amers dy‛t yn grutte earnamers lege waarden, dêr‛t twa fan oan in jok nei hûs sjouwd waarden.
Dat "earn" komt noch fan it alde wurd foar brûns, mar waard ek brûkt foar koper, in earnamer wie dus in koperen amer, wol twakear sa grut as de lettere galvanisearre amers, ik tink dat der wol 30 liter molke yn gie,



In nij ammerak koste mei it skilderjen ƒ4,06. In nij linnenrak ƒ3.50 en 6 nije stoven ƒ4,50. Der is ek in protte mûneripperaasje by, dêr wienen ek nochal wat mûnen op it Alddiel. Op de kaart fan Eekhof binne der op it Alddiel, Aldemiede en de Lytse Geast 18 mûnen oanjûn. Mûnemeitsjen wie spesjalistysk wurk, dat koe lang net elk en ien. En dat wienen faak ek gjin lytse putsjes, in nije mûneskroef koste ƒ65,80 en dêr siet 22 dagen wurk yn. Fan 14 desimber oant 2 janewaris ‛89 makke hy yn 14 wurkdagen in nije mûneas, saagje, draaie en ynbouwe, it materiaal en ƒ14,00 wurklean, meiinoar ƒ67,25.
Amerrak mei earnamers nei in skilderij fan Ids Wiersma
Dat sil de minsken fan 2007 faaks bespotlik goedkeap lykje, wat keapje jo no noch foar ƒ 70 of sels foar 70 €, mar in tientsje út dy tiid kostet no 150 € dat is ƒ330 en in gûne út dy tiid dy‛t der wat knap útsjocht is no wol 25 € wurdich, mar goed dat bin prizen fan samlers.
De goudwaarde fan in tientsje fan doe 6,048gr is no ryklik 99 € dat is hast ƒ220. Mar de waarde fan it sulver fan in gûne fan doe is no 1,30 €, ƒ2,87. Goud en sulverpriis lizze dus no folle fierder útinoar as yn 1890. De prizen fan doe binne dêrtroch lykas it libben fan doe, min te ferlykjen mei dy fan no.
It oerlean wie earst 11 letter 12,5 sinten yn‛e oere, it oerlean fan in boufakker is no 12,5 €, dêroan soe men sizze dat in euro no likefolle wurdich is as doe in sint!
De deihier wie by‛t winter ƒ1,00. yn‛e maytiid en simmer ƒ1,25 en ƒ1,50 mar dan wienen de dagen ek langer, by‛t simmer 12 oeren! It wyklean wie dus by‛t hjerst en winter heechstens ƒ6,00 en by‛t simmer ƒ 9,00 mar dat wie dan wol in wike fan 72 oeren!! Seis kear tolve. It wyklean fan in boufakker is no sawat 500 € dêr giet fansels nochal wat ôf, mar dêr stean ek wer in protte sekerheden tsjinoer dy‛t men doe net hie. As dy boufakker no 72 oeren yn‛e wike meitsje soe, Ik tink net dat de arbowet dat lije wol, dan soe hy mei 1090 € thús komme en dêr soe er grif gâns rejaler fan libje kinne as Albertom doe fan ƒ 9.
It kostjild wie ƒ3,50 yn‛e wike, foar in wike fan ƒ9 skilt dat net safolle, mar by‛t winter wie dat wol djoer. Hy wie in krekt man en it kostjild is sekuur byhâlden, it wie net alle wiken likefolle, sadat ik oannim dat er by guon karweien de kost ta hie, en dat ôflûke mocht fan it kostjild. It wie stadichoan wol in grutte húshâlding by Arjen Wiegers, sunt hy yn 1878 mei Froukje Boonstra troud wie, wienen der alwer 5 bern by kaam en yn 1887 kaam er noch ien by. En der wienen noch mar twa úttroud, dus doe wienen der noch 5 fan Arjen en Antsje en 6 fan Arjen en Froukje, it waard dus wol tiid dat der wat romte kaam. It soe dus bêst kinne dat hy in wurkpleats fûn hie en dêr ek earne yn‛e kost wie. Net foar lang, it boekje hâld op begjin 1890 want op 10 maaie 1890 troude hy en sette de saak fierder fuort yn Suwâld.
Yn in boek dat ik efkes brûke mocht fan Wytske Elzinga-Kamminga leinen in pear feltsjes mei potlead beskreaun papier, mar krekt mear te lêzen, mei dêrop in
"samenspraak" mei allegear nammen fan minsken út Suwâld en omkriten fan om 1750 hinne. It petear giet mar tusken 2 persoanen boer Symen en syn arbeider Tsjibbe Minnerts en it ropt in pear nijsgjirrige fragen op, mar dêroer letter, earst it stik.
Tsjibbe: Symen: Tsjibbe: Symen: Tsjibbe: Symen: Tsjibbe: Symen: Tsjibbe: Symen: Tsjibbe: Symen: Tsjibbe: Symen: Tsjibbe: Symen: Tsjibbe: Symen: Tsjibbe: Symen: Tsjibbe: Symen: Tsjibbe: Symen: Tsjibbe: Symen: Tsjibbe: Symen: Tsjibbe: Symen: Tsjibbe: Symen: Tsjibbe: Symen: Tsjibbe: Symen: Tsjibbe: Symen: Tsjibbe: Symen: Tsjibbe: Symen: Tsjibbe: Symen: Tsjibbe: Symen: Tsjibbe: Symen: Tsjibbe: Symen: Tsjibbe: Symen: Tsjibbe: Symen: Tsjibbe: Symen: Tsjibbe: Symen: Tsjibbe: | Goejûn boer. Jûn Tsjibbe, Jo bin‛ ek noch let yn‛e baan. Ja boer, dat komt ek al troch omstandigheden. Omstandichheden? Wat is der no wer? Ja boer, dat si‛k jo sizze, ha jo it noch net heard? Berber is ferstoarn. Is Berber ferstoarn, wat jo sizze, it wie ek wol te tinken dat it mei Berber net lang mear duorje soe, want der is de lêste nachten ek al by har wekke ha ik wol heard. Ja de lêste trije nachten is der by by har wekke wurden. Hienen jo berjocht krige Tsjibbe, dat hja no ferstoarn wie? Ja, Antsje fan Eelke Wopkes hat my achtermiddei helle, Eelke woe wol dat ik plicht foar him die, hjir wie nochal wat drokte oan ferbûn en dat paste Eelke net sa bêst mear. En it paste jo wol Tsjibbe dat jo der fiif stoeren mei fertsjinje en dat hindert Eelke neat, dan is dat ek mar better, wanneer wie hja ree? Om fjouwer oere. Binne jo der doe mei Antsje hinne gien? Ja en doe ha Antsje en Harmke en Albertsje har beklaaid en ik ha harren wat bystien. Ja ik moest jo ek jûnsizze fan harren, en doe hawwe wy by Eelkenhar de saken meiinoar bepraat, dêr ha wy doe noch al in hiel skoft west om alles wat meiinoar te bepraten, wy wisten fansels wol dat it jo allegearre goed wêze moast. Nou ja, dat is eksa. En hoe sit dat no, wat is der troch jimme meiinoar bepraat wurden? Ja sjoch boer, dat is nochal wat oars as dat wy tocht hienen. En wat is dat dan Tsjibbe? Dat sil‛k jo sizze, Berber hie nochal wat begearten. Berber nochal wat begearten? Mar dêr hoege wy dochs net oan te foldwaan, as dy ús net oansteane? Nee, dat is ek sa, mar dan moat men jin ekris wer yn har plak stelle, it is altyd in lêste wils beskikking. No Tsjibbe fertel my dan marris wat dat dan wol is. Ja boer, dat sil‛k jo sizze, Harmke en Albertsje ha de lêste nacht by har wekke, en doe hat se it dêr oan ferteld, en ek sein wer‛t se it grêfbewiis yn har kaske fine koenen, en sa hienen wy dat fan‛e jûn ek opsocht. In grêfbewiis Tsjibbe, hie Berber dan noch in eigen grêf? Ja boer. Wêr is dat dan? Yn Tytsjerk yn‛e tsjerke. Wat siz jo dêr Tsjibbe? Sa‛n earm sloof, dy in eigen grêf en dan ek noch wol yn‛e tsjerke, hoe is‛t no mooglik Tsjibbe, hoe komt dat minske dêr oan? Ja folgens dat bewiis dan moat it noch in famyljegrêf wêze. Ja, dat sil‛t dan wol, Berber wie noch wol wat fan komôf, hoewol har heit mar in skuonmakker wie, yn Ljout op it Saailân sa goed as ik wit, Berber hie ek in famylje namme, lykas wol bekend is wie har folle namme Berber Symens Attema, dat seit minstens safolle dat se út de eigenerfde stand is. Ja sjoch boer, dat is wat dêr‛t ik gjin ferstân fan ha, dat witte jo folle better omdat jo sels ek in achternamme ha, ik hyt Tsjibbe Minderts en dat is my ek altyd genôch. Ja no, en hoe tochten jimme der oer doe‛t jim dêr by Eelke Wopkes byinoar wienen? Ja, Sytse Douwes wie der doe ek noch by, dy kaam dêr even, dy hie ek noch alris by har wekke, dy woe ek wolris it ien en oar witte, dy tocht ek lykas wy, dat se yn har eigen grêf, yn‛e tsjerke yn Tytsjerk, beierdige wurde moast. No, wat begearte hie se noch mear? Ja, har begearte wie ek, dat Piter Andries fan Tytsjerk har deafet makke. En is der oars ek noch wat? Ja en dat is dat jo as earste fan de famylje har neifolgje. Dat is flink fan Berber, mear is der no ek net wol? Ja noch al wat. En dat is? Dat ek de dragers en de kloklieder noege wurde op de begraffenis. En hat se ek sein wa, en hoefolle fan har famylje oansein wurde moatte? Hja hat sein wy moasten yn Ljout Willem fan Raak oansizze, en as dy dan sa goed wêze wol de oare famylje even fersykje te wollen, en dan Rinse Douwes en bysitter van der Meer fan Aldemiede foaral net ferjitte as famylje út te noegjen, en dan hjir op it Heechhiem allegearre, en dan fansels Domeny as de leider en master Klaas Bouwes, en dan de tsjerkfâlden, Wierd Bouwes en Jochem Roels en de tsjerkerie. En dan de deagraver master Jan Jansen fan Tytsjerk ek noegje. Ja Tsjibbe mar hoefolle kinne der dan meiinoar wol net komme? Ja boer, dat witte wy ek net sa krekt, want wy witte net hoefolle famyljeleden as der komme kinne en komme sille. Dêr hoege we net folle foar te rekkenjen, de famylje die oars ek al net folle foar har, de diakens ha se der ommers de lêste jierren sawat lhiel mei rêde litten, no‛t se earm wie, ik wol der net oer prate as doarpsûnfanger, dat begripe jo wol Tsjibbe, mar tsjin jo sein, se hat ús ol wat koste, yn 1729 is se hjir troch har famylje yn Suwâld kaam, omdat se hjir ek noch famylje hie, doe wie hja al foar de twadde kear widdo, har lêste man wie in Coenders, dat wie in offisier, of‛t se ek bern hân ha wit ik net, dêr ha ik noait wat fan heard, mar lyk as jo ek wol witte, wie it earst altyd ‛juffrou Berber‛ en sa woe se altyd noch wol graach neamd wurde. Ja boer, en sa neamde ik se ek altyd noch. No ja, dat wol‛k ek noch wol leauwe, mar ik net, as‛t se by my kaam dan wie it: dei of jûn Berber; mar om fierder te gean Tsjibbe, wer woenen jimme dy begraffenis dan hâlde, want as der safolle minsken noege wurde sille, wer moat men dy dan bergje? Ja just boer, dat hienen wy ek al tocht, it like ús it bêste ta, yn‛e tsjerke. Dêr soe tocht ús yn dit gefal ek neat op tsjin wêze. Dat kin tominsten frege wurde! No ja, wy binne hjoed 27 febrewaris, de skuorren binne no ek noch net leech oars soe dat noch wol kinne, mar no giet dat ek net sa bêst. Mar Tsjibbe, hawwe jim it der ek oer hân wat der dy dei foar dy begraffenis wêze moat? Ja, ja, mar no woe ik wol boer dat jo dat no earst marris seinen. Harkris Tsjibbe, jimme hawwe der mei jim fiiven wol twa oeren oer praat, dat kin ik sa yn ienen mar net sizze. Nee, no dan sil ik it earst wolris sizze, ik ha it op in pompierke stean en it allegear sa sunich berekkene as wy mar koenen, sjoch hjir ha‛k it. No siz it my mar. Ek goed, in fet bier, net ien fan de grutste, 100 mingels hienen wy tocht. Acht mingels brandewyn, 105 leedbreaën, santich wite en fiifentritich mei krinten en 14 fearn bûter. En dan tochten wy boer, dat jo de bûter mar leveren en dy acht mingels brandewyn dêr ha wy ien fan ferbrûkt by it ôflizzen fan Berber, dat hie ik dy jûns daliks mar meinaam, lykas jo ek wol witte, ha ik altyk wol wat mingels krûkjes yn‛e kelder stean, en it leedguod dat moat Hindrik Piters fan Burgum mar bakke tochten wy, en it bier fan Gaikema fan Burgum en de brandewyn fan Hindrik Harkes fan Tytsjerk. No,No dat komt my meiinoar noch al wat te kostjen. Ja dat is wol wier, mar ik stel my sa foar dat de famylje wol mei de begraffenis kosten rêde sil. No, jo ha better ferwachtings as ik, mar wy sille wol sjen hoe ‛t dat útpakt. Jo Tsjibbe, Jo moatte daliks nei de begraffenis nei Piter Andries gean foar de rekken fan it deafet en ek fan de oare ûnkosten. Goed hear |
Symen: Tsjibbe: Symen: Tsjibbe: Symen: |
Jûn Tsjibbe. It koe noait moaier. Ja it koe dêr net oars, och ja, ik bin der oars ek wol foar dat earme minsken eare oandien wurdt. Wa soe dat ek net! Lit marris sjen. Wegens het maken fan een tweeduims eiken doodvat voor wijlen Juffrouw Berber Attema, laatst weduwe fan den eerzaamen heer Coenders officier in den dienst enz. De somme van 20 caroly guldens en 13 stu ivers ![]() Die 13 stoeren is foar de drank fansels. Nota van J. Jansen schoolmeester en doodgraver te Tietjerk wegens het maken van een graf in de kerk te Tietjerk, somma 1 caroly gulden en 10 stuivers. Sokke dagen hat master ek net folle yn syn libben dat er safolle fertsjinnet. Goed smyt se dêr mar del. Nee ho! Fuort net fuortrinne. Ik sil it jo earst allegearre mar even betelje en dan moatte jo moarn daliks mar hinnegean en betelje de lju en bring my dan sa gau as it kin de rekkentsjes wer werom. De bûter giet der ôf dy notearre neffens 22 gûne de fjidder dat wie tiisdei de priis 1ste keur yn Snits hat Sytske sein en dy tinkt dêr altyd goed om. Bûterbryfke
|
|
De minsken dy‛t neamd wurde wienen allegear minsken út Suwâld en omkriten en libben dêr om 1745 hinne, Juffer Berber kaam yn de kohieren fan 1749 net mear foar, dat de begraffenis moat al wat earder west hawwe. No sille jim wol nijsgjirrich wêze nei wa‛t dat allegear wienen, en foaral wa‛t dy Juffer Berber wie, ik sil myn bêst dwaan dat út te sykjen foar it folgjende stikje.
Allle nammen dy‛t yn it stik foarkomme binne nammen fan minsken dy‛t yn dy tiid yn Suwâld libbe hawwe, guon dêrfan kinne jo ek noch fine yn P. Datema Suawoude siden 213,214 en 215. Ik sil se hjir net allegear nei foaren helje, mar fan guon falt dochs wol wat mear te fertellen.
TSJEBBELE MINNERTS wie doopt as Tjebbele, soan fan Minnert Yans yn Eastermar 1712. Doe‛t Tsjible Minnerts en Sietske Wouters trouden, 4 nov. 1739, kamen se beide út Suwâld. Se krigen twa bern: Wouter 28 apr. 1749; Roel, 3 mrt. 1751; beide doopt yn Suwâld yn 1761. Fan Roel is fierder neat te finen, mar Wouter troude 16 maart 1777 mei Maaike Tjeerds; hja hienen trije bern:Tjeerd 1777; Sytske 1780 en Tsjible 1786. Tseard troude 18 maaie 1804 mei Eelkje Piters
Yn 1811 namen Wouter Tsjibbeles en syn bern de namme Hiemstra oan: Tjeerd mei syn bern: Maryke en Maaike wennen yn Suwâld; Tsjibbele en syn bern: Eelkje wennen doe yn Readtsjerk.
Tsjible en Sytske wennen yn 1749 as arbeider mei in pear kij op nr 2, dat is dêr‛t no it leanbedriuw fan Van der Meulen sit. Yn myn tiid, de tritigerjierren, wenne dêr in Tije Luinstra, it wie in âldhûs, dat yn twaaën bewenne waard, mooglik de foarein fan in âldfryske pleats. Yn de tiid fan dit ferhaal, sa om 1750 hinne waard it faak ek troch twa húshâldings bewenne werfan ien fee hie, of sûnder fee, mar dan waard it lân en de stâl troch in oaren brûkt, byg. Sipke Symens Algra yn 1769.
Yn 1750 wennen se op nr 22, it fierste hûs op it reedsje súdlik fan de iisbaan, mei noch ien ko, yn 1751 op itselde reedsje yn in keamer by Boate Sybrens op nr 20 it pleatske fan de diakenije, mar yn 1752 is dy keamer leech en de skoarstien ticht mitsele, dan hoechde Boate der gjin skoarstienjild fan te beteljen. En doe wennen Tsjible en Sytske op nr. 18 op it Heechhiem mei oantekening ‛wordt onderhouden‛ yn 1753 stiet der "Tjibble Minnerts wordt onderhouden, in zijn plaats Albert Wessels." Der stiet net by wer‛t Tsjibble hinne ferhuze wie. Yn‛e floreenkohieren komt hy dan wer foar yn 1756 op nr. 33 it diakenijehûs op‛e Noarderein, oan‛t 1768. Yn 1769 wennet dêr syn widdo noch; "wordt onderhouden en woont in een armenkamer." Yn 1776 wurdt meld: "Tjeble Minderts weduwe getroud aan Tjeerd Harkes van Tietjerk". Har soan Wouter Tsjibles en Maaike Tseards begjinne dan it oare jier op nr. 2.
Oan‛t safier de floreenkohieren. En dan de diakenije rekkens:
Yn 1758 cg 0.17.8 reperaasje oan Tjibble Minnerts hûs (it diakenijehûs op‛e Noarderein). Yn 1760 nochris cg 2.24.16 en hy barde 16 stoeren foar in putsje hekkeljen, yn 1761 stoar Heere Cornelis, dy‛t doe yn nr 18 op it Heechhiem wenne, en barde Tsjible 10 stoeren foar it beklaaien, yn‛e kiste lizzen en de dêrby brûkte 1¼ mingel jenever en 1 stoer foar in grouwweiten bôle. Yn 1764 barde hy noch 4 stoeren foar in ½ mingel jenever by de ferhier fan Albertje Martens 1½ med. 3 febrewaris 1769 barde master Klaas Bouwes, doarpsrjochter en ûntfanger sûnt 1755, 4 stoeren foar it opsizzen fan hierkontrakt fan it hûs fan Tsjible Minderts, mooglik wie hy yn janewaris 1770 stoarn, mar de widdo mei de bern bleau op itselde nr. te wenjen.
En 17 febr. 1770 betellet de diakenije 6 stoeren foar "een pomp bij diaconiehuisje bewoond door de wed. Tjible Minderts."
Wat Tsjibbele mankearde witte we net, mar hy hat nei 1749 it wurk as boerearbeider net mear oankind en waard troch de diakenije ûnderhâlden. Syn bern wienen lokkiger, en ik tink dat der noch hielwat fan syn neiteam yn Suwâld wenje.
ALBERTSJE = Albertsje Martens
Dûmny Datema mient dat Albertsje Martens dêr earder ek yn dat diakenijehûs wenne hie en dêr stoarn wêze soe om 1753 hinne. Mar neffens de floreenkohieren wenne hja yn by Hinke Eelkes yn nr 31 dat foar it earst yn 1753 neamd wurdt, en dat duorre noch oan‛t 1760. Dat kloppet mei Albertom syn oantekens. Dy skriuwt dat Albertsje Martens it hûs nr 18 op it Heechhiem yn 1758 skonk oan de tsjerke op foarwaarde dat hja der oan‛t har dea yn wenjen bliuwe mocht en hja stoar yn 1761. Yn july 1763 betellet de diakenije oan de erfgenamen fan Albertsje noch in jier húshier fan it hûs op it Heechhiem, dêr‛t Heere Cornelis yn wenne hie (nr 18) en dat yn maaie 1761 al betelle wurde moatten hie. Mar dan is it hûs net mear fan de tsjerke, mar fan Kornelis Meints. En letter fan dy syn widdo, dy‛t dan by Hinke Eelkes op nr 16 ynwennet, mar nr 18 yn eigendom hat. Deselde fersoargings sitewaasje; Knjilles Meints keapet it hûs fan de tsjerke, syn frou skinkt it wer oan de tsjerke, op‛e selde foarwaarden as Albertsje Martens earder en wurdt oan Hinke Eelkes útbestege foar fersoarging.
Albertsje Martens oardelmed lân hie hja oan de diakenije skonken, mar hja barde noch de helte fan de hier as ûnderhâld, de diakenije betelle de kosten fan ferhier en hekkeljen. Mooglik hat hja har net mear allinne rêde kinnen en is hja oan Hinke Eelkes foar fersoarging útbestege, dan hie hja noch rjocht op de hier oant har dea ta. De âldereinsoarch gie doe noch wat oars as no.
BOER SYMEN De boer is de doarpsrjochter/ûntfanger Symen Folkerts Algra, dy‛t wenne op nr 1, Syn pleats stie dêr‛t no H.F. van de Meulen wennet. De yn it stik neamde Sytske wie syn tredde frou Sytske Sipkes, der‛t hy 7 december 1738 mei troud wie. Hja krigen noch trije bern, yn 1739, 41 en 43, dy‛t folle letter as folwoeksenen doopt waarden. Yn‛e ledematen list stiet ek dat der problemen wienen en dat se net mear meidienen oan it nachtmiel, hoewol hy in pear jier earder noch diaken wie.
Sytske stoar 28 jannewaris 1751. En Symen 4 july 1754 (sjoch P. Datema Suawoude side 145)
EELKE WOPKES Eelke Wopkes en syn suster Antsje Wopkes wennen op nr 21 hy wie bakker en sil him slim passeard field hawwe, dat in burgumer bakker de bôle foar it leed levere, wylst hy by de buert hearde.
SYTSE DOUWES Sytse Douwes wie feanbaas en komelker en wenne op nr 17 de pleats op it Heechhiem, dy‛t hy hierde fan Eelke Wopkes. Mooglik dat syn frou Harmke hiet.
WIERD BOUWES Wierd Bouwes tsjerkfâld wenne op nr 6. De pleats fan Wierd Bouwes brânde yn 1762 ôf. Nei de dea fan Wierd Bouwes yn 1763 kaam Rinse Douwes op dy pleats, dy‛t it eigendom wie fan syn styfskoanheit Foeke Hayes.
Foeke Hayes van der Meer wie bysitter (it gritenijgerjocht bestie neist de grytman út twa bysitters, deftich hiet dat assessor) hy wenne yn Burgum, hy wie de twadde man fan de mem fan Rinse Douwes syn frou Aaltsje. It is mooglik dat hja beide famylje wienen fan Juffer Berber, want dy waard earder ek neamd as mei eigener fan dy pleats. (sjoch P. Datema Suawoude side 53 en 146)
DUMNY dat wie dûmny MartinusVitringa, 1741-1750; Juffer Berber komt yn de kohieren fan 1748 net mear foar, sadat we oannimme moatte dat hja doe al wei wie. (sjoch foar de wenten dy‛t by de nûmers hearre P. Datema Suawoude siden 213-15.)
JOCHUM ROELS, tsjerkfâld wenne op Nr 3 sunt 1752 en kin doe‛t Berber stoar dus noch gjin tsjerkfâld west ha.
MASTER JAN JANSEN, wie skoalmaster, koster, kloklieder en deagraver yn Tytsjerk.
HINDRIK PITERS, mei bynamme Haagjes wie bakker yn Burgum
EGBERT CORNELS GAIKEMA, wie bierbrouwer en doarpsrjochter yn Burgum oan‛t 1745, doe folge syn soan
Kornelis Gaikema him op as brouwer en as diaken. Tige begoedige minsken mei net allinne in brouwerij mar ek buorkerij en in protte lân.
In juffer Berber Synes Attema, widdo Coenders, dy‛t sûnt 1729 yn Suwâld wenne, mei in famylje grêf yn Tytsjerk! Sa stie it yn de ‛samenspraak.‛
No, doe‛t hja troude neamde hja har Berber Sijnes Attama. Mar hja wie doopt yn Ljouwert as dochter fan de master skuonmakker Siene Freerks en dy syn twadde frou Diltje Harmens, 30 aug. 1674.
Dat hja it earder ek al net rom hie blykt út in feroardieling wegens skoaien op it Bild. Op 12 septimber 1710 waard hja mei twa oare froulju oppakt by St Anna, omdat hja op trije plakken skoaid hienen om in stik iten, mar jild krigen en oannaam hienen, wylst hja bewearden mei hannel by de streek te wêzen. Berber blykte dêr doe ek in pas fan it provinsje bestjoer foar te hawwen. En neidat hja finzen naam wienen, hie hja yn'e herberge noch twa spegeltsjes en in string jern ferkocht. Hja waard feroardiele ta fjirtsjendagen tuchthûs.
In jier letter troude hja op 8 november 1711 mei luitenant Sybrand Walta van Coenders fan Wurdum, mar hja wie doe al 37 jier en faaks al widdo en wenne doe ek yn Wurdum, mar fan in earder houlik en bern ha ik neat fine kinnen, faaks wie se doe dus noch ‛âldfaam.‛ Siebrand wie berne yn 1660 as soan fan Jonkheer Johan Coenders en Jonkfrou Margareta van Walta. Hy wie doe‛t hy mei Berber troude dus ek al 51jier. Ek fan him ha ik gjin earder houlik fine kinnen.
De Walta‛s wienen lju fan ‛adel‛ en meast hege militairen. De Coenders wienen ek beropsmilitairen, en guon nochal hege. Hja trouden faak mei adelike dames en de dochters mei hege militairen, faak bûtenlanders dy‛t yn tsjinst fan de Republyk wiene.
Dat Juffer Berber yn 1729 yn Suwâld kaam te wenjen stiet net yn de ledematen list fan de tsjerke. En yn de Specie kohieren fan Suwâld fan 1749 komt Berber net mear foar, mar noch wol yn it register fan húsgesinnen yn Tytsjerksteradiel fan 1744, hja wenne doe tusken Wopke Sieerds (moat Wopke Eelkes wêze!) en Kornelis Meines, en der stiet by ‛wordt gealimenteerd‛ It is mooglik dat hja op nr 13 by Kornelis Meines ynwenne. Neffens ds Datema wenne dy op it Hiemstee, krekt foar dêr‛t no Jan v.d.Meulen wennet. Of der moat noch in hûs stien hawwe tusken it Hiemstee en wat no ‛de twadde hikke‛ is, dêr‛t doe Wopke Eelkes wenne, of dochs op it Heechhiem, sa as Albertom tocht. It is mooglik dat hja, omdat hja harsels net mear rêde koe, har eigendommen oerdroegen hat oan de diakenije, yn ruil foar fersoarging oan‛t har ferstjerren.
It grêf yn de tsjerke fan Tytsjerk is nr. 6310 út "Friezen uit vroeger eeuwen" de tekst op de stien wie: Anno 1705 den 2 juni is in den Heere ontslapen den eerbaren deughleijke Diltie Harmens wedue van Synne Freerks in leven mr. Schoenmaker binnen Leeuwarden in haar 61e jaar en leit alhier begraven.
Mijn lichaam leit hier onder‛d aard
Mijn ziel is met mijn God gepaard
Sta leezer en bedenk dees‛ korte woorden zin
Alwie met Cristus leeft is sterven groot gewin.
Dat wie dus it grêf fan juffer Berber har mem, mar it is net mear werom te finen yn de tsjerke fan Tytsjerk, dy‛t neitiid gâns feroare is en dêr‛t de âlde grêven op twa nei ûnder de estrikken flier ferdwûn binne.
Ynwenners fan Tytsjerksterdiel, nr G2501 fan de bybleteek fan it Streekmuseum yn Burgum hat: Siene Freerks Attema, Mr schoenmaker te Leeuwarden.overleden 1698 of 1702, Hy wie troud mei Diltje Harmens, Suawoude 31-8-1673; en hja hienen twa bern: Hermanus en Berber.
Siene wie mede eigenaar "nomina uxoris" van Suawoude stem 7(1640 Harmen Sjoerds), 1708 de erven. (Nomina uxoris betsjut út namme fan syn frou)
En yn 1678 mede eigenaar "nomina uxoris" Bergum stem 9. (1640 Beern Theunis) en dat wie Diltsje har pake. Beide pleatsen wienen dus foar in part fan Diltsje en letter fan har bern Hermanus en Berber.
Juffer Berber har mem Diltje Harmens kaam dus fan Suwâld en wie de twadde frou fan Siene Freerks. (By har houlik kaam de namme Attema of Attama noch net foar mar út "ynwenners fan Tytsjerksteradiel" blykt dat Siene Freerks sa wol bekend stie, en har soan Hermanus, dy‛t dûmny wie yn Burum, neamde him ek Hermanus Attema.)
Siene wie earder troud mei in Kinske Alberts fan Ljouwert, en hie dêrfan ek al in dochter dope litten mei de namme Berber. Blykber hie hy frou en bern ferlern.
Sa troude hy yn 1673 mei Diltsje, dy‛t 29 juni 1645 doopt wie yn Suwâld as dochter fan Harmen Jans en Siouck Beerns. Harmen kaam fan Tytsjerk en Siouck fan Sumar. Hja hienen fjouwer bern: Michiel, Jan, Wilke en Diltsje.
Harmen Jans wurdt ‛de weert‛ neamd, hy wie blykber herbergier yn Tytsjerk, op Altenburg? Hy die belidenis yn Suwâld yn 1651, hy hie dêr ek twa broers te wenjen, Jan Jans en Sikke Jans.
Sjoukje Beerns wie berne yn 1613, as dochter fan Beern Theunis, dy‛t yn yn Burgum en yn Noardermar earmfâld wie en eigenerfd boer, earst yn Sumar, letter yn Noardermar, en yn 1640 eigenaar fan Burgum stim 9; stoarn yn 1670.
Bern: Sjoukje, Aukje en Theunis, dy‛t him letter Terwisga neamde.
Sjoukje troude yn 1657 (Harmen wie doe blykber al wei) mei in Hillebrand Hillebrands, en erfde yn 1670 it spul fan har heit.
Har soan Michiel wie doe herbergier op Altenburg, (faaks hie syn heit dat foar him west)
Har twadde soan Jan Harmens troude mei in Wytske Klazes, en harren soan Harmen Jans, wie eigener bûker fan de pleats mei stim 7 en 8 yn Suwâld, diaken yn Suwâld 1706-1708, mei keaper fan Algera state yn Tytsjerk en troud mei in Aukje Alles en hja hienen sân bern: Wytske, Sytske, Michiel, Alle, Jan, Sjouke,( jong ferstoarn) en Sjoukje dy ‛t 11-1-1722 berne waard, mar yn it selde jier rekken Harmen en Aukje beide al wei, want doe waard de pleats ferkocht foar £2000 mar de skuld wie £ 6000, sadat de wezen ferearme achter bleaunen.
En sa lêze jo by Datema, side 51 dat yn 1640 in Harmen Sioerds eigener wie fan de pleats mei stem VII en floreen nr 6, yn 1698 Jan Harmens, Siene Freerx en syn frou Diltsje Harmens en har omke Theunis Beerns Terwisga.
En tsien jier letter yn 1708. De erven fan Siene Freerks, ds Hermanus Attema, en Berber Sienes Attema weduwe fan Luitenant Sybrand Walta van Coenders.Yn 1720 hawwe hja dy pleats ferkocht oan Harmen Jans en Aukje Alles.
Jimme sjogge dat it net slagge is om folle mear oer Juffer Berber en har man Sybrand te witten te kommen. Fansels moat der noch hielwat famylje fan har yn Suwâld wenne ha fan it Harmen Jans folk. En faaks wenje der noch wol in protte fan yn de omkriten,
Mar fan de famylje Coenders van Walta stiet yn it Stamboek fan de Adel neat.
Tafallich fûn ik yn in skrift mei oantekens út it argyf fan de tsjerke fan Suwâld in oantekening fan Albertom, dêr‛t hy alles yn byinoar brocht hie oer Berber Sijnes Attama laast weduwe Coenders, en dat wie in hiele list.
Dy hiele list sil ik hjir mar net oanhelje, mar gearfette wienen der oan kosten foar ferpleging en sykte fan Juffer Berber Attama makke 363 caroli gûnen 7 stoeren en 12 peinjes. Oan neikommen rekkens wienen der noch 116 car. g. 5 st. 8 p; de begraffenis koste 48 car.g. en 9 st. sadat der oan onkosten wienen 528 car.g 2 st. 4 p.
Dêr stie oan ynkomsten tsjinoer, wat fan de famylje, in kwart fan it hûs oan it Saailân yn Ljouwert en fan it boelguod fan har neilittenskip meiinoar 224 car.g. 11 st. sadat der oan kosten foar de tsjerke oerbleaunen 303 car.g. 11 st. 4 p.
Dat wie in hiel fermogen yn dy tiid en ik ferûnderstel dat hja dêrfoar, doe‛t hja har sels net mear rêde koe en help nedich hie, op‛e selde manier as Albertsje Martens, har hûs yn Suwâld oan de tsjerke of oan de diakenije skonken hie, op foarwaarde dat de diakenije har fierdere fersoarging regele en betelle. Dat dat hûs der wie blykt wol út de rekkens foar ripperaasje oan it hûs fan Berber Attama.
Dat hja meieigener wie fan‛e Douma‛s pleats en in hûs oan‛t Saailân, en in eigen hûs hie yn Suwâld, lit wol sjen dat hja dat net út earmoed die, mar harsels net mear rêde koe en ferpleging nedich hie.

Ut de rekken blykt dat hûs oan it Saailân de sulversmidswinkel te wêzen fan Dominicus Silversmid. Mooglik dat dy it by har ferstjerren wol kocht hat fan de famylje Attama.
Sulvermerk fan Wibe Dominicus
Dominicus, Wibe. Werkzaam te Leeuwarden. Geboren Leeuwarden 1720. Huwelijk te Roordahuizum in 1757 met Tieltje Andeles. Mr. 1744. Activiteiten als zilversmid gestaakt voor 1781. Overleden te Leeuwarden 20 mei 1789.
Oernaam fan:http://members.home.nl/jan.schipper/merkenfrindex.html.
Aldereinsoarch yn‛e 18-de ieu.
Troch boeren waard de pleats faak neilitten oan ien fan de bern, soms de âldste mar faak ek de jongste fan de jonges, dy‛t op de pleats bleau en by heit en mem ynwenne mei it betinkst dat hy meidertiid de pleats oer kriege en de fersoarging fan syn âlden op him naam. By rike lju wie it gjin probleem, dy koenen folk genôch betelje om har te fersoargjen. En as hja sels net mear goed mei de holle wienen, dan koe in notaris of in rintmaster dat wol foar harren regelje.
Mar foar immen dy‛t safolle jild net hie, en gjin famylje en gjin bern; en dy‛t him of har net ynkeapje koe yn in gasthús, wie it wol in probleem en dat moast op‛e tiid regele wurde.
Earder yn de midsieuwen wie dat in taak foar de kleasters. Dy namen faak sokke minsken op, en waarden dan de ienige erfgenamd, dy alle eigendom en alles dat harren noch tafalle mocht út erfpoasjes of fergoedings, yn eigendom krige en dêrfoar de minsken oan‛t harren ferstjerren ta fersoargen en ek noch dêrnei foar begraffenis en sielemissen boarch stienen.
Gasthuzen en earmhuzen hienen yn‛e stêd dy taak oernaam. Yn in gasthûs koe men jin ynkeapje, yn in earmhûs soargen stedsbestjoer of tsjerke foar de nedige stipe.
It hong hiel bot fan de fermogensposysje fan sa‛n gesticht en fan de kundigens fan de lieding ôf, hoe goed dy fersoarging wie. Men kin fan tinken wol ha dat it yn it gasthûs aardich better wie as yn it earmhûs!!! Mar it wie foaral foar siken tige ‛primityf.‛ Siken leinen faak mei in protte minsken yn ien seal, en faak mei twa of mear!! yn ien bêd of bedstee. Gjin wûnder dat de measten leaver thús bleaunen en har troch bekenden fersoargje lieten en yn it doarp wie ek gjin gasthûs.
Foar Berber begûn it yn 1729, hja kin al wol langer yn Suwâld wenne ha, mar dêr ha ik gjin bewiis foar of tsjin. Yn 1729 wurke hja sels noch mei en krige fergoeding foar it meitsjen fan 2 himden foar Durk Gerbens. Mar fanôf 2 jannewaris 1730 wurdt der betelle foar har ûnderhâld. Soms kriget hja wat bûsjild, de rekkens fan leveransiers wurde foar har betelle en guon minsken wurde betelle foar soarg en ferpleging dy‛t hja oan Berber jûn hawwe.
Dat liket dochs wurk fan de ‛buert‛ te wêzen; it binne foaral Antsje Wopkes en Albertsje Martens dy‛t har fersoarge hawwe. En Sytse Douwes en Wopke Sierds, dy‛t holpen as dat nedich wie. En fierder binne it allegear minsken fan‛e Suderein en it Heechhiem. Dat wie foar har dus de ‛buert‛. En dat wiist der ek op dat hja op it Heechhiem wenne.
Fan 5 des. 1751 oan‛t 27 febr. 1752 waard hja ferplege yn it hûs fan Ludzer Tseards, in arbeider, dy‛t neffens Datema wenne dêr‛t yn‛e 70-ger jierren Tjitte Kooi wenne, by de iisbaan, no Suderein 20. Ludzer syn frou Harmke Joukes ferpleechde har doe en tsjinne dêr foar, by de neikommen rekkens, boppe it kostjild, foar dy 12 wike 14 car.g. 5 st., noch in rekken yn fan 3 car.g. Earder wie it ûnderhâld iderkear 11 stoeren yn‛e wike, mar de ferpleging kaam dêrmei op mear as it dûbele, 29 stoeren yn‛e wike.
Omdat it kostjild 27 febrewaris 1752 ophâld, nim ik oan dat hja yn dy lêste wike ferstoarn wie. (En dus net foar 1749 sa as ik tocht omdat hja net yn de kohieren fan 1749 foar kaam. Mar dêr fine jo Wopke Sierds ek net yn, en dy komt yn‛e doop en trou boeken fan Suwâld/Tytsjerk wol foar, en ek yn dizze rekkens.)
Boer Symen, wurdt yn‛e rekkens allinne neamd foar it leverjen fan bûter op‛e begraffenis. En Tsjebbele Minnerts, dy‛t in haadrol spile yn it stik komt alhiel net yn de rekkens foar; allinne syn frou, Sytske Wouters, ‛voor ghedane diensten aan Berber Attama‛ 6 stoeren, hat hja betsjinne by de begraffenis? Hja wennen doe op it Heechhiem en hearden dus by de buert.
De measte minsken dy‛t yn‛e rekkens foarkomme ha we al besprutsen yn it maart nûmer 2008 fan Meiinoar en dy steane ek wol yn "P. Datema Suawoude" side 214.
En hja sille de lêzers fan dizze stikjes stadichoan hast like bekend yn‛e earen klinke as de Suwâldsters fan hjoed-de-dei.
Yn de oantekens fûn ik noch in mienskiplike administraasje yn Suwâld yn de 19de ieu. Yn dy administraasje, dy‛t Albertom net alhiel oerskreaun hat, mar allinne dat dat hy fan belang fûn, giet it oer it ûnderhâld fan twa brêgen, in grutten en in lytsen. Ik wie hiel nijsgjirrich wêr‛t dy brêgen wienen, want dat stie der nergens by.
Gelokkich stienen der ûnkosten yn foar it skriuwen fan ‛rekwesten‛. It wie dúdlik dat dy oan it gemeentebestjoer rjochte wienen en dat joech de kâns dat dy yn it gemeente argyf wêrom te finen wienen. En dat bliik ek sa te wêzen. It gie neffens de "Inventaris Eilers nr. 259 "over het wegnemen van het brugje bij de Hogendijk onder Tietjerk"
Yn eltsgefal ien brêge, mooglik beide, leinen dus yn de Alde suwâldsterdyk.
Ik naam oan dat de brêgefâlden en de kontribúsje betellers de belanghawwenden by de brêgen wienen, omdat hja dêr gebrûk fan makken om by har hûs of lân te kommen, krekt sa as dat gie by de barten op‛e Rûchfinne, dat wie hjir folle minder maklik fêst te stellen. Fan mar in pear minsken wurdt de namme neamd foar it beteljen fan kontribúsje en dat allinne omdat hja ien of twa jier achter wienen mei beteljen. Achternei bliik dat it ûnderhâld fan dy âlde Suwâldsterdyk of Hegedyk foar rekken fan de ynwenners fan Suwâld wie. It hiele doarp betelle der dus oan mei. De oantekens begjinne yn 1810, (dus noch yn de ‛frânske tiid‛) en rinne oan‛t 1861.
Yn 1810 begûnen Wybren Rinderts Gerritsma "als administreerend Bruggevoogd te Suawoude en Yke Ritskes Bergsma als toeziend voogd aldaar." Blykber begûnen hja yn july nei in rekkengearkomste, dêr‛t de ôfgeande brêgefâlden, de "Weduwe Sipke Symens Algera en Tseerd Wouters (Hiemstra), volgens akkoord bij de stemming " noch 20 gûne fan oerdroegen, dat wienen doe noch de caroligûnen ferdield yn 20 stoeren en de stoer yn 16 penningen of ‛duiten‛, skreaun as: 1-19-15, ien gûne 19 stoeren en 15 duiten. Dat rekkenjen yn caroligûnen gie noch troch oan‛t 1830, doe waard de skriuwwize foar datselde bedrach ƒ 2,00;(de 15 duiten ôfrûne nei boppe makket de 20 stoeren fol en dan is it twa gûne.)
De jierlikse kontribúsje wie net foar elk gelyk, en wie ek net alle jierren gelyk, sadat ik oannim dat de oanslach rekken hâlde mei de grutte fan it lân en mei de kosten dy‛t yn de tiid fan de ôfgeande brêgefâlden makke wienen en op de rekkendei fêststeld waarden. Sa gie it by it barteset en de mûne ek. De ûnkosten gienen oer de reparaasjes oan de brêgen, it is meastal wurklean en mate

Yn maart 1823 wie it brêgedek fuort, mei heechwetter en stoarm der ôfslein? Klaas Mellema krige 8 stoeren om it wer op te sykjen.
Yn 1853 en ‛54 waarden der ferskate ‛rekwesten‛ skreaun "over het wegnemen van het brugje" mar yn 1855 wurdt der wer goed ƒ 8,– útjûn foar it opmeitsjen fan it bregje, it bleau dus bestean. Gelokkich binne de rekwesten, dy‛t master Beerda yn 1854 skreau, noch yn it argyf fan de gemeente en ek de antwurden fan it gemeente bestjoer dêr op.
It blykt te gean oer de de "brug in de Hogedijk" en "in de Suawoudster Oudedijk lopende tussen de Zomerweg en de Warren" en twa kear "de brug in de weg naar Suawoude. De Suwâldsters, fertsjintwurdige troch Douwe Ykes Bergsma en Daniel Bouwes van der Meulen, wolle it bregje opromje en ferfange troch in daam mei in pomp dat is folle minder kostber en folle feiliger foar de "rijtuigen".
Mar it gemeente bestjoer hat de fjildwachter der op útstjoerd om de miening fan de oare belanghawwenden te hearren, en dy woenen der neat fan witte, omdat dat de wetterlossing yn gefaar bringe soe. Sadwaande koe it gemeentebestjoer it fersyk net tastean en waarden de brêgefâlden der op wiist dat hja dus ferantwurdlik bleaunen foar degelik ûnderhâld fan de brêge en trochstreaming.
Dy fjildwachter sil wol net de suwâldster fjildwachter west ha; Sake Ritskes Bergsma, dy‛t buorke dêr‛t no it leanbedriuw fan van der Meulen sit, en súdlik dêrfan. Yn it kadaster komt hy foar as ‛de veldwachter R.S.Bergsma, hy folge yn 1819 syn broer Yke Ritskes op as brêgefâld oan‛t yn 1823 en ûndertekene ek letter noch ôfrekkeningen.
Noch yn 1858 kaam der foar ƒ30,50 in nij brêgedek, mar der stiet net by foar welke brêge, dus ik tink foar de grutte. In earder brêgedek foar de lytse brêge koste mar ƒ8
Fan ‛59 bin der gjin rekkens, mar yn april ‛60 wurdt de beskoeiing wer opmakke en de leuning fernijd. Op 6 juni 1861 wurde de lêste kosten betelle oan Yke Douwes Bergsma, in kwartsje foar it rûnsizzen fan de ôfrekkengearkomste.
Ut dizze ûnkosten blykt wol dat it om houten brêgen gie, gjin barten, se koenen dus net flapt, draaid of ôflutsen wurde. Dan leinen hja net oer fearten dêr‛t gruttere skûten troch farre koenen, heechstens in pream of in fiskersskou dy‛t der ûndertroch koe.
De ynkomsten blike te bestean út "contributie van ingezetenen van Suawoude" 10 gûne 4 stoeren foar twa jier, ut it ferhieren fan de fiskerij yn de brêge (oan‛t 1822), en it ferhieren fan it gêrs op de ‛hoge dijk‛. Dy namme hegedyk sei my ek neat, mar faaks binne der guon fan de lêzers dy‛t noch witte dat de âlde suwâldsterdyk sa neamd waard.
Yn it gemeente argyf wurdt de wei dêr‛t de brêge yn lei Hogedijk neamd, en dumny Datema neamde de âlde wei fan de Noarderein nei de Simmerdyk ek Hogedijk. (P. Datema, Suawoude, side 89)
Doe‛t yn 1830 oergien waard op de nije nederlânske gûne waard de ferhiering fan it gêrs op de hegedyk oerlitten oan notaris Brouwers. Mar dat levere mar sa‛n bytsje op, dat se it yn 1837 wer ûnderhâns dienen. Yn 1855 barden se foar it ‛rijs‛ ,(biezemriis), fan de hegedyk ƒ0,30. Blykber wienen dêr dus beamwâllen mei bjirken.
Yn 1851 barden se foar it earst ƒ 5,25 subsydzje fan de gemeente. Yn 1860 noch ris ƒ23,50 en dat wie blykber om de brêgen op te heffen, want op 6 juny 1861 waard de lêste rekkendei hâlden " ten huize van Bouwe Daniëls van der Meulen, hij wordt door allen bedankt en de brugadministratie ontbonden."
En wer kinne dy brêgen no lein hawwe. It stikje kaart hjir njonken is in stikje fan de kaart fan Eekhof út dyselde tiid. It lit de hegedyk sjen mei namme de oude-weg fan de Simmerdyk oan‛t de Warren, der binne twa plakken dêr‛t hja wetter krúste, by de eastlike hals fan de "Zanding" en efkes súdliker dêr't de feart om itselde polderke de wei krúste.
( Sjoch de pylken ) Mooglik wienen dat de plakken dêr‛t de brêgen leinen. Wis is dat lykwols noch net, dat as immen der mear fan wit wol ik dat wol graach hearre.
Sa as we by de stikken oer de begraffenis fan Juffer Berber al seagen, yn Meiinoar fan febrewaris 2008, waarden alear de deakisten troch de doarpstimmerman op maat makke. Yn de oantekens fan Albertom komt dan ek in boekje foar mei de nammen en leeftiden fan de minsken dêr‛t Albertom fan 1891 oant 1926 in deakiste foar meitsje moast, meiinoar 220 stiks.
De administraasje is net alhiel krekt as men it ferliket mei de gemeente administraasje, it is faaks letter út it ûnthâld optekene, en soms binne nammen en leeftiden net mear bekend, en stiet der "kindje van D. Oosterman oud?" of "Hielkje J. van der Meulen" sûnder datum of leeftiid, wylst it in Sijke blykte te wêzen fan 7 dagen âld.
It koste efkes tiid om de bern sûnder namme en leeftiid op te spoaren, mar mei help fan Ria van Hemmen op it gemeente argyf en www.alle friezen.nl is it dochs slagge.
In pear opmerkings
It past net om dy list hjir alhiel ôf te printsjen dochs jout it oanlieding ta in pear opmerkings. Elk wit dat de sûnenssoarch goed hûndert jier ferlyn sa goed noch net wie as no en it wie fansels ek net oeral gelyk. Yn de grutte steden, foaral de steden mei universiteiten en akademyske sikenhûzen, wie it in stik better as op it plattelân, mar dêr wie ek in soart fariaasje troch omstannichheden, earmoed, tradysjes, gewisse beswieren, bygelyks tsjin ynintsjen ensafuorthinne.
Bernestjerte
Opfallend is it hege stjerte sifer foar bern oant en mei 1jier, 48, en fan bern fan 2 oant 5 jier ,8, meiinoar 56, dat is mear as 25 % fan it tal ferstoarnen.
En it is ek net sa dat der nei 1900 folle ferbettering is. De heechste getallen komme foar yn 1892,-93 en -95,elk jier 3 en foaral 1904 mei 7 en 1905 mei 4 springe der út, mar dat jild ek foar de âldere leeftiids groepen, wylst der trochinoar 6 ferstoarnen yn it jier binne, binne der yn 1904 meiinoar 15 en yn 1905 18. En ek it oantal ferstoarnen yn de gemeente wie yn dy jierren ûngewoan heech, sûnder dat de jierferslaggen melding meitsje fan slimme of besmetlike sykten. Men soe sizze, der moat dochs wol wat oan‛e hân west hawwe.
Net goed genôch foar statistyk
No wie it net sa dat Albertom de ienige wie dy‛t kisten makke. Yn 1894 makke hy 4 kisten, mar der wienen 9 begravingen yn Suwâld. Yn 1900 makke hy 2 kisten, mar der wienen 10 begravingen, neffens de jierferslaggen fan de gemeente.
Dat makket dat dizze list fan Albertom allinne net goed geskikt is foar in statistyk oer de berne-stjerte yn Suwâld yn it earste kwart fan de foarige ieuw, dan moat men djipper yn de gemeente administraasje dûke, en alle oanjeften fan ferstjerren neisjen. Dy komme meidertiid allegear op it ynternet te stean yn www.alle friezen.nl, fan guon gemeenten steane se der no al yn, Tytsjerksteradiel moat noch skent wurde, dus dat duorret noch efkes, mar nammen en data binne al oernaam, dy binne dêr dus al te finen.
De Spaanske gryp
Eins hie ik ferwachte dat der foaral yn‛e earste wrâldoarloch troch earmoed en min iten, en foaral yn 1918 en -19 troch de Spaanske gryp, folle hegere sifers wêze soenen, mar dy wienen mar in bytsje heger as trochinoar; 10 yn 1918 en 9 yn 1919, en dêr wienen grif in oantal slachtoffers fan de gryp by, de âlderen fan jimme kinne der fêst in mannich út har famylje opneame.
De T.B.C.
Ek is it mei dizze list net mooglik de ferskate golven fan tuberkuloaze nei te gean. Dochs wie dat yn it begjin fan de foarige ieu, ek yn Suwâld, noch in folle foarkommende kwaal. It heucht my dat der yn Suwâld yn‛e tritigerjierren ferskate ‛tintsjes‛ stienen, gelokkich stoaren dy, meast jonge minsken, der net allegear oan, mar de sykte wie minstens sa berucht as de kanker hjoed-de-dei.
Rampen
Dochs komt men wol in oantal skrynende gefallen tsjin.
Bouwe Wouters Hiemstra ferlear syn earste frou Antsje 10 dagen nei dat hja befallen wie fan in lytse Wouter. Hy troude 4 jier letter wer mei in Geartsje Loonstra, en hja krigen noch fjouwer bern. 15 jier gie alles bêst, doe sloech it needlot ta. Geertsje wie al 44 doe krigen se noch in neikommerke, in Martinus Johannes, mar 9 dagen letter stoar earst Geartsje, in pear wike letter de lytse Martinus, it folgjende jier jannewaris Aafke fan 12 en yn maart Antsje Geartsje fan 6jier. Yn ien jier fjouwer stjergefallen yn ien húshâlding. En sokken wienen der mear, ik ha te min romte om se allegear op te neamen.
Mar guon waarden ek âld.
De âldste yn de list waard 92jier. Dat wie Hendrik Ruurds Posthuma berne 28-11-1834 yn Aldegea Sm en ferstoarn 24-12-1926 Suwâld. Hy wenne dêr yn by syn soan Ruurd Posthuma. Hja wennen neist bakker Sipke Wadman, yn wat doe nr 61 wie, yn 1928 wenne Ruurd dêr noch allinne.
Douwe Siemens Algra waard 90 jier en 10 moanne;
Ieskje Jans Haarsma,de widdo fan ds Kreulen 90 jier en 8 moanne;
Sijke Lefferts Annema, widdo fan Anne Piekstra 89 jier;
Anne Eetzes Sikma, (de heit fan "Sake Baaie"), 88 jier en 11 moanne.
Yn de list steane 30 dy‛t âlder waarden as 80 jier. 13,6% fan de 220. De libbenstiidferwachting by de berte wie doe net heech ik skat it net heger as 40 jier. No is de libbenstiidferwachting yn ús gemeente foar manlju 75 en foar froulju 80 jier. Dat is al in hiele ferbettering neffens 75 jier ferlyn. In goed foarútsicht dus foar ús jongerein, at se teminsten goed op har sûnens passe! Mar it is net elk jûn om sa âld te wurden. Sûnens is in jefte dêr‛t je sels mar in bytsje oan dwaan kinne en dus tige tankber foar wêze moatte.
Minsken binne net altyd foarsichtich genôch en dus giet it faak noch krekt goed, mar soms giet it goed mis, en dan sprekt men fan in ûngelok. Dat wie by âlds al krekt lykas no, al wie it ferkear doe hiel oars as no, ûngelokken kamen doe ek foar en soms ek slimme mei in protte slachtoffers. Fierwei it measte ferfier fan fracht en persoanen gie doe mei beurtskippen. Suwâld sil ek altyd wol ien hân hawwe.
Yn de oantekens sit in beskriuwing fan de ôfhandeling fan in ûngefal op‛e krúswetters ûnder Garyp.
De oanjefte wurdt op tekene troch de sikretaris fan Tytsjersteradiel Jetze van Sminia, mei as getuge Fokke Ypey, as ‛mederegter‛. Hja makken dêr dit stik fan op:
"Inventarisatie en beschrijvinge van de losse goederen door Jan Jochems, Pyter Symens, Goijtzen Atzes en Jan Reins veerschippers van Optwijzel en Cootstertille alhier int regthuis gebragt van een vreemdeling genaamd Harmen thuishoorende in de Pekel A.
Hja wienen de 25'ste juny mei ûngefear 60 persoanen op har skip ûnderweis nei Snits. – It sille foar in part ‛hantsjemieren‛ west hawwe, ûnderweis nei de greidhoeke om de boeren dêr te helpen yn de ûngetiid--. Harmen wie troch it omgean fan de fok oerboard slein en ferdronken.
Syn plunjesek wûrdt yn it bywêzen fan de skippers ‛visiteerd‛; de ynhâld bliik te bestean út:
Twa manlju‛s himden murken mei de letters H.N.
Twa âlde Turkslinnen broeken. Ien âlde linnen ‛hemd rok‛.
Ien pear ‛gespikkelde Uitlandsche kouzen‛.
In koker mei in skearmes.
In Amsterdamse almanak fan it jier 1787.
In pear skuon mei riemen.
In âlde blikken tabaksdoaze mei wat stopjern, in swarte manlju‛s hoed.
En in dûbele linnen sek.
Aldus geinventariseerd door ondergeteekenden: en dan folgje de seis hanteekens.
En dan is der noch in rekken mei oantekens fan de doarpsrjochter fan Burgum, Hinse Wytses.
De doarpsrjochter fan Garyp hat sa lang socht dat se de ferdronkene fûn hienen en him oan lân brocht en mei de wein nei Garyp ferfierd en dêr beklaaid, yn 'e kiste lein en begroeven. Dat blykt út de rekken:
Dorpsregter van Garijp heeft bij de overledene aan geld bevonden 21 cargld.
De losse goederen, (dat wie dus it guod fan de ynfentaris hjir boppe) wienen by opbod ferkocht en hienen opbrocht 9-9-8 meiinoar dus 30-9-8
It finen, út it wetter heljen en ferfier fan de Krúswetters nei Garyp 2 - 4-0
in lekken en in deadshimd 1-12-0
beklaaien en ôflizzen 1 - 8-0
foar de kiste 7 - 0-0
Oan de deagraver foar it begraven 0-16-0
en foar de oeren, onkosten en reiskosten fan de doarpsrjochter 5 - 0-0
meiinoar 19 - 0-0
Der wie dus noch oer 11-9-8

Ut neat blykt dat de neibesteanden berjocht hân hienen of dat it jild dêr hinne stjoerd of brocht waard. Dat koe ommers net sûnder kosten, en dan wienen dy grif oanjûn.
Alles meiinoar wie it yn in goed wike ôfhannele, de datum ûnder de rekken fan Hinse Wytses is 2 july 1787.
Harmen wie dus blykber gjin meander, want dy namen har ark, in seine en harring sels mei. En dat komt yn de ynhâld fan syn plunjesek net foar. Mar ek gjin hannelswaar fan in bakjerinner. It sil dus dochs wol in ûngetider west hawwe.
Men freget jin ôf, mar hat men mei safolle minsken op it skip dan neat dien om de man dy‛t oerboard foel te rêden? Wie der net ien oanboard dy‛t swimme koe? In protte k:âns fan net, ek skippers koenen doe meastal net swimme.
En dan wol 60 minsken op sa‛n beurtskip, wie dat net wat te folle? Wy binne sa gelokkich dat der krektlyn in ‛replika‛ fan sa‛n beurtskip yn Earnewâld te wetter litten is, dan kin men wol sjen dat 60 minsken op sa‛n skipke wol in hiele protte is en dat der dan, by it troch de wyn gean en it omgean fan de fok, maklik ien oerboard slaan kin.
De Aebelina
En it is net mooglik mei in silend skip samar te stopjen of om te swaaien. As de drinkeling net fuort yn it foarbyfarren oppikt wurdt, duorret it, foar ien dy‛t net swimme kin, fierstentelang eart it skip wer by him is. Oer feilichheids maatregels as swimfesten, reddingsboeien of sa beskikte men doe noch net. Hoewol út de "oktrooyen en reglementen" foar beurtskippen blykt dat de skippen goed ticht, feilich en oerdekt wêze moasten en dat dat troch de oktrooy jouwers, de stêds en gritenij bestjoeren ek geregeld kontrolearre waard. Oerbeladen wie ek net tastien, as der tefolle fracht oanbean waard of tefolle minsken mei farre woenen, dan moast de beurtskipper foar in reserve skip soargje en de lêst ferdiele. Allinne as dat minder opbrocht as ƒ15 mocht er dat wegerje.
Yn it argyf fan de Leeuwarder Courant kin men in hiele protte rampen en ûngelokken mei beurtskippen fine, de measten op de Sudersee/Isselmar mar ek ferskate op‛e binnewetters. En sa as men koartlyn lêze koe, giet it ek hjoeddedei by skûtsjesilen wol ris mis, reitsje der minsken te wetter, of komme mei stikkene ribben yn it sikenhûs te lâne. Mar no is der hast altyd wol help by de hân, draacht elk in swimfest, en kinne de measten goed swimme! En dat wie eartiids wol oars.
Yn de oantekens is in stik fan 8 kantsjes, oer de steedhâlder foar keizer Karel V, Schenk van Toutenburg. Net sa frjemd fansels, Albertom kaam op syn reizen nei Ljouwert altyd de Swartewei lâns en it plak dêr‛t de Toutenburg oan‛t 1856 stien hie foarby. Albertom wie fan 1863 en hie dat âld kasteel dus sels net mear kent, mar sil der noch wol in protte oer heard hawwe en it sil him altyd wol tige ynteresearre ha.
Jurjen (of George) Schenk van Toutenburg

De Swartewei
Yn 1529 stelde hy de steaten foar om in wei oan te lizzen fan de stêd nei syn hûs en dy te fersjen fan brêgen en mei pún te ferhurdzjen. De steaten seinen dat hja har beriede soenen, de stêd Ljouwert stie foar in treddepart fan de kosten en Eastergo sei 800 florenen ta, mar de oaren woenen fan neat wite, hja hienen der gjin belang by.
Twa jier letter by de lândei wie der noch neat bard. Mar doe hienen de Ljouwerters har nocht en begûnen mei it oanlizzen fan de wei earst oer de Lekkumerdyk oan‛t de Bonkefeart, dêr‛t se in tolhûs setten om de kosten te bestriden, en doe fierder bylâns de Bonke, mei in hegebrêge oer it Alddiel en de skânsenbrege oer de feart tusken de Grutte en de Lytse Wielen, dêr kamen noch twa skânsen by om de wei nei de stêd te ferdigenjen by in oanfal, en sa nei de Toutenburg, en dêr hyt it no noch altyd Swarteweisein. Twa jier letter regele it Hof fan Fryslân de fergunning foar it tol, dus doe wie de wei klear.

De Gelderske oarloch
As steedhâlder wie van Toutenburg it meast beset mei de oarloch tsjin de Geldersken, dy‛t yn‛e mande mei Eastfryslân, Grins en de Fetkeapers, har tsjin it Boergondyske gefaar fersetten. Derby hie hy gâns sukses, ek al omdat it it Boergondyske ryk net oan jild ûntbriek, en hy net sa bang wie en dêrby ek faak syn libben weage en sels gauris ferwûne waard, yn 1522 in skot yn syn skonk foar Genemuiden, by Surhuzum yn in slach mei de Geldersken in skot yn‛e earm, in wûne oan‛e skouder foar Dokkum en ien yn‛e side foar Sleat, tagelyk mei syn fjildoerste Wassenaar. Hy hie it gelok dat syn wûne wêr bettere, wylst Wassenaar in pear dagen letter stoar.
Yn 1528 waard de wrâldske macht oer Oeryssel en Drinte oerdroegen oan de Keizer en doe waard van Toutenburg huldige as steedhâlder fan Oeryssel en Drinte.
Yn 1536 hie hy Grinslân ek alhiel yn hannen en waard dêr doe ek steedhâlder.
Sa waard hy ien fan de machtichste mannen fan it Boergondyske ryk. Ridder yn de oarder fan it Gouden Flues, in rûntsje fan de 50 machtichste mannen fan syn tiid.
Hy wie gjin maklik man om mei om te gean. Tige betûft mar ek tige wreed yn syn oarloch fieren. Albertom neamd as foarbylden: It deaslaan fan Heerke Feykes fan Marsum en syn mannen, by it ynnimmen fan Waltahûs te Wiuwert. It ophingjen fan njoggen man fan de Geldersken, dy‛t har oerjoegen by de ferovering fan Warkum en it ophingjen, ûnthalzjen en fersûpen fan de dopersken nei de ferovering fan Blomkamp.

De Werdopers
Neist, en mei troch it oarlogjen en de opkommende reformaasje en troch earmoed en ûnrjocht, wie der in protte soasjale ûnrêst en opstannen.
Keizer en steedhâlder wienen dêr fûl tsjin en besochten it mei geweld te smoaren.
Net sa frjemd as je wite hoe‛t it der yn Münster oanwei gien wie. Dêr wienen de dopersken oan‛e macht kaam en hienen al wa‛t him net dope litte woe de stêd útjage. Hja rôpen de stêd út ta it Nije Jeruzalim, alle eigen besit waard ôfskaft, op it sûndigjen tsjin de tsien geboaden kaam de deastraf, hja ferwachten elk momint it lêste oardiel.
Hja stjoerden boaden út nei alle lannen om dopersken op te roppen har te helpen en de stêd, dy‛t troch de ferjage biskop belegere waard te ûntsetten. Yn Fryslân kaam as boade Jan van Geelen en sammele mear as 300 dopersken, dy‛t har nestelen yn it kleaster Blomkamp by Hatwert, peaske 30 maart 1535.
Toutenburg belegere it kleaster en besocht har earst mei ûnderhanneljen ta reden te bringen. Hy woe gjin opstân útlokje; mar hja rekkenen der op dat it folk yn opstân komme soe om har te helpen. Dat barde net.
Nei sân dagen fan besjitting en ferskate bestoarmingen waard it kleaster ynnaam, de measte ferdigeners deaslein, de lêsten ophong, de froulju meinaam nei Ljouwert en dêr troch it Hof feroardiele en fersûpt yn de Himpenser mar.
De Diken
By al dat oarlogjen wienen de diken min ûnderhâlden en by stoarmen yn 1524 en 25 foaral yn Westergoa slim beskadige. De dykplichtigen dienen har bêst, mar koenen it net allinne oan en woenen help hawwe fan de binnendyksters (eastlik fan de Slachte) mar dy en Eastergoa, dat syn diken ynoarder hie, woenen fan neat wite. De steedhâlder slagge der yn in regeling te treffen. Seis stoeren op‛e floreen yn trije jier te beteljen. It duorre oan‛t 1533 eart der in goede regeling kaam foar it ûnderhâld fan de diken yn Westergoa en de Sânwâlden. Dy regeling it ‛Grut arbitramint‛ gie 7 maaie 1533 yn.
Op 2 febrewaris 1540 stoar Jurjen Schenk van Toutenburg, noch gjin 60 jier âld, op syn kasteel by Vollenhove oan de behandeling fan de wûne oan syn skonk, dy‛t hy by de belegering fan Genemuiden opdien hie en dy‛t nea alhiel bettere wie. Syn soan Carel erfde it slot Toutenburg op Swarteweisein.
Yn de oantekens binne der in pear skriften mei skoalle ferhalen, ynplakte kranteknipsels fan stikken dy‛t master F. Bos om 1910 hinne yn it Nieuwsblad van Friesland skreaun hie ûnder de titel: ‛Schooltoestanden voor 100 jaar.
It giet oer de skoallen yn it 4-de ynspeksjedistrikt yn Fryslân, mei as ynspekteur ds. Horatius Nieubuur Ferf; en dy ferhalen komme allegear út de ferslaggen yn it "Memoariaalboek" fan de ynspekteur. In man dy‛t syn wurk mei in protte tawijing die.
It giet dus om ferhalen oer tastannen út in wide krite om Suwâld hinne, Suwâld foel ek ûnder dyselde ynspeksje. No de skoalletastannen yn Suwâld yn dyselde tiid binne al troch ds. Datema beskreaun, siden 169-179, dus sjogge we no efkes by in oar, mocht der noch al wat nijs oer Suwâld te foarskyn komme dan nimme we dat ek wol mei.
Krektlyk as yn Suwâld wienen ek yn de oare doarpen de skoallen in oanbouw fan it kostershûs, dat wie yn de ieuwen dêrfoar altyd sa west. Troch de grutte bernestjerte, en de earmoed wienen der faak mar in pear bern dy‛t nei skoalle gienen. Twintich op in doarp as Suwâld of Jistrum wie in protte. Underwiis oan in hiele klasse wie dus net mooglik, master rôp in pear bern fan sawat deselde leeftyd en beleardens by syn ‛kateder‛ en behannele mei harren in leske, joech se wat opjeften mei en rôp dan in folgjend groepke. It wie net maklik sa oarder yn‛e skoalle te hâlden, guon bern ferfeelden har ferskriklik en ferfoelen dan maklik ta kattekwea. Yn 1806 kaam der in skoalle wet en dat betsjutte ynienen folle mear bern en dêr wienen de masters, de skoallen en de learmetoaden net op berekkene.
Bûtenpost
De master yn Bûtenpost gie dat oer de fûst, hy hie wol 80 bern yn ien lyts lokaal ûnmooglik om les te jaan en oarder te hâlden, sadat hy oan‛e drank rekke en de bern mar frij joech ‛omdat de loft blau en de master dronken wie‛. Yn 1808 waard hy ôfset, en it duorre noch oant 1823 eard der in nije gruttere skoalle kaam.
Burgumerheide
De bern fan‛e Burgumerheide, wol in 100, hienen alhiel gjin skoalle, hja rûnen neffens de ynspekteur as wylden om yn‛e heide of joegen in protte oerlêst, omdat hja nei de omlizzende doarpen stjoerd waarden om te skoaien.
Yn it begjin wie Kúkherne noch it sintrum, alles gie doe noch mei‛t skip, mar it slagge, ek mei help fan de ynspekteur, net dêr in skoalle fan‛e grûn te krijen.
In skoalle yn Kûkherne soe bern lûke út trije gemeenten, en it wie ûnmooglik dy trije gemeenten ta in ienriedich beslút te krijen.
Dat feroare earst doe‛t der in wûnder barde. Der kaam in strjitwei! fan Ljouwert nei Grins. Dwars oer de heide fan Hurdegaryp oan‛t de Swarte tille. Dat makke dat der oan beide kanten fan de nije wei heide oanmakke waard en pleatsen en hûzen boud, sadat de bewenning no by de strjitwei lâns kaam.
En wûnder boppe wûnder, de kening sels, kening Willem II, "De held fan Waterloo", kaam yn july 1841 nei de heide en stoppe dêr efkes, sadat de heidebewenners harren held bewûnderje en ta jubelje koenen. Fan dy gelegenheid makke de ynspekteur gebrûk om de kening in petysje oan te bieden, om befoarderje te wollen dat der in tsjerke en in skoalle kaam op‛e heide, sadat de bern dy‛t him no tajuichten en dy‛t gjin inkel ûnderwiis krigen, net opgroeie soenen ta galge en rêd, mar opfied wurde mochten ta alle kristlike en burgerlike deugden.
Om‛t er bang wie dat sa‛n fersyk by alle drokte útewei reitsje soe, skreau er fuort ek in brief oan de goeverneur fan Fryslân, de baron Van Sytzama, en melde him dat hy de kening in fersyk dien hie ta it stiftsjen fan in tsjerke en skoalle op‛e heide. De kening soe de goeverneur grif om advys freegje, hy hope op en geunstich advys en stelde út om it dêrmei ûntsteande tsjerkedoarp Kûkherne te neamen. Lykwols, ek dat levere neat op.
De oplossing kaam fan in hiel oare kant, april 1842 besleat it gritenijbestjoer fan Tytsjerksteradiel, om op‛e heide in earmhûs te stiftsjen foar minsken dy‛t harsels net mear redde koenen. En sa kaam der net sa fier fan de strjitwei in gebouw mei in romme ytseal, dy‛t ek wol ta skoalle en tsjerketsjinsten brûkt wurde koe.

De skoalle yn it earmhûs.
Ds. Nieubuur Ferf seach fuort dy mooglikheid en sette alles yn it wurk om dat foarinoar te krijen.
Hy hie ek al in ûnderwizer dy‛t himsels oanmeld hie, mar dy‛t hy, as ien fan syn learlingen ek tige goed koe en heech wurdearre. Bouwe Sjoerds Teijema, in soan fan de skoalmaster fan Garyp, dy‛t al ûnderfining opdien hie yn Suwâld, Tytsjerk, Burum en Nijegea-De Pein.
De ynspekteur sette fuort útein, al foar dat der offisjeel ta besletten wie, dat de ytseal fan it earmhûs dêrfoar brûkt wurde mocht. Mar it gritenijbestjoer en de earmen kommisje en de provinsjale steaten gienen akkoord. En sa kaam der in earmenskoalle, yn de ytseal fan it earmhûs; dêr hoegden de bern, dy‛t dat net koenen, gjin skoaljild te beteljen, en dat hie ek noch foar dat bern, dy‛t thús gjin of temin iten krigen, dêr middeis mei ite koenen. Folwoeksenen dy‛t lêzen en skriuwen leare woenen koenen dêr jûns les krije en sneins waard itselde lokaal brûkt foar in tsjerketsjinst. De lange tafels en banken koenen gewoan stean bliuwe, as de itenspannen opromme wienen, kamen de inketpotten op‛e tafels of sneins de psalmboekjes. Sa sjogge jo wat in goede ûntsluting foar in achterbleaungebiet betsjutte kin.
De19-de novimber 1843 waard master Teijema oansteld as tydlik skoalmaster en boekhâlder foar de earmfâlden en op 6 desimber waard de skoalle troch ds. Nieubuur Ferf iepene, doe wienen der al 91 learlingen, in hiele opjefte foar sa‛n jonge master, hy wie doe 23 jier. As ‛provisioneel‛ fertsjinne hy ek noch hast neat, mar hy hie frije kost en ynwenning yn it earmhûs. En de earmbaas, Jan Visser, hie twa grutte dochters, en mei Minke de âldste koe hy tige opsjitte. As by‛t simmerjûns it wurk dien wie, swalken hja graach tegearre oer de bloeiende heide, sadat de tiid dy‛t hy wachtsje moast op in fêste oanstelling en in goed traktemint him net lâng foel. Yn desimber 1844 wie it safier, de kening hie 200 gûne subsydzje tasein, doe moast der noch in ferlykjend examen ôflein wurde, en 31 maart 1845 krige hy syn fêste oanstelling as ûnderwizer fan‛e 2-de rang, dêr‛t hy krekt ek examen foar dien hie, en yn augustus waard hy ek lid fan it widdowfûns, in teken dat hy net fan plan wie om frijgesel te bliuwen.
De oare kears seagen we al dat it skoalmastersfak hiel wat fan in minske ferge, dêr wie lang net elk geskikt foar. Fansels wienen der gjin twa gelikense, mar omdat we se net allegear besprekke kinne ha ik der ien útkeazen: Master Tsjipke Folkerts Fennema út Sumar. Net omdat it sa‛n "geweldigen" is mar krekt omdat hy sa typearjend is foar de masters en de omstandichheden fan syn tiid, de earste helte fan de 19-de ieu.
Tsjipke Folkerts, wie al jong skoalmaster wurden. Hy wie it al yn 1806 doe‛t de earste ûnderwiis wet kaam en doe wie hy noch mar 20 jier, hy hie der ek net foar leard.
Mar de wet fan 1806 skreau foar dat hy in rang hawwe moast. Dat de dûmny fan de gemeenten Sumar,Garyp en Earnewâld, W. Beekhuis, dy‛t doe ‛Schoolopziener" wie naam him in examen ôf en ferliende him dêrneffens de 4e rang. Dat wol sizze dat hy knap lêze en skriuwe koe, en de bern de begjinsels fan taal en rekkenjen by bringe koe. Genôch foar in begjinnende ûnderwizer, mar it wie fansels net de bedoeling dat it dêrby bleau. Mar it wie de grins fan master Fennema syn kapasiteiten, mear hie er net leard en oan fierder learen kaam er net ta. En dochs wie hy sa‛n iverich en goed skoalmaster, dy‛t sa goed mei bern omgean koe, dat de skoalle ynspekteurs, Beekhuis en letter Horatius Nieubuur Ferf him net ôfsette woenen.
Master Fennema hâlde skoalle fan allerheljen oan‛t âldemaaie. Yn maaie kamen der gjin bern mear, dan wie it waar al sa moai dat de lytse bern wol bûten boartsje koenen, dus wat soenen se dan noch yn dy stjonkende skoalle. En de grutteren moasten dan noadich heit en mem helpe om troch de tiid te kommen, dat dy bleauen ek wei.
In skoalmaster moast ek ite. Hy sil grif en stikje bou of in tún hân hawwe. Fierder fertsjinne er de kost mei fiskjen mei fûken en dôbers op‛e mar, en as los arbeider, skieppeknipper, of ûngetider by de boer, en by‛t hjerst en winter mei it jeijen op einen en guozzen, de slachpennen koe hy dan wer oan de bern ferkeapje foar pennen, ek de inket makke hy sels. Hy wie dus neist skoalmaster in drok beset man. En blykber koe hy der fan rûnkomme, want 25 septimber 1808 troude er mei Foekje Minzes van der Sluis. En yn 1810 hienen se al twa jonges.
Men lêst fan him net dat er, sa as meastal mei skoalmasters, der ek koster, deagraver, kloklieder en foarsjonger by wie. Dat makket dat ik tink dat er master wurden is omdat hy lichaamlik net goed bysteat wie it swiere boere wurk te dwaan, en dus ek kosterjen, deagraven en kloklieden him te swier wie. Dat hy net bêst sjonge koe, wurdt troch de ynspekteurs wol opmurken, as de bern mar goed lûd songen fûn hy it al moai.
Ds. Beekhuis jout as beskriuwing: in boersk mantsje, klaaid yn boere klean, op klompen, dy‛t hy folstoppe hat mei strie om gjin kâlde fuotten te hawwen. Mei in grutte keppel bern, yn in ald hok mei in liemen flier, in iepen fjoer yn‛e midden en in gat yn it dak dêr‛t de reek ta‛n út moat, de doar stiet midden yn‛e winter yn‛t wiidst iepen oars soenen de bern smoare. De bern sieten op lange banken, mei har skoallebakje, in houten doaske mei in skodeksel dêr‛t se it skriuwark, laai en griffel, papier,guozzefearren en inketpotsje en learboekjes yn meinamen, op‛e knibbels, omdat der gjin of temin tafels wienen.
Spelend leren.

Wylst masters en ynspekteurs leaver de nije methoade "Spelend Onderwijs" fan ds Jan Hendrik Nieuwold fan Wergea brûke woenen.
Guon boekjes wienen al hiel âld en wienen troch heit of mem of pake of beppe en hiel wat omkes en muoikes ek al brûkt.
Earmoede en ûnbegryp makken dat it ûnmooglik wie jild te finen foar ien goede methoade foar allegear, en boeken fan de skoalle.
Op 24 juny 1815 krige master Fennema in rûnskriuwen oerhandige troch master Bosma fan Eastermar, dat hy nei it lêzen te hawwen, neffens it roaster dat der ûnder stie, wer fierder bringe moast nei Earnewâld, nei master Zwaagman. Dy siet yn‛e ûngetiid en die him it lêzen net oantiid, sadat hy Fennema de brief fuort mar mei wêrom joech, en dy levere him noch de selde deis wêr yn by ds Nieubuur Ferf yn Burgum.
It wie in oankondiging fan ds Nieubuur Ferf, dat hy no yn it plak fan de ferstoarne ds. Beekhuis troch de kening oansteld wie as ‛schoolopziener‛ en wat fan plannen as hy dêr by hie. Dat hy him mei ds. Visser fan Warns en ds Nieuwold fan Wergea al lang ynspand hie foar better ûnderwiis. Dat de ûnderwizers, dy‛t har fansel ek ta it úterste ynspanden ta better ûnderwiis, fan him op in krêftige stipe rekkenje koenen.
Nieubuur Ferf neamde yn in brief oan it grietenijbestjoer yn 1818: In Suameer is de school zulk een bokkinghang, dat ik niet begrijp hoe de kinderen het er in uithouden, daar de deur midden in de winter wijd open staan moet, zullende de kinderen niet verstikken, om van andere in het oog loopende gebreken maar te zwijgen. En yn 1820: Het schoolgebouw, de meubelen en het onderwijs in Zuidmeer zijn zo boven alle beschrijving slecht, dat het welzijn van het opkomende geslacht de tussenkomst van het grietenijbestuur aldaar dringend vordert.
Hy makke him dan ek tige drok om in bettere skoalle en in better salaris foar de skoalmaster, dy‛t wol te min oplieding hie, mar fierder tige syn bêst die en net ûnbekwaam wie. Hy woe dan ek dat master Fennema in jonge helpûnderwizer neist him krije soe, mei tredde of noch leaver twadde rang sadat de kwaliteit fan it ûnderwiis ferbetterje soe. Want hy koe der net takomme om him ôfsette te litten.
Dat slagge op‛tlêst beide. Yn 1827 kaam der in nije skoalle mei skoallehûs. En in traktemint fan 120 gûne en frij wenjen, dat wie earder 30 gûne en dan moast er sels in hûs hiere. In geweldige ferbettering foar master Fennema. It hie sa moai wêze kinnen, mar hy hie yn novimber 1824 krekt syn frou ferlern. Dat hy kaam as widdener yn it nije hûs dêr‛t hja sa nei útsjoen hienen. Mar hy troude yn it selde jier mei in Eelkje Stel út Jistrum. En troch in fersyk fan de ynspekteur en it gemeentebestjoer oan de kening, krige er der ek noch 75 gûne jiers by út de steatskas. Sadat er no foar syn dwaan in rejaal ynkommen hie.
Hy naam net in helpûnderwizer, mar joech al syn oare wurk deroan en sette him alhiel yn foar de skoalle. Sa dat de skoalleopsjenner net oars dwaan koe as syn iver priisgje.
Dat foel mei syn âlderwurden en it tannimmende tal bern noch net ta. Oan nije fakken sa as natoerkunde, ierdrykskunde en skiednis kaam er alhiel net ta.
Hy en ek de measte âlden fûnen dat ek alhiel net nedich. Dy bern wisten folle mear fan de natoer as de measte stedske boekje skriuwers. En wat moasten dy bern, dy‛t faaks har hiele libben net fierder kamen as it eigen doarp, har tiid fergrieme mei ierdrykskunde! Mar de pleatslike tasicht kommisje, Hindrik Krol en Albert Jelmers de Boer en de ek al griis wurdende skoalleopsjenner, lieten it der net by sitte. Master gie achterút, it tal bern naam ta, der moast in helpûnderwizer by fan minstens tredde rang en dat koe no‛t de wet feroare wie út de grietenij kas. De grytman wie it der net mei iens. En dus waard it fuort neat.
En master Fennema sette allinne troch, oan‛t hy op 23 jannewaris 1847 yn Huzum, der‛t hy by syn soan Wolter op besite wie, ferstoar, noch mar 61 jier âld.
Noch in pear opmerklike skoalmasters binne de Beerda‛s.
Teake Reints Beerda waard yn 1805 skoalmaster yn Driesum. Hy kaam doe fan Gruttegast en wie oansteld as foarlopich ûnderwizer, mar fêst fan plan om it fierder te bringen, en oertsjûge dat der in protte oan it skoalle-wêzen en ûnderwiis ferbettere wurde moast. Hy wie ien fan de oprjochters fan it ûnderwizersselskip, it waard by him oan hûs oprjochte en de skoalleopsjenner, dûmny M. Martens fan Holwert, wie dan ek tige oer him te sprekken.
Problemen kamen der, doe‛t yn 1815 dûmny Nieubuur Ferf skoalleopsjenner waard. Hy hie de ûnderwizers fan it selskip, dat by toerbeurt by ien fan de ûnderwizers oan hûs gearkaam, oanrêd, om dan ek de skoalle fan dy ûnderwizer dêr‛t hja gearkamen te besjen. Beerda hie grutte beswieren en wegere, mar koe dat net folhâlde en moast belies jaan.
Yn maaie 1819 moast Beerda foar it kantongerjocht ferskine om him te ferantwurdzjen oer in klacht fan de kastlein yn Driesum, dat hy him en syn dochter, in famke fan 9 jier, mishannele hawwe soe. Beerda waard net skuldich befûn, mar wol feroardiele ta de kosten fan ƒ 25. Ds. Nieubuur Ferf fertroude it net en liet him by him thús foar it ferhoar komme. Master betsjoege it famke straft te hawwen en nei hûs stjoerd, mar doe wie de heit, mei tefolle drank op, by him kaam en hie him bedrige. Beerda hie him mei de tange ôfward, de man wie dêrby stroffele en hie de holle beseard. Dûmny en master tekenen dy ferklearring, mar dûmny liet it der net by sitte.
Hy frege om in kopy fan it presesferbaal fan it kantongerjocht, dat waard him wegere. Doe besocht hy it by de tsjerkerie fan Driesum, want hy hie heard dat Beerda ûnder sensuer steld wie en fan it avondmaal weard. No dat wie ek sa net, de tsjerkerie hie him fermoanne en Beerda hie betterskip tasein.
Dûmny kriich oplêst dochs in kopy fan it kantongerjocht. En doe klage hy Beerda oan by de provinsjale kommisje fan ûnderwiis, Beerda woe wol omlyk en sei betterskip ta. Mar it oardiel fan dûmny Nieubuur Ferf oer Beerda wie sa geunstich net as dat fan syn foargonger. " Gedrag: verdacht; ijver: matig, een oploopend en kruiperig man."
It bûtere net sa tusken de master en de skoalleopsjenner en dat waard net better doe‛t de tsjerkerie fan Driesum, op oanstean fan master Beerda, yn 1827 de skoalle ferboude, sûnder de skoalleopsjenner dêr berjocht fan te dwaan. Ds.Nieubuur Ferf yn syn eare oantaast en ferwoest! Doe waard yn 1831 it ynintsjen tsjin pokken ferplichte. In protte minsken yn‛e Dokkumerwâlden hienen dêr gewisse beswieren tsjin. Master Beerda en syn soannen, Julle yn Kollumersweach en Reint yn Suwâld hienen dy beswieren ek.
Master Reint Beerda yn Suwâld wie de fûlste en krige dêrom al yn 1838 syn ûntslach en moast fierder as mostermûnder en keapman yn moster troch de tiid.
Julle makke yn Kollumersweach gjin spul en besocht de ferplichting safolle mooglik te ûntdûken. De skoalleopsjenner klage master Teake Reints Beerda yn Driesum oan, mar de goeverneur makke der noch gjin drokte om, hy krige in warskôging fan de grytman, en dêr bleau it by. Der wie ommers in probleem, der wie noch gjin learplicht. As âlden de bern net ynintsje litte woenen, en dat woenen de measten net! En master se dus net op skoalle talitte mocht, dan hâlden se se thús en dan miste master it skoaljild, en ûntstie der faaks in "illegale" skoalle.
Mar doe‛t der yn 1842 wer in goarre fan de pokken kaam en in protte bern en folwoeksenen de poksykte krigen, waarden de regels en it tasicht ferskerpe en rûnen Teake en Julle Beerda beide tsjin‛e lampe, omdat se, wollens en wittens, net yninte bern op skoalle hienen. Hja wienen net de ienigen, ek yn Damwâld, Ikkerwâld, Burdaard en Westereen wie dat sa. De skoalleopsjenner klage doe master Teake Reints Beerda, 71 jier âld, oan by de provinsjale kommisje, om him wegens bedroch, opsteande foet, sûnder pensjoen, út it amt te setten. Dat barde net, der waard in pleatslike kommisje fan tafoarsjoch oansteld, dy‛t der omtinke moast dat master Beerda him oan de wet hâlde, sadat hy noch 4 jier folmeitsje mocht.
De wiere reden ûnder de kwesjes tusken ds. Nieubuur Ferf en de Beerda‛s wie, dat hy in grut foarstander wie fan better ûnderwiis, yn bettere skoallen, tsjin folle better salaris. En dêr die er ek syn úterste bêst foar! Mar dan wol iepenbier ûnderwiis neffens de wet en ûnder tasicht fan de steat, dat wol sizze, fan de skoalleopsjenner!
En de Beerda‛s wienen it folsslein mei him iens oer better ûnderwiis, skoallen en salaris, en it wienen goede skoalmasters, mar hja hienen har by de ôfskiedenen foege, tsjerken by dûmny Van Velzen yn Droegeham, en wienen foar in kristlike skoalle ûnder ferantwurdlikens fan de alden. En dat wie nei it oardiel fan Ds. Nieubuur Ferf, sektaryske driuwerij.
It wienen dan ek net allinne de Beerda‛s, dy‛t mei de skoalopsjenner yn konflikt kamen. Ek de skoalmasters fan Damwâld en Ikkerwâld hienen dy problemen en dat joech in flinke oanfarring mei master Feenstra fan Ikkerwâld, dy‛t neist syn skoalmasterskip mei in 150 learlingen, ek noch boer wie en fransk, latyn en wiskunde studearre. Dy weage it om wat te skriuwen tsjin in stik fan dûmny J. van der Zwaag fan Foudgum en Raard en dat skeat de skoalleopsjenner alhiel yn it ferkearde kielgat. Earst besocht hy it mei ‛freonskiplike fermoanning‛; doe mei in ekstra kritysk besyk oan de skoalle; en doe‛t dat master Feenstra ek net ta oare gedachten bringe koe, klage hy him oan by de provinsjale kommisje. Mar de kommisje krige yn dy tiid safolle fan dat soart klachten, dy woe gjin maatregels nimme tsjin masters dy‛t fierders goed ûnderwiis joegen.
Master Teake Reints Bearda stoar 4 july 1846, 75 jier âld, syn soan Jan, dy‛t al help ûnderwizer by him wie, hja hienen dêr mear as hûndert bern op skoalle, folge him ‛foarriedich‛ op yn Driesum. Ut de rede, dy‛t ds. Nieubuur Ferf yn augustus fan dat jier op de jiergearkomste fan it ûnderwizerselskip hâlde, blykt wol dat it ferstjerren fan master Beerda, ûndanks harren mienings ferskillen, him lang net kâld liet. Dochs waard Jan Beerda net de opfolger fan syn heit yn Driesum. Soks moast de offysjele wei lâns en dat betsjutte sollisitearje en in ferlykjend eksamen. En hoewol Jan de twadde rang hie, en ek de skoalle al in jier op‛e noed hie, en krekt de haadpriis yn in wedstriid yn ‛schoonschrift‛ wûn hie; der waard in oaren keazen. Ek dêr sil it feit dat hy Kristlikgriffermeard wie grif yn meispile hawwe.
Ik kin my foarstelle dat guon fan jim sizze: "No, fan dy man ha we no al safolle heard." Dat is ek sa, mar dat wie wol wat iensiedich en die gjin rjocht oan de betsjutting fan dizze man foar de wide omjouwing, troch syn skoalleopsjennerskip foar it fjirde district yn Fryslân; Tytsjerksteradiel, Dantumadiel, Achtkarspelen, Kollumerlân/Nij-Krúslân en in part fan Smellingerlân, en syn posysje as Dûmny en aktyf foaroansteand lid fan de doarpsmienskip yn Burgum.

Horatius waard 17 septimber 1776 berne yn Ljouwert.
Dêr folge hy de legere en latynske skoalle, en gie doe nei Utert om godgeleardheid te studjearjen. Dêr promofearre er yn 1799 op in proefskrift oer: De Berchrede fan Jezus yn Matteus 5-7.
Op 18 maaie 1802 die hy, as kandidaat, syn yntrede yn Molkwar, en op 25 septimber 1806, as dûmny, yn Burgum. Dêr wurke hy net allinne as moderne dûmny fan‛e Grinzer rjochting, dy‛t hiel goed preekje koe. Hy die ek mei yn it Nut, en soarge mei foar in Nutssparbank yn Burgum: "ter bevordering van nijverheid, spaarzaamheid en verbetering der zeden," en dêrfoar stimulearre en holp hy ek mei oan it oprjochtsjen fan bybleteken yn Burgum, Trynwâlden en Eastermar. En dêrneist wie hy dus fan 1816 ôf oant 1857 skoalleopsjenner fan it fjirde distrikt en lid, en faak bestjoerslid, fan de provinsjale ûnderwiiskommisje.
Dat we safolle fan him witte, en fan syn skreppen foar better ûnderwiis foar de bern, bettere skoallen om les yn te jaan, en better salaris foar ûnderwizers, om sa de kwaliteit fan it ûnderwiis te ferbetterjen, dat komt omdat hy alles dat hy die, foar de ynspeksje, byhâlde yn in "memoriaalboek" ek ôfskriften fan‛e brieven dy‛t hy ferstjoerde. Ferskate minsken ha dêr gebrûk fan makke foar stúdzje oer de skiednis fan it ûnderwiis.
Ut de artikels fan master Bos, P.L. van Eck jr., en J. van der Bij, dy‛t dat memoriaalboek bestudearre hawwe, kriget men in aardich dúdlik byld fan dizze dûmny-skoalleopsjenner,wat him dreau, wat hy berikte, en wat wurdearring hy dêrfoar krige.
Men moat dat dan ek sjen neffens de tiid dêr‛t hy yn libbe. It ein fan de 18-de ieu, doe‛t hy as jonge yn Ljouwert libbe, wie in tiid fan ekonomyske achterútgong, ûnfrede tusken ‛patriotten‛ en oranjeklanten, dy‛t útrûn op de revolúsje, de Bataafske republyk, de franske tiid ûnder Napoleon, dy‛t it lân frijwat útrûpele; oan‛t yn 1813 it keninkryk Nederlân ûntstie, en men tochte dat alles no wer better wurde soe, "lykas by âlds".
Mar âlde tiden komme nea werom! It lân wie earm, en it oansjen en de betsjutting fan Nederlân yn‛e wrâld wie sterk fermindere, de hannel moast alhiel fan‛e grûn ôf wer opboud wurde. Doe kaam der noch oarloch mei België, dat ynpleats fan better waard it al mar minder, de leanen wienen noch hast itselde, de prizen mear as twakear sa heech. Tsjin dy achtergrûn moat men ek it tsjinakseljen fan tsjerke en gritenijbestjoeren sjen, tsjin it ferheegjen fan de salarissen en it ferbetterjen fan de skoallen. De Suwâldster ‛commitearden‛ ferklearren yn 1824 dat hja ek wol seagen dat it sa net langer koe, mar hja hienen it jild net! En faak seagen gritenijbestjoeren ek wol dat der wat barre moast, mar dat stie dit jier noch net op de begrutting en hja hienen neat oer. Tsjin dy hâlding moast de skoalleopsjenner oproeie, want hy seach it as syn ferantwurdlikens, dat der oan de wetlike noarmen foldien waard. Omdat de wet fan 1806 hast syn iennige stipe en boarne fan arguminten foarme, wie hy ek deadsbenaud foar frijheid fan ûnderwiis. Foaral omdat hy bang wie dat dan al syn skreppen om‛enocht west hie.
Yn 1841 skreau hy: Nog nimmer begon ik in nieuw jaar onder donkerder uitzichten voor het schoolwezen, dan dit welk ik nu ben ingetreden. Terstond na de aanvaarding van de regeering van koning Willem 2 verhief zich de luide kreet: "Vrijheid van Onderwijs!" in een menigte petitiën van Roomsgezinden, op aanblazen van paus en Jansenisten. Hy wie blykber allinne bang foar de roomsken, want oer Groen van Prinsterer en de ôfskiedenen praat er net, mar Groen wie doe ek noch foar in Herfoarmekristlike iepenbiere skoalle en dat wie ek it ideaal fan Ferf. Dat blykt foaral út de rede, dyt hy hâlde by it feest ta eare fan syn 25 jierrich jubileum en syn 64-ste jierdei yn 1840.
"Over het allergrootste belang van een echt godsdienstige vorming der jeugd."
Hy set dêr yn útien dat de bern net allinne kennis bybrocht wurde moat, mar dat ek harren "zeden", foarme wurde moatte, en dat dat fierwei it bêste kin troch se kristlike neistenleafde by te bringen en foar te libjen en har it foarbyld fan God, de al Goede, en fan Jezus, it grutte foarbyld fan genede en neisteleafde foar te hâlden. Hy wie der ek foar, dat men de lessen mei in earnstich gebed begûn, en om de bern dêrfoar yn‛e goede stimming te bringen, earst in psalmferske song. En dat men ek de lessen mei in tankgebed en sjongen fan in psalm of gesang ôfsluet. Ek moasten hja net allinne "vaderlandse" mar ek bibelske skiednis leare, troch har ferhalen út de bibel te fertellen. Dêrmei woe hy de ‛driuwers ‛, dy‛t in kristlike skoalle woenen, de wyn út de seilen nimme. De skoalle moast iepenbier wêze, dus foar elkenien, mar net ûnkristlik, mar geskikt foar kristenen fan alle nominaasjes, herfoarmen, luthersken, menisten, sûnder de neidruk te lizzen op de ferskillen, mar op wat yn it algemien foar wier oannaam waard. Sa woe hy de ienheid yn doarp, tsjerke en skoalle bewarje.
De ûnderwizers út syn distrikt ferearen en tanken him tige. En mei rjocht, want hja hienen in protte oan him te tankjen, dochs misten der in pear op syn feest, dy‛t net meidwaan woenen "oan it ferôfgoadzjen fan de skoalleopsjenner". Soks rekke him pynlik, want hy wie alhiel net in man dy‛t op eigen rom útwie, mar der krekt alles foaroer hân hie om harren in better libben te besoargjen. Dat hy dêrby ek grutte fouten makke hie, wie hy him wol bewust. Hy wie in taaie trochsetter, dy‛t it himsels en oaren net maklik makke, mar dêrtroch yn syn distrikt en yn de provinsje in protte foar it ûnderwiis berikt hie.
Haadynspekteur Wijnbeek beoardiele him yn 1845 sa:
Bejaard, doch nog vol vuur en een levendige belangstelling voor verbetering van het onderwijs. Doch deze schoolopziener is bevooroordeeld ingenomen met hetgeen hij noemt de leerwijze van Nieuwold en wil met onverbiddelijke strengheid, dat men zich daaraan houdt. Sommige onderwijzers kennen die leerwijze niet. Anderen, die niet van stilstand in het onderwijs houden volgen een verbeterde leerwijze, in spijt van het drijven van de schoolopziener.
Dûmny Horatius Nieubuur Ferf lei syn amt as skoalleopsjenner del yn 1857, hy wie doe 81 jier, it kin ek om syn sûnens west hawwe. Hy ferstoar 6 septimber 1859
.
Dat Albertom tige ynteresjearre wie yn polityk wist ik troch in ferslachje fan him, dat hja nei in gearkomste fan de A.R. kiesferiening yn Burgum west hienen, ik tink fan foar in sprekkerij fan Ds. A.S. Talma yn 1901. Yn‛e tritigerjierren siet er blykber mei yn it stimbero. No‛t we midden yn de ferkiezings sitte, is dit wol in aktueel ûnderwerp.
It heart by ferienings en dat model foarme de basis fan de ‛demokraatsy‛, (bestjoer troch it folk). Dat harket moaier as it wie en is, want meastal wie in grut part fan de befolking (earmen,froulju, bern, slaven, frjemdlingen) dochs útsletten fan kiesrjocht.
Mar dat it oan de basis fan ús kultuer stiet, dat lêze jo yn de Edda: as der wat bysûnders barre moat, dan komme de goaden (de goadinnen likegoed) yn gearkomste byinoar en nimme besluten. It sil by ús ek sa west ha, dat alle warbere man opkaam op de lândei en dêr syn stim útbrocht. Dat sil by ‛foar‛of ‛tsjin‛ roppen dien wêze en dat wie dus stimme! Sa gie it teminsten by âlds op Iislân, en noch net sa lang lyn ek noch op plakken yn Switserlân.
Of‛t de minsken dêrby allegear gelyk achte waarden, is tige de fraach. Dat liket wierskynliker by de ûntginning fan de feankontrijen, de tige lykmjittige ferdieling fan it te ûntginnen gebiet, wiist op gelykberjochtichheid fan de dielnimmers. Dy sille harren belangen yn gearkomsten besprutsen en by mearderheid fan stimmen besletten hawwe. En dêrút ûntstie ek it idee dat hja, de eigeners en dielnimmers yn de ûntginning, it dêr foar it sizzen hienen.
Dat hawwe hja mooglik net iens doe betocht, faaks wie it ‛altyd al sa west‛ dat it rjocht om mei te beslissen bûn wie oan it eigendom fan de grûn. Doe‛t dy grûn ek de grûnslach fan de belêsting waard, waard it noch folle dúdliker. Dyjingen dy‛t belesting betellen, mochten mei beslisse.
Doe‛t de Saksers, hjir baas waarden, hienen hja sward de Fryske frijheden en gebrûken te respektearjen en de belesting net te ferheegjen, mar foar har oarlogjen hienen hja altyd temin jild, en it systeem dêr‛t yn Fryslân de belesting neffens betelle waard foldie de Saksers net. Yn 1511 moast, ûnder eed, fan elke pleats de hierwaarde yn florenenen oanbrocht wurde, en neffens dy florenen waard tenei belesting betelle. Doe‛t Karel V hjir baas waard, wie der ien probleem dêr‛t hja it net oer iens wurde koenen.
Wa beneamt de prysters, en oare legere geastliken yn doarpen en stêden? Omdat de keizer krap siet, wie hy nei lang ûnderhanneljen ree, it rjocht dat hy dêrop miende te hawwen, ôf te stean en it te litten sa‛t it wie. Dat waard dêrby fêstlein en dêrút blykt dat stimrjocht hienen: "Heerschappen, eigenerfden, huisluiden en andere inwoonderen hebbende schotschietende huizen ofte ploeggangen." De eigeners fan belesting beteljende hûzen en lânnen hienen dus stimrjocht. Dat bleau sa yn de republyk.
Dizze ‛floreenplichtigen‛ waarden de woansdeis foar de earste moandei yn febrewaris, troch kloklieden byinoar roppen, en brochten dan har stim út, ‛sûnder oansjen fan stand of steat‛ en de measte stimmen jilde. Dat waard de manier wêrop de pryster, de tsjerkfâlden,de doarpsrjochter, de grytman en syn bysitters, en de ôffurdigen nei de steaten (de folmachten) stimd waarden.
De eigeners, en dus besochten de adeliken safolle mooglik hûzen en dus stimmen yn besit te krijen. Under de republyk wienen der safolle klachten oer, dat der yn 1640 aparte stemcohieren foar elk doarp fêstlein waarden. Mar doe gie it der dus om of‛t in stim yn it cohier stie en net of‛t der belesting op betelle waard, dat joech noch mear mooglikheid ta sjoemeljen, troch de stim allinne op it ‛hoarnleger‛ it oarspronklike hiem te lizzen, en dat te ferhieren foar net te folle, en it lân mei de lesten te ferkeapjen en sa in protte stimmen en dermei in protte macht te sammeljen, sûnder belesting te beteljen of folle grûnbesit te hawwen, dat sette dus it oarspronklike systeem op‛e kop. Doe‛t der yn 1748 oproer útbriek, mei oer ditsoarte misstannnen, waarden de stimmen wêr safolle mooglik op de hiele pleatsen lein. Sa gie it oan‛t de Bataafske republyk.
Mar yn it doarp hienen nei de fransketiid de floreenplichtigen it noch altyd te sizzen.
De skoalle en de tsjerke waard noch oant 1887 ta, bestjoerd troch de floreenplichtigen, en dat wienen op in protte plakken de grutgrûnbesitters, faaks guon dy‛t alhiel net yn it doarp wennen. Dy beneamden de dûmny en de tsjerkfâlden, en hoechden net iens lid fan de tsjerke te wêzen!
Sjoch oer de sitewaasje yn Suwâld "P.Datema, Suawoude" siden 29-39.
Op de alfabetyske list binne de kiezers oanjûn mei kiezersnûmer, hûsnûmer, en bertedatum; de jongsten binne fan 1912, want om stimme te meien moast men 25 jier wêze. Alle stimmers dy‛t opkamen krigen in streepke, sa dat ik no noch krekt sjen kin wa‛t wol, en wa‛t net stimd hawwe.
Op in aparte list waard oantekene yn wat folchoarder hja opkamen. Pieter Jelmers de Boer fan nr.1 wie de earste, de twadde wie Binne Vriezema fan nr. 138, op Aldemiede, de tredde wie ús heit, Geart E.van der Veen. De lêste mei folchnr. 346 wie Frans Joh. Bergsma. Der binne frjemde nammen by, dy‛t ik net ken, dêr steane krúskes by, en op‛e kant fan it blêd is oantekene: "de namen met een kruisje zijn poldervolk van elders die hier gestemd hebben." Sadwaande hienen se doe 346 stimmers. Dat wie mear as oars, yn 1933 en 1935 wienen der 306 en 305, yn 1939 330 kiesgerjochtigden, wêrfan 328 stimden, twa wienen foar de ferkiezing stoarn, in pear wienen siik, en de oaren "onbekend of afwezich. Likegoed, in opkomst fan 99%! Jim moatte it al hiel goed dwaan as jim dat yn juny ferbetterje.
No hie ik yn it stikje oer ferkiezings de stemmingsregeling yn de Bataafske republyk oerslein, omdat it alhiel ôfwikend regele wie, en sa faak wer feroare, dat it in hiele protte útlis fergje soe. Mar no kaam ik yn it Streekmuseum in kopy tsjin fan:
behorende tot de Grondvergadering nom. 4 in het District Tietjerksteradeel, uit welke door de stemgeregtigden, één tot Ringkieser moet worden benoemd, en de navolgende vereischten moet bezitten.
Ten eersten, Dat hy zy Stemgeregtigd Burger, staande ter goeder naam en faam.
Ten tweeden, Dat hy geduurende de laatste ses Jaaren binnen het Deparement hebbe gewooond en als nog woonagtig zyn moet.
Ten derden, Dat hy behoore tot de Grondvergadering waar uit gekozen word, ten waare geen drie gequalifiseerde Burgers tot de post van Kieser gevonden wierden, in welks geval de keuse zal mogen geschieden uit de geheele Gemeente waartoe zoodanige Grondvergadering behoort.
Ten vierden, Dat hy de volllen ouderdom van 25 Jaren hebbe bereikt.
Ten vyfden, Dat hy ingevolge Art. 26 der Staatsreegeling, en Stemreglement van den 18 February 1803, in eigendom of vruchtgebruik, drie duizend guldens aan Vastigheden, niet bezwaard met Speciale Hypoteecq, en geleegen binnen het Departement, moet bezitten.
En dan folgje de nammen fan de 23 ‛stemgeregtigde‛ Suwâldster manlju, dy‛t net allegear oan dy easken foldienen, mar immen kieze moasten dy‛t dêr wol oan foldie. Dy ‛ringkiezer‛ moast harren fertsjintwurdigje op de districtsgearkomst.
1 Rindert Wybrens | 7 Ritske Lykles | 13
J.(arig) Eeltjes |
19 Claas Sytses |
2 Albert Clases | 8
Claas Hendriks |
14 Petrus Ydes | 20 Sye Willems |
3 Jacob Clases | 9 Jurjen Andries | 15 Bouwe Johannes | 21 Lykle Allerts |
4 Jacob Sybes | 10 Jippe Tsjerks | 16 Hendrik Jans | 22 Claas Allerts |
5 Jelle Clases | 11 Theunis Peters | 17 Theunis Durks | 23 Abraham Sytses |
6 Rindert Sipkes Algra | 12 Jan Wybrens | 18 Sake Ritskes |
1 Rindert Wybrens
aldfeint, soan
fan Wybren Rinderts, Gerritsma op nr 11 2 Albert Clases fan de Algra‛s pleats nr 1 3 Jacob Clases op nr 12, yn1804 nei nr 3 Bosma 4 Jacob Sybes op nr 16, yn 1804 wennet dêr Lammert Harryts 5 Jelle Clases 6 Rindert Sipkes Algra wenne yn Tytsjerk mar buorke op nr 2 7 Ritske Lykles nr 5 Bergsma 8 Claas Hendriks nr 32 Allema 9 Jurjen Andries nr 10 van der Wal, yn 1811 yn Hurdergaryp 10 Jippe Tsjerks 11 Theunis Peters 12 Jan Wybrens nr 24 op âldemiede, Miedema |
13 J.(arig)
Eeltjes nr 17 opt Heechhiem; van der Kooi 14 Petrus Ydes nr 22 yn 1804 op31 geallimenteerd. 15 Bouwe Johannes nr 4 De Vries 16 Hendrik Jans nr 13 yn 1811 Hurdegaryp? 17 Theunis Durks nr 34 Feenstra 18 Sake Ritskes Bergsma 19 Claas Sytses nr 30 Aldemiede 20 Sye Willems nr 26 de Boer Aldemiede kooipleats 21 Lykle Allerts nr 18 Heechhiem ôfbrutsen 22 Claas Allerts nr 33 ? Aldemiede 23 Abraham Sytses nr 28 Kroodsma Aldemiede |
Mar 23 !; der wienen 37 hûzen, en yn guon wol mear as 1 man. In grut part waard dus útsletten, net omdat hja te earm wienen, want yn dizze list sitte ek minsken dy‛t troch de diakenij ûnderhâlden waarden, of net lêze of skriuwe koenen, mar omdat hja as politykûnbetrouber oardiele waarden, mooglike oanhingers fan it âlde federale en oranjegesinde bestjoer, dy‛t de eed fan trou oan de ‛ien en ûndielbere‛ Bataafske republyk net ôflein hienen.
De ‛grondvergadering‛ bestie út ‛500 zielen‛ en de districtsvergadering út 40 grondvergaderingen, en fertsjintwurdige dus lykernôch 20.000 ‛zielen‛.
De grondvergadering stoerde 2 man, in ringkiezer en in ferfanger, nei de distriktvergadering, en dy stjoerden dan wer in folksfertsjintwurdiger en in ferfanger nei folksfertsjintwurdiging. Hja mochten ek oars neat dwaan as dat. Nei de ferkiezing moasten hja fuort wer útinoar gean. De ‛Bataafske gelijkheid‛ easke dat elk op de gearkomsten gelyk wie, gjin oerlis mei oaren hie en alhiel nei syn eigen bêste witten stimde. Elke partij of klykje foarming wie ferbearn.
En ik fûn ek noch wat werom fan it stik fan Albertom oer de ferkiezingsgearkomst yn Burgum yn 1901. In úttypt stik fan Hindrik Algra, dat foar de Nederlandse Gedachten bestimd wie. It giet oer de ferkiezing fan Ds. A.S.Talma, foar it kiesdistrict Burgum, dat 5 gemeenten omfette, Tytsjerksteradiel, Smellingerlân, Achtkarspelen, Kollumerlân en Dantumadiel. It lân wie doe ferdield yn sokke kiesdistrikten, dy‛t elk ien fertsjintwurdiger nei de Twadde keamer ôffurdigje mochten. De fertsjintwurdiger hoechde net út it distrikt te kommen, al hienen de measte minsken dat leaver wol.
Yn 1897 hie de A.R. kandidaat Jan Durks de Vries, haad fan de kristlike skoalle yn Burgum it ferlern fan de S.D.A.P. kandidaat Piter Jelles Troelstra. Men moast foarkomme dat dat wer barde, want Troelstra wie wer de kandidaat fan de S.D.A.P. Dêrom moast de C.H.U de kandidaat fan de A.R. stypje, en dy fielden net safolle foar de griffermearde master De Vries. De tsjerklike tsjinstellingen wienen sa koart nei de doleânsje tige grut. De gearkomste wie yn de no ôfbrutsen Drie Gekroonde Baarzen op de Daam.
Sa as Albertom al tocht hie, en him ek it bêste like, woe it distriktsbestjoer de herfoarme dûmny fan Arnhem, A.S. Talma kandidaat stelle, omdat dy foar de Kristlikhistoarysken ek tige oannimlik wie en lid wie fan de A.R. Mar in protte yn de seal woenen dêr neat fan wite. Hja koenen dy man net, en hoe koe sa‛n man út Arnhem no it distrikt Burgum fertsjintwurdigje, hja woenen dus master De Vries foarstelle en der waarden noch mear nammen neamd. It like der op dat hja it net iens wurde soenen.

Minister Ds A.S.Talma
No wie der yn‛e seal ek in lid fan it provinsjaal bestjoer fan de Antirevolusjonaire partij, Dr. H.H. Kuyper, dûmny te Ljouwert, dy‛t fansels net mei prate mocht, mar nei ôfrin fan de diskusje dochs it wurd frege en krige. Hy lei út dat as hja in kâns hawwe woenen in ôffurdige nei de keamer te stjoeren, hja dochs folle mear kâns hienen as hja in yn it hiele lân bekende en tige wurdearre persoan lykas dûmny Talma, de foarsitter fan Patrimonium, en in bekende drankbestrider, kandidaat stelden. Dy soe ommers net allinne de stimmen fan de A.R. en C.H.U. loeke, mar ek fan in protte oare minsken, dy‛t leaver net op de S.D.A.P. of de Liberalen stimden. Dat soenen hja mei in oare kandidaat, foaral omdat hja it dêr net oer iens wurde koenen, nea berikke. Doe wie der eins wat fersleinens, want elk begriep dat de man folslein gelyk hie. Doe‛t der stimd waard, krige Ds. A.S. Talma wol 90% fan de stimmen en waard dus kandidaat steld foar it distrikt Burgum.
Mei grut sukses. Nei in pear kear sprekken yn it distrikt en diskusjes mei Piter Jelles Troelstra, dy‛t hij skoan oankoe, wie elk it der oer iens dat dit de júste man wie.
By de ferkiezing waard ds. Talma fuort by de earste stimming keazen, mear as 3000 stimmen tsjin goed 1200 foar Troelstra en goed 1100 foar de Liberale kandidaat De Kanter. En hy foldie yn it distrikt sa goed, dat hy ek yn 1905 wer kandidaat steld waard. Fan 1901 oant 1908 wie hy lid fan de twadde keamer, en fan 1908 oant 1913 minister fan ‛Handel Nijverheid en Landbouw' dy‛t in begjin makke mei soasjale wetjouwing. Yn 1963 ha se yn Burgum in boarstbyld fan him oprjochte.
De krisis fan de tritigerjierren, dy‛t doe faak noch de ‛malaise‛ neamd waard, makke dat in protte minsken djip yn‛e earmoed rekken, AOW en bystân wienen der doe noch net, in bytsje steun foar de wurkleazen, en in pear sinten fan de earmmaster of de diakenije, dêr moasten de minsken fan rûnkomme, en dat sopke net sa rom. Nei fiif jier, yn 1934-35 wie de krisis op syn djipst, dêrnei begûn it wer wat te betterjen.
Yn dy tiid wienen tochten foar alde minsken wat nijs, dat wie mooglik wurden troch dat der hieltyd mear auto‛s kamen. De measte âlde minsken kamen it doarp noait út. In protte koenen net iens fytse of hienen gjin fyts mear. Nei‛t my ferteld waard wienen der doe noch minsken yn Suwâld dy‛t yn har libben it doarp oars nea út west hienen, as doe‛t se nei Burgum west hienen te trouwen! In reiske fan in hiele dei wie foar har dan ek hiel wat bysûnders!
En reiskes kamen doe, ûndanks de earmoed, yn‛e moade.
Skoalle-reiskes, op‛e fyts nei Skûlenboarch oan de Burgumermar te poatsjebaaien. Letter mei de bus nei Olterterp. Reiskes fan de knapenferiening, de "jongelings" -en "meisjes"- ferienings. Of in boattocht fan de musykferiening mei de stoomboat de "Burgemeester" út Garyp.
Yn in bult doarpen waard de alden fan dagentocht in jierliks útsje foar de alde minsken. Der waard jild foar ynsamle en minsken dy‛t in geskikte auto hienen, stelden dy beskikber foar minsken dy‛t min út en yn‛e bus komme koenen. En yn Suwâld is dat oan‛t yn de tachtiger jierren folhâlden, en hjir en dêr wurde se noch organisearre, mar dan foar beheinden of minsken út âldereintehûzen. Foar it organisearjen waard soms in aparte kommisje oprjochte, mar yn Suwâld waard it troch doarpsbelang organisearre.

It ferslach fan Albertom, dêr‛t oer praat wurdt, koe ik yn‛e oantekens net fine, mooglik is it oerplakt mei kranteknipsels.
Yn it stikje is sprake fan 26 en 31 dielnimmers, yn dat lêste sille de autobestjoerders mei teld wêze. Ik tink dat de leeftyd dêr‛t men as âlderein op mei mocht op 65 jier steld wie, neffens myn administraasje wennen der doe 34 minsken yn Suwâld dy‛t yn of foar 1869 berne wienen, fansels wienen der guon dy‛t net mei koenen of woenen, mar de measten dienen blykber wol mei.
It heucht my noch dat ik de oankomst fan de auto‛s en de bus en it ynheljen mei musyk fan Speelt Wel meimakke ha. Der waard troch ien fan de dielnimmers, in ferslach fan wat hja belibbe hienen jûn en in tankwurdsje sprutsen, mar ik wit net mear wa‛t dat die. It soe moai wêze as der noch immen wie dy‛der foto‛s fan hie. Der sille grif wol foto‛s makke wêze.

Hoewol‛t der yn dy tiid noch net folle auto‛s rieden yn Suwâld, of faaks ek wol krekt dêrtroch, rekke myn broer Daniël, doe in jonkje fan njoggen jier, doe‛t er sûnder út te sjen fan it skoalleplein ôf de wei op rûn, by Marten Piekstra ûnder de auto. De foet stikken en nei it diakonessenhûs. Nei in pear dagen kaam er mei de foet yn it gips wer thús. En hy gie noch net wer nei skoalle, doe‛t master Schreiber yn Suwâld kaam te wenjen, it moat dus yn febrewaris 1932 bard wêze; en it heucht my dat men it der oer hie, dat dy auto fan Marten Piekstra in Spyker wie en dat ik dat in rare namme foar in auto fûn, dat like ommers neat op in spiker.
It stiet my net by dat Piekstra ea in bustsjinst fan Suwâld út begûn is. Wol dat hy minsken nei Ljouwert of nei Tytsjerk nei de trein brocht. Hy hie mooglik 2 auto‛s, mei de nûmers B-3658 fan 1920 en B-15889 fan 1931 (http://www2.tresoar.nl/kentekens/)
De aldenfandagen tochten binne noch in moai skoft trochgien, yn "Suwâld Bylden fan Alear" stiet in foto fan de dielnimmers oan in tocht yn 1963.
It is altyd in toer om de minsken op âlde foto‛s teplak te bringen as de nammen der net by steane. Wy moasten eins nochris in jûn of dei belizze, dêr‛t alle minsken út Suwâld mei alde foto‛s mei ûnbekende persoanen byinoar kamen, om te sjen oft we se teplak bringe kinne; twa witte mear as ien!
Doe‛t der hieltyd mear auto‛s kamen waarden foaral yn de gruttere doarpen de kolonnes sa lang, dat it ta gefaarlike sitewaasjes late, sa gefaarlik, dat it yn guon gemeenten ferbean waard mei safolle auto‛s yn kolonne te riden. Dêrby kaam dat de soasjale needsaak ferfallen wie, om‛t hast elk sels in auto hie, en aow en pensjoen, sadat men net mear by de doarren lâns hoefde om jild foar in reiske foar de alde minsken byinoar te heljen.
It rint mei dizze stikjes út de oantekens fan Albertom nei de ein. Dit is dus noch wat sturtswyljen, as jimme teminsten noch witte wat dat is. Wat der noch oer is, is in stikje nei oanlieding fan in ûngelok, dat yn it lêst fan syn libben him yn Suwâld foar die. It ferdrinken fan twa jongkeardels yn it Nijdjip op pinkstermoandei, 29 maaie 1944. Der wienen doe noch net folle swimbaden, en ek gjin skoalleswimmen, wy moasten it ússels mar wat leare mei help fan âldere bern. As lytsje bern poatsjebaaiden we yn‛e nije sleatsjes by de nijewei lâns, en letter meast yn it baaiersplak yn‛e skipfeart. As je dêr no komme kinne jo je net yntinke dat dêr ienris skippen farre koenen, en dat dêr in moai plak te baaien wie mei sawat 80 sm wetter. It kaam ús as jonkjes fan in jier of tsjien oan it boarst ta. Doe‛t we wat swimme koenen swommen we ek wolris yn it Nijdjip, dêr wie it wat djipper, mar men koe it dêr yn‛e midden dochs wol bedjipje.
Letter swommen we op‛e Suderein yn it kanaal, ik wie doe tolve jier tink ik, ik moast earst wol in proef fan bekwaamheid ôflizze! Twa fan de aldere jonges namen my mei nei de midden fan it kanaal en lieten my dêr los, ik moast sels mar sjen dat ik wer by de kant kaam. No dat is sûnder ûngelokken slagge, oars hienen jim dit no net lêzen.
It heucht my noch dat wy yn‛e Bolderen hearden dat der yn Suwâld twa jonges ferdronken wienen, en dat ik my doe net foarstelle koe, hoe‛t dat barre koe, as it dêr net djipper wie as heechstens 1,20 meter, it wienen gjin lytse bern mear. Mar it is fansels altyd mooglik dat der ergens in djipper plak wie, en it wie noch maaie, dan is it wetter ek op in waarme dei noch frij kâld, mei in flinke kâns op kramp foar guon dy‛t net went binne te swimmen.
Yn it berjochtsje yn de Ljouwerterkrante stiet ‛boerenknechts‛, mar neffens de leeftiid kinne it ek beide wol ûnderdûkers west hawwe.
Den 29 mei 1944 2de pinksterdag heeft te Suawoude zich een droefig veit doen voorkomen 2 jongelingen gingen in de namid te baden in het Niewediep even ten zuiden van het betonbrugje bij de ruigfenne, en niet kunnende zwemmen en het water te diep, zijn jammerlijk verdronken. De ene hete Sietse Wijbenga van Giekerk wonende bij Klaas Hulder oud 15 jaar en de andere Dirk Greidanus wonende bij Klaske Hulder, wed. G. Fekkes oud 20 jaar afkomstig van Winsum.
Yn de Ljouwerter krante fan 31 maaie 1944 stiet dit berjocht:
Suawoude 29 mei: Twee boerenknechts, de 18- jarige D. afkomstig fan Winsum en de 16-jarige S.afkomstig fan Giekerk en werkzaam bij de Wed. Fekkes en K. Hulder alhier gingen hedenmiddag baden in het Nieuwe diep onder Suawoude. Daar zij niet op tijd thuis kwamen te melken, trok men op onderzoek uit. Toen men de kleeren achter de polderdijk vond vreesde men het ergste en ging aan het dreggen. Vrij spoedig werden de drenkelingen gevonden, doch de levensgeesten waren bij beiden reeds geweken. Beiden waren de zwemkunst niet machtich. Sa as jo sjogge is der in lyts bytsje ferskil yn de leeftiden yn de beide berjochten.
En dan noch in kranteknipsel fan 16 augustus 1963 fan Arjen Veeninga, mei as titel "Ooievaars". Ik nim it hjir mar oer sa as it der stiet, want in foto is net goed mooglik troch de plakbân dêr‛t it mei ynplakt is.

Ooievaars.
Toen ik enkele dagen geleden las van het terugbrengen van een jonge ooievaar in het nest te Oudega, kwam bij mij in herinnering een geval, nu 60 jaar geleden, met twee jonge ooievaars. De boerderij van onze buurman werd van buiten geverfd, ook kregen de ûlebuorden een beurt. Nu was er al jaren een ooievaarsnest gebouwd tegen de makelaar van het achterste (ûleboerd). Al waren de ooievaars en zwaluwen in die tijd bij ons als jongens, favoriet in de bescherming boven de andere vogels, de schilder dacht er misschien iets anders over, in elk geval de beide ooievaarsjongen kwamen naar beneden en het nest werd gedeeltelijk verwijderd. De jongen moesten dus menselijke bescherming zoeken en ik had de eer die op mij te nemen.
Een "stukje" in de courant deelde het geval mede, met de aantekening, dat het zoontje van de dorpstimmerman zich over de jongen had ontfermd. Wat een eer! Die eer moest ik hoog houden en nam fol moed de verzorging ter hand; eerst met wormen en kikkers, later begonnen de vogels al een gedeelte voedsel zelf te zoeken, maar ze kwamen steeds bij hun jonge baas terug. Wel kreeg ik af en toe bericht de ooievaars vast te houden, omdat ze noch al eens een kuikentje bij een kloek weg pikten, ‛t welk met veer en al naar binnen werd gewerkt. Vasthouden ging evenwel niet, het zijn vogels die alleen dierlijk voedsel eten.
Dit werd langzamerhand een plobleem, en over naar warme streken te trekken, dachten ze niet!
Een van hen ging het wel iets zuidelijker zoeken, ik meen van naar Wirdum en kwam bij een slager terecht; die had misschien noch wat afval. De blijver kon men noch zien lopen, soms naast ons op het ijs in de dorpsvaart ( skipfeart), maar koude en honger kregen de overhand en daarmee de dood.
Tegenwoordig zou daar wel een oplossing voor te vinden zijn geweest, maar 60 jaar geleden was dat moeilijk en er waren immers ooievaars genoeg, zeker 8á 10 nesten in ons klein dorpje, zodat er door een jonge vogelliefhebber dan ook geen probleem van werd gemaakt. 16 augustus 1963 A.V.
Safolle earrebarrenêsten ha ik yn Suwâld ek net mear mei makke, al wienen der doe, yn‛e tritigerjierren, noch wol in pear, mar ik doar net krekt sizze hoefolle.
Yn dy tritich jier wie it dus al aardich ynkoart en doe‛t nei de oarloch de DDT en oare bestridings middels populêr waarden en ruilferkaveling en djipûntwettering har leefgebiet oantaasten, liken de ooiefaars alhiel útstjerre te sillen. Gelokkich binne der troch fokprogramma‛s, lykas it Eibertshiem yn Earnewâld, noch in pear oerbleaun, en troch it tanimmen fan natoergebieten, groeit it oantal no wer, sadat jo om Earnewâld en Beetstersweach hinne no wer gauris ooiefaars weidzjen sjen kinne. En dat is ek mar goed, want it binne prachtige fûgels, dy‛t by de minsken altyd heech wurdearre waarden.
NOCH TRIJE SKRIFTEN OANTEKENS FAN ALBERT VEENINGA ÛNDUTSEN.
Fan Wytske Kleinhesselink - Veeninga út de Joure krige ik noch trije skriften tastjoerd mei oantekens fan Albertom. Ik ha se troch lêzen, der is in protte bij dat net sa brûkber is.
Foaral oer genealogy, dat wie 80 jier ferlyn noch net sa goed beskikber, en doe wienen syn oantekens fansels tige nijsgjirrich, mar no kin immen dy‛t wat oer syn foarâlden witte wol, mei websiden as "tresoar.nl" of "alle friezen.nl" en noch in hiele protte oaren, folle makliker wat fine as út dizze potlead oantekens. En der binne ek wer in protte ynplakte krantestikjes mei artikels fan master F. Bos út de oantekens fan ds Nieboer Ferf oer de skoalle tastannen, doe foar 100, mar no alhast foar 200 jier. It geskiktste dêrfan ha we al behannele en de skoalletastannen yn Suwâld, binne wiidweidich beskreaun troch dûmny Datema.
Ik ha fan dizze skriften in ynhâld opmakke, as immen dêr belang by hat, moat se/er my even in mailtsje stjoere, ik set it adres hjir wol ûnder. De skriften geane, sadra as ik der mei klear bin, nei Tresoar om se by de oare argyfstikken fan Albertom op te bergjen.
Doch is it net sa dat der gjin ynterresante stikjes ynsitte. Sa as bygelyks oer de earste ‛alden fan dagen tocht." mei in ferslach fan de reis en de nammen fan alle dielnimmers. Spitich dat der gjin foto fan bysit. Mar ja, dy aldenfandagentocht hienen we ek al behannele, dat hjir mei kin ik it stik op myn webside faaks noch wat oanfolje. Dêr kinne jim trouwens hast alle stikjes werfine dy‛t ik yn Meiinoar skreaun ha. En dan bliuwe der noch in pear artikels oer dy‛t wol brûkber binne foar Meiinoar. Hjir komt it earste.
OFBRAAK EN NIJBOU FAN IN HÛS FOAR JOCHUM ROELS.
Wa wie Jochum Roels?
Yn 1748, doe‛t de speciekohieren begûnen, wenne de famylje Roel Jochums mei fjouwer minsken op nr 3, neffens ds. Datema wie dat de pleats dêr‛t Jan Zuidema en letter Jan Kampen wennen, en dy ‛t yn 1962 ôfbrutsen is. Doe‛t ik in jonge wie, wennen dêr twa hûshâldings, Jan Zuidema en Sjouke Medemblik. No is der allinne noch it reedsje dêrhinne.
Yn 1750 wennen der noch 2 persoanen Roel Jochums mei syn soan Jochum Roels, dy‛t ek in pear kij hâlde. Yn 1751 troude Jochum mei Sybrich Durks en doe die hy yn febrewaris belidenis en liet yn augustus in famke dope dat Pytsje neamd waard. En fanôf 1751 wie hy ek tsjerkfâld en yn 1757 die hy as administrerend tsjerkfâld de boekhâlding.
Yn 1754 ferstoar syn heit Roel en buorken Jochum en Sybrich fierder mei 3 kij, 2 rierren 6 pûnsmiet bou en trije hynders. Hy hie der faaks wat fuormanderij by.
Yn 1764 wie Pytsje 13 wurden en telde dy ek mei, sûnt wienen se mei syn trijen. Pytsje troude yn 1770 mei Hermanus Innia fan Tytsjerk. Oan‛t 1772 ta buorken Jochum en Sybrich dêr sa troch, stadich groeide it bedriuw wat. Mar doe waard de pleats dy‛t hja hierden ferkocht en ferfarden se nei Tytsjerk 36, net foar lang, twa jier letter wienen se al wer werom, mar no op in noch hast nije pleats, Suwâld nr. 34 yn de speciekohieren.
Yn 1767 wie de pasterije pleats ferkocht sûnder it hûs. It hûs, nr 8, wie ôfbrutsen, en der stie bij "wordt niet weder opgebouwd", en letter stie der by nr 8 altyd ‛nihil‛.
Mar yn dat selde jier kaam der in nr. 34 bij. Der wenne doe de eardere hierder fan de pastorijepleats, Rein Hinnes, en der stie as opmerking by. "Het huis met daar onder meer dan 30 pm land op een koud steed geboud in‛t jaar 1767 op de geweeste pastorie sathe die zonder huis is verkocht." Ik nim dus oan dat dit hûs achter de pasterije stie. Dêr‛t letter de famylje De Vries wenne. No Mostermûne 2.
Yn 1774 gie Rein Hinnes nei Burgum en kamen Jochum en Sybrich op nr 34 te wenjen. Der steane wol iderkear 3 haden oanjûn, dat mooglik hienen se noch in feint of in faam yn‛e hûs. Dêr buorken se noch tsien jier frij knap.
Yn 1784 ferhûzen hja nei nr. 33 it diakenije hûs op‛e noarderein, no noarderein nr. 18 mei noch 2 kij en een pear pûnsmiet bou. Dêr ferstoar Jochum Roels yn 1793, syn widdo Sybrich ferhuze nei Tytsjerk, en master Klaas Bouwes kaam op nr 33 te wenjen.
It nije hûs foar de diakenij.

Yn 1785 waard it diakenijehûs boufallich en Jochum Roels waard der ek net better op. Mar it hûs dat koe sa net langer, de minsken mear hier betelje litte wie ek net mooglik 10 gûne it jier wie foar harren al in hiel protte, hja hienen mar 1 ko mear en moasten ek noch 6 gûne belesting betelje it jier en hja hienen by de tsjerke ek al in skuld fan 100 gûne. Lykwols besleat de diakenij om in nij hûs foar harren te bouwen.
Dat gie doe noch wol wat oars as tsjintwurdich.
De diakens en tsjerkfâlden besleaten om Andries Pieters, boer en timmerman yn Tytsjerk, in bestek en tekening meitsje te litten en him ek it opsicht oer ôfbraak en weropbou op te dragen. Hy naam dat oan foar 4cg en 10st.
En hja sochten ek earst sels de bedriuwen út dy‛t de materialen leverje mochten.
Keapman, houtsager, Van der Meulen soe it hout leverje.
Keapman Hein Polak de stien.
Widdo F. Adema de estrikken foar de flier en de ‛stientsjes‛ foar it hurdstee en de reeklieding.
De smid Foppe Harmens fan Garyp it izerwurk, en Hindrik Bosma de spikers. Andries Pieters syn broer Sjoerd begûn alfêst mei de kezinen en glêsramen.
Doe earst waard yn de doarpen dêr omhinne bekend makke, dat der de 18e april fan 1785 oanbesteding wêze soe ‛by jenever en strykjild‛, fan it ôfbrekken fan it âlde hûs en it bouwen fan it nije, neffens bestek en tekening. Blykber allinne it wurk. De materialen wienen al besteld by fan âlds bekende en fertroude adressen, dêr‛t se fiks ôftingje koenen sûnder dat se oer de kwaliteit yn noed sitte hoechden.
It wurk waard gund oan Hermanus Inia (Jochum syn skoansoan) en syn maat Jan Pieters, foar 60-15-12. It hûs waard mei reid dutsen.
Noarderein 18
De totale kosten kamen op 465-4-8, of op ús manier skreaun ƒ465,22½. Neffens Albertom wie de keamer yn syn tiid noch frijwol gelyk, mar der wie letter in skuorre achter boud en doe wienen der dakpannen op kaam yn pleats fan reid en doe wie der ek in reinwettersbak by kaam.
It hûs stiet der noch en sjocht der noch kreas út, al is it wol wat feroare nei 1785.
YNVENTARISAASJES
As der immen stoarn wie moast der in opjefte dien wurde fan it besit. It erfskip yn rjochte line dus fan âlden nei bern, wie net belêste, mar nei broers en susters en omke- en muoike- sizzers wol. Der kamen dus taksateurs en beskriuwers oan te pas, foar ús binne dy ynventarisaasjes in moaie kâns om te sjen wat hja om en oan en yn’e hûs hienen.
Albertom hie 3 ynventarisaasjes yn syn oantekens opnaam. Fan in hierboer út Ryptsjerk, fan in eigenerfde en fan in domineeske út Suwâld, dat ús ek gelegenheid jout it ferskil yn wolstân te ferlykjen. It giet hjir dus net om tige earmen of tige riken.
Ien fan de earste dingen dy’t opfalt is de yngewikkeldens fan de húshâldings, in gefolch fan in grut probleem yn dy tiid, it stjerren fan safolle jonge froulju, yn it kreambêd.
In hierboers húshâlding yn Ryptsjerk.
Hy wie yn 1706 troud mei Ytsje Sapes, hja krigen 4 bern werfan’t mar ien, Piter, yn libben bleau. Dizze Piter, wie al troud. Yn 1722 troude hy mei Aukje Theunis, hja krigen 5 bern, dêr’t by Sibe syn ferstjerren noch fjouwer fan yn libben wienen. En yn 1732 troude hy mei Lysbet Oenes, en fan har 5 bern wienen der by syn ferstjerren ek noch 4 yn libben. Dy wienen as ‘minderjierrigen’ noch yn’e hûs. Yn 1744 wienen hja noch mei syn tsienen, doe wienen de bern fan Aukje dus ek noch alle fjouwer yn’e hûs.
By de ynventarisaasje, op 5 maaie 1746, wie it fee en it ark ‘achter de middelmuorre’ al ferboelguodde, mar der wurdt net opjûn wat it opbrocht hat. It gie dus noch oer it húsrie foar de middelmuorre, dat troch de taxateurs oan de widdo tataxeard wie.
De ynhâld fan de ynventarisaasje doch ik fet printe sadat it dúdlik te ûnderskieden is fan myn taljochtsjend kommentaar.
Bêdeguod:
8 wite lekkens, 5 oare lekkens, 5 peuldoeken, 6 slopen, 3 bêden mei 2 peulen, 4 tekkens, 2 holkessens, 2 pear bêdgerdinen mei rabatten.
Sliepark foar 3 bedsteden dus en net folle reserve. In peul is in kjessen oer de hiele breedte fan it bedstee, yn it plak fan- of ûnder de holkessens. Men slepte doe meast op slûkstrie, dy peulen wienen in soarte binnen sloop, ek wol peulsek neamd, fuld mei slûkstrie, en dêr in peuldoek omhinne.
Yn Rimen en Teltsjes fûn ik noch in plaatsje fan bêdgerdinen mei rabatten, mei de hjir tige tapaslike titel ‘Libbens ein’. De Rimen en Teltsjes fan de bruorren Halbertsma binne wol út de earste helte fan de 19de ieu, mar geane foaral oer de tiid fan foar de Franske revolúsje. Hja binne in rike boarne foar de gebrûken en klaaiing en hûsynrjochting en it boeren bedriuw fan de 18de ieu, foaral ek troch de prachtige tekeningen dy’t Ids Wiersma der by makke hat.

Oar húsrie:
In rek mei pannen oan’e wand, In skoarstienkleed, in fjoerpot, 2 izeren potten mei heak en in hingizer. Op it plaatsje hjirneist sjogge jim achter de widze in hurdstee mei sa’n fjoerpot, mei dêr boppe, in pot mei in heak op in hingizer.
In leppelboerd mei 16 (tinnen) leppels. 2 tinnen koppen, 2 bekers,
Ik fûn noch in leppelboerd, al is it folle lytser as dat by Lysbet mei 16 leppels. It deistige iters ark wie doe fan tin. Dat koe in handige smid wol jitte.
De foarname lju en rike boeren hienen foar de pronk ek faak sulveren leppels.
In ûnrêst? mei fuottebank:
Hat immen fan de lêzers in idee wat dêrmei bedoeld waard? Dan bin ik tige benijd want ik ha it noch net útfine kind.

Strykizers hie men doe ek al nedich om, nei it waskjen, de knûkels út de klean te striken. Hja waarden ferwaarme troch der in koaltsje fjoer yn te dwaan, it wie dan te hyt om it sa op in tafel te setten.
In skerm, in izeren jellen, wat skûtelguod. in lampe, in spegel, in naaikoer, in skoarstientouw, twa glêsdoeken, in pear stuollen, in pankoekpanne, twa moalfetsjes, 13 pûn grou jern, 3½ pûn wollen jern en in protsje hjidde.
Manljusklean:
Oan manljusklean wienen der noch trije himden, en in read ‘stainetten’ himdrok mei 30 sulveren knopen en in swartlekkense broek.
De himden hâlde de frou, de read stainetten himdrok gie nei Piter, en syn jongste healbroer Sape, fan twa jier, krige de 30 knopen. En Tseard krige de swart lekkense broek tadield.
Der wie noch wat bargeguod. Lysbet en de bern hâlden 82 pûn spek, 15 pûn koartguod en in ribbe.De oare ribbe en 15 pûn koartguod en 42 pûn spek gie nei Piter. En der wie noch 3 cg ree jild. Alles meiinoar waard takseard op 91-6-8.
Ynskulden en skealike skulden:
Der wie noch wat jild yn te barren, 16-3-12 en op de pleats wie noch foar 110 cg oername. Mar dêr stie noch in jier hier fan 120 cg tsjinoer, dat noch betelle wurde moast.
Al mei al in sobere hûshâlding.
In eigenerfd boer, doarpsrjochter en ûntfanger yn Suwâld
17 july 1754 ferstoar Symen Folkerts Algra, as widdener. Hy hie 3 kear troud west.Yn 1716 mei Japke Gerrits; hja krigen 3 bern werfan net ien mear yn libben wie.
Yn 1723 mei Grietje Johannes Snoek, 4 bern werfan 2 al troud.
Yn 1735 mei Sytske Sipkes, seis bern allegear noch yn’e hûs.
Erven:
Piter en Aaltsje beide al troud, en
Folkert en Tytsje mei as curator Doede Romkes en
Sipke, Aaltsje, Grytsje, Gerbrich, Sjoerdsje en Geeltsje, mei curatoren Rinnert Ottes, en Wibe Jans fan Surhuzum. De bern erfden allegear, elk foar in tsiende part!
Fêstichheden;
1 In pleats yn Suwâld
2 Noch in hûs mei skuorre yn Suwâld.
3 5½ med ferhierd lân op it Suwâldsterfjild
4 In pleats yn Tytsjerk
5,6, 7 meiinoar 17½ med los ferhierd lân yn Tytsjerk
8 De taxaasje fan de opstallen, it hôf en de beammen fan de pastorijepleats yn Tytsjerk.
9 It fee: 8 kij, 5 rierren, 2 hoklingen, in inter en in twinter bolle, 4 kokeallen, in swartbonte inter okse, 2 okse keallen, 6 hynders, 2 fôlen, 1 skimmel inter merry, 3 skiep, 2 âlde bargen en 2 spjallings.
It falt ôf dat sa’n grutte boer mar sa’n bytsje fee hie, mar dat kaam troch de feepest dy’t doe gie, hja leinen har doe ta op bou en it fokken fan hynders.
10 Bêdeguod:
5 bêden, 4 peulen, 12 holkessens, 7 lekkens, 10 wite lekkens, 8 peuldoeken, 4 peulsekken, 4 griene tekkens, 4 spaanske tekkens, 1 japanske bernetekken, 7 slopen, 2 servetten, 3 pear griene bêdgerdinen mei rabatten, 2 reade glesgerdinen, 1 grien en 2 bûnte skoarstien-kleden, 2 bûnte tafelkleden, 4 tripen stoelkessens, 5 sekken, in tsjernekleed, 13 jellen nij doek, 40 jellen grou doek, in stik web by de wever en 3 lepsen flaaks yn it lân te waskjen.
Dat wie gâns rejaler en lúkser as yn Ryptsjer. Dy servetten wienen fansels net foar deistich gebrûk, mar foar deftige besite. Griene tekkens wienen doe yn’e moade. Spaanske tekkens wienen breidene wollen tekkens, japanske tekkens wienen breidene of haakte katoenen bernetekkens. Gerdinen wie doe ek wat nijs om de hege ramen yn de pronkkeamer te omlisten, as it kâld waard koenen de binnenblinen ek noch ticht.
In tsjerne kleed waard brûkt as men de tsjerne in skoft net nedich hie, hy lei dan op in moai bewurke skammel, it koperwurk gled poetst, en mei in moai bewurke kleed der oer hinne, yn’e keamer te pronk. Sa as op de tekening fan Wiersma ‘jierstûne’ te sjen is. In lepsen flaaks is it flaaks fan 2 are.
11 Manljus klean
In brún sergien rok en kamisoal, noch sa’n rok en broek, 2 swartlekkense rokken en kamisoalen, in brún lekkens kamisoal, in sergien kamisoal, in brún lekkense reissek, in brún sergien broek, in swart lekkense rok, in wyt damasten himdrok mei 32 ribde sulveren knopen, en ien mei 24 sokke knopen, 2 huodden, 2 pear swarte hoasens, 4 himden, in swart greinen almanak mei sulveren beslach.
Serge wie in kepere tweed-achtige stof foar deiske ‘knappe’ klean. Lekken wie in wat ferfilte fyn wollen stof foar in deftich pak. Symen Folkerts koe dus wol foar’t ljocht komme. In swart greinen almanak. Grein is in weefsel fan geitehier en wolle. Hiel moai gled, meast read. Swart grein wie dus wer wat bysûnders, en dan noch mei sulveren beslach. Mooglik wie it in los omslach dêrt men elk jier it nije almanak ynstekke koe.

In pear swart krippen mouwen, in swart jakje, in brún jakje, in damasten boastrok mei 2 sulveren knopen, 2 swartwollen werpen skelken, in grien kroansajen skelk, in skier sergien skelk, in blau kroansajen rok, in read fluwielen taske mei in sulveren bûgel, heak, gesp en learen riem, 2 blaustreepte skelken, 2 'relijven’, 3 himden, 3 bûnte en 2 wite ûndersten, in sinnehoed mei sulveren heaken, in gouden kroantsje mei 3 reade ‘coralen’, in gouden merkte hoepring.
De frou hjirneist is fierhinne klaaid yn de moade fan dy tiid of krekt letter, mei in gouden kroantsje en dútse mûtse. Mar dêr kinne jim har bûgeltas net sjen.
In sinnehoed út dy tiid koe ik net fine; en bûgeltassen genôch, mar gjin read flewielen, jim moatte dus dit swart flewiel mar read tinke.
In ‘hoepring’ is in ienfâldige gledde ring faaks in trouring, dus net mei in stientsje.
13 Tin, koper en izerwurk.
Koper: 2 tsjettels, 4 earnamers, 1 aat, 1 panne mei deksel, 1 komfoar, 2 goatlingen, 1 bierhoarn, 1 mesken panne, 1 m. fjoerbekken, 2 m theebussen, 4 theetsjettels, 1 mesken kofjepot, 1 mesken potlid, 1 roede, 5 mesken heaken
Tin: 5 skûtels, 7 boarden, sâltpot, mosterpot, healmingel, flapkanne, in mes mei sulveren doaze en ring, 20 leppels, 2 kandelers,4 treppots, 1 kofjemûne.
Hjir liket allinne de bierhoarn wat bysûnders, dy liet men heartiids op in feest fol mei bier rûngean. It wie in hoarn fan in ko, mar dan wol in hiele grutten, en faak mei sulver fersierd.

Izer: 2 potten, 1 komfoar, 1 kandeler, 1 blikken theebus, in slachwurk, 1 tange, 1 jiske-skeppe, 1 blikken theetsjettel, 1 tsjettel, 1 hingizer, 1 trijepoat,1 pankoeksmes, 1 pankoeks-panne, 6 roeden, 1 lantearne, 1 ruster, 2 strykizers, 1 giter, 1 fjoerhurdsje, houten skealjens mei wichten en gou

It is appart dat se houten skealjens, bierglêzen, romers en spegels by it izerwurk rekkenje!
In fjoerhurdsje sil lykas de fjoerpot bedoeld wêze om it fjoer sa lyts mooglik te hâlden en ticht by de pannen en tsjettels om keamer of koken net te bot op te waarmjen.
De houten skealjens wienen foar it ôfwagen fan de bûter. En de goudskealjens sil wol in setje west ha om it gewicht fan jild te kontrolearjen, Symen wie ommers ûntfanger. Dêr by hearden fansels ek it pultrum en de boekekast.
14 Houtwurk foar de middelmuorre
2 iken kasten, 1 pultrum, 3 tafels, 1 theetafel, 1 kiste, 1 boekekast, 16 stuollen, 1widze mei widzebank, 2 mantelstokken, 1 skûtelbank mei stienwurk, 2 koppen op de kast, 16 pannen oan de wand, 16 theekopkes en pantsjes, 2 stiennen treppots, 2 stiennen spielkûmen, 1 theekast, 1 bibel mei sulveren heaken en beslach, murken S. Symens 1747. 1 bibel sûnder beslach, mei in sulveren hea

It giet net allinne om de meubels, mar ek wat der yn en op stiet. In glêdstien waard brûkt om it linnenguod te striken.
En út de braken en de flaaksbûtser blykt dat se it flaaks sels bewurken. De izeren ribbelbraak wie wat nijs, hy moas
Dêrnei moast it flaaks noch slipe en swingele wurde, en dan koe men it spinne; dêrfoar wienen der 2 spinwielen en in hispel. En dan koe men it jern nei de wever bringe om ta linnenguod ferwurke te wurden, by it bêdeguod seagen we dat der sa noch 13 jellen nij doek en 40 jellen grou doek wie en noch in stik by de wever. Wurk by de bult dus foar de jonge froulju.
15 Houtwurk bûten de middelmuorre
In tsjerne mei 1 koperen en 4 izeren hoepen, 1 tsjernmûne, 1 tsjernwidze, 4 tinen, 3 sûpefetten, 1 aad, 6 houten amers, 2 jokken, 2 houten bûterskûtels, 2 tobben, 2 temsen, 1 tsjerneskammel, 3 bûterladen.
Bûten it foarhús komt men no yn de tsjernherne, de molke waard doe noch meast yn houten amers of earnamers oan in jok út it lân helle en nei de molkenkelder brocht. Dêr waard it yn aden kuolle en dan ôfreamme. De ûndermolke waard ta tsiis ferwurke. De reamme moast earst op temperatuur brocht en sûorre en gie dan yn in tsjerne, in tsjerne mei in koperen bopperâne en fjouwer izeren hoepen wie in grutte tsjerne foar de tsjernmûne.
De tsjernmûne stie yn’e skuorre en waard oandreaun troch in hynder. It grutte kamred dreau in folle lytser red oan, en dêr boppeop siet in ‘exentryk’ dat in lange houten stok hinne e
Hjirneist sjogge jim dy
De man op it plaatsje is dwaande by de tsiistine tsiisbrokken yn in fetsje te dwaan, san fetsje stiet foaroan, derneist skealjens mei in tsiis der op.
En as men by’t winter temin reamme hie foar de grutte tsjerne, brûkte men in lytse tsjerne, dêrt men de pols fan mei de hân op en del die, mar noch better wie in tsjernwidze, dy't lytse boeren hienen dy't net genôch reamme foar in grutte tserne hienen
Dy sjogge jim hjirneist yn aksje. De frou is dwaande bûter yn in bûteraad te beredden, dat gie yn foarmen foar de lyts
Wat fan de reamme oer bleau, as de bûter derút wie, neamde men sûpe, men brûkte dat te drinken of om brij fan te meitsjen.
Bûterladen wienen houten draachdoazen dêr’t men bûter mei útsutele yn’e stêd. En it wie yn dy tiid ek in skelnamme foar Suwâldsters. Blykber kamen dy sutelders faak út Suwâld.

1 fleisfet, 1 kuoltrôge, 1 wanne, 1 heallopen, 1 fiarndel, 7 foarken, 1 wine, 3 leppen, 2 skeppen, 3 hekkels, 1 donghekkel, 2 heagripen, 4 gripen, 1 besleine skeppe, 1 kniifstok, 1 tieme, 3 weinen, boppesketten foar in wein, 1 sjees, 1 ierdkarre, 2 ploegen, 2 eiden, 2 stel silen, 2 eidekettings, 1 ploechketting, 1 poalske slide, 1 skoslide, 3 bynstokken, 2 achterbinen, 3 foarbinen, 1 pear sitboerd heaken, 1 swipe, 3 pear barten, 2 kretten, 1 skip mei seil, fok en kloet, 2 ljedders, 1 seine, 1 pear bolleboeiens, 1 bargetrôge, 1 hynstebongel,1 los tiksel, 1 snijmes, 2 bilen, 1 snoeibeitel, 1 spikerboar, 1 hammer, 2 noegers, 1 sage, 1 knyptange, 400 takkebosken, 1 sadel, 2 teamen, 3 haadstellen, 5 binen, 3 gereiden, sylbeagen en oar hynsteark, 30 foer reid, 20 snies reap.
As men in ko of baarch slachte dan moast dat fleis goed hâlden wurde. Kuolkasten koe men noch net. Der wienen eins mar trije manieren: rikje, droegje en pikelje. Ek it spek dat droege waard waard earst pikele en rikke. Fleis bleau yn’e pikel stean en koe sa lang goed hâlden wurde, krekt as tussearten en snijbeannen yn in keulse pot. Mar foar it fleis


16 feefoer:
hea, yn’e skuorre, opt fjild en op stannen. 11 lopen rogge, 2 lopen rogstale boekweit, 6 lopen hjouwer, alles noch op stannen. En 2 siden spek.
It wie july, en it hea wie noch net allegear binnen, der moast sels noch meand wurd.
In ‘lopen’ is hjir in lopenstal = ljippenstâl in lânmjitte fan 360 fjouwerkante roede = 0,5406 ha’.
It boppesteande heallopen wie in ynhâldsmjitte fan 42 liter.
Boekweit waard eartiids yn’e wâlden in protte ferboud, it easke net folle fan de grûn, hoe earmer hoe better. Der wienen twa soarte, foar sân (dat sil de ‘rogstâle’ wêze,)en foar feangrûn.
17 Ree jild goud of sulver
2 goudgûnen, 6 caroly.gûnen, 4 ryksoard, 22 skelling, 4 seisdehealen, 233 dûbelstoeren, 2 stoeren, 38 duiten.

Dit jout in moai byld fan it jild dat doe yn gebrûk wie: De grutste munt wie de goudgûne of floreen, mei in wearde fan

De caroly gûne wie 20 stoeren, it ryksoard wie 12 ½ stoer, in skelling wie seis stoeren, in seisdeheal wie 5½ stoer, de dûbelstoer hiet letter dûbeltsje,en wie 2 stoeren. In stoer wie 16 duiten.
Meiinoar wie hjir,sa as sy it doe skreaunen foar 95-14-6 oan jild.
Makke goud en sulver
In sulveren kappe murken G.S.; in sulveren leppel mei S.S 1716; in sulveren theeleppeltsje en in sulveren leppel mei de letters G.S.
In gouden earizer mei S.S. In gouden kroantsje mei fiif stringen gouden kettings, in pear gouden himdknopen, in pear sulveren skuongespen en in sulveren oerpypke.
De leppels mei ynskripsje kinne geboarte leppels west hawwe. It guod mei G.S. sil fan Grietsje Snoek west hawwe. Mei S.S fan Sytske Sipkes. In oerpypke wie net foar de sier, mar waard brûkt as in ko in betrape oer hie, wêrtroch it oer ticht siet, om dat wer iepen te meitsjen en te hâlden, oant it wer better wie.
18 Noch yn te barren skulden foaral hier. 161 - -- - -
19 Noch yn te barren achterstallige belêstingen
fan it Reeel fan 1752 en 1754 186 - 3-12
fan it Personeel 1754 12- 3-10
fan de Floreen 1750, 1751,1753 223-18- 8
fan de Specien fan ôf 1750 227- 3-13
fan turf en branhout, foar de earmen?, diakonije? 18-18-12
Meiinoar 829 - 8 - 7
Skulden fan achterstallige hier, mar ek lieningen. 66 - 10 --
De suwâldsters hienen dus nochal wat belestingskuld stean dat Symen foarsketten hie. Dat sil ek wol in gefolch fan de feepest west hawwe, wêrtroch in protte tige krap sieten.
Ut de boekhâlding bliek fierder dat de trouden by har houlik mei krige hienen
Aaltsje 229 - 10 ---
Piter 206 - 10 ---
20 Dan wurdt noch meidield dat de ferstoarne op syn stjerbêd, ûnder getugen, in beskikking opmakke hat, in ‘opstel’ stiet der, troch him en de getugen ûndertekene: Dat de twa âldste bern fan Sytske, elk 5 jier lang út syn boedel 10 cg krije, en de fjouwer jongsten elk oant er de 15 jier folmakke hat, jierliks 40 cg . Dy beide aldsten Sipke en Aaltsje wienen 14 en 13 jier, de oare fjouwer 11,9,7,en 5 jier. Dy jongsten moasten fansels earne by famylje ûnderbrocht wurde, de beide aldsten soenen al hast yn eigen ûnderhâld foarsjen kinne. Oer de bern fan Grietsje, Folkert en Tytsje fan 20 en 18 jier wurdt net praat.
Omdat fan de boedel fierder gjin wearde opjûn wurdt, dat wie net nedich omdat de bern de erven wiene, en dan hoechde der gjin belesting oer betelle te wurden, dêrom kinne we út dizze ynventarisaasje net sjen wat doe de priis fan de dingen wie, en wat elk dêr fan krige. Dat moast noch troch in notaris opmakke wurde om ta in earlike ferdieling te kommen. Neffens Datema ferhierden de bern de ûnferdielde pleats. It oare jiers meldt it speciecohier. “De dorpsrechter en ontvanger Symen Folkerts Algra overleden, in zijn plaats Freerk Dirks van nr 2 in Rijperkerk. Freerk wie de man fan Aaltsje. Mooglik dat guon fan de bern by har yn wenjen bleaunen.
Tolve jier letter ferhuzen Freerk en Aaltsje nei Stiens, en waard de pleats dield troch Sipke Symens Algera en Ritske Lykeles, de foarfaar fan de Suwâldster Bergsma’s.
IN DÛMNYS HÚSHÂLDING
Nei it ferstjerren fan Sjeuke Minnes Hajema, widdo fan dûmny Durandus Duursma en wertroud mei ds. Thomas de Ring; opmakke troch WibeTsjebbes as commitearde en Fokke Ypey fiscaal; 1 okt. 1737. Foar de bern, Machtilde, berne 1722, en Catharina, berne 1724, fertsjintwurdige troch harren omke Wybert Minnes út Bûrum, op fersyk fan harren beppe Tryntsje Rinses, widdo fan Minne Wyberts, en foar dûmny Thomas de Ring.
Fêstichheden.
1 In heal hûs yn de Syprianus steech yn Ljouwert. Hierder Jilles Regneri
2 De helte fan in pleats mei hûs, skuorre en lân ûnder Tytsjerk. Hierder Siebe Douwes
3 De helte fan in stik fean ûnder Noardwolde.
Dy eigendommen hie hja mandelich mei har swager ds. Martinus Duursma fan Drachten.
4 In hûs mei hiem en hôf op Burgumerdaam. Hierder Tsjerk Abes, beswierre mei acht goudgûne grûnpacht, dêrt Jelle Alberts de helte fan betellet.
Domineeske wie dus lang net ûnbemiddele. In dûmny hie doe noch gjin pensioen.
Foar de fersoarging fan syn âlde dei of syn neilitten famylje, moast hy dus in part fan syn ynkommen belizze, men die dat graach yn lân en huzen. Dat hâlde syn wearde en dat koe ek wer oan de folgjende generaasje trochjûn wurde, dat hie it foar op de pensioenen fan tsjintwurdich.
Bêdeguod en klean.
2 bêden, 2 peulen, 9 ‘oorkussens’ 17 lekkens, 19 wytlingen, 23 peuldoeken, 5 peulsekken, 3 wite spaanske tekkens, 2 japanske tekkens, 2 japanske berne tekkens, 25 kessenslopen, 3 wite dopkese en 2 streepkese en 2 wite tafelkleden, 27 servetten, 2 wite streepkese handoeken, 10 wite bernedoeken, in lapke nij doek, 20 jellen blokt nij doek, in spaans berne tekkentsje, in lapke nij doek, 11½ jellen dopke doek, 2½ jellen streepke doek. In pear griene bêdgerdinen mei rabat, 4 wite glêsgerdinen, 2 bonte skoarstienkleden, in stikje blomd damast, in stikje ‘sarje dubois’, noch in pear sokke lapen en 4 griene stoelkessens.
Jim sjogge, wol wat rejaler en luxer as yn in boere húshâlding. Foaral de tafelkleden en de servetten. No wienen servetten wol handich, want hja hienen noch gjin itensfoarken, mar ieten mei de hannen. Fierder wol stof foar it sels meitsjen fan klean, lekkens en handoeken, mar gjin wolle of flaaks om te spinnen.
Dopkes, streepkes en blokjes binne ynweefde patroanen. Sarje Dubois is krekt as ‘sergien’ en ‘sajen’ in fine wollen stof, mei in healwollen, katoenen of siden ynslach mei in diagonaal patroan.

Frouljus klean
In brúnstikt sarje dubois rok, 2 blomd damasten rokken, 2 streepte katoenen rokken, in bonte blomkese rok, 2 brune sarje dubois skelken, 2 reinkleden, in fluwielen tas mei in sulveren bûgel en heak murken mei S.D., in brún stoffen nachtrok, in greinen nachtrok mei in bontstreepte fuorring, in brún krippen jakje, 4 bonte jakjes, 22 himden, 13 wite boesdoeken, in swarte kraach, 10 wite halsdoeken, 2 boarstrokken, 12 dútse mûtsen, in swarte kapsluier, in swart siden kappe, 4 pear wite moukes.
Dat is wol wat deftiger as by de boeren, hjirneist sjogge jim hoe deftich dat blomd damast der útseach. En de nachtklean sille boerinnen ek wol net hân hawwe.
De swarte kraach, kapsluier en swartsiden kappe wienen rouklean, har earste man wie noch mar 2 jier wei. It wie in kappe mei in swarte sluier, sa as de froulu op de tekening fan in begraffenis yn Rimen en Teltsjes dy drage, mei in swart reinkleed.
Manljus klean
3 wite en ien bonte mûtse, 10 himden, 3 strikken, 5 pear moukes, 10 beffen.
Dy beffen sille by de toga heard hawwe.
Berneklean
3 wyt baaien ruften, 6 wite doeken, in read swachtel, 7 boppe mûtskes, 4 himdsjes, 6 wite berne mûtskes, trije vlippen, in ûnderste, 2 peulsekjes.
Dizze poppeklean wie al âld spul fansels. De dochters wienen al 13 en15 jier. Mar wat binne vlippen?? Yn gjin wurdboek te finen, ek it Meertens ynstituut wit net wat it wêze kin.
Tin, koper en izerwurk
Koper: in tsjettel, in potsje, in komfoar, in stove, in panne, in goatling, in kraan, en in lyts tsjetteltsje.
Tin: 6 skûtels, 2 kûmen, 10 boarden, 2 sâltpotsjes, in peperstruier en ien mei in blikken kappe, in stiennen kanne mei tinnen deksel, (in tinnen flapkantsje,( hjir is by skreaun, mar dat is fan ds. de Ring), in healmingel, 2 treppets, in kofjepot mei koperen kraantsje, en in blikken mei in mesken kraantsje, 4 leppels, 2 pispotten, 2 kandelers, en 4 mesken mesheften.
Blik: twa tsjetteltsjes, in lampe mei mesken blaker, in gatsjesleef, in tromp, in lyts trompke, 2 theebussen, in tobbe en in houten amer.
Dat is no wer hiel ienfâldich en sljochtweihinne, echt wat foar in puritein as dûmny Duursma.Mar dêroer woe ik it de folgjende kear hawwe, dêrom slach ik de boekekast earst ek oer.
Sulver en Goud:
In sulveren foarkje, 4 leppels murken mei (S.M.) 2 leppels, 4 mosterleppeltsjes, 2 theeleppeltsjes, in bril priem, in almanak, 2 knipperkes, in bûshorloazje, in doaske mei dêrop “Amor vincit omnia” mei dêr yn 6 âlde ryksdaalders, in knyft, in sulveren heak mei dêroan 3 sulveren kettings mei sulveren spjelde koker en skjirre.
Goud: 2 rûne gouden knopen, en in earizer murken mei S.D.R
Ek dit is tige ienfâldich en foar wolstelde minsken foaral net útwrydsk.
In brilpriem is faaks een brilleglês op in sulveren stokje, de knipperkes sille kniipbriltsjes wêze. It doaske mei “Amor vincit omnia” Leafde oerwint alles, is in knottedoaske. By âlds bea in feint as hy syn faam frege mei him te trouwen, har in doek mei skellings, letter dukatons, dêr yn bebûn oan, as hja it dêrmei iens wie luts hja de knoop oan. Letter waard de doek ferfong troch in sulveren doaske It wie dus in ferlovings kado, fan har earste of twadde man.
PIETISME YN SUWALD

Boeken en hânskriften fan ds Duursma sels: Kort ontwerp van de leere der waarheid die na de godsaligheid is, opgesteld door eenige bedienaars des Heiligen Evangeliums [M. Duursma et al.] ten dienste van hare toebetrouwde gemeenten Auteurs: Martinus Duirsma, Durandus Duursma, Hillebrandus Mentus, en Augustinus Geukema. It boek krige wis 12 printings en waard op ferskate plakken útjûn. Der wienen ek Maleiske oersettings fan. It is noch yn ferskate bybleteken yn te sjen.
John Bunjan; 1665. Eens Christen Reize; John Bunyan wie in Ingelske Baptiste foargonger. Ferskate fan syn boeken binne yn it Hollânsk oerset, en wurde noch altyd lêzen.
De Christ

Friedrich Adolph Lampe: 1683 - 1729 Ut Bremen, heechlearaar yn Utert. Ien fan de lêsten fan de “Nadere Reformatie”.
Fan him hie ds Duursma yn de kast:
De verborgentheit van het genaade-verbondt. 1721 4000 siden yn 5 dielen.
Synopsis Historiae Sacrae et Ecelesiasticae, 1721, Gearfetting fan’e Tsjerke skiednis.
De gestalte der Bruid Christi. In útiensetting oer Jes. 20 : 2 út 1703


Eduard Meiners 1691-1752 Christus alles en in allen; Emden 1724. Meiners wie in Eastfryske dûmny. Syn ‘kort ontwerp van de praktijk des Christendoms’ koe de Duursma’s wolris ynspirearre hawwe. Hja wienen dúdlik fan deselde rjochting.
Pierre Yvon: Het heylige voor de heyligen:en Preservatyf tegen de verleyding
Jean de Labadie: Kort-begrip van 't rechte en ware Christendom
Jean de Labadie en Pierre Yvon wienen lieders fan de Labadisten, dy’t har yn Wiuwert op Waltastate delset hienen mei in suvere hillige mienskip. De leden hienen gjin eigendom mar joegen al har fermogen en wurkkrêft oan de mienskip. Hja wienen tsjin de bernedoop.
Wilhelm Sluiter: 1627 - 1673) Psalmen, lofzangen, ende geestelyke liedekens, op lees- ende sang-mate gerijmt, verbetert en van nieuws vermeerdert met het Hooge-liedt Salomons. 1701; Sluiter’s lieten wienen tige sjonsum en geskikt foar de fromme selskippen.
Jacobus Schuts (1678-1725 ) Het bescheyden deel der siecken. Schuts wie in flaamske ‘zieke

In soart helppreker, dy’t dûmnys holp om by de siken lâns.

John Owen:1616-1683:De gemeenschap met God den Vader, Zoon, en Heiligen Geest.
De zonde ; Het oordeel van geestelijke onvruchtbaarheid.
Verklaring van de heerlijke verborgenheid van Christus, God en mensch, Christologia.
De inwonende zonde in de gelovigen, vertoont in haar natuur.
John Owen wie net allinne foar de Puriteinen yn Ingelân, mar ek foar de Nadere Reformaasje en de Pietisten en letter foar de ôfskiedenen, grifformearden en efangelysken, oan’t no ta, in wichtige skriuwer. Hy hat mear as tachtich wurken neilitten en de measten dêrfan binne noch wol te krijen, meast as sammele wurken yn ferskate bannen, en hja wurde noch altyd frege en printe.
Henricus Siccama: Kort begrip der ware Godgeleerheid 1729;
Eerste beginselen van de Waarheid 1733.
Siccama wie yn dyselde tiid ek in skriuwende dûmny en kollega fan de Duursma’s
Baxter, Richard 1615 - 1691 De rechte manier van doen, om aan een geruste conscientie te geraken, in XXXII. bestieringen 1684.
Baxter is ek ien fan de ingelske puriteinske foargongers, dy’t de Duursma’s ynspirearre. Hy skreau: In protte ûnwittende minsken, dy’t al sa lang om’e nocht taharke hawwe, krije mear kennis en in beroufol gewisse, yn in heal ûre persoanlik petear, as fan tsien jier preekjen.
Kaspar Alardin: De geluksaligheyt van den weg der rechtveerdige als mede de fonteyne des levens, voorgestelt in eenige predicatien over den eersten Psalm, en Psalm XXXVI. 8, 9, 10 4e dr., vermeerderd met drie predikatien, over Joh : XIV : 6. Mat : VII : 13, 14 en Phil. : 1 : 23 / Amsterdam / 1720 (is noch op marktplaats)
Kaspar Alardin kaam út Bremen, wie mei 23 jier al dûmny yn Sluis yn Seelân, en dernei yn Wezel en Arnhem, dêr't hy stoar doe't hy 34 jier wie. Hy wie lykas Lampe en Meiners in fertsjintwurdiger fan it dútske pietisme yn Nederlân.
It Pietisme:
Yn de tsjerken, net allinne fan de reformaasje, ûntstie in hieltyd mear learstellige geleardheid, dûmny’s wienen wittenskippers, en wienen it, lykas alle wittenskippers, nea mei inoar iens. Sa ûntstie der in preekkultuer, dy’t in protte romte easke foar eigen miening en it bestriden fan dy fan oaren. Tige geleard, net sa from en net sa kristlik.
Dat joech fansels wer reaksjes fan minsken dy’t in praktysk, ynlik en from geastlik libben nediger achten as geleardens. En dy minsken dêr hearden de Duursmas dus ek by. Dizze beweging ûntstie al yn de 16e ieu yn Ingelân as Puriteinen ‘suveren’ en letter yn Dútslân as Pietisme ‘frommens’ en yn de Republyk hiet it Nadere Reformatie.
Alle boeken yn ds Duursma syn kast ha dêr mei te krijen, der binne alhiel gjin boeken fan ‘gewoane’ theologen by. Allegear fan minsken, meast gewoane dûmny’s of lekefoargongers, dy’t har ynsetten foar in ferdjipping en ferynerliking fan it leauwen en it geastlik libben.

Mar ta fernijing fan de tsjerke te kommen, dat wie net sa ienfâldich, yn in tiid dat hast de helte fan de minsken lêze noch skriuwe koe, en de tsjerke sa dom wie in taal te brûken dy’t men yn it deistich libben net brûkte en dy’t in protte fan de leden dus wol hearden mar net goed begripen. Dêr waarden wol in protte boeken oer skreaun, ek troch de Duursma’s, en blykber wie dêr ek genôch belangstelling foar, mar in protte minsken hienen dêr neat oan, want dy koenen dochs net lêze. Dus wie der in protte ferlet fan ‘oefeners’ dy’t yn’e wike geastlike lear-byienkomsten beleinen, fromme selskippen dy’t conventikels neamd waarden en by in protte theologen op net sa’n bêste namme leinen.
Dêr gie it net om de útlizzing fan it wurd, mar foaral om wat de minsken geastlik ûnderfûnen, oft hja groeiden yn it leauwe, oft blykte út har wurken dat hja ‘werberne’ wienen, want allinne dan wienen hja echte kristenen en koenen dielhawwe oan doop en nachtmiel. Dûmny syn buorman, goede freon en hierder fan de pastorije pleats, Herman Inia, wie sa’n oefener en grif mei dûmny syn tastimming en goedkarring. En ek hy krige, lykas dûmny, problemen mei de klassis en de synoade, sjoch it haadstik oer Durandus Duursma yn “Suawoude” fan P. Datema siden 183-190.
Hoewol’t der yn’t algemien ek by tsjerke- en provinsje- bestjoer wurdearring wie foar dizze fernijings beweging, (sels de Labadisten lieten hja mei rêst, as hja de belidenisskriften ûnderskriuwe woenen, en dêr hienen de Labadisten gjin beswier tsjin.)
Mar men hie it net stean, op minsken dy’t der oars oer tochten en dy belidenissen yn de kiif stelden en net omsizzen jaan woenen. En júst de measten fan dizze fernijers fûnen dat hja God mear hearrich wêze moasten as de minsken, en gienen faak temûk gewoan troch. Soks joech fansels wriuwing.
Opmerklik is dat dizze opwekkings beweging yn alle tsjerken foarkaam, ek by remonstranten, roomsken en menisten, sadat de tsjinstellings dêr tusken fuort driichden te fallen. Op plakken yn Grinslân gienen de ‘fine menisten’ en ‘fine herfoarmen’ by inoar!
Guon juichten dat ta, oaren seagen it as in slimme bedriging.
Hja hie rûnom grutte ynfloed, net allinne yn de tsjerken, ek yn polityk en maatskippij. In ynfloed dy’t yn bepaalde streken oant hjoed de dei ta noch nei te wizen is. Dêr’t ienris it Pietisme bloeide, begûnen doe’t de tsjerke troch de ‘ferljochting’ oanstutsen waard, de ôfskiedingen. En sa sjogge we dat in geastlike beweging dy’t fier fuort begûn ek Suwâld berikte, al tochten guon dat dêr de wrâld mei krantepapier tichtplakt wie, dat koe fansels ek net oars, it leit ommers midden yn de wrâld.


Omdat der yn dy tiid noch net in boufergunning fereaske wie, dat kaam earst yn 1903, witte we net folle fan de bouwurken dy‛t hy yn dy earste jierren boude, der sil grif boud wêze, allinne witte we net wat en troch wa.
De tsjerke
Wol lêze we dat hy tige aktyf wie op tsjerklikgebiet. By de stifting fan de Griffermearde tsjerke yn Suwâld yn 1894 wie hy diaken, omdat hja doe noch gjin eigen gebou hienen, kamen hja earst gear yn‛e pleats fan fan syn buorman Van der Laan, en doe‛t dy ferkocht waard oan W. Mulder, fan 1895 oan‛t 1899 yn de timmerwinkel fan Albertom, dy krige de namme "katoenen tsjerke", omdat it plak fan gearkommen mei dekkleden ôfskut waard.
Ut de jierferslaggen 1920 - 1942 blykt dat hy ek noch tsjerkeriedslid wie fan 1919 - 22;1928/29;en 1931 - 34.
En út in krante berjochtsje fan 1934, oer it 25 jierrich jubileum fan de begraffenisferiening, blykt dat hy dêr al dy jierren foarsitter fan west hie.
De skoallen
Hy wie in grut foarstander fan Kristlik ûnderwiis, en hie in protte belanstelling yn ûnderwiis en skoallen en de skiednis dêrfan, sa as we sjoen hawwe út syn stikjes oer "Skoalletastannen". Al foar dat der in Kristlike skoalle yn Suwâld wie, stjoerde hy syn soan Arjen nei Tytsjerk nei de Kristlike skoalle. Hy wie fan begjin ôf lid fan de feriening foar Kristlik ûnderwiis yn Suwâld, levere de banken foar it needlokaal by de Griffermearde tsjerke, dêr‛t de skoalle úteinsette; hy bea de bougrûn oan foar de skoalle en mastershûs, makke dêr bestek en tekening foar en hie it tasicht op de bou dêrfan. Hy siet fan it begjin oan yn it bestjoer, earst as lid, al gau as foarsitter en oan‛t 1918 as skathâlder. Yn 1922 bea hy de skoalferiening de grûn oan foar de nije skoalle, no de Suderfinne.
De buorren
Foar 1910 stienen der yn de buorren, fan de skipfeart oan‛t de griffermearde tsjerke oan beide kanten noch dikke iken beammen.(sjoch it plaatsje yn "bylden fan alear") foto 16. Oan de súdkant rûn in sleat en it lân dêre wie leech, neffens Datema wie it útfeante, neffens de lêste foto yn "bylden fan alear" wie it in poel.
Albertom kocht it lân yn 1909 fan W.Mulder en 3 jannewaris 1910 joegen B & W tastimming foar it dimpen fan de sleat en it roegjen fan de stobben. De beammen wienen blykber earder al kapt. Mei grûn fan hegere stikken ten noarden fan de buorren waard de sleat en de poel dimpe en it lân ophege en geskikt makke foar bouterrein.
As men de lêste foto yn "bylden fan alear" sjocht, soe men sizze dat it as in soarte wurkferskaffing útfierd waard. Wol 20 man oan it wurk yn‛e winter, dat wie de muoite wurdich! Mar der is yn it gemeenteargyf en yn it tsjerke-argyf gjin spoar fan te finen.
Allinne yn de Ljouwerter krante fan 8 maart 1910 stiet in berjochtsje oer dizze grûn ferpleatsing. Dat ien fan de arbeiders, in J.v.d.W by it ferfier fan sân mei kypkarren op smelspoar, tusken twa karren beknypt rekke en dêrby in djippe fleiswûne en in brutsen skonk oprûn. Dr. Hingst ferliende earste help.
Sa ferrûn it wurk dus net sûnder tsjinslaggen en ûngefallen, want it seldsum hege wetter fan begjin febrewaris, wol 90 sm boppe A.P. sil ek wol in strop west hawwe.
Mar like goed begûn de hûzebou yn‛e buorren al yn april 1910 mei it hus, no nr. 28; dernei folge in slachterij, nr. 46 foar Bouke Boonstra yn 1913; in winkel foar Dirk W.Bergsma, nr. 30, yn 1914. Yn‛e oarloch stoppe it even. Yn 1918 in dûbel wenhûs foar widdo A.R Kooistra, nrs. 42/44 en in hûs mei postkantoar foar de Widdo A.Geertsma, nr. 40, yn 1919; in wenhûs mei winkel en bakkerij, nrs 32-34, yn 1920; yn 1923 in bargehok en yn 1925 in skuorre mei feestalling achter nr 28; yn 1926 in winkelhûs foar Kobus Hiemstra, nr 26; doe wie der noch 1 bouterrein oer, en dêr boude Sipke Visser yn 1938 in hûs op.
Sa wie troch it stribjen fan Albertom it oansjen fan de buorren fan Suwâld gâns feroare.

En yn de nacht fan 3 op 4 septimber brânde de pleats dêrneist, bewenne troch de famylje Andringa, troch heabroei ôf. Troch kordaat yngripen fan oerbuorman Jan Scholte, dy‛t de brân fernaam en der doe fuort hinnegie en de ruten ynsloech, sa dat de minsken wekker waarden en troch de ruten ûntsnappe koenen, wienen der lokkich gjin persoanlike ûngelokken. En ek dy grutte pleats moast foardat de kei op stâl koenen wêr opboud wurde. Yn de Louwerter fan 25 oktober 1910 stie in nijsgjirrich berjochtsje, dat de stienparrebeammen neist de pleats, dêr‛t alle bledden troch de brân ôfskroeid wienen, no stienen te bloeien. En sels yn in efangeeljesaasjeblêdsje yn Hollân waard dat oanhelle as in blyk fan "nei libben út de dea."
Ek yn de twintigerjierren waard der noch hiel wat boud, dochs gie it saaklik net sa goed mear, it waardeleas wurden fan de russyske spoarwei oandielen, en it fallyt gean fan in pear minsken, dêr‛t hy yn de goede tiid boarch foar wurden wie, makken dat hy en syn frou yn in keamer by syn dochter Nynke en skoansoan Warrentje Kamminga de lêste jierren fan har libben slite moasten. Syn soan Arjen, dy‛t al in skoft yn it bedriuw meiwurke, sette nei 1 jannewaris 1927 it bedriuw troch.
Wikemuoi, dy‛t wat swiersettich wie, koe min oer dy tsjinslaggen, mar Albertom bleau oan‛t syn ferstjerren yn 1944, warber foar it doarp en de polityk en syn skiednis stúdzje. En dêrmei ferlear it doarp in man dy‛t him, salang as hy dêr wenne, tige ynset hie foar de mienskip en dy't it oansjen fan it doarp belangryk feroare hie.

Doe‛t hy yn Tytsjerk op skoalle gie, waarden se dêr dan ek hinne brocht mei in hûnekarre. De ald hûn wie hast blyn sadat de karre ek alris yn‛e sleat bedarre. Omdat syn heupen net rjocht stienen fergroeide ek syn rêch.
As bouvakker, op‛e steiger of yn it swiere wurk wie hy net geskikt. Mar hy koe goed leare en lei him as architekt, mear ta op tekenjen en boukunde, as op timmerjen.
Sa as we yn it stikje oer de oaiefaars al seagen, wie hy in leafhawwer fan fûgels, in echte fjildman. Hy mocht graach aaisykje en jije, hie dêrom altyd in jachthûn, en hâlde thús kanarjes en dowen en koe eins alle fûgels, planten blommen en bisten dy‛t er yn it fjild tsjinkaam.
Arjen Veeninga en Tryntsje Bakker mei harren dochters flnrj Joke, Nynke en Wytske.
Lykas syn heit sette hy him ek tige yn foar it doarp, de tsjerke, skoalle, en polityk.
Sa wie hy riedslid foar de Antirevolusjonaire partij fan 1939 oan‛t 1940 en fan 1946 oan‛t 1953. Blykber die hy, foar de pleatslike A.R. kiesferiening, ienkear yn it jier ferslach fan it wurk dat de rie yn it ôfrûnejier ferset hie. Dy ferslaggen binne der noch. Dêr út blykt wol dat hy him soargen makke oer de nei oarlochse politike feroarings, de sintralisearring en burokratisearring fan it bestjoer, wêrtroch de gemeenterie allinne noch jaknikke of neeskodzje mocht op alles dat "den Haach" en de amtenaren foarbakt hienen. Sa bleau der fan de ferantwurdlikens fan de gemeenterie, dy‛t neffens de wet oan it haad fan de gemeente hearde te stean, net folle mear oer.
Ek de manier werop den Haach him bemuoide mei de leanen fan de arbeiders wie him bot yn‛e wei. It wie doe in skoft net tastien om mear as it CAO lean te beteljen! Dat men in minimum lean fêststelde koe hy ynkomme, mar dat men in arbeider, dy‛t mear of better wurk levere of mear ferantwurdlikens droech, net wat, of aardich mear jaan mocht, dat fûn hy alhiel ferkeard, omdat it minsken ûntmoedige en net útdage ta better prestaasjes. En fansels ynteressearre hy him tige foar de boukundige projekten, sa as Eeburght, Hillemastate, Nij Toutenburg en de drokke gemeentlike wenningbou fuort nei de oarloch.
Mar ek bûten de polityk wie hy tige warber yn it doarps en mienskipslibben.Sa wie hy lid fan de reginten fan de Stichting op Toutenburg. Taxateur foar stoarmfersekeringen en bestjoerslid van de Boerenleenbank, no Rabo-bank.
As architekt wurke hy al mei fânôf 1922 oan de ferbouwing fan de Herfoarme tsjerke en de bou fan de nije skoalle, no de Suderfinne.
Yn de tritiger jierren hâlde hy de timmerwurkpleats noch oan foar oannimmers- en ûnderhâldswurk, ûnderlieding fan syn mastersfeint Anne fan Dyk. Yn de oarloch rekke hy ek by it fersetswurk betrutsen, om ûnderdûkers oan plak te helpen, mei dûmny Pel en G.W. Navis en moast ek sels noch in skoftsje ûnderdûke.

Yn syn tiid hat er yn Suwâld en de plakken dêr omhinne, mar ek yn Ljouwert, Snits, en sels yn Gaasterlân, noch hiel wat hûzen, pleatsen en oare bouwurken nei syn ûntwerp boud. Fierstentefolle om hjir op te neamen.
In moai foarbyld fan syn styl út de tiid foar de oarloch is bygelyks it hûs Noarderein nr 45, boud yn 1928, yn‛e tritigerjierren grif ien fan de moaiste en rejaalste hûzen fan Suwâld.

Of it hûs Lânsbuorren 2 yn Sumar, yn 1939. Hûzen dy‛t no yn euro‛s 100 x safolle opbringe moatte as se doe yn gûnen kosten.
Nei de oarloch, doe‛t wy yn Earnewarre wennen, wie ús heit foarsitter fan de boukommisje foar de ferbou fan de griffermearde tsjerke yn Earnewâld.
De tsjerke waard te lyts en it wie in toer om it jild der foar byinoar te krijen, dus moast der tige rekkene wurde en in protte frijwilligers wurk ferset. Hja moasten ek in architekt brûke, dêrom reizge er nei Suwâld om Arjen Veeninga te freegjen, oft dy dat op him nimme woe, mar dan wol Pro Deo! It gie troch!! En as jo no yn de griffermearde tsjerke sitte yn Earnewâld, of yn de herfoarme tsjerke yn Suwâld, dan sjogge jo in protte oerienkomsten, al is dy yn Earnewâld wol in stik ienfâldiger.
Arjen mocht dan beheind wêze, hy hie gjin lêst fan in minderweardichheid kompleks.
Hy wie de earste dy‛t yn Suwâld in auto hie, en in tillefoan, Suwâld nr 1! En radio en tillevyzje. Dêr blykt út dat hy net bang wie foar wat nijs en graach mei syn tiid mei gie.
Nei de oarloch lei hy him alhiel ta op architektuer, de wurkpleats die allinne noch ûnderhâlds wurk, oant ûngefear 1955, doe waard syn sûnens der net better op en stoppe hy der mei, om noch in jier of wat fan de A.O.W te genietsjen, dochs noch wat goeds dat dy soasjalisten betocht hienen. Hy ferstoar yn 1965.
Troch dat Albertom mar ien soan hie, en Arjen en Tryntsje allinne mar dochters, binne der no gjin Veeninga‛s mear yn Suwâld.
Ek Warren en Nynke, dy‛t doe noch neist de skipfeart wennen, hienen allinne mar dochters, en dy kamen ek allegear bûten Suwâld te wenjen.
YNHALD