ORATIO SANCTI BRENDANI
út
Acta Sancti Brendani
Original latin documents connected with the life of Saint Brendan
patron of Kerry and Clonfert
ed. by rev. Patrick F. Moran
Dublin, W.B.Kelly 1872.
IT GEBED FAN SINT BRENDANIn elk dy`t dit gebed hûndert kear sjonge of opsizze sil, foar
himsels of foar syn freon of immen fan syn húshâlding,
foar
in libbene of in ferstoarne, op`e knibbels of plat foaroer op`e
grûn
lizzend, dy wurde al syn sûnden ferjûn en hy sil ferlost
wêze
fan alle straffen fan de hel.(1)
Yn`e namme fan de Heit en de Soan en de Hillige Geast, Amen
Effata, dat wol sizze gean iepen, yn`e namme fan ús Hear
Jezus
Kristus.
Hear myn God almachtich, Heit en soan en Hillige Geast, ien Trijeienheid en ien ûnfoarstelbere Godheid yn trije persoanen, dy`t is en dy`t wie en dy`t komme sil. Ik smeekje Jo hege ûnútspreklike majesteit en ivige krêft, dat de trijefâldige wierheid my beskermje mei en de iene Trijeienheid my ferdigenje mei en dat Jo my genedich wêze wolle en sêftmoedich my al myn sûnden ferjaan wolle, de foarbygiene, de tsjintwurdige en de kommende en driigjende, omdat foar Jo allinne alle dingen mooglik binne, sa as op Jo wurd alle dingen makke binne en op Jo befel út it neat skepen, dat wol sizze, de stoflike dingen en de ingelen en de ivige wêzens; en sa as Jo út it foarmleaze stof yn seis dagen de foarmen fan de dingen en fan alle skepsels stal jûn hawwe, yn ferskate soarte en eigen foarmen, sa smeekje ik Jo Hear dat Jo my ûntskuorre wolle oan`e dea fan de sûnde en oan de stjerlikens en oan de te iere dea en oan de dea fan de siel en oan alle ferkearde dingen geastlike en lichaamlike en harren ûntelbere gefolgen en oan alle duvelske betsjoening. Ferlos my Hear, dy`t op`e earste dei it ljocht makke hawwe en dat skieden hawwe fan it tsjuster en de dei fan de nacht, dat wol sizze, de goede ingelen fan de kweade, wol Jo sa my ferlosse fan alle macht fan de Satan en syn duvelske keunst en fan de lagen fan de demoanen en de fersikingen fan harren folgelingen. Ferlos my Hear, dy`t de op`e twade dei it ferwulft befêstige hawwe tusken de wetters dêr boppe en de wetters dêr ûnder; bewarje my Hear foar alle kwea fan de fuotsoal oant de hollekrún, fan binnen en fan bûten. Ferlos my Hear, dy't op'e tredde dei it oansjen fan de see en it lân makke hawwe en it droege te foarskyn komme lieten, mei beammen en krûden, dy't fruchten drage mei sied deryn neffens harren soarte. Ferlos my Hear, dy't de op'e fjirde dei de ljochten oan it firmamint fan de himel makke hawwe, sinne en moanne en stjerren, ta tekens en tiden en ta dagen en jierren. Ferlos my Hear, dy't op'e fyfde dei de krûpende libbene wêzens makke hawwe en de fûgels dy't boppe de ierde fleane en de see meunsters en alle soarte fan fisken en it fleanend guod dat syn wêzen feroaret, keunstich út it wetter makke hawwe. Ferlos my Hear, dy't op'e seisde dei alle soarten fan bisten, fan fee, fjouwerrfuottigen fan allerhande natoer makke hawwe, en de minske út it liem fan de ierde foarme hawwe, en yn syn antlit de geast fan it libben blaast hawwe, manlik en froulik hawwe Jo harren makke, en Jo hawwe harren seinige en sein:' Nim ta en fermannichfâldigje jim en meitsje de ierde fol en hearskje oer de fisken fan de see, de fûgels fan de himel en oer alle fee. Ferlos my Hear, sa as Jo op'e sânde dei al Jo wurk seinige hawwe en dat hillige, en makke hawwe dat de minsken fan al har wurk rêste; wol ek my sa seinigje hillige Trijeienheid, trijefâldige goddelikheid en itselde wêzen. Wol o barmhertige, troch de mylde genede fan Jo leafde, Jo skepsel beskermje yn Jo ûnmjitlike sêftmoedichheid en ferjou myn sûnden. Ik smeekje Jo dy't mylde leafde binne, dat Jo yn ûnmjitlike sêftmoedichheid myn sûnden ferjouwe. Ik smeekje Jo hege en ûnmjitlike Majesteit ek troch it leger fan ingels, dat wol sizze, troch Jo Hillige Ingels, dy't de mindere dingen yn de mienskip fan de skepsels, dat is by de minsken, boadskipje en oantrune. Ferlos my Hear, troch Jo Ingels, de Hege Boaden troch wa't de grutte dingen oan de minsken ferkundige wurde. Ferlos my Hear troch Jo Hillige Krêften, wêrtroch ek altyd de wûnders barre. Ferlos my Hear troch de Hillige Machten, dy't de kweade geasten bestjoere en behearskje, dat hja net mear wreedheid útoefenje as dat harren tastien wurdt yn minsklike saken, sadat hja harren grime net op my útlibje. Ferlos my Hear troch de Foarsten, dy't ek de goede geasten oanfiere ta it folbringen fan de godlike mystearjes. Ferlos my Hear troch de Hearskippijen, dy't de fiif boppe neamde rangen yn hearskippij en yn hearrichheid as ûnderwurpenen oertreffe. Ferlos my Hear troch de Troanen, dêr't Jo yn sitte en wêrtroch Jo Jo oardielen oer de skepsels op ferskriklike wize útoefenje. Ferlos my Hear troch de Kearûbs, dy't de folheid fan wittenskip binne en mear wite as alle mei ferstân bejeftige skepsels dy't ûnder harren steane, want wylst hja op skrandere wize yn de spegel fan it kleare ynsjoch sjogge, fertelle hja de ferburgenheden fan de skepsels. Ferlos my Hear troch de Searafs, de barnende of oanstekkende, dy't mear as elk reedlik skepsel yn leafde ta God ûntflamje en safolle alle skepsels yn eare te boppe geane, dat der gjin oare geasten tusken harren en God yn binne. Ferlos my Hear troch dy njoggen rangen fan hillige ingels;(2) ik freegje fan Jo Heare, ûntfermer en barmhertige God, genede en ferjouwing fan al myn sûnden, de foarbygiene, tsjintwurdige, takomstige en driigjende, want Jo kenne ús gearstalling, dat wy mar fleis en stof binne en dit geskink freegje ik fan Jo Hear, ûnder de beskerming fan sint Piter en troch it bloed fan Abel de rjochtfeardige de earste pryster en martler, dat Jo de stim fan myn gebed sa oannimme as in lofoffer oan Jo, sa as Jo it tankber offer fan Abel oannaam hawwe; en wol it frijmeitsje fan alle kwea sa as Jo Seth yn syn plak steld hawwe, fan wa it slachte fan de soannen fan God ôfstammet, en sa as Jo Enoch oerbrocht hawwe, dy't mei Jo wandele. Ferlos my Hear sa as Jo Noach mei syn acht sibben en mei alle bisten yn de arke ferlost hawwe troch de floed hinne. Ferlos my Hear sa as Jo de hiele wrâld mei al syn fruchten ferlost hawwe fan de floed. Ferlos my Hear sa as Jo de pryster Melchisêdek ferlost hawwe en bôle en wyn fan him oannaam hawwe ta in offer; wol sa ek myn roppen oannimme Hear ta in lofoffer oan Jo. Grutte dingen freegje ik fan Jo Hear, dy ik net fertsjinje, mar troch Jo rynske en grutte genede, kinne Jo dy oan my sûnder jaan, ik bid Jo, ferjou myn sunden elke dei. Ferlos my Hear sa as Jo Abraham ferlost hawwe út Ur fan de Chaldeeën en út alle fersikingen; en sa as Jo mei him west hawwe yn alles, sa smeekje ik, dat Jo ek my ta in nea ûntbrekkende helper wêze wolle yn ivichheid. Ferlos my Hear sa as Jo Lot ferlost hawwe fan de Sodomiten en de fijannen. Ferlos my Hear sa as Jo Isaäk ferlost hawwe fan de dea troch in raam foar him yn it plak te jaan en sa as Jo him ferlost hawwe fan oare fersikingen. Ferlos my Hear sa as Jo Jacob ferlost hawwe fan de lulkens fan syn broer Ezau en fan Laban en mei him west hawwe. Ferlos my Hear sa as Jo Joazef ferlost hawwe fan de oergeunst fan syn bruorren en de begearte fan in frou en fan de slavernij en de dea en sa as Jo troch him Israël ferlost hawwe fan de honger. Ferlos my Hear sa as Jo Job ferlost hawwe fan de fersikingen fan de satan en fan syn fijannen en sa as Jo him ferlost hawwe fan de melaatskens en him alle besit wêromjûn hawwe mei in twadde neiteam foar it libben; ik smeekje Jo dat Jo my sa weromjaan wolle heilsume en bliuwende sûnens. Ferlos my Hear sa as Jo Moazes en Aäron ferlost hawwe út'e macht fan de Egyptners en harren ferlost hawwe fan de slavernij en de tsien pleagen en fan de Reade see en fan de toarst en de honger en de striid, en sa as Jo de rebellen deade hawwe en de hearrigen bewarre en geboaden jûn hawwe oan it folk. Ik fal Jo lêstich opdat Jo my de jefte fan it kennen en begripen en bewarjen fan Jo tsjûgenissen skinke . Ferlos my Hear sa as Jo Moazes en Aäron ferlost hawwe fan de grammoedigens fan Israël en sa as Jo Jozua de soan fan Nun en Israël troch it gebed ferlost hawwe yn de oarloch mei Amalek en Sichon en Og en de njoggen en tweintich keningen fan ien geslacht fan de Kanaäniten. Ferlos my Hear sa as Jo Pinechas en Israël ferlost hawwe yn de oarloch dy't Bileäm en Balak deade. Ferlos my Hear sa as Jo Kaleb ferlost hawwe fan it ûnleauwe fan de ferkenners. Ferlos my Hear sa as Jo Israël en de arke fan it tsjûgenis ferlost hawwe troch de Jordaan hinne. Ferlos my Hear sa as Jo Rahab fan Jericho ferlost hawwe en Jozua en Israël ferlost hawwe, doe't de sinne stil stie te Gibeon en de moanne boppe it dal fan Ajalon. Ferlos my Hear sa as Jo Sjamgar ferlost hawwe fan de seishûndert mannen dy't troch him deade waarden. Ferlos my Hear sa as Jo Israël ferlost hawwe troch de rie fan Deboara. Ferlos my Hear sa as Jo Gideön ferlost hawwe mei trijehûndert man yn de oarloch tsjin Midjan. Ferlos my Hear sa as Jo Jefta, de Gileäditen en Israël ferlost hawwe út'e macht fan de folken. Ferlos my Hear sa as Jo Simson, ferlost hawwe fan de lulkens fan de liuw, dy't hij mei syn bleate hannen deamakke en help my Hear sa as Jo him ferlost hawwe yn sa folle en ik sil rêden wêze; en sa as Jo de skuon en de klean fan Israël bewarre hawwe fjirtich jier lang, sa, smeekje ik Jo, dat Jo my bewarje wolle en my myn misdieden ferjaan troch Jo ûnmjitlike ûntferming. Ferlos my Hear sa as Jo de arke fan it tsjûgenis ferlost hawwe út'e timpel fan Dagon en sa as Jo Israël ferlost hawwe op it gebed fan Samuël en de Filistinen binne flechte, ferbjustere troch in geweldich ûnwaar. Ferlos my Hear sa as Jo Jeruzalim ferlost hawwe en it sparren doe't de ingel santichtûzen út Israël deade. Ferlos my Hear sa as Jo David ferlost hawwe fan de grime fan de bear en de liuw en fan Goaliat en Saul en yn de trije gefjochten mei de Filistinen dy't it nei ien oanfal sitte lieten; en Jonathan de soan fan Saul en syn wapendrager by de wachtpost fan de Filistinen en troch dizze twa binne tsientûzen deade troch Jo macht. Ferlos my Hear sa as Jo de trije sterke helden ferlost hawwe, dy't foar David wetter hellen út'e de boarne fan Bethlehem, en Benaja de soan fan Jojada fan de twa liuwen fan Moab, dy't ek in oare liuw deasloech yn syn hoale yn de snietiid en in Egyptner deade mei in roede en him mei geweld de spear út'e hân skuord hat. En Ahicam de profeet, de godsman, dy't út Judea nei Bet-el stjoerd wie, dêr't it alter skuorde en de fertoarre hân fan de kening genêzen is. Ferlos my Hear sa as Jo Elia de Thisbyt út Gilead ferlost hawwe sawol fan de grime fan Achab en Isebel, as fan honger en ferfolging yn de spelonk by de beek Kerit, op waans gebed it de himels trije jier en seis moanne ferbean is om te reinen en de kanne hat it oan oalje net ûntbrutsen en it moal yn de pot fan de widdo is net fermindere oant dat God syn folk besocht hat; en har soan hat hy opwekke, wêrfan't folle sizze dat dat Jona is dy't wer út it liif fan de walfisk skuord is. Ik smeekje Hear Jo ûnmjitlike genede, dat Jo my skuorre wolle út de djipte fan de drek fan de ferkearde dieden, omdat Jo myn taflecht binne yn de ellinde dy't my omjûn hat en ferjou my al myn misdieden: de foarbygiene, de tsjintwurdige, de takomstige en de driigjende, omdat foar Jo alle dingen mooglik binne. Ferlos my Hear sa as Jo Elia ferlost hawwe, wylst hy slepte yn it skaad fan in jeneverstrûk, fan ferfolging, honger en toarst, sadat hy fjirtich dagen en nachten neat hoechde te iten. Ferlos my Hear sa as Jo de haadman oer fyftich ferlost hawwe, dy't Elia op syn knibbels smeekte neidat twa oaren (mei har fyftich man) troch it himelfjoer ferbaarnd wienen. Ferlos my Hear sa as Jo Elia ferlost hawwe, dy't op in wein fan fjoer opnommen is. Ferlos my Hear sa as Jo Eliza ferlost hawwe, dy't mei in dûbele geast de twadde kear de Jordaan yngie en de God fan Elia oanrôp en sâlt struide yn it bittere en ûnfruchtbere wetter yn Jericho en fan de twaenfjirtich (bern) by Bet-El, dy't him de gek oanstieken. Ferlos my Hear, sa as Jo troch him it folk Israël ferlost hawwe fan de toarst op de fjildtocht fan de keningen fan Israël en Juda; en sa as Jo troch him de twa soannen fan de widdo fan de slavernij ferlost hawwe troch it bytsje oalje oanwaakse te litten en sa as Jo troch him de soan fan de Sunemityske frou wer better makke hawwe en de soannen fan de profeten ferlost hawwe fan de dea en de honger, dy't de krûden net koenen, de kwintapels, dy't Jo sûn makke hawwe mei moal, troch de hân fan Eliza yn de pot struid. Ferlos my Hear sa as Jo hûndert en yn'e tritich mannen fan de honger ferlost hawwe mei brea, sadat der in oerfloed fan brokken oerbleau. Ferlos my Hear sa as Jo Naäman, de haadman fan de kening fan Syrië, yn de Jordaan fan syn melaatskens ferlost hawwe en sa as Jo de soannen fan de profeten ferlost hawwe fan de djipte fan de Jordaan, (krekt lykas it folk Israël by de Reade see) doe't de floed op godlik befel oer de Egyptners werom streamde, en sa as Jo Dotan en de stêd Samaria ferlost hawwe fan it leger fan Syrië, doe't de Hear oan de jonge fan Eliza de fjurrige legers fan ingels om Eliza hinne sichtber makke en doe't de Syriërs slein binne mei blinens op syn gebed en smeekjen. Ferlos my Hear sa as Jo de stêd Samaria ferlost hawwe, belegere troch de kening Benhadad, yn de nacht is troch in gelûd fan de loft it leger fan de Syriërs ferjage. Ferlos my Hear sa as Jo de hûndert mannen fan de honger ferlost hawwe en sa as Jo it lyk fan in deade, dat de bonken fan Eliza yn it grêf oanrekke, wer libben makke hawwe. Ferlos my Hear sa as Jo kening Hiskia ferlost hawwe fan de dea en de sykte en him noch fyftsjin jierren dêrby skonken hawwe, neidat de sinne ta in teken tsien graden weromrûn wie. Dêrom smeekje ik Jo, troch Jo grutte macht, Hear Barmhertich, dat Jo my oanienwei suverje en waskje wolle fan al myn ûnsuverens, sa as Jo Jesaja de profeet troch in Searaf reinige hawwe fan ûnsuverens fan syn lippen en fan folle ferfolgingen. Bewarje my Hear foar alle kwea fan de fuotsoal ôf oan't de hollekrún, fan binnen en fan bûten. Ferlos my Hear sa as Jo de profeet Jeremia ferlost hawwe fan de ûngerjochtichheid fan Babel en de ferfolging. Ferlos my Hear sa as Jo de profeet Daniël ferlost hawwe fan alle eangsten, fan de grime fan de keningen, fan de liuwekûle en fan de honger. Ferlos my Hear sa as Jo de trije jongfeinten, Hananja, Azarja en Misaël ferlost hawwe út de barnende fjoerûne. Ferlos my Hear sa as Jo Susana ferlost hawwe fan de falske tsjûgen, en Jona út'e búk fan de walfisk en sa as Jo de Nineviten ferlost hawwe, doe't hja boete dienen op de predikaasje fan de profeet Jona. Ferlos my Hear sa as Jo Ezra, Nehemia en Serûbbabel en hiel Israël ferlost hawwe nei in finzenskip fan santich jierren. Ferlos my Hear sa as Jo Judas de Makkabeeër ferlost hawwe en Israël troch de Makkabeeën út folle gefaren en gefjochten, mei de sân Makkabeeën dy't mei harren mem it martlerskip keazen hawwe. Ferlos my Hear sa as Jo Tobias troch de hillige aartsingel Rafael ferlost hawwe fan de blinens en syn soan fan de duvel. Ferlos my Hear sa as Jo Israël ferlost hawwe, troch Ester de keninginne fan it suden, en sa as Jo Judit en Israël ferlost hawwe út'e hân fan Holofernes, wol my sa ferjaan, myn God, myn misdieden sa grut en sa folle en skuor my út'e dea fan de sûnde en fan alle tekoartkommingen fan siel en lichem, de foarbygiene, de tsjintwurdige en de takomstige en ferjouw oan de sielen fan myn heit en mem, fan bruorren en susters, fan foarâlders, fan freonen en fan ús ferstoarne begeunstigers en oan dyjingen foar wa't ik beloofd ha te bidden al harren sûnden; foar al harren ielmissen en woldieden dy't ik ûntfongen haw. Jo, ferjilder fan de goede dieden, ferjild oan harren it goede yn de himel, troch de genede fan Jo evangeelje. Hear Jezus Kristus, ik smeekje Jo dat Jo my ferjouwing en genede skinke fan al myn sûnden troch it geskink fan Jo barmhertigens. Ferlos my Hear sa as Jo Mordekai ferlost hawwe út de hân fan Haman. Ferlos my Hear fan de stjerlikens en de ûntidige dea en alle tekoartkommingen, sa as Jo de profeet Zacharia ferlost hawwe fan it swijen en Elisabeth fan de ûnfruchtberens. Ferlos my Hear sa as Jo Jo mem de sillige faam Marije ferlost hawwe fan alle ferdjer, en de trije wytgers mei har trije geskinken fan de macht fan Herodes. Ferlos my Hear sa as Jo Jo sels en de sillige faam Marije Jo mem en Joazef troch de flecht nei Egypte ferlost hawwe, wylst Herodes alle jonkjes yn Betlehem en yn hiel syn omkrite fermoarde; en sa as Jo it hiele minsklik geslacht troch Josels ferlost hawwe en sa as Jo de fijân, de duvel, oerwûn hawwe, dy't troch Jo ferslein is, yn de roppigens, de habsucht en de grutskens, dingen wêrtroch de earste minske fallen is en sa as Jo, doe't Jo fan de berch ôfkamen, de melaatske ferlost hawwe fan de melaatskens; en sa as Jo de jonge fan de heidenske haadman oer hûndert yn Kafarnaüm en de skoanmem fan Petrus dy't koarts hie en yn'e jûn de besetenen en allegearre dy't kweageasten yn hienen, ferlost en genêzen hawwe; en sa as Jo de see en de wyn gebean hawwe stil te wurden en sa as Jo de twa besetene mannen fan in legioen kweageasten genêzen hawwe, dy't Jo yn de bargen stjoerden. Ferlos my Hear sa as Jo de ferlamme man ferlost hawwe, dy't fjirtsjin jier lang droegen waard op in fjildbêd, wêryn trije wûnders fûn wurde: de sûnden ferjûn, de gedachten beäntwurde; de kwaal troch it wurd genêzen, Hear Jezus Kristus wol sa ek yn my wurkje. Ferlos my Hear sa as Jo, op'e wei, de frou fan it bloedfloeien ferlost hawwe, en sa as Jo de ferstoarne dochter fan de oerste yn 'e hûs wer opwekke hawwe en de dôf en stomme minske genêzen hawwe fan in kweageast en de fertoarre hân yn de synagoge op de sabbat, en de bline en stomme besetene. Ferlos my Hear sa as Jo de fiiftûzen manlju bûten de bern en de froulju, (fan de honger) ferlost hawwe mei fiif bôlen en twa fisken, wylst noch wol tolve kuorfollen (oerbleaune) stikken byinoarfandele waarden. Ferlos my Hear sa as Jo Petrus ferlost hawwe dy't mei Jo kuiere op'e see yn'e fjirde nachtwacht en de wyn en de see gebean hawwe en sa as Jo mei ien befel in protte minsken ferlost hawwe op de ikkers fan Gennezaret. Ferlos my Hear sa as Jo yn it lân fan Tyrus de dochter fan de Kananeeske frou ferlost hawwe fan de duvel dy't har pleage, foar har leauwich, dimmen en wiis antwurd, en fjouwer tûzen mannen genêzen hawwe mei sân bôlen en in pear fiskjes, dêrt sân kuorfollen stikken fan oerbleauwen. Ferlos my Hear sa as Jo dyselden ferlost hawwe fan de honger en skied my ôf fan elke ûnrjochte saak sa as Jo Petrus en Jakobus en Jehannes ferheven hawwe om Jo ferhearliking op de berch Thabor te sjen, mei Moazes en Elia, dêr't Jo antlit wie as de sinne en Jo klean skitteren as de snie. Ferlos my Hear sa as Jo immens moannesike soan ferlost hawwe, dy't nouris yn it fjoer, dan wer yn it wetter foel en dy't Jo learlingen net genêze koenen, wol sa ek my suverje fan alle kwea en fan alle sûnde fan lichem en siel en fan de sûnde fan Adam en fan myn eigen sûnden en dy fan oaren; sa as Simon syn twa drachmen betelle hat, troch op Jo befel in angel út te smiten en in stoater fûn yn de bek fan de fisk(3). Ferlos my Hear sa as Jo in minske yn de 'Tsienstêden' fan dôfstommens ferlost hawwe, wol sa ek de eagen fan myn hert en lichem ferljochtsje, lied my Hear it paad del fan Jo geboaden. Ferlos my Hear sa as Jo ferlost hawwe of ferljochte hawwe de eagen fan de twa blinen dy't rôpen oan Jo en seinen;'Untfermje Jo oer my Hear soan fan David', troch harren it ljocht te jaan. Ferlos my Hear sa as Jo in oare bline ferlost hawwe yn Betsaida. Ik smeekje Jo Hear dat Jo my weilûke mochten fan it ûnsuvere fleis nei it goede en my liede wolle nei de rêst, as Jo myn siel gebiede mochten it lichem te ferlitten, lykas Petrus de fiskerman, dy't doe't hy de hiele nacht neat fongen hie, mar yn'e moarn op Jo wurd it net oan'e rjochterkant útsmiet, it sleepnet fol fisk kwalik op it droege slepe koe; en sa as Jo de ferstoarne jonge man de soan fan in widdo, wer opwekke hawwe op de lykbier. Ferlos my Hear sa as Jo de frou dy't Jo fuotten mei triennen besproeide en mei har hier ôfdroege ferlost en har ôfgryslike sûnden ferjûn hawwe, wol sa ek my ferjaan al myn sûnden en de gebreken fan myn lichem en myn siel. Ferlos my Hear sa as Jo ferlost en wer oprjochte hawwe de al achttjin jier rûngear rinnende frou. Ferlos my Hear sa as Jo de tsien melaatsken ferlost hawwe, dy't stjoerd troch de oersten, Jo yn in doarp temjitte kamen, ien melaatsken kaam werom om te betankjen. Wol gebiede Hear dat sa myn kleien en smeekjen yn blydskip feroarje mocht, myn God barmhertich; sa as Jo yn Kana yn Galilea mei Jo learlingen en Jo mem op in brulloft, seis folle stiennen krûken wetter yn wyn feroare hawwe. Ferlos my Hear sa as Jo Lazarus nei fjouwerdagen ferlost hawwe, fan de fjouwerfâldige dea, fan it tinken, fan'e wanhoop, fan wurd en fan died. Myn God, wol gebiede dat ik sa wer opwekke wurd. Ferlos my Hear sa as Jo op'e sabbat op in feestdei neist de fiver fan Jeruzalem de man dy't al acht en tritich jier op in draachbêd lei te wachtsjen op de beweging fan it wetter, ferlost hawwe, en hy hat syn bêd op'e sabbat troch it folk droegen. Ferlos my Hear sa as Jo dy oare bline yn Jeruzalem ferlost hawwe, troch mei flibe en modder slyk te meitsjen en yn'e eachholten te striken en dêrnei it gesicht mei wetter te waskjen; en sa as Jo it mei it swurd fan Petrus ôfsniene ear fan Malchus, de slaaf fan de pryster, genêzen hawwe, wol ek sa myn siel genêze; en sa as Jo folle lichemen fan ferstoarne hilligen nei Jo opstanning wer opwekke hawwe. Ferlos my Hear sa as Jo de sielen fan dy't yn'e hel wienen ferlost hawwe en harren dêrút befrijd hawwe, doe't Jo de tredde deis wer opstienen, neidat Jo fjirtich dagen lang mei folle bewizen mei de apostels ferkearden, binne Jo opstiichd yn'e wolk, yn in echt minsklik lichem, om te sitten oan de rjochterhân fan God de Heit, dy't Jo nea ferlitten hawwe, wol dêre foar my tusken beide komme yn Jo leafde om my frij te meitsjen; en sa as Jo de Hillige Geast stjoerd hawwe op de apostels en hûndertentweintich sielen(4)yn fjoer om harren te suverjen en te ferljochtsjen, wol sa ek my ferljochtsje en suver meitsje fan al myn ûnreinens. Ferlos my Hear sa as Jo yn it skaad fan Petrus in protte minsken ferlost hawwe fan lichaamlike sykten en sa as Jo, op de njoggende oere, de ferlamme man genêzen hawwe troch Petrus, dy't wer ta himsels kaam, doe't hy troch Herodes opsluten wie yn de finzenis en dêr troch in ingel wer útbrocht waard. Meitsje my sûn Hear sa as Jo troch Petrus yn de hegere gebieten(5)Eneas sûn makke hawwe, dy't al acht jier op bêd lein hie, en sa as Jo troch him yn Joppe, Tabita út'e deadssliep wer wekker roppen hawwe, dêr't hy eat as in fet út'e himel, oer in berch útspraat seach(6) , wêryn't allerhande (libbene wêzens)wienen dy't op de ierde binne, útsein de minske. Ferlos my Hear sa as Jo Paulus, doe't hy nei Damaskus kaam, ferlost hawwe fan de dwaling en sa as Jo troch him de ferstoarne Eutichus wer opwekke hawwe, dy't út it ytkeamer finster fallen wie en sa as Jo de heit fan Publius, de haadling fan it leger en fan it eilân (Malta) fan de loop en de koarts ferlost hawwe. Bewarje my Hear sa as Jo Paulus bewarre hawwe op it eilân Malta, biten troch in njirre en sa as Jo him ferlost hawwe fan stienniging troch de Joaden sawat ta de dea, en him bewarre hawwe, ek doe't er in skipbrek meimakke trije dagen, nacht en dei oan't yn'e djipte fan de see en him wer ta foarspoed keare lieten. Ferlos my Hear sa as Jo folle siken ferlost hawwe troch it oanreitsjen fan syn klean en út de besetene lichemen de ûnreine geasten útdreaun. Ik smeekje Jo Hear myn God almachtich troch de mannichfâldigens fan Jo ûntferming, dat Jo sa al myn sûnden ferjaan wolle, de foarbygiene, de tsjintwurdige en de kommende en driigjende, omdat ik tsjin Jo allinne sûndige haw en foar Jo alle dingen mooglik binne; net neffens myn dwaan freegje ik dat, mar neffens Jo genede en ûnmjitbere trou en nei Jo barmhertichheid, omdat ik it net wurdich bin. Ik freegje Jo, de iene hillige Trijeienheid, trijefâldige ienheid, wierheid, God de Heit, God de Soan, God de Hillige Geast, en troch al Jo wurken, de sichtbere en ûnsichtbere wurken fan Jo hannen en troch al Jo krêften en wegen en troch Jo wurden en troch al Jo skepsels en Jo tsjinners en de hillige himelske legermacht en troch hiel Jo hillige katholike tsjerke, fan sinne opgong oan't sinne ûndergong, fan it noarden oan't it suden, en ik smeekje Jo Hear om Jo ûnmjitlike sêftmoedichheid, dat Jo my genede gunne en ferjouwing fan myn sûnden, dat Jo alle tiden troch, oan't de ein ta, my út'e dea fan de sûnde skuorre mochten en út de skandesmet fan myn siel en lichem en dat Jo de sielen fan myn heit en mem, bruorren, susters, foarâlders, freonen en fijannen en al myn begeunstigers, libbene of ferstoarne, al harren sûnden ferjaan mochten en foaral oan dyselden foar wa ik ûnthjitten haw te bidden. Jo hillige Marije, Mem fan God freegje ik en ik smeekje jimme alle
njoggen
rangen fan ingels, en de hillige Michaël en de hillige Jehannes de
Doper en de tolve apostels:,
en alle hilligen, dat jimme foar my bidde ta de Hear, dat Hy my ûntskuorre mei oan alle driigjend kwea en oan de ivige pinigingen, fan no ôf oan't yn ivichheid, troch Him waans begjin gjin ein hat. Heil Jo, Marije,
Hillige Marije, Mem fan God,
Amen. Bid foar my Jo ûnweardige tsjinner, Hillige Marije Mem fan God suverste en trouste faam: Hillige Michaël,
Bid foar my ellindige, dat fanwege jimme hillige fertsjinsten, troch de trouwe Hear al myn sûnden ferjûn wurde meie. Alle Ingels en Aartsingels en hillige Profeten en Patriarchen en
alle
hillige Rjochters, Lieders en hillige Keningen en Makkabeeën, alle
hillige Bern en útkarden fan God kom tusken beiden foar my.
Alle hillige learlingen fan de Hear en alle hillige folgelingen, bid foar my:
dy en alle hilligen fan God mei de folsleine Trijeienheid, meie de wapenrissingen wêze fan myn siel en lichem, mei al myn lea, fan binnen en fan bûten, fan de fuotsoal oan't de hollekrún, foar it sjen, it hearren, it rûken, de smaak, it gefoel, it fleis en it bloed en foar al myn bonken, sinen en yngewanden, ieren, moarch en knieren, dat hja it úthâlde meie oan't de dea: want troch Jo Hear wurde alle lea libben makke, besiele en sûn makke. Beskermje my Hear oan'e rjochter en oan'e lofter kant, fan foaren en fan achteren, fan ûnderen en fan boppe, yn'e loft, op ierde, op it wetter, op'e see, by it bûgen, by it oerein kommen, by gean, by stean, yn it sliepen, yn it weitsjen, by elke beweging, op elke dei, op elke oere, op elk plak, yn elke nacht en op alle dagen fan myn libben. Beweitsje my, help my God Trijeienheid, almachtige God, Adonai, Araton, Osya, Eloim, Helyim, Elon, Sabbaoth, Ele, Eleria, Subdia(7). Hear God ûnferoarlik en ivich, dat wol sizze: Immanûel. Kristus Jezus, ferlos my God almachtich, fan alle gefaren op'e ierde en yn de wetters en fan de spoekferskiningen fan alle bisten en fûgels en fjouwerfuottigen en krûpenden: beskermje my Hear tsjin fjoer, tsjin wjerljocht, tsjin tonger, tsjin hagel, tsjin snie, tsjin rein, tsjin gefaren, tsjin ierdbeving , tsjin alle ferkearden, tsjin fergifmingers, tsjin oergeunstigen en tsjin kweade eagen en earen en tsjin de gefaren fan gatten en tsjusternis, tsjin de kweageast, tsjin de pylk dy't fljocht by dei, tsjin it ding dat yn it tsjuster rûnwaret. Ferdigenje my ek Hear tsjin alle mûklagen en rabberijen fan dyjingen dy't skea dwaan wolle. Beskermje my Hear foar alle kwea, foar de grime, en foar dyjinge dy't de goede bedriget. Ik beliid en ik klei oan foar Jo, myn skepper, al myn sûnden, dy't ik fan it begjin fan myn libben oan't dizze oere ta begien ha en al myn wandieden: grutskens, sânfâldige idele gloarje en wrede grime, batskens en sânfâldige gjirrigens, en achtfâldige roppigens en ûntucht, omdat ik fol bin fan dy dingen en it dwaan dêrfan. Mar ik haw dêr spyt fan en ik smyt se fan my en ik swar al myn grutte sûnden ôf dy't ik bedreaun haw yn lichem en geast yn mysels en yn de neiste, yn tinken, yn wurd en died, en ik skriuw se op'e rigel opdat se ferneatige wurde meie, en ik beken tsjin mysels opdat Jo ferjaan meie de ûntrou fan myn sûnden; ik bin ommers in sûnder en út sûnde bin ik berne, mar God is sûnder sûnde. Ik freegje de Heit troch de Soan: ik freegje de Soan troch de Heit: ik freegje de Hillige Geast troch de Heit en de Soan, en troch elk skepsel dat mei mûle en wurk de Hear lovet, opdat alle misdieden út my ferwidere wurde meie en alle hillige deugden yn my plante. God, dy't ûnmjitlik is, yn wa't alle dingen, troch wa't alle dingen, fan út wa't alle dingen makke binne, de sichtbere en de ûnsichtbere, dy't Jo wurken fan boppe oerdekke en fan ûnderen drage, der fan bûten omhinne binne en se fan binnen folje. Behoedzje Hear God almachtich, my Jo skepsel dat Jo foarme hawwe, dat de Satan ôfswart en al syn idele pracht en syn wurken, en leaut yn Jo God, de Heit, de wiere en ienige almachtige God, dy't oeral genede bewurket, oer hiel myn libben, en hiel myn sûnens, oer elke sykte fan my en oer alle sûnden fan myn siel en lichem, en de ûntelbere misledegingen tsjin Jo. Ik bid ta Jo Hear, foar dy't my ferfolgje en berabje. Hear Jezus, dat Jo harren dizze sûnde net tarekkenje, omdat hja net witte wat hja dogge. Ferlos my Hear God almachtich fan dizze benaudheid en fan al it kweade, fan de hastige en ûnfoarsjoene dea, foar de dea en yn de dea, fan de ivige dea yn'e takomst, en nei de dea fan alle kwea en straf: Hear God almachtich ferlos my en it hiele kristen folk. Amen. Kristus ûntfermje Jo. Hear ûntfermje Jo. Us heit yn'e himel, lit Jo namme hillige wurde,
Ik leau yn God de Heit, de Almachtige, Skepper fan himel en ierde.
Hear God almachtich, skepper fan himel en ierde, wol genedich it gebed ferhearre dat ik oan'e ein ta song ha, Jo grutmoedigens biddend en smeekjend foar Jo tsjinners en tsjinstfammen; en gun ús libben en sûnens yn dit libben en nei de oergong fan ús sielen mei alle hilligen, it ivich libben en ivige rêst en Jo genede sûnder ein. Amen. Wol Jo myn bekentenis oannimme, Hillige Trijeienheid, Hear God
almachtich
de ienige wiere en ivige hoop fan myn heil, dy't ik, sûnder,
útstoart
yn it útsicht op Jo leafde en barmhertigens: ik beken dat ik
sûndige
ha yn roppigens, yn dronkenskip, yn gleonens, yn wielderegens, yn
ûnhuerens,
yn batskens, yn swiermoedigens, yn slûgens, yn lulkens, yn
begearte,
yn oergeunst, yn slûchslimmens, yn hate, yn rabberij, yn ligen,
yn
meineed, yn idele earsucht, yn lichtsinnigens en grutskens, yn
fûle
begearte, yn gjirrigens, yn ûnferskilligens, yn ûnseedlik
besjen,
yn ûnbinlik en ûnsuver tinken, yn min en idel praat, yn
ferdoarn
dwaan, yn ûntucht en yn genot, yn ynstimming mei
ûnbillikens
en ûnrjocht, en oan alle misdieden, ûnbillikheden en
smearlapperij
haw ik my skuldich en te beskuldigjen makke, mear as dat ik yn myn hert
betinke, of mei de mûle sizze, of nei skatting fergoedzje kin,
mar
Jo God, dy't net de dea fan'e sûnder wolle, mar dat hy him ta Jo
bekeare sil en libje, dy't de goddeleaze rjochtfeardigje en de deaden
libben
meitsje, Jo, rjochtfeardigje my en meitsje my wer libben troch Jo
grutte
barmhertigens en ivige genede. Amen.
De yllustraasjes binne út de Breviaire de Martin d'Aragon en Petites Heures de Jean de Berry; Bibliothéque Nationale de France 1. Dit boppe skrift is in 'rubryk' dat is in opmerking yn reade inket, yn in hânskrift. 2. 2 Dizze rangen fan ingels foarmje de 'agmina coeli' de himelske hearskaren, dy't as yn konsintryske sirkels neffens rangoarder om de troan fan God tocht wurde. Dizze himelske
hiërargy
is de 'Ordinatio Dei', wêrfan de hiërargy fan tsjerklike en
ierdske machten in ôfspegeling hearde te wêzen. 3. 0De sulveren stater wie fjouwer drachmen, de fryske stoater wie twa en in heale stoer, net deselde wearde dus, mar it wurd soe wol fan de stater ôflaat wêze kinne. 4. 0 ... et centum viginti animas. Blykber de hûndertentweintich man út hann. 1:15. 5. 0 in superioribus regionibus, de Vulgata hat actus ap.9 : 32 ....cum pertransiret universas, doe't hy alles ôfreizge. Lydda leit ek net yn'e 'boppe lannen' want it fers ferfolget: deveniret ad sanctos, qui habitabant in Lydda. lett. delkaam ta de hilligen ensfh. De skriuwer tinkt hjir faaks oan actus ap. 10 : 9; .., ascendit Petrus in superiora ut oraret... nfbo gong Petrus ..... nei boppe op it platdak om te bidden. 6. 0 per montem excelsum, Vulgata actus. ap. 10 : 11 ...vas quiddam velut linteum magnum quattuor initiis submitti de caelo in terram. in fet as in grut lekken oan'e fjouwer tippen dellitten wurde út'e himel op'e ierde!.... neat oer in berch! 7. 0 Godsnammen: Adonai = Hear, krekt lykas Adonis, Baäl en Tammuz.
|