Oerset út it Latyn troch Eibert van der Veen
neffens
NAVIGATIO SANCTI BRANDANI ABBATIS
fan
Carl Selmer
University of Notre Dame,Indiana 1959

YNLIEDING.
Neffens syn plan hat er de ôfgrûn ta bedarjen brocht
en dêr eilannen yn plante.
Dy`t de see befarre, ferhelje fan har gefaren,
en wy fernuverje ús oer wat wy te hearren krije;
der binne ûnwierskynlike en wûnderlike skepsels,
alderlei soarte fan seemeunsters.
Want de Hear hat alles makke
en de frommen hat hy wysheid jûn.
Ecci 43: 23, 24, 25 en 33.
Ecci. is de ôfkoarting fan Ecclesiastici, de Wysheid fan Jezus
Sirach.
Dizze teksten soenen hiel goed it motto wêze kinne boppe de
Navigatio
Sancti Brendani Abbatis. De seereis fan de abt Sint Brendan, en hja
binne
de oanlieding ta De Reis van Sente Brandane. Mar hja binne net allinne
it doel dat de skriuwer foar eagen hat.
It doel fan de skriuwer is ek de hillichheid fan syn abt en patroan
fan syn kleaster sjen te litten. No is sa`n Ierske hillige net in man
sûnder
wryt of slyt, mar immen dy`t in bysûndere bân mei God hat.
It is dus in stikje reklame om gebeden yn it kleaster dwaan te litten
en missen foar de ferstoarnen sjonge te litten, want sjochris, derby
hawwe
we de help en foarspraak fan ús abt Sint Brendan, en sjochris
wat
dy kin. Men sjocht dan foaral ek typyske bewizen fan de hillichheid fan
de abt Brendan:
Hy hat sa`n goede relaasje mei God, dat dy him folle dingen fan te
foaren iepenbierret. God ferheart kear op kear syn gebed, meast
fuortdaliks
en oars nei trije kear of in pear dagen fêstsjen.
Syn gebedskrêft is sels sa grut, dat op syn gebed de aldergrutste
dogeniet dy`t yn`e hel ferkeart, Judas de ferrieder fan de Hear, in
heale
dei ekstra ferlichting krijt. Wat dan tagelyk in bewiis is, dat it
bidden
en foaral it fakkundich bidde litten yn it kleaster fan Clonfert, ek
foar
de grutste dogeniet noch fertuten dwaan kin.
Dizze reklame is ferpakt yn mystearje ferhalen.
De
bylden en motiven binne net oarspronklik, hja komme eins allegearre al
foar yn âldere Ierske en ek Arabyske, Grykske en Romeinske
seemans
ferhalen, mar hja binne wol oan it doel en de tiid oanpast.
De see, en dan foaral de oseaan, wie foar de minsken
fan dy tiid krekt sa nijsgjirrich as yn ús tiid de romte. Wat
men
net krekt wit, dêr fantasearret men oer, dat is no noch sa, sjoch
mar nei de sience fiction ferhalen, en tink mar oan de ferhalen oer
fleanende
skûtels en minsken út oare diminsjes, der`t hjoed de dei
ek
serieuze gelearden harren mei ynlitte.
Sa wie de reis fan Sint Brendan, foar de minsken
fan doe in nijsgjirrige S.F. dy`t fantasearre oer:
Hoe`t sit dat no mei de
lotsbestimming fan de minske. (de trije neikommende
bruorren.)
Soenen der behalve fallen ingels
yn de hel, en steande bleaune yn de
himel, ek noch tusken beidene wêze. (De demoanen yn fûgel
gedaante)
As it paradys fan Adam en syn
twadde
frou Eva op ierde wie, soe dan it paradys der`t de Hear fan sprekt
tsjin
de moardner oan it krús: 'Do silst mei my yn it Paradys
wêze,'
ek net op ierde wêze?
En Brendan siket en fynt it ierdske paradys, mar hy kin der net
ynkomme!
De rivier, en dermei moat tocht wurde oan de Deadsjordaan en de Styks,
keart him. It paradys is der, mar oan`e oare kant. En as it paradys op
ierde is, dan fansels ek de hel, al lizze hja fier útinoar. Sint
Brendan fynt de hel alhiel yn it noarden en it paradys yn it suden.
En hoe hillich Sint Brendan ek wêze mei, hy kin sels en allinne,
it paradys ek yn sân jier net fine, dêrfoar is hy de help
nedich
fan de fersoarger, sûnder dy fersoarger hie ek syn hiele
swalktocht
net mooglik west. Sjocht men dy tocht as in mystike ôfbylding fan
it minskelibben, dan is dêryn de fersoarger, de persoanlike
patroanhillige,
dy`t de minske helpe en liede moat nei it paradys.
En dermei jout de Navigatio dan ek in byld fan it teologysk en
wittenskiplik
tinken fan dy tiid, mei foaral oandacht foar it lot fan de minske nei
de
dea, en de mysterieuze romte fan de wrâldsee.
IT LIBBEN FAN DE HILLIGE ABT BRENDAN
HAADSTIK 1
Sint Brendan heart fan it 'It Beloofdelân foar deHilligen'
Sint Brendan wie in soan fan Findlug, dy`t in pakesizzer wie fan
Altha,
út it geslacht fan Eogen en ôfkomstich út de buert
fan Traigh li (Tralee) yn Munster yn Ierlân. Hy wie in man fan
grutte ûnthâlding en ferneamd yn deugden en abt oer hast
trije
tûzen muontsen. Doe`t hy yn syn amt wie, yn it plak dat 'Miede
fan
de wûnders fan Brendan' neamd wurdt, barde it op in
jûn
dat in muonts by him kaam dy't fan Barintus hiet, in neef fan him. En
doe`t de abt dêr mei gâns wurden by him op oanstie,
begûn
dy te skriemen en foel foaroer op`e grûn en bleau lang
lizzen
te bidden. Mar Sint Brendan holp him oerein, patte him en sei: ' Wat no
pater, werom hawwe wy fertriet by dyn komst, do wiest dochs kaam om
ús
te treasten? Do soest de bruorren wat ferdivedaasje jaan. Ferkundigje
ús
it wurd fan God, fleurje ús sielen wat op mei de ferskate
wûnders
dysto sjoen haste op de oseaan.'
Doe`t Sint Brendan dizze wurden sein hie, begûn Sint Barintus
te fertellen oer in eilân, en sei: 'Myn soan Mernoc,
fersoarger
fan de earmen fan Kristus, flechte by my wei en woe allinne wêze.
En hy fûn in eilân neist in berch fan stien, mei namme 'It
Hearlike'.
Mar nei in lange tiid waard my trochdien, dat hy mear muontsen by him
hie en dat God folle wûnders troch him fertoand hie. Dêrom
bin ik op reis gien om myn soan op te sykjen. En doe`t ik nei in reis
fan
trije dagen tichte by it eilân kaam wie, kaam hy my hastich
temjitte
mei syn bruorren, want de Hear hie him myn komst iepenbierre. Wylst wy
nei it eilân ta roeiden, rûnen de bruorren ús
temjitte
as in swaarm bijen út`e ferskate sellen.
Mar al wie harren ferbliuw ferspraat, dochs wie harren omgong
ienriedich
yn leauwe, hoop en leafde, ieten hja oan ien tafel en wienen hja ek ta
de tsjinst fan God altyd ferienige. Neat oars waard optsjinne om
te iten as apels, nuten, woartels en oare soarten fan griente. En nei
de
komplete bleau in elk yn syn eigen sel oan`t it kraaien fan de hoanne
of it lieden fan de klok.
Mar myn soan naam my mei om op te bliuwen en it hiele eilân oer
te kuierjen nei de seekust yn it westen, dêrt in skipke lei, en
hy
sei tsjin my: 'Heit, gean yn it skip en lit ús nei it westen
farre,
nei it eilân dat 'It Beloofdelân foar de Hilligen' neamd
wurdt,
dat God yn it lêst fan de tiid oan ús neifolgers jaan sil.
Doe`t wy yn it skip gien wienen en fearen, beduts in tsjokke mist
ús
alhiel fan alle kanten, sadat we kwalik achterskip of foarstjûne
sjen koenen. Mar doe`t der sawat in oere foarby wie, omstriele
ús
in geweldich ljocht en ferskynde ús in tige rom, gerzich, en
fruchtber
lân.
Doe`t it skip oan`e wâl lei, gienen wy derút en
rûnen
en kuieren it eilân oer fyftsjin dagen lang, en de ein
dêrfan
koenen wy net fine.
Wy seagen gjin plant sûnder blommen en gjin beam sûnder
fruchten, en sels de stiennen dêrfan binne fan in kostbere
soarte.
Op de fyftsjinde dei fûnen wy in rivier, dy`t fan it easten nei
it westen rûn. Doe`t wy dit alles oerleinen, wisten wy net wat
ús
te dwaan stie, wy woenen eins de stream wol oerstekke, mar wy wachten
op'e
rie fan God.
Doe`t wy dat by ússels oerleinen, ferskynde der ynienen foar
ús in man mei in strieljend glâns, dy`t ús fuort by
ús eigen nammen neamde en groete en sei: 'Wês bliid,
bêste
bruorren. Want de Hear iepenbierre jimme dit lân, dat hy oan syn
hilligen jaan sil. Dit is mar de helte fan dit eilân oan't by
dizze
rivier. It is jimme net tastien dêr oerhinne te gean nei de oare
kant. Dêrom moatte jimme weromgean nei dêr`t jim weikaam
binne.'
Doe`t hy dit sein hie, frege ik him fuort wer`t hy wei kaam en hoe`t
hy neamd waard. Hy antwurde: 'Werom fregest nei my, wêr`t
ik
weikom
of hoe`t ik neamd wurdt? Werom fregest my net oer dit
eilân?
Sa asto it no sjochst, sa hat it fan it begjin fan de wrâld
ôf
west. Hasto ferlet fan iten of drinken of fan klean? Ien jier bisto
ommers
no al op dit eilân en do hast gjin iten of drinken preaun. Do
hast
gjin lêst fan sloegens hân, de nacht hat dy net oerfallen.
De dei is hjir altyd sûnder it tsjuster fan de nacht. Want
ús
Hear Jezus Kristus is it ljocht dêrfan.'
Fuortdaliks binne wy de reis wer oangien en dy man gie mei ús
oan de kust ta dêr`t ús skip lei. Mar wylst wy yn it skip
gienen, waard hy foar ús eagen wei skuord en wy kamen troch de
earder neamde dize oan by it hearlike eilân.
Doe`t de bruorren ús seagen, jubelen hja mei grutte opteinens
oer ús komst en jammeren dat wy salang weibleaun wienen, en
seinen: 'Werom, heiten, lieten jimme jimme skiep sûnder hoeder
omdwale yn
dit wâld. Wy witte dat ús abt wol faker by ús wei
giet, mar wêrhinne witte wy net; en dat hy dêr bleaut,
no ris in moanne, dan ris in wike of twa wike of wat mear of minder.'
Doe`t ik dat hearde, treaste ik harren en sei: 'Bruorren, jim moatte
hjir neat oars as goeds fan tinke. Jim libje hjir sûnder mis foar
de poarte fan it paradys. Hjir fuortby is in eilân dat 'It
Beloofdelân
foar de Hilligen' neamd wurdt, der`t gjin nacht hearsket en de dei net
ophâld. Dêr gie jimme abt Mernoc faak hinne. Mar in Ingel
fan
de Heare hâldt dêroer de wacht. Fernimme jim oan de
swietrook
fan ús klean net dat wy yn it paradys west hawwe?'
Doe seinen de bruorren: 'Abt, wy begripe dat jim yn it paradys
fan God west hawwe, earne yn de wide see, mar wêr`t dat paradys
wêze
mei witte wy net. Want wy ha faak fernaam dat wy de rook oan de klean
fan
ús abt wol fjirtich dagen lang rûke koenen as hy derwei
weromkaam.'
Sa bleau ik dêre by myn soan noch twa wike lang sûnder
iten of drinken. Wy wienen lichaamlik noch sa sêd, dat it de
oaren
talike as wienen we dronken.
Neidat ik nei fjirtich dagen, de seiniging fan de bruorren en de abt
ûntfongen hie, bin ik mei myn maten weromgien, om wer nei myn sel
te gean, dêr`t ik moarn hinne reizgje sil.'
Neidat hja al dy dingen heard hienen, foel Sint Brendan mei syn hiele
byienkomst foaroer op`e grûn, ferhearlike God en sei:
'Rjochtfeardich
is de Hear yn al syn wegen en hillich yn al syn wurken, dat Hy oan syn
tsjinners sokke en safolle wûnders iepenbierre, en seinige yn syn
jeften, omdat Hy ús hjoed ferkwikt hat mei sokke geastlike
spize.'
Doe`t hy dat allegear sein hie, sei Sint Brendan: 'Lit ús
ús
no deljaan en rêste foar de nije opdracht. En doe`t dy nacht om
wie,
is Sint Barintus, seinige troch de bruorren weromgien nei syn
sel.
HAADSTIK 2
Sint Brendan en syn bruorren beslute 'Deo Volente' it Paradys te
sykjen.
Dat sadwaande, keas Sint Brendan twaris sân bruorren fan syn
hiele
keppel, sleat him mei harren op yn in kapel, en sei tsjin harren: 'Myn
bêste meistriders, ik ferwachtsje rie en help fan jimme, want myn
hert en al myn gedachten binne gearklibbe ta ien wollen. Allinne as God
it wol, haw ik my yn myn hert foarnaam, it Beloofdelân foar de
Hilligen,
dêr't pater Barintus fan spriek, te sykjen. Hoe liket jimme dat
ta
of wat rie wolle jimme my jaan?'
De bruorren, dy`t wol begrepen wat de abt woe, seinen allegearre as
út ien mûle: 'Abt,wat jo wolle wolle wy ek. Hawwe wy net
ús
âlders ferlitten, hawwe wy net ús erfskip minachte en
ús
lichemen oerjûn yn jo hannen? Dêrom binne wy ek ree, om ta
de dea of ta it libben mei Jo te gean. Lit ús ien ding allinne
freegje, of't God it wol.
HAADSTIK 3
Sint Brendan freget rie oan de abt Enda
Dêrom stelde Sint Brendan en dy`t mei him wienen út,
dat
hja 40 dagen fêstsje soenen, hieltyd trije dagen oanien, en om
dêrnei
fuort te gean.
Doe`t dy fjirtich dagen om wienen en de bruorren groete en alles
tabetroud
wie oan de proast fan it kleaster, dy`t him letter opfolgje soe op dat
plak, is hy fuorttein, it westen yn, mei fjirtsjin bruorren, nei it
eilân
fan de abt, Enda.
Dêr is hy trije dagen en nachten bleaun.
HAADSTIK 4
Sint Brendan bout in skip
Nei de seine ûntfongen te hawwen fan de abt en alle
muontsen
dy`t
mei hem wienen, is hy dêrnei nei it úterste ein gien fan
it
gebiet, dêr`t syn âlders wennen. Dochs woe hy dy net sjen,
mar op'e ein fan'e berch dy`t fier yn de wrâldsee útstekt,
op it plak dat 'Setel fan Brendan' neamd wurdt, hat hy in tinte spant,
dêr`t mar plak wie foar ien skip.
Doe namen hja it izeren ark, en makken Sint Brendan en dy`t mei him
wienen in tige licht skipke, de spanten en de kyl en stjûnen fan
hout sa as wênst is yn dy lannen, en dy bedieken hja mei
oksehûden,
touwe yn iikskyl. En se besmarden alle ferbiningsnaden fan de
hûden
fan bûten mei bûter en brochten twa reserve
beklaaiïngen
foar it skip fan oare hûden yn it skip en foarrieden foar
fjirtich
dagen en bûter ta it behanneljen fan de hûden fan de
ôfdekking
fan it skip en fierders alle rêding dy`t yn it minske libben
brûkt
wurde moat. Hja setten ek in fêste mêst yn it midden fan it
skip en it seil en fierders wat ta it bestjoeren fan in skip heart. Doe
gebea Sint Brendan syn bruorren, yn namme fan de Heit en de Soan en de
Hillige Geast, om yn it skip te gean.
Brandonbay
HAADSTIK 5
Trije oerhearrige bruorren komme nei.
Doe`t hy noch allinne op de wâl stie en de haven seinige hie,
sjoch, dêr wienen trije bruorren út syn kleaster dy't him
neikaam wienen. Dy foelen fuortdaliks foar de fuotten fan de abt del
en
seinen: 'Heit,lit ús mei jo gean wêrhinne`t jo reis ek mar
gean sil, oars sille wy op dit plak stjerre fan honger en toarst. Wy
hawwe
dochs besletten ús hiele libben te pylgerjen?
Doe't de godsman seach hoe bang hja wienen, gebea hy harren yn it skip
te gean, en sei: 'Jim wollen mei barre, o soannen.' En hy foege
dêr
oan ta: 'Ik wit hoe`t jim hjir kaam binne. Dizze broeder hat in goed
wurk
dien. Want God hat foar him in tige gaadlik plak bestimd. Jimme sil Hy
lykwols in skriklik oardiel reemeitsje.
HAADSTIK 6
It ûnbewenne eilân, in wûndere spiziging en in
dief.
Mar doe gie ek Sint Brendan yn it skip en nei de seilen hyst te
hawwen,
fearen hja út yn`e rjochting fan de simmer
sinnestilstân, want hja hienen in geunstige wyn, en neat oars te
dwaan as de seilen te
hâlden. Mar nei krekt fyftsjin dagen waard it wynstil en hja
begûnen
te roeien oan`t se net mear koenen. Fuort begûn Sint
Brânden
harren te bemoedigjen en oan te trunen, en sei: 'Bruorren, wês
mar
net bang, God is ommers ús helper, ús skipper en
stjoerman
en Hy stjoert. Lis de riemen en de stjoerriem mar binnen board. Lit
allinne
de seilen stean, lit God dwaan mei syn tsjinners en syn skip wat Hy
wol. ' Hja rêsten altyd tsjin`e jûn. En soms hienen hja
wyn, mar
dochs wisten hja net út wat hoeke at er kaam, of yn wat
rjochting
it skip dreaun waard.
Doe`t der no fjirtich dagen ferrûn wienen, en alle iten en
drinken
op wie, seagen hja yn it noarden in tige rotsich en heech eilân.
Mar doe`t hja tichter by de kust kamen, seagen hja in tige heech klif
lykas
in muorre en ferskate beekjes, dy`t fan de hichte fan it eilân
ôfrûnnen
en delstoarten yn de see. Mar hja koenen gjin haven fine, dêr`t
it
skip oanlânje koe. En de bruorren waarden tige pleage troch
honger
en toarst. Elk pakte in beker om wat fan it wetter heine te kinnen.
Sint Brendan dy`t dat seach,sei: 'Net dwaan, dat is dom wat jimme
dogge.
Oan`t no ta wol God ús gjin haven wize om yn te gean en wolle
jim
stelle? De Hear Jezus sil nei trije dagen syn tsjinners haven en plak
wize
om te bliuwen, dat de lea fan de yneine minsken wer wat bekomme kinne.'
En yndied, doe`t hja trije dagen lang om it eilân hinne fearn
wienen, fûnen hja de tredde deis, de middeis om trije oere hinne,
in haven dêr`t plak wie foar in skip. En fuortdaliks riisde Sint
Brendan oerein en seinige de yngong. Want it wie in kleaude rots, mei
oan
beide kanten in geweldige hichte as in muorre.
Doe`t allegearre út it skip gien wienen en op it lân
stienen,
gebea Sint Brendan dat hja neat fan de útrissing, fan it skip
ôf
oan'e wâl bringe mochten. Wylst hja fierder kuieren by de seekant
lâns,
kaam der fan in sydpaad in hûn op harren ta en gie by de fuotten
fan Sint Brendan lizzen sa as hûnen plichtsje te dwaan oan de
fuotten
fan harren baas. Doe sei Sint Brendan tsjin de bruorren: 'Hat God
ús
net in goede boadskipper stjoerd? Lit ús him folgje.'
Doe folge Sint Brendan mei syn bruorren de hûn nei in
stêd
ta.
Doe't hja de stêd yngienen seagen hja in grutte seal beset mei
bêden en banken en wetter om de fuotten te waskjen. Mar doe`t hja
sitten gienen, gebea Sint Brendan syn maten, en sei: 'Tinkerom
bruorren,
dat de satan jimme net yn fersiking bringt. Want ik sjoch him ien fan
de
trije bruorren, dy`t ús fan ús kleaster neikaam binne,
oerheljen
ta slimme stellerij. Bid foar syn siel, want syn fleis is oerjûn
yn`e macht fan satan.'
Dat hûs dêr`t hja sieten wie oan de wanden
yn`t rûnom, as besiedde mei hingjend potte- en panne-guod fan
ferskillende
soarte metaal, en ek teamen en drinkhoarnen beslein mei sulver.
Doe sei Sint Brendan tsjin syn tsjinner, dy`t de bruorren it brea
plichte
foar te setten: 'Meitsje it moarnsmiel ree dat God ús stjoerd
hat.'
Dy gie fuort oerein en fûn in tafel ree set en tafelkleden en
inkele
wite bôlen en fisken.
Nei`t alle dingen teplak set wienen, seinige Sint Brendan it miel en
sei tsjin syn bruorren: 'Tankje de God fan de himel, dy`t brea jout oan
alles wat libbet.' (Ps 136:25) Derom gienen de bruorren sitten en
tanken
God.
Op`e selde manier fûnen hja ek safolle drinken't hja mar woenen.
Nei`t it miel behimmele en de tsjinst fan God ferfolle wie, sei de
godsman: 'Jou jimme del, sjoch, dêr is foar jim elk in goed
opmakke bêd.
Jim hawwe it nedich dat jimme lea, ôfmêde fan tefolle wurk,
útrêste.'
Mar doe`t de bruorren al ynslomme wienen, seach Sint Brendan de duvel
oan it wurk. Dat wol sizze, in lyts negerke dat in teame yn`e hannen
hie,
en dy pleagjend foar de niis neamde broeder hâlde.
Fuortdaliks gie Sint Brendan oerein en begûn te bidden, de hiele
nacht troch oan`t it dei waard. En yn`e moarn, doe`t de bruorren harren
nei de tsjinst fan God haasten,
om dernei de reis nei it skip te meitsjen, seagen hja wer in reemakke
tafel lykas ek de foarige deis. Sa makke God, trije dagen en nachten
lang
in miel ree foar syn tsjinners.
HAADSTIK 7
Sint Brendan ûntmaskert en begraaft in dief
Hjirnei reizge Sint Brendan mei syn maten fierder, en sei tsjin de
bruorren: 'Tinkerom dat net ien fan jimme wat fan it guod fan dit
eilân meinimt.'
En allegearre antwurden him: 'Gjin sprake fan heit, dat eat dat stellen
is ús reis ûntwije soe.' Doe sei Sint Brendan: 'Sjoch
ús
broeder, oer wa`t ik jim dat juster foarsein haw, hat in sulveren teame
yn syn bûse, dy`t de duvel him fannacht oerjûn hat.'
Doe`t dy broeder dat hearde, smiet hy de teame út syn bûse
en foel foar de fuotten fan de godsman, en sei: 'Heit ik haw
sûndige,
ferjou my, bid foar myn siel, dat dy net ferlern giet.' Fuortdalik
foelen
allegear tagelyk foaroer op`e grûn del en smeken de Hear foar de
siel fan dy broeder.
Doe`t de bruorren har wer oerein joegen en de broeder oerein holpen
wie troch abt, sjoch dêr seagen hja in lyts negerke út syn
bûse springen, dat lûd jammere en rôp: 'Werom, man
fan
God smite jo my út myn wente, dêr`t ik al sân jier
lang
wenne ha en keare jo my út myn erfskip?' Sint Brendan sei tsjin
dizze stim : 'Ik gebied dy yn`e namme fan de Hear Jezus Kristus datsto
gjin ien minske skea dochst oan`t de oardielsdei.'
Doe kearde de godsman him wer ta dy broeder en sei: 'Nim it lichem
en bloed fan de Hear, want dyn siel ferlit no it lichem, want hjir is
it
plak fan dyn grêf. [Mar dyn broeder dy`t mei dy fan ús
kleaster
kaam is fynt syn grêf yn hel.]' En sa, nei it brea en de wyn
ûntfongen
te hawwen, is de siel fan de broeder út it lichem tein, en
opnaam
troch de ingels fan it ljocht, wylst de bruorren it seagen. Mar syn
lichem
is troch de abt op dat selde plak begroeven.
HAADSTIK 8
Sint Brendan wurdt foarsjoen fan Iten en Drinken
Sa kamen de bruorren mei Sint Brendan wer oan`e kust fan it
eilân,
dêr`t harren skip lei. Wylst hja yn it skip giene, kaam der in
jonge
man oanrinnen, dy`t in koer fol mei bôlen en in krûk mei
wetter
droech. Hy sei tsjin harren: 'Nim dizze jefte fan de hân fan
jimme
tsjinner. Der wachtet jimme noch in lange reis, eardat jimme
fertreasting
fine, dochs sil it jimme fan hjoed ôf oan`t Peaske ta oan
bôle
en wetter net ûntbrekke.'
En nei de golle jefte oannaam te hawwen, fearen hja de oseaan op, hja
ieten hieltyd om'e oare dei. Sa waard it skip troch de ferskate streken
fan de oseaan stjoerd.
HAADSTIK 9
Wite Tongersdei op it Skieppeeilân
Op in dei seagen hja net fier fan
harren ôf in eilân.
Doe`t
hja dêr hinne fearen, kaam harren in geunstige wyn ta help, sa
dat
hja net mear hoechden te skreppen dan't hja koenen. Doe`t it skip yn'e
haven lei, gebea de godsman allegearre om oan wâl te gean. Sels
gie
hy der as lêste út. Doe`t hja it eilân
rûngienen,
seagen
hja út ferskate boarnen tige rike wetters streamen, fol mei
fisken. Sint Brendan sei tsjin syn bruorren: 'Lit ús hjir de mis
fiere.
Lit ús God it ûnbeflekt offer offerje, want hjoed betinke
wy it
Lêste Jûnmiel fan de Hear'. En hja bleauwen dêre
oan`t
de hillige sabbat fan Peaske.
Doe't hja it eilân oer kuieren, fûnen hja dêr
ferskate
keppels wite skiep, safolle, dat hja de grûn fierder op net sjen
koenen fanwege de mannichte fan skiep. Sint Brendan rôp de
bruorren
byinoar en sei tsjin harren: 'Nim fan de keppel wat nedich is ta de
feestdei.'
De bruorren gienen neffens de opdracht fan de godsman hastich nei de
keppel. Hja namen earst in skiep fan de keppel en doe`t hja dat in tou
om'e hoarnen dienen, folge it dejinge dy it tou yn syn hân
hâlde
as of't it in húsdier wie, nei it plak dêr`t de godsman
stie.
Nochris sei de godsman tsjin ien fan de bruorren: 'Nim in sniewyt laam
fan de
keppel.' Dy gie hastich hinne en die lykas him opdroegen
wie.
Doe`t hja alles klearmakke hienen ta de tsjinst fan de folgjende dei,
kaam
der in man nei har ta, mei in kuorke yn'e hân, fol ûnder de
jiske bakte bôlen en fierdere dingen dy`t nedich wienen. Doe`t hy
dat foar de godsman delset hie, foel hy trijeris op syn gesicht foaroer
foar de fuotten fan de abt, en sei: 'Wer haw ik it oan fertsjinne, o
pearel
fan God, dat Jo sêde wurde meie yn dizze hillige dagen, fan it
wurk
fan myn hannen.' Nei him fan de grûn oerein holpen en in
tút
jûn te hawwen, sei Sint Brendan: 'Soan, ús Hear Jezus
Kristus
stelt ús in plak foar der`t wy syn hillige opstanning fiere
kinne.'
Dy man sei tsjin him: 'Heit, hjirre sille jim de hillige sabbat fiere.
De nachttsjinst en de missen fan syn opstanning, stelt God jim foar om
moarn te fieren, op it eilân, dat jimme dêr sjogge.' Doe`t
hy
dat sein hie, begûn hy it iten fan de tsjinners fan God en alle
dingen
dy`t de folgjende deis nedich wienen ree te meitsjen.
Doe`t alles klear makke wie en nei it skip brocht, sei de man tsjin
Sint Brendan: 'Jim skipke kin net mear drage. Oer acht dagen sil ik
jimme
de dingen bringe, dy`t jim nedich hawwe oan iten en drinken oan`t
Pinkster.'
Sint Brendan sei: 'Hoe witsto wer`t wy wêze sille oer acht
dagen.'
Hy sei: 'Dizze nacht sille jim op dat eilân wêze dat jimme
hjir tichteby sjogge oan't moarn tolve oere. Dernei sille jim nei in
oar
eilân farre, dat net fier fan dat eilân ôf nei it
westen
leit en dat 'Paradys fan de Fûgels' neamd wurdt. Dêr sille
jim bliuwe oan`t de acht dagen fan Pinkster.'
Ek frege Sint Brendan him, hoe`t dy skiep dy`t hja dêr seagen
sa grut wêze koenen, want dy wienen grutter as kij. Dy man sei
tsjin
him: 'Nimmen op dit eilân melkt de skiep en de winter hindert
harren
net, want hja bliuwe dei en nacht yn de weide. Dêrom binne hja
grutter
as yn jimme kontreien.' En doe, neidat hja elkoar seinige hienen, binne
hja nei it skip gien en útfearn.
HAADSTIK 10
Hja fiere de opstanning op it symboal fan it deaderyk.
Mar doe`t hja by it oare eilân kamen, bleau it skip stykjen
foar
dat hja de haven berikke koenen. Sint Brendan gebea de bruorren
út
it skip te gean yn de see, en sa dienen se, en hja lutsen it skip mei
touwen
oan beide kanten, oan`t hja yn`e haven kaam wienen. Mar it eilân
wie stiennich en sûnder gêrs. Bosk wie der seldsum, en op
it
strân wie alhiel gjin sân. Wylst de bruorren doe
bûten
oernachten yn de gebeden en de nachttsjinsten, siet de godsman binnen
yn
it skip. Want hy wist wat soart eilân dat wie, mar hy woe it
harren
net ferklappe, om foar te kommen dat hja bang wurde soenen.
Mar doe`t it ljocht waard, sei hy de prysters dat hja elk in mis sjonge
moasten en dat dienen se. Doe`t Sint Brendan yn it skip ek sels in mis
song hie, droegen de bruorren it rauwe fleis en ek de fisken dy hja
meinaam
hienen fan it oare eilân, út it skip nei bûten om it
te sâltsjen. Doe`t hja dat dien hienen, setten hja in pot op it
fjoer,
mar doe`t hja hout op it fjoer brochten en de pot begûn te
sieden,
begûn dat eilân te golvjen. De bruorren stoden nei it skip
en rôpen de abt om help. Mar hy luts se ien foar ien mei de
hannen
oan board. Hja lieten alles benefter dat hja op it eilân brocht
hienen,
en fearen fuort. It eilân dreau fierder de oseaan op en it
brânende
fjoer koenen se oer in ôfstân fan trije kilometer noch
sjen.
Doe fertelde Sint Brendan de bruorren wat dat wie, en sei: 'Bruorren
ferwûnderje jim jim oer wat dit eilân die?' Hja seinen: 'Wy
steane fersteld en boppedat binne we geweldich bang wurden. Hy sei
tsjin
harren: 'Fuort net bang wurde jonges. Want God hat my fan nacht troch
in
fisioen it geheim fan dizze saak iepenbierre. It is gjin eilân,
dêr`t
wy west hawwe, mar in fisk, de grutste fan allegearre dy`t yn`e see
swimme.
Hy besiket hieltyd mei de sturt oan de kop ta te rikken, mar dat
kin net fanwege syn lingte, hy hjit fan Jasconius.'
HAADSTIK 11
Fan Peaske oan`t Pinkster yn it Fûgelparadys
Mar doe`t hja nei it eilân dêr neistoan fearn wienen,
dêr`t
hja trije dagen earder ek west hienen, en op`e útein
dêrfan
kaam wienen oan de westkant, seagen hja flakby harren, mei allinne in
smelle
seeingte der tusken, in oar eilân, tige gerzich en beboske en fol
mei blommen, en troch om it eilân hinne te farren sochten
hja
in haven. Doe`t hja nei it suden fan dat eilân fearen,
fûnen
hja in rivierke dat útstreamde yn de see en dêr setten hja
it skip oan lân. Doe`t hja út it skip gienen, gebea Sint
Brendan
dat hja it skip mei touwen tsjin it soal fan it streamke op lûke
soenen safier as hja koenen. It streamke wie net folle breder as de
breedte
fan harren skip. De abt siet yn it skip, en sa lutsen hja it oer de
ôfstân
fan oardel kilometer, oan`t hja by de boarne fan'e stream kamen.
En Sint Brendan sei: 'Sjoch hjir hat ús Hear Jezus Kristus
ús
in plak jûn om syn hillige opstanning te fieren.' En hy sei der
by: 'Al hienen wy oars gjin foarried as dizze boarne, dan soe dy, leau
ik,
foar ús wol genôch wêze oan iten en drinken.'
Mar dêr wie boppe dy boarne in beam bûtenwênstich
grut fan omfang en net minder fan hichte, oerdutsen mei skitterjend
wite
fûgels. Hja bedutsen him sa alhiel, dat syn blêden en
tûken
suver net te sjen wienen. Doe`t de godsman dat seach, betocht hy by
himsels
en oerlei wat dat wol wêze mocht of wat reden of`t er wie, dat
sa`n
mannichte fûgels yn ien kloft byinoar wêze koe. En it makke
him sa bang dat hy skriemde en op syn knibbels God smeekte en sei:
'God,
kenner fan it ûnbekende en bekendmakker fan al it ferburgene, Jo
wite de eangstme fan myn hert. Ik smeekje Jins Hearlikheid, dat Jo Jo
weardich
achtsje wolle yn Jo grutte ûntferming, om oan my sûnder Jo
geheim te iepenbierjen, dat ik hjir foar myn eagen sjoch. Net op myn
fertsjinste
of weardichheid, mar op Jo ûnmjitlike genede fertrou ik.'
Doe`t hy dit yn himsels sein hie en wer sitten gien wie, sjoch doe
fleach ien fan dy fûgels út de beam wei, nei it skip ta
dêr`t
de godsman siet, en har wjokken klonken as beltsjes. Hja siet op it
puntsje
fan de foarstjûne en hâlde de wjokken útspraat as
teken
fan blydskip en seach mei in blier gesicht de godsman oan. Fuortdaliks
begriep de godsman dat God syn smeekbea ferheard hie en hy sei tsjin de
fûgel: 'Asto in boade fan God bist, fertel my dan wer`t dy
fûgels
weikomme, en om wat foar reden hja hjir byinoar binne.' Dy sei
fuort:'Wy binne
fan de grutte fal fan de âlde fijân, en hoewol wy net
sûndigen,
stimden wy wol mei harren yn. Dat sa gau as wy skepen wienen, hat de
ûndergong
ek ús troffen, troch de fal fan de duvel mei syn
trawanten. Mar ús God is rjochtfeardich en betrouber. Troch syn
machtich
oardiel hat hy ús nei dit plak stjoerd. Straffen
ûndergeane
wy net. Hjirre kinne wy de tsjintwurdichheid fan God sjen, allinne hat
hij ús ferwidere fan de gemienskip mei de oaren dy't steande
bleaun
binne. Wy swalkje troch ferskate streken fan loft, himel en ierde, sa
as
oare geasten dy`t stjoerd wurde.(Hebr 1:14) Mar sneins en op hjeldagen,
krije wy in lichem, lyk asto no sjochst en dan binne wy hjirre en
priizgje
ús Skepper.
Mar do en dyn bruorren hawwe no ien jier fan jimme reis om. No bliuwe
der noch seis oer. Dêrsto hjoed it Peaske fiert hast, dêr
silst
it elk jier fiere, en dêrnei silsto fine watsto dy yn dyn hert
foarnaam
hast, dat is it Beloofdelân fan de Hilligen.' Doe't de
fûgel
dit sein hie, joech hja har op fan de stjûne en fleach nei de
oaren.
Mar doe`t de oere fan`e vesper kaam wie, begûnen alle
fûgels,
dy`t yn`e beam sieten, as mei ien stim te sjongen, har op'e siden te
slaan
en te sizzen: 'Jo komt de lofsang ta, o God op`e Sion, Jo wurdt de
gelofte
betelle.' (ps 65:2) en hieltyd herhellen hja it neamde fers hast
in
oere lang. De godsman en dy`t mei him wienen like dat ritme en it
lûd
fan de flerken earder in treursang dan leaflik.
Doe sei Sint Brendan tsjin syn bruorren: 'Fersterkje jimme lichemen,
want ús sielen binne hjoed al troch godlike ferkwikking
sêde.'
Doe`t hja it iten op hienen, folbrochten hja it Wurk fan God. Doe`t dat
allegear dien wie, joegen de godsman en dy`t mei him wienen har del,
oan`t
de tredde nachtwacht. Doe't de godsman wekker waard rôp hy syn
bruorren
ta de nachttsjinst fan de hillige nacht, troch dit fers yn te setten:
'Hear,
iepenje my de lippen,' (ps 51:17). Doe`t it gebed fan de hillige man
beëinige
wie, wjerklonken alle fûgels mei wjokken en bekken, en seinen:
'Loovje
de Hear, loovje him al syn ingels, loovje him al syn legers.'(ps 148
:2)
Krektlyk as ek by de vesper songen hja in oere lang.
Doe`t de dage oanbrutsen wie, songen hja: 'Mei sa de geunst fan de
Heare ús God oer ús wêze.' (ps 90:17) Hja
songen
yn'e selde mjitte en like lang ek yn it lof fan de metten. Krekt sa op
de tredde oere dit fers: 'Sjong, foar ús God, ja sjong, sjong
foar
ús Kening, ja sjong. Want kening oer de hiele ierde is God,
sjong
foar Him in keunstich liet.'(ps 47;7,8) en op de seisde oere: 'Lit,
Hear
it ljocht fan Jo antlit oer ús daagje en wês ús
genedich.'
(ps 4:7) Op de njoggende oere psalmsongen hja: 'O, wat is it goed, wat
hearlik dat bruorren byinoar wenje en it iens binne.' (ps.133:1) Sa
brochten
de fûgels dei en nacht de Heare lof . Dêrom liet Sint
Brendan
syn bruorren útrêste oan`t en mei de achtste dei fan it
feest
fan Peaske.
Doe`t dy feestdagen foarby wienen sei hy: 'Lit ús wetter
foarried
mei nimme fan dizze boarne, dy`t wy oan`t no ta net nedich wienen as om
de hannen en de fuotten te waskjen. Doe`t hy dat sein hie, kaam de
selde
man, dy`t by harren west wie trije dagen foar Peaske,en dy`t har it
iten
foar Peaske brocht hie, mei syn skip fol mei iten en drinken nei harren
ta. Doe`t alles út it skip laden wie, sei hy dêr't de abt
by wie: 'Mannen bruorren, hjir hawwe jim genôch oan't Pinkster,
mar
drink net fan dizze boarne, want dy is te sterk om út te
drinken.
Lit my jimme fertelle hoe`t dat sit: 'Wa`t hjir út drinkt, sil
fuortdaliks troch in swiere sliep oerfallen wurde en hy sil net wer
wekker
wurde ear`t der 24 oeren om binne. Mar sa gau it bûten de boarne
streamt, hat it de smaak en eigenskippen fan wetter.' En doe't de abt
him
seinige hie, is hy werom gien nei syn plak.
Sint Brendan bleau op dat plak oan`t de acht dagen fan Pinkster, want
it gesang fan de fûgels wie hertferwaarmjend foar harren. Op de
dei
fan Pinkster, doe`t de hillige man mei syn bruorren de mis song hie,
kaam
harren fersoarger, en brocht alles dat ta de feestdei nedich wie. En
doe`t
hja meiinoar oan`t it moarnsiten sieten, sei dy man tsjin harren: 'Der
wachtet jimme noch in lange reis. Nim fan dizze boarne jimme fetten fol
wetter en nim droege bôlen, dy`t jimme bewarje kinne oan`t it
oare
jier. Ik sil jimme bringe safolle jim skip drage kin.' Doe`t dit
allegear
klear wie, is hy, neidat hy de seine ûntfong hie, werom gien nei
syn plak.
Sint Brendan soarge dat nei dy acht dagen it skip laden waard mei alles
wat dy man harren brocht hie en dat alle fetten folmakke waarden by dy
boarne. Doe`t alles nei de kust brocht wie, doe kaam dy fûgel yn
flugge flecht oanfleanen en gie sitten op de foarstjûne fan it
skip.
De godsman begriip dat hja him wat fertelle woe. Doe sei dy fûgel
mei in minsklike stim: 'Mei ús sille jim de hillige dei fan
Peaske
fiere en de foarbygiene tiid (oan't Pinkster), ek yn it kommende jier.
En dêr`t jim wienen yn dit jier, by it Nachtmiel fan de Hear,
dêr
sille jim ek wêze yn it kommende jier op dyselde dei. Krektlyk
sille
jim de nacht fan it Peaske fan de Hear fiere dêr`t jim it earder
fierd hawwe, op de rêch fan Jasconius. Nei acht moannen sille jim
in eilân fine, dat neamd wurdt it eilân fan de mienskip fan
Ailbeus, en dêr sille jim de berte fan de Hear fiere.'
Doe`t hja dat sein hie, gie hja werom nei har plak. Mar de bruorren
hysten it seil en fearen de oseaan op, en de fûgels songen as
út
ien stim: 'Ferhear ús, o, God, dy`t ús heil is, betrouwen
fan alle ierdryks einen en fiere kusten.'(ps 65:6)
HAADSTIK 12
Op besite yn it kleaster fan Sint Ailbeus folk.
En sa waarden de abt mei syn minsken trije moannen oanien hjir en
dêrhinne
dreaun oer de wide flakten fan de oseaan. Hja seagen neat as himel en
see.
Hja fêsten hieltyd om'e twa of trije dagen. Mar op in dei seagen
hja in eilân net fier ôf, mar doe`t hja tichte by de kust
kaam
wienen, dreau de wyn harren wer by de haven wei. En sa fearen hja 40
dagen
lang om it eilân hinne, en koenen gjin haven fine. De bruorren dy
yn it skip wienen smeekten de Hear skriemend har te helpen. Want hja
wienen
skjin oanein sa wurch wienen se. En doe`t hja trije dagen
oanhâlden
mei in protte bidden en fêstsjen, seagen hja in nauwe haven, mei
plak foar mar ien skip, en dêre fûnen hja twa boarnen, de
iene
grom mich en de oare helder. De bruorren gau dêrhinne mei bekers
om
wetter te skeppen. Doe`t de godsman dat seach sei hy tsjin harren:
'Soannen,
soks hearre jim dochs net te dwaan sûnder tastimming fan de
âldsten dy op dit eilân wenje. Dy sille jimme ommers dit
wetter
om'e nocht jaan, dat jim no stellenderwize drinke wolle.'
Wylst hja sa dwaande út it skip gienen en oerleinen wat kant
as hja útgean soenen, kaam der in âld man nei harren ta
rinnen
mei in tige earnstich foarkommen, sniewyt hier en in fleurich gesicht,
dy't him trijeris op`e grûn falle liet, foardat hy de godsman
tute.
Mar Sint Brendan en dy`t mei him wienen holpen him gau oerein. Nei't
hja
mekoar tute hienen, naam dy âldman de hân fan de abt en
naam
him mei nei in kleaster sa wat in stadium (= 186 m) dêrwei.
In haven mei plak foar mar ien skip
Doe stie Sint Brendan mei syn bruorren foar de poarte fan it kleaster
en sei tsjin de âlde: 'Fan wa is dit kleaster? Wa is jimme
lieder? Wêr komme de minsken wei dy`t hjir libje?' Sa frege de
abt
de âldman ferskate dingen, mar hy koe gjin antwurd fan him krije,
allinne betsjutte hy hiel freonlik mei de hân stilte.
Sa gau`t de abt de libbensregel fan dit plak begriip, fermoanne hy
syn bruorren, en sei: 'Tinkderom dat jim neat sizze, dat dizze bruorren
net ûnthillige wurde troch jimme grapmakkerij.' Doe`t hy dit
ferbean
hie, kamen harren alve bruorren temjitte mei boekedoazen en krusen en
lofsangen,
dy't dizze rigels songen: 'Kom oerein út jim wenten, hilligen
fan
God, en gean de wierheid temjitte. Hilligje dit plak, seinigje it folk,
en wol jins tsjinners weardich karre yn frede te weitsjen.'
Doe`t it fers út wie, hat de abt fan it kleaster de hillige
Brendan en syn maten de rige lâns tute. En sa tuten ek syn
muontsen
de muontsen fan de hillige man. Nei mekoarren frede winske te hawwen,
brochten
hja harren nei it kleaster, sa as wênst is yn de westlike
kontreien,
troch de bruorren ûnder gebeden te begelieden. Hjirnei
begûn
de abt fan it kleaster, mei syn muontsen, de fuotten fan de gasten te
waskjen
en de barsang te sjongen: 'In nije gebod jou ik jim...' (Joh. 13:34)
Doe`t
dat klear wie, brocht hy harren ûnder grutte stilte nei de ytseal
en doe`t it teken slein hie en de hannen wosken wienen, liet hy harren
allegear sitten gean. Nei dat ek it twadde teken slein hie, gie ien fan
de bruorren fan it kleaster oerein en betsjinne de tafel, mei prachtige
wite bôle en in pear tige lekkere woartels. De bruorren sieten
mei
de gasten om en om op`e rigel en tusken twa bruorren waard hieltyd in
hiele
bôle delset.
Deselde tsjinner betsjinne, doe`t it teken jûn wie, de bruorren
mei drinken. De Abt trune de bruorren ek oan, tige op't skik sei er:
'Genietsje,
út deselde boarne dêr`t jim hjoed stellenderwize út
drinke woenen, no mei leafde, wille en freze des Hearen. Ut de oare,
de grommige boarne dy`t jim seagen, wurde alle dagen de bruorren de
fuotten
wosken, omdat dy altyd kâld is. De bôle dy`t jim sjogge, wy
witte net wer`t dy makke wurdt, of wa`t it nei ús kelder bringt.
Mar dochs is ús bekend, dat út de golle jeften fan God,
syn
tsjinners betsjinne wurde, troch ien of oar ûndergeskikt skepsel.
Wy binne hjir mei fjouwerentweintich bruorren. Elke dei hawwe wy tolve
bôlen ta ús foldwaan, hieltyd ien bôle foar twa.
Sneins
en op hjeldagen jout God dêr elke broeder in hiele bôle op
ta, dat hja in miel hawwe fan de brokken. No, by jimme komst hawwe wy
dûbel
iten. En sa ûnderhâldt Kristus ús fanôf de
tiid
fan Sint Patricius en Sint Ailbeus, ús heiten, oan`t no ta, al
tachtich
jier lang. En dochs nimme âlderdom en sloppens fan ús lea
mar in tige lyts bytsje ta. Op dit eilân ûntbrekt ús
neat om te iten dat op it fjoer ree makke wurdt. Kjeld of hjitte
pleaget
ús nea. En as it tiid is foar de missen of de vigilia`s wurde de
lampen yn ús tsjerke, dy`t wy mei naam hawwe út ús
lân, opstutsen nei godlike foarbeskikking, en hja brâne
oan`t
it ljocht wurdt, en net ien fan dizze lampen ferminderet.'
Neidat hja trijeris dronken hienen, sloech de abt nei wênst en
plige it teken, en de bruorren gienen ienriedich ûnder grutte
stilte
en weardichheid oerein fan`e tafel, en gienen foar de abten út
nei
de tsjerke. Achter harren kamen Sint Brendan en de abt fan it kleaster.
Doe`t hja sa de tsjerke yngienen, kamen de oare tolve bruorren der
út,
harren temjitte, en bûgden fleurich de knibbels. Doe`t Sint
Brendan
harren seach sei hy: 'Abt, werom hawwe dizzen net tagelyk mei ús
iten?' De abt sei tsjin him: 'Om jimme, want ús tafel koe
ús
yn ienkear net allegear hâlde. No geane hja te iten en it sil har
oan neat ûntbrekke. Mar lit ús yn tsjerke gean en de
vespers
sjonge, sa dat ús bruorren dy`t no te iten geane, nei ús
ek noch op'e tiid de vespers sjonge kinne.'
Doe`t hja de ferplichte vespertsjinst beëinige hienen, begûn
Sint Brendan om him hinne te sjen, hoe`t dizze tsjerke boud wie. Dy wie
fjouwerkant, like lang as breed, en hie sân lampen, trije foar it
alter dat yn`e midden stie, en twa foar elk fan de oare beide alters.
Want
dêr wienen fjouwerkante alters, fan kristal makke, en de
skûtels
dêr op krektlyk ek fan kristal, dat wol sizze de skalen, bekers
en
krûkjes en fierdere skûtels, dy`t ta de earetsjinst
beheare.
En der wienen fjouwerentweintich sitplakken yn it rûnom yn de
tsjerke.
Want it plak dêr`t de abt siet, wie tusken de beide koaren yn.
Want
de iene groep begûn fan ôf him en eindige by him, en de
oare
groep krektlyk. Net ien fan beide dielen soe it weagje doarre in fers
yn
te setten as allinne de abt.
Net ien ferwachte yn it kleaster lûd of leven. As in broeder
wat nedich hie, gie hy nei de abt en knibbele foar him en frege yn syn
hert wat it ferlet easke. Daliks naam de abt in laai en griffel en
skreau,
troch de iepenbiering fan God, en joech it oan de broeder, dy`t him om
rie frege.
Doe`t Sint Brendan dit alles yn him omgean liet, sei hy tsjin de abt:
'Heit it is al tiid om wêrom te gean nei de ytseal, dat alle
dingen
by ljocht ôfdien wurde kinne.' En dat dienen hja, op deselde
manier
as foar it iten. Doe`t alles ôfdien wie neffens de regel fan de
oarder
fan de dei, gienen hja allegear hastich, mei grutte bliermoedigens, nei
de komplete. En doe`t de abt it foarskreaune fers ynset hie, dat
is:'Kom
mei hasten myn God om my te helpen'(Ps. 70:12) en hja tagelyk eare
jûn
hienen oan`e Trijeienheid, begûnen hja dit fers te sjongen: '[ Wy
hawwe mis west en ferkeard dien] Jo Heit dy`t genedich binne, sparje
ús,
Hear. Yn frede sil ik my deljaan en sliepe, want Jo allinnich,
Hear,jouwe
my in feilich honk.' (ps 4: 9) Dernei songen hja de tsjinst dy`t heart
by
dy oere.
No`t de oarder fan psalmsjongen folbrocht wie, gienen de bruorren nei
bûten, elk naam ien fan de gasten mei nei syn eigen sel. Mar de
abt
siet mei Sint Brendan yn de tsjerke de komst fan it ljocht ôf te
wachtsjen. En Sint Brendan ûnderfrege de abt oer harren swijen en
praten, hoe`t hja sa as minsken ferkeare koenen. Doe antwurde dy heit
mei
grutte earbied en dimmenens: 'Abt, ik beken foar it antlit fan Kristus:
Tachtich jier binne foarby gien sûnt wy op dit eilân kamen.
Wy hawwe gjin minsklike stim heard, behalve as wy God loflieten
tasjonge.
Tusken ús fjouwerentweintigen wurdt gjin lûd
útbrocht, as troch tekens mei de fingers of de eagen, behalve
troch de âldsten
yn leeftiid. Net ien fan ús hat, sûnt wy op dit plak
kamen,
lit oan sykte fan it lichem of oan geasten dy`t om it minsklik skaai
swalkje.'
Sint Brendan sei: 'Is it ús ek tastien hjir te bliuwen of
net?' Hy sei: 'Dat is it net, omdat God it net wol. Werom fregest my
dat
heit? Hat God dy net iepenbierre watsto dwaan moatst, foardatst hjir by
ús kaamst? Do moatst ommers weromgean nei dyn plak mei dyn
fjirtsjin
bruorren. Dêre hat God it plak fan jim grêf reemakke. Mar
de
twa, dy`t oer binne, de iene sil pylgerje op it eilân, dat
'Eilân
fan'e Hearremiten' neamd wurdt en de oare sil ta de skandlikste dea
feroardiele
wurde, by dy`t yn de hel binne.'
Wylst hja ûnderinoar sokke dingen bepraten, waard der in
fjoerpylk
troch it finster sketten, dy't alle lampen oanstiek dy`t foar de alters
stienen, wylst hja it seagen. De pylk gie fuortdaliks werom nei
bûten, mar it skitterjende ljocht bleau op de lampen. Noch in
kear frege Sint Brendan: 'Troch wa wurde de lampen moarn
útdien?' De
abt antwurde him: 'Kom en sjoch it hillich geheim fan dizze saak.
Sjoch,
do sjochst de kearsen brânen midden yn de glêzen. Mar neat
dêrfan ferbrânt, of wurdt minder of leger, ek sil der moarn
gjin jiske fan oer bliuwe, want it is geastlik ljocht.' Sint
Brendan sei: 'Hoe kin yn stoflike skepsels, ûnstoflik ljocht,
stoflik brâne?'
De âlde antwurde: 'Hasto net lêzen fan de
toarnbeistrûk
dy't baarnde op'e berch Sinai? En dat dochs de
toarnbeistrûk
net oantaast waard troch it fjoer?'
Wylst hja de hiele nacht wekker bleaunen oan`t de moarn ta, frege Sint
Brendan tastimming om fuortgean te meien op syn tocht. De âlde
antwurde
him: 'Nee, heit do moast mei ús de berte fan de Hear fiere,
oan`t
en mei de acht dagen fan de Ferskining.'
Sa bleau de abt dêrom mei syn selskip de neamde tiid by de 24
paters op it eilân, dat neamd wurdt 'Eilân fan de mienskip
fan Ailbeus.'
HAADSTIK 13
God straft de oerhearrigen mar de abt bidt foar harren.
Nei dat de feesten folbrocht wienen, en hja iten en de bêste
winsken
fan de hillige mannen ûntfongen hienen, sette Sint Brendan mei
syn
folk sa hurd mooglik seil nei de oseaan en of troch te roeien of troch
te silen dreau it skip troch ferskate streken, oan`t it begjin fan de
Fjirtichdagen.
Op in dei seagen hja in eilân foarút net fier fan harren
ôf.
Doe`t de bruorren it sjoen hienen, begûnen hja fûl te
roeien,
omdat hja al tige pleage waarden troch honger en toarst. Want der wie
al
trije dagen gjin iten en drinken mear. En doe`t optlêst de abt de
haven seinige hie en allegearre út it skip gien wienen,
fûnen
hja in skitterjende boarne en ferskate krûden en woartels
dêr
omhinne en ferskate soarten fisken dy`t it soal delswommen nei de see.
Sint Brendan sei tsjin syn bruorren: 'God jout ús hjir
fertreasting
nei de muoite. Nim fisken, safolle as nedich is ta ús miel en
bried
se op in fjoer. Sammelje krûden en woartels dy`t de Hear foar syn
tsjinners reemakke hat.' En sa dienen hja. Mar doe`t hja wetter
yngetten
hienen om te drinken, sei de Godsman: 'Bruorren pas op dat jim net
tefolle
brûke fan dit wetter, dat jimme lichemen net swier pleage wurde.
Mar de bruorren namen it foarskrift fan de godsman fansels tige
ûngelyk
yn acht en guon dronken ien beker, oaren twa, en de oaren sels trije,
en
dy hellen har in sliep op`e hals fan trije dagen en nachten, de oaren
fan
twa dagen en nachten, en de oerbliuwenden fan in dei en in nacht. En de
abt bea sûnder ûnderbrekking de Hear foar syn bruorren,
omdat
har troch ûnwittendheid sa`n gefaar oerkaam wie.
Doe`t hy sa dizze trije dagen trochbrocht hie, sei de abt tsjin syn
maten: 'Bruorren, lit ús flechtsje fan dizze dea, dat ús
gjin slimmere dingen oerkomme. Want de Hear joech ús ommers iten
en jim misbrûkten it ta skea. Lit ús dêrom fan dit
eilân
ôfgean en nim foarrieden fan dy fisken en meitsje ree safolle as
nedich is foar trije dagen, oan`t it Miel fan de Hear ta; en allyksa
ien
beker wetter foar elke broeder foar elke dei en fan de woartels like
folle.'
Doe`t hja it skip laden hienen mei alles dat de Godsman gebean hie,
hysten
hja it seil en fearen de oseaan op, it noarden yn.
HAADSTIK 14
De Wyn blaast wêrhinne`t er wol.
Nei trije dagen en nachten gie de wyn lizzen en de see waard as of't
er befêrzen wie sa blakstil wie it. De abt sei: 'Liz de riemen
mar
yn it skip en lit it seil sakje, lit God it skip stjoere wêr`t Hy
mar wol. Sa dreau it skip sawat tweintich dagen fierder. Dêrnei
joech
God harren wer in geunstige wyn, út it westen. Tagelyk hysten
hja
it seil en fearen, hja rêsten hieltyd nei trije dagen.
HAADSTIK 15
In weromsjen fan de fersoarger, de walfisk en it fûgelparadys
Op in dei seagen hja in eilân yn`e fierte krekt as of it in
wolk
wie. Sint Brendan sei:'Soannen kenne jim dat eilân.' Dy seinen
tsjin
him: 'Alhiel net.' Hy sei tsjin harren:' Ik ken it. Dat is ommers it
selde
eilân dêr`t wy it oare jier op wienen mei it Nachtmiel fan
de Hear. Dêr`t ús goeie fersoarger wennet.' Doe
begûnen
de bruorren fûleindich te roeien fan blidens, sa hurd as hja
koenen.
Doe`t de godsman dat seach, sei er: 'Jonges, jim moatte jimme lea net
sa
healwiis ôfmêdzje. Is God de Almachtige net de stjoerman en
skipper fan ús skip? Lit it mar oan Him oer, Hy sels stjoert
ús
reis sa as Hy wol.'
En doe`t hja tichter by de kust fan dat eilân kamen, kaam dyselde
fersoarger harren yn in skip temjitte en brocht harren nei de haven,
dêr`t
hja it ferline jier oan wâl gien wienen. En wylst hy de Heare
priizge,
en de fuotten patte fan in elk, te begjinnen by de abt oan`t de
lêste
ta, sei er: 'Ûntsachlik is God, as Er út syn hillichdom
komt.
Hy is de God fan Israël, dy`t syn folk macht en sterkte jout.
Heech
te priizgjen is God.' (ps 68:36)
Sa gau it fers út en it skip útladen wie, sette hy in
tinte op en makke in bad ree, it wie ommers Wite Tongersdei, en klaaide
alle bruorren yn nije klean en makke trije dagen lang it iten foar
harren
ree.
De bruorren fierden it lijen fan de Hear ek mei grutte
soarchfâldigens,
oan`t op de Hillige Sabbat. Doe`t hja klear wienen mei de oarders fan
dy
sabatdei, en oan God de geastlike offers brocht en it Hillich Nachtmiel
fierd hienen, sei de fersoarger tsjin Sint Brendan en dy`t by him
wienen: 'Jimme moatte yn it skip gean en fuort, dat jim de hillige
nacht fan de
opstanning fan de Hear fiere meie, der`t jimme it it ôfrûne
jier fierd hawwe, en sa ek de dei, oan`t de middei. Far dernei nei it
eilân
dat 'Paradys fan de Fûgels' neamd wurdt, dêr`t jimme
ferline
jier west hawwe fan Peaske oan`t de achtste dei nei Pinkster, en nim
alles
dat nedich is mei oan iten en drinken. Ik sil jimme oankommende
snein
wis opsykje.'
En sa dienen hja. Hy hat sels it skip laden mei bôle en drinken
en fleis en fierdere lekkernijen, safolle as it lade koe. Neidat Sint
Brendan
him seinige hie, gie hy yn it skip, en fuortdaliks fearen hja nei it
oare
eilân.
Doe`t hja oankaam wienen by it plak dêr`t hja út it skip
gean moasten, dêr seagen hja de pot dy`t hja it oare jier ferlern
hienen. Doe begûn Sint Brendan, wylst hy mei syn bruorren
út
it skip gie, de lofsang fan de trije jonges yn'e ûne te sjongen,
oan`e ein ta.
Doe`t hja dy lofsang út hienen, warskôge de godsman syn
bruorren, en sei: 'O soannen weitsje en bid dat jimme net yn de
fersiking
komme. Betink hoe`t God dit ûntsachlike bist hjir ûnder
ús
sûnder muoite betwingt.' De bruorren ommers wekken ferspraat oer
it eilân, oan`t de tsjinst fan de metten ta. Dernei offeren alle
prysters God elk in mis, oan`t de tredde oere. Doe offere Sint Brendan
God it Unbeflekte Laam, en sei tsjin syn bruorren: 'It ferlinejier haw
ik hjir de opstanning fan de Hear fierd. Sa wol ik it ek dit jier.'
Dernei gienen hja nei it eilân fan de fûgels. En doe't
hja tichterby de bestimde haven fan it eilân kamen, songen alle
fûgels
as mei ien stim: 'It Heil komt fan ús God, dy`t op de troan sit
en fan It Laam.' (iepenb.7:10) En: 'De Heare is God, Hy liet it
foar
ús daagje. Byn no it feestoffer mei touwen oan`e hoarnen fan it
alter.' (ps.118:27)
Mei stimmen en mei wjokken musisearden hja, hast in healoere lang,
oan`t de abt mei syn hillich folk oan wâl gien wie en alle
dingen út it skip laden wienen en hy him delset hie yn syn
tinte.
En doe`t hy dêr mei syn feinten it Peaske feest fierd hie, kaam
de fersoarger by harren, op de snein de achtste dei fan Peaske, sa as
hy
foarsein hie en hy hie alle iten dat hja mar nedich hawwe koenen by
him.
En doe`t hja noch by de tafel sieten, sjoch dêr sette dy
fûgel
mei de wjokken útspraat har del op`e foarstjûne fan it
skip
en makke in gelûd as fan in grut oargel. En doe begriep de
godsman
dat hja him wat sizze woe. En dy fûgel sei: 'God hat jimme
fjouwer plakken yn it foarútsicht steld, yn de fjouwer tiden,
oan`t
de sân jierren fan jimme pylgerreis beëinige wurde meie. Dat
is:
- Op Wite Tongersdei mei jimme fersoarger, dy`t elk jier
oanwêzich
wêze sil.
- Op de rêch fan de walfisk sille jim Peaske fiere;
- Mei ús de Peaske dagen, oan`t en mei de achtste fan
Pinkster;
- By it folk fan Ailbeus sille jim de berte fan de Hear
fiere.
En nei sân jier sille jim, nei grutte en ferskate besikingen
dy't dêr oan foarôf geane, it Lân fine dat jimme
sykje,
dat oan de Hilligen ûnthjitten is en dêr sille jim fjirtich
dagen bliuwe en dernei sil God jimme nei jim heitelân
werombringe.'
Doe`t de abt dat hearde, foel hy mei syn bruorren langút op`e
grûn om lof en tank te bringen oan syn Skepper. Doe`t de
earwurdige
âlde dit dien hie, is de fûgel weromgien nei syn plak.
Nei it iten, gie de fersoarger fierder en sei: 'Mei Gods help sil ik
mei pinkster wer mei foarrieden by jimme komme.' Nei de seine fan de
abt
en allegearre dy`t mei him wienen ûntfongen te hawwen, is hy
werom
gien nei syn plak.
Sa bleau de earwurdige abt dêre oan't pinkster en doe`t sa de
feestdagen foarby wienen, gebea Sint Brendan de bruorren om it skip ree
te meitsjen en de fetten fol te dwaan út de boarne. Doe`t hja it
skip al nei de see brocht hienen, sjoch dêr kaam dy freon, mei it
skip ôfladen mei iten, nei de bruorren ta. En doe`t hy dat
allegear
in plak jûn hie yn it skip fan de hillige man, en elkenien tute
hie,
is hy werom gien nei wer`t er weikaam wie.
HAADSTIK 16
In ferskuorrende meunster wurdt ferskuord en ferslynd
Mar de earwurdige heit fear mei syn kornuten de oseaan op en sa fear
it skip fjirtich dagen lang. Op in dei seagen hja yn`e fierte in
geweldich
grut bist achter harren. It blies skûm út syn noasters en
it snie troch de weagen mei in tige grutte faasje as om harren te
ferslinen.
Doe`t de bruorren dat seagen, rôpen hja ta de Heare en seinen:
'Help
ús, Hear, dat dit meunster ús net ferslynt.' Sint Brendan
treaste harren en sei: 'Net bang wurde, lyts leauwigen. God sels, dy`t
altyd ús ferdigener is, sil ús ferlosse fan de bek fan
dat
bist en fan alle oare gefaren.'
Mar doe`t it echt tichterby harren kaam wie, gienen him sokke
ûntsachlik
hege weagen foarút nei it skip ta, dat de bruorren banger en
banger
waarden. Ek de earwurdige âlde, stiik no de hannen út nei
de himel en sei:' Hear ferlos Jo tsjinners, sa as Jo David ferlost
hawwe
út`e hân fan de reus Goaliat. Hear, ferlos ús, sa
as
Jo Jona ferlost hawwe út it liif fan de grutte walfisk.'
Nei`t hy dy trije rigels sein hie, sjoch dêr kaam út it
westen wei in oar bist it geweldige meunster harren temjitte. Dat
bûn fuort sa fûl de striid mei him oan, dat it fjoer
út
syn bek spuide. En de âlde sei tsjin syn bruorren: 'Sjoch,
soannen,
de grutte wurken fan ús Ferlosser. Sjoch de hearricheid fan de
bisten
oan harren Skepper. Wachtsje de ein hjirfan mar rêstich ôf.
Dit mâle gefjocht let jimme ommers neat. Mar it sil ta de gloarje
fan God betocht wurde.'
Doe`t hy dit sein hie, wie it ellindige bist dat de tsjinners fan
Kristus
ferfolge al dea en foar harren eagen yn trije stikken skuord, en it
oare
bist gie nei de oerwinning werom nei dêr`t er weikaam wie.
De oare deis seagen hja yn`e fierte in eilân tige beboske en
rom. En by de kust oankommen en út it skip gien, seagen hja it
sturtein
fan it meunster dat ferskuord wie. Sint Brendan sei: 'Sjoch dêr,
dat woe jim fersline, jimsels sille him fersline. Jimme sille in lang
skoft
op dit eilân wachtsje moatte. Sleep derom jimme skip heger op it
lân en sykje in plak yn dit wâld, der`t jim tinte stean
kin.'
De abt socht sels in plak foar harren út om te wenjen.
Mar doe`t hja dien hienen neffens it gebod fan de Godsman en alle ark
yn de tinte brocht hienen, sei Sint Brendan tsjin syn bruorren:' Jim
moatte
safolle fleis fan dat meunster nimme, dat jim foar trije moanne
genôch
hawwe. Want yn dizze nacht sil syn kadaver troch de wylde bisten
ferslynd
wurde.' De bruorren sleepten wol oan`e vespers ta fleis oan, safolle as
hja nedich hienen, neffens de opdracht fan de abt.
Doe`t de bruorren mei dit alles klear wienen seinen hja: 'Abt, hoe
kinne wy hjir libje sûnder wetter?' Dy sei tsjin harren:'Is it
foar
God slimmer jimme wetter te jaan as iten? Gean derom nei de
súdkant
fan dit eilân en jim sille in skitterjende boarne fine en in
protte
krûden en woartels, nim my derwei foarried mei neffens dat we
nedich
binne.' En hja fûnen it allegear sa as de Godsman it foarsein
hie.
Sa bleau Sint Brendan dêr trije moanne, omdat der stoarmen op see
wienen, in tige sterke wyn en ûnbestindich waar mei rein en
hagel.
De bruorren gienen om te besjen, wat de Godsman foarsein hie oer it
meunster, mar doe`t hja op it plak kamen dêr`t it deade bist
earder
lei, fûnen hja oars neat as bonken.
Fuort gienen hja wêrom nei de Godsman en seinen: 'Abt, it is
bard sa't jo sein hawwe.' Hy sei tsjin harren: 'Ik wist bruorren dat
jimme
my hifkje woenen of`t ik de wierheid sein hie of net. Ik jou jim noch
in
teken. Dizze nacht komt dêr in stik fan in fisk hinne en moarn
sille
jim dêrfan ite.' De oare deis gienen de bruorren nei dat plak en
fûnen it sa as de godsman foarsein hie, en hja namen mei safolle
as hja drage koenen. De abt sei tsjin harren: 'Bewarje dit goed yn`e
pikel,
jim sille it nedich hawwe. Want de Hear sil hjoed, moarn en oaremoarn
it
waar rêstich meitsje en it geweld fan de see en de weagen sil
ophâlde.
Dan kinne we hjir wêr weigean.'
Doe`t dy dagen foarby wienen, gebea Sint Brendan syn bruorren it skip
te laden en de wettersekken en oare fetten fol te dwaan, en foar him
krûden
en woartels te sammeljen, want de abt hie, neidat hy pryster wurden
wie,
nea wêr fleis fan eat dat libben west hie preaun. Neidat alles yn
it skip laden wie, en it seil hyst, reizgen hja ôf it noarden yn.
HAADSTIK 17
It eilân fan de moedige mannen mei de trije koaren
Op in dei seagen hja in eilân yn`e fierte, Sint Brendan sei:
'Sjogge
jim dat eilân?' Hja seinen: 'Dat sjogge we.' Hy sei tsjin harren:
'Dêr binne trije folken op dat eilân, ien fan jonges, it
oare
fan jonge manlju, it tredde fan âlderen. En ien fan jim bruorren
sil dêre as frjemdling ferkeare.'De bruorren fregen wa fan harren
dat wêze mocht. Doe`t hja mar troch fregen, en hy seach dat
hja muoilik wienen, sei hy: 'Dat is de broeder dy`t dêre bliuwe
sil.'
En dy broeder wie ien fan de trije, dy`t Sint Brendan nei kaam
wienen
út syn kleaster, oer wa as hy de bruorren al foarsein hie, doe`t
hja yn it skip gien wienen yn harren heitelân.
Sa kamen hja tichterby it eilân, oan`t it skip op it strân
stie. Dat eilân wie tige flak, it like harren alhiel sljocht mei
de see. Sûnder beammen of eat dat troch de wyn beweegd waard.
Want
it wie tige rom, en dochs bedutsen mei wite en donkerreade fruchten. En
dêr seagen hja de trije kloften, sa as de godsman al foarsein
hie.
Want tusken de iene kloft en de oare wie in romte sa fier as men in
stien
mei in slinger smite kin. En hieltyd gienen hja, dan hjir hinne, dan
dêr
hinne, en de iene kloft stie stil op in plak en song: 'Sa geane se (de
hilligen) fierder fan krêft ta krêft, om dan God te sjen op
de Sion.'(ps 84:8)
As de iene kloft it fers út hie, bleau de oare kloft stean en
begûn it selde liet te sjongen, en sa dienen hja sûnder
ûnderbrekking.
En de earste kloft wienen jonges yn strieljende wite klean, en de
twadde
kloft yn reade hyasint kleurige klean, de tredde kloft yn lange pearse
klean.
It wie om tsien oere hinne doe`t hja de haven fan it eilân berikt
hienen. En doe`t tolve oere wie, begûnen de kloften tagelyk te
sjongen: 'Mei God ús geunst en segen jaan,(ps 67:2)' oan`e ein
ta, en: 'O,
God rêdt my, kom mei hasten Heare om my te helpen' (ps 70:2); sa
ek de tredde psalm: 'Ik haw de Heare tige leaf'(ps 116) en boppedat in
gebed. En sa ek om trije oere, trije oare psalms: 'Út de djipte
rop ik Jo, Heare ' (ps 130) en; 'O,wat is it goed, wat hearlik dat
bruorren
byinoar wenje'(ps 133) en 'Ferhearlikje de Heare, Jeruzalem ' (ps 147)
en by de vespers songen hja: 'Jo komt de lofsang ta,o,God op`e Sion'(ps
65) en : 'Lit al wat yn my is de Heare loovje, Heare, myn God.'(ps 104)
Mar de tredde psalm: 'Loovje tsjinners fan de Heare' (ps 113) en de
fyftsjin
trimen songen hja sittend.
En fuortdaliks doe`t hja dit gesang út hienen, oerskade in
wûnderlik
wite wolk it eilân, sa dat hja wat hja earst seagen net mear sjen
koenen, fanwege de tichte wolk. Dochs hearden hja de stimmen fan de
sjongers
fan it liet, sûnder ûnderbrekking, oan`t de tsjinst fan de
metten. Doe begûnen de koaren te sjongen: 'Loovje de Heare
út
de himel wei.'(ps 148) dernei 'Sjong foar de Heare in nij liet'(ps 149)
en as tredde 'Loovje God yn syn hillichdom'(ps 150) Dernei songen
hja tolve psalmen neffens it psalmboek.
Mar doe`t de dei oanbrutsen wie, triik de wolk op fan it eilân
en fuortdaliks songen hja trije psalmen: 'Wês my genedich o
God',(ps
51,56 en 57) 'O God,Jo binne myn God,en ik sykje om Jo ' (ps 63) en
'Heare
Jo hawwe ús in taflecht west'(ps 90:1) en om njoggen oere trije
oare, dat is 'Folken allegearre klap yn`e hannen'(ps 47) en 'O,God jou
my útrêding troch Jo namme.'(ps 54) ' Ik haw de Heare tige
leaf omdat'(ps 116:1) ûnder Halleluja. Dernei offeren hja it
Unbeflekt
Laam en kamen hja allegear ta de kommuny, en seinen' Nim dit hillich
lichem
fan de Hear en it bloed fan de Ferlosser ta jimme foar it ivich libben'
En doe`t sa it offer brocht wie, brochten twa út`e kloft fan
de jonge mannen in koer fol mei reade fruchten en legen dy yn it skip,
en seinen: 'Nim fan de frucht fan it eilân fan de moedige mannen,
en jou ús ús broeder werom en gean yn frede.' Doe
rôp Sint Brendan dy broeder by him en sei: 'Tútsje dyn
bruorren en gean
mei harren dy`t dy roppe. Dyn mem moat dy op in goede oere
ûntfongen
ha, datsto fertsjinne hast, yn sa`n selskip te ferkearen.' Doe`t hy
allegearre
en de abt patte hie, sei Sint Brendan tsjin him: 'Soan, betink hoefolle
seiningen God dy jûn hat yn dit libben. Gean en bid foar
ús.'
Fuort dernei is hy de beide jonge mannen folge nei harren groep.
De earwurdige abt mei syn selskip begûn wer te farren. Mar om
tolve oere hinne, gebea hy syn bruorren wat te iten fan de fruchten fan
it eilân fan de moedige mannen. Doe`t hy dit sein hie naam de
Godsman
der ien fan. Mar doe`t hy seach hoe grut dy wie, en hoefolle sop der yn
siet, ferwûndere hy him en sei:' Nea haw ik sjoen of lêzen
fan sokke grutte fruchten. Want hja hienen de foarm en it foarkommen
fan
in grutte bal. Doe gebea de godsman him in kûm te bringen, parse
ien derfan út, en helle der in pûn sop út,
wêrfan
de abt, nei it yn tolve ûnzen ferdield te hawwen, oan elk in
ûns
joech. Sa waarden de bruorren tolve dagen oanien sêde, elke kear
fan ien frucht. En hieltyd hâlden se in smaak as fan hunnich yn`e
mûle.
HAADSTIK 18
Doch dyn mûle wiid iepen en ik sil him folje.
Doe`t der sa nochal wat dagen foarby gien wienen, gebea de abt in
fêstsjen
fan trije dagen. Doe`t ek dy trije dagen ferrûn wienen, sjoch,
dêr
fleach in tige grutte fûgel it skip temjitte, dy`t in tokke fan
ien
of oare ûnbekende beam hie, mei boppeoan in grutte tros
wûndermoai
reade druven. Dy tokke liet hy út syn bek yn de skurte fan de
hillige
man falle. Doe rôp Sint Brendan syn bruorren by him en sei:
'Sjoch
en nim it moarnsmiel dat God jim stjoert hat.' Want de druven wienen sa
grut as apels, de Godsman ferdielde dy ûnder de bruorren, elk ien
drúf, en sa hienen hja tolve dagen te iten.
En wer gebea de Godsman in fêstsjen mei syn bruorren. En de
tredde
deis seagen hja net fier fan harren ôf in eilân, alhiel
bedutsen
mei tige tichte beammen, mei as fruchten de earder neamde druven, en sa
fruchtber, dat alle beammen nei de grûn bûchd wienen, troch
ien frucht, fan ien kleur. Dêr wie net ien ûnfruchtbere
beam,
en der wienen ek gjin fan in oare soarte op itselde eilân. Doe
hâlden
de bruorren op in haven oan.
De godsman klom út it skip en gie it eilân yn it
rûn.
De rook dêrfan wie as de rook fan in hûs fol mei
grenaatapels.
De bruorren wachten noch yn it skip, oan`t de godsman by harren
weromkaam. Undertusken blies de wyn in tige swiete rook nei harren ta,
sadat
hja besochten harren fêstsjen te ferjitten.
Mar de earwurdige abt fûn seis boarnen, dy`t grienjende
krûden
tige besproeiden en ferskate woartels. Dernei gie hy werom nei syn
bruorren,
naam de earstelingen fan it eilân mei en sei tsjin harren: 'Kom
út
it skip en set de tinte op en fersterkje jimme fan de bêste
fruchten
fan dit lân, dat God ús oanbiedt.' En sa ieten hja
fjirtich
dagen oanien fan de druven en de krûden en woartels fan de
boarnen.
Dêrnei gienen hja oan board, en namen fan de fruchten mei safolle
as harren skip drage koe.
HAADSTIK 19
De oanfal fan de grypfûgel
Hja gienen oan board en it seil waard set yn de rjochting
dy`t de
wyn
wiisde. En doe`t hja fearen, seagen hja in fûgel dy`t 'gryp'
neamd
wurdt, dy`t harren fan fierrens temjitte fleach. Doe`t de bruorren him
seagen, seinen hja tsjin de abt: 'Dat bist komt om ús te
ferslinen.'
De godsman sei tsjin harren: 'Wês net bang. God is ús
helper,
dy`t ús ek dizze kear beskermet.' It bist stuts syn klauwen al
út
om de tsjinners fan God te fangen. En sjoch fuortdaliks kaam doe de
fûgel,
dy`t harren de oare kear de tokke mei fruchten brocht hie, de gryp
ferskuorrend
hurd temjitte fleanen.
De gryp woe har fuort ferskuorre. Mar hja ferdigene har oan`t hja him
oerwûn en de eagen útskuord hie. De gryp fleach fier
omheech,
oan`t de bruorren him mar kwalik mear sjen koenen. Mar de moardneresse
liet him net gewurde, ear`t hja him deamakke hie. Want it kring foel,
foar
de eagen fan de bruorren, neist it skip yn see. De fûgel gie
werom
nei har plak.
HAADSTIK 20
In pear dagen letter seagen Sint Brendan en syn seelju it
eilân
fan it folk fan Ailbeus. En dêr fierde hy mei syn bruorren de
berte
fan de Hear. Neidat dy feestdagen foarby wienen en nei't hja de seine
fan
de abt en syn tsjinners ûntfongen hienen, fear de earwurdige abt
in hiel lang skoft oanien de oseaan yn it rûn, behalve op de
neamde
feesten, dat is Peaske en de Krystdagen, want dan hie hy rêst op
de bekende plakken.
HAADSTIK 21
De trochskinende see.
Op in stuit, doe`t Sint Brendan yn syn skip it feest fan Sint Petrus
de apostel fierde, fûnen hja de see sa helder, dat hja alles sjen
koenen wat der ûnder wie. En doe`t hja yn de djipte seagen,
seagen
hja ferskate soarten bisten op it sân lizzen. It like harren ta
as
koenen se dy mei de hân oanreitsje sa helder wie de see. Hja
leinen
dêr as keppels yn de greide. Dêr wie sa`n mannichte, dat it
like wol sa grut as in stêd yn omtrek, dy`t (ticht yninoar) mei
de
koppen tsjin de achtereinen oan leinen.
De bruorren fregen de earwurdige abt, dat hy syn mis yn stilte opdrage
soe, sa dat de bisten it net hearden en oerein kamen om harren te
achterfolgjen.
De abt glimke en sei tsjin harren: 'Ik fernuverje my tige oer jimme
dommens.
Werom binne jim sa bang foar dizze bisten, en wienen jim net bang foar
de fersliner en master fan alle bisten fan de see, wylst jim ferskate
kearen
op syn rêch sieten en psalmen songen? Ja dêr ha jim sels ek
hout kapt en in fjoer oanstutsen en fleis kôke. Wêrom binne
jim dan bang foar dizzen? Is ús Hear Jezus Kristus net de God
fan
alle bisten, dy`t alle libbene wêzens betwinge kin.?'
Doe`t hy dat sein hie begûn hy te sjongen sa lûd as er
koe. Mar de oaren seagen noch altyd nei de bisten. En doe`t de bisten
him
sjongen hearden, kamen hja oerein en swommen om it skip hinne, sa dat
de
bruorren de see oan alle kanten net mear sjen koenen fanwege de
mannichte
fan de ferskate swimmende bisten, dochs kamen hja net tichteby it skip,
mar hja swommen dêr fier en wiid omhinne, en hâlden har wat
tebek, oant de godsman klear wie mei de mis. Dernei swommen alle bisten
as of't hja flechten oer de ferskate paden fan de oseaan, út it
gesicht fan de tsjinners fan God.
Mei geunstige wyn en spande seilen, koe Sint Brendan mar kwalik yn
acht dagen de heldere see trochkruse.
HAADSTIK 22
In moeting mei in iisberch
Op in dei, seagen hja, doe`t hja de mis opdroegen, in
pylder yn see,
nei`t like net fier fan harren ôf, mar it duorre trije dagen
ear't
hja dêr tichteby wienen. En doe`t de godsman der tichteby kommen
wie, seach hy nei de top, mar hy koe dy alhiel net sjen sa heech wie
er,
want hy wie heger as de loft en hy wie bedutsen as mei in seldsum
miggenet.
Dat wie sa apart, dat in skip troch de mesken derfan hinne farre
koe. Hja snapten net troch hokfoar skepsel sa`n miggenet makke
wêze
koe. It hie de kleur fan sulver, mar dochs like it hurder as marmer. De
pylder wie fan tige helder kristal.
Sint Brendan sei tsjin syn bruorren: 'Liz de riemen en ek de mêst
en de seilen yn it skip, en guon fan jimme nimme ûndertusken
triedden
fan it net. Want dy mantel hong oan alle kanten in hiel ein fan
de
pylder ôf, wol hast oardel kilometer en sa waard hy
útspraat
yn de djipte. Doe`t hja dat dien hienen, sei de godsman tsjin harren:
'Stjoer
no it skip nei binnen troch ien fan de mesken, dat wy de grutte
dieden
fan ús Skepper soarchfâldich besjen meie. Doe`t hja
dêryn
gien wienen en om har hinne seagen, like de see harren sa helder as
glês,
sadat hja alles dat dêr ûnder wie sjen koenen. Want hja
koenen
de foet fan de pylder gewaar wurde, en de ûnderkant fan it net,
dat
op'e grûn like te lizzen. It ljocht fan de sinne wie binnen neat
minder as bûten.
Doe meat Sint Brendan ien mesk tusken fjouwer mesken, fjouwer jelne
oan elk side. Sa fearen hja de hiele dei neist ien kant fan dy pylder
en
yn it skaad dêrfan koenen hja de waarmte fan de sinne dêr
bûten
der troch hinne fiele. Sa gie it oan`t de middeis trije oere. En
sa meat de godsman sels hieltyd ien kant. Tûzen en
fjouwerhûndert
jellen wie de mjitte fan elk fan de fjouwer kanten fan de pylder
( hast 1000 meter). Sa wurke de earwurdige abt fjouwer dagen lang
tusken
de fjouwer hoeken fan dy toer.
En op de fjirde dei fûnen hja in tsjelk, fan makkelei as it
miggenet
en in skaal fan de kleur fan de pylder, dy leinen yn in gloppe yn de
side
fan de pylder oan`e eastkant. Sint Brendan pakte dy skûtels
fuortdaliks
en sei: 'Us Hear Jezus Kristus lit ús dit wûnder sjen, en
Hy hat my dizze beide skatten jûn, dat se oan in protte minsken
toant
wurde meie om te leauwen.' Fuortdaliks gebea de godsman de bruorren de
earetsjinst te hâlden, en dernei wat te iten, want hja hienen
gjin
ferlet fan iten of drinken hân, sûnt hja dy pylder sjoen
hienen.
Doe`t dy nacht foarby wie, roeiden de bruorren nei it noarden. En doe`t
hja troch in gat fearn wienen, setten hja de mêst op en lutsen de
seilen omheech, en guon fan de bruorren namen triedden fan it miggenet,
oant alles yn it skip reemakke wie. Alles omheech set, begûn
der achter harren in geunstige wyn te waaien, sa dat hja neat hoechden
te dwaan om te farren as inkeld de touwen en it roer te hâlden.
Sa
fear it skip acht dagen lang it noarden yn.
HAADSTIK 23
Op`e râne fan de hel.
Nei dy acht dagen seagen hja net fier ôf in eilân, tige
rûch,
stiennich en fol bestjurre lava, sûnder beammen en grien, fol
smidterijen.
De earwurdige abt sei tsjin syn bruorren: 'Wier bruorren dit
eilân
griist my oan, ik wol der net op gean of der ek mar tichteby komme, mar
de wyn dêrwei lûkt ús fan de rjochte koers.'
En
wylst hja sa noch in eintsje fierder gienen, safier as men in stien
smite
kin, hearden hja it gelûd fan it blazen fan`e pûsters as
tongerslaggen
en it slaan fan hammers op izer en ambyld. Doe`t hy dit hearde
wapene
de earwurdige abt him mei it oerwinningsteken fan de Hear op de fjouwer
wynstreken, en sei: 'Hear, Jezus Kristus, ferlos ús fan dit
eilân.'
Doe`t de godsman dit bidden hie, kaam ien fan de bewenners fan dat
eilân nei bûten, as om wat te dwaan, hy wie tige hierrich,
gleon
en donker. Doe`t hy de tsjinstfeinten fan Kristus dêr neist it
eilân
foarby farren seach, gie hy werom yn syn wurkplak. De godsman bewapene
him jitris, en sei tsjin de bruorren: 'Lûk it seil heger en roei
tagelyk sa hurd as jim kinne en lit ús dit eilân
ûntflechtsje.'
Hy hie`t noch net sein as, sjoch dy barbaar kaam harren kant út
nei de kust ta, hy hie in tange yn`e hannen, mei in geweldige grutte
protte
gleon hite sintels en hy smiet dy brout fuort oer de tsjinners fan
Kristus
hinne, mar hy rekke harren net, want it gie wol sa`n 180 meter fan har
ôf. Mar dêr`t it yn`e see foel begûn it te
kôkjen
as of ‘t dêre in útbarsting fan de fjoerberch west hie en
der klom in reek op út`e see as fan in smeltûne.
Mar doe`t de godsman it plak dêr`t de protte fallen wie, sawat
oardel kilometer foarby wie, kamen allegearre dy`t op dat eilân
wienen
nei it strân ta rinnen, elk mei sa`n protte. Guon goaiden dy
brouten
achter it folk fan Kristus yn`e see, en de iene smiet syn protte al
fierder
as de oare, en hieltyd gienen hja werom yn harren smidterijen en
stieken
guon oan, sa dat it like dat it hiele eilân brânde as in
ûne,
en de see kôke sa as in folle pot mei fleis dy't siert en dy't
goed
troch it fjoer oanpoend wurdt. En hja hearden de hiele dei in geweldich
gegûl fan it eilân, al koenen se it net ienris sjen, it
gegûl
fan dy`t op dat eilân ferkearden berikte aloan harren earen en de
geweldige stank harren noazen. Doe trune de abt syn muontsen oan, en
sei: 'O, striders fan Kristus, sterkje jim yn it wiere leauwe en yn de
geastlike
wapenrissing, want wy steane hjir oan`e râne fan de hel. Derom
wês
wach en hannelje manmoedich.'
HAADSTIK 24
Sint Brendan moat in oerhearrige folgeling ôfstean oan`e hel.
De oare deis seagen hja op it noarden in hege berch yn de oseaan,
skynber
tichteby troch de fine dize, mar op de top wie er tige rikkerich. En
fuort
skuorde in fûle twirre harren nei de kust fan dat eilân ta,
oan`t it skip der net fier fan ôf oan`e grûn rekke, de kust
wie nammers sa heech, dat se de boppekant dêrfan kwalik sjen
koenen,
en koalswart fan kleur en wûnderlik steil lykas in muorre.

En dy iene, dyselde dy`t oerbleaun wie fan de trije bruorren, dy`t Sint
Brendan folge wienen út syn kleaster wei, sprong út
it skip en begûn nei de ûnderkant fan it klif te rinnen. Hy
rôp en sei:' O wai my, abt, ik wurdt by jimme wei rôve, en
ik bin net by machte om wer by jim werom te kommen.' De bruorren
brochten
fuortdaliks it skip tebek, frij fan de grûn, en rôpen ta de
Hear en seinen: 'Untfermje Jo oer ús, Hear,
ûntfermje
Jo oer ús.' Mar de abt en syn maten moasten oansjen, hoe`t
dy ûngelokkige troch in mannichte demoanen fuortbrocht waard nei
de piniging en hoe`t hy tusken harren yn yn`e brân stutsen waard,
en hy sei: 'Wee dy soan, datsto yn dyn libben sa`n ein fertsjinne en
krige
hast.'
Nochris skuorde in geunstige wyn harren nei súdlike streken.
En doe`t hja fan fierrens werom seagen nei dat eilân, seagen hja
de berch ûnbedutsen troch reek, flammen omheech spuien oan`t yn
de
eter ta, en nochris sokke flammen nei harren ta blazen, sa dat de hiele
berch, oan`t yn`e see ta, ien brânbult like.
HAADSTIK 25
De fertreasting fan Judas
Doe`t Sint Brendan dan wer in tocht fan sân dagen nei it suden
fearn wie, seagen hja yn de see in gedaante hast as fan in minske op in
rots sitten, en in lape, fan fierrens sawat fan`e mjitte fan in
soldatemantel,
dy`t foar him hinge tusken twa izeren foarkjes en hy waard sa fûl
troch de weagen slingere as in skipke dat it yn gefaar is troch in
orkaan.
Guon fan de bruorren seinen dat it in fûgel wie, oaren tochten
fan
in skip. Doe't de godsman harren sa ûnderinoar redendielen
hearde,
sei er: 'Hâld op fan tsieren, stjoer it skip nei dat plak ta.'
Doe`t de godsman dêr tichteby kaam, beaën de weagen
dêr
omhinne in wjerstân as wienen hja beferzen, en hja fûnen in
man dy`t op in rots siet, rûch en miswoeksen en as de weagen fan
alle kanten op him oanfleagen, sloegen hja him oan`e de holle ta, en as
hja tebek wykten, seagen hja de neakene rots dêr`t dy
ûngelokkige
op siet. En de wyn dreau ek de lape dy`t foar him hong, noris fan him
ôf,
dan wer sloech hja him yn de eagen en tsjin de foarholle.
Sint Brendan frege him wa`t hy wie en foar wat skuld hy dêrhinne
stjoerd wie, of wat fertsjinsten hy hân hie, dat hy sa`n straf
ûndergie.
Dy man sei: 'Ik bin de tige ûngelokkige Judas en de gemienste
woekerder.
Dit plak ha ik net fertsjinne, mar krige troch it
ûnútspreklik
meilijen fan Jezus Kristus. Dit plak is my net tatocht as straf, mar as
in goedgeunstichheid fan de Ferlosser, ta eare fan de ferrizenis fan de
Hear. - want it wie doe op in snein - Want as ik hjir sit liket
it
my as wie ik yn in paradys fan genot, sa bang bin ik foar de
pinigingen,
dy`t my fan'e jûn te wachtsjen steane. Want ik brân as in
protte
lead raand yn in pot, dei en nacht, midden yn de berch dy`t jimme sjoen
hawwe. Dêr is de Leviathan mei syn trawanten. Der wie ik doe`t er
jimme broeder trochslokte, derom wie it helske bist sa bliid, dat it
geweldige
flammen útspuide, sa docht it altyd as it de sielen fan de
goddeleazen
ferslynt. Myn ferkuolling haw ik hjir fan elke sneontejûn oan't
sneintejûn,
en fan Krysttiid oan`t Trije Keningen en fan Peaske oan`t Pinkster en
fan
de Suvering fan de Mem fan God oan`t har Himelfeart. Dêrnei en
dêrfoar
wurdt ik foltere yn de djipte fan de hel, mei Herodes en Pilatus en
Annas
en Kaiafas. En dêrom beswar ik jimme by de Ferlosser fan de
wrâld,
dat jimme foar my pleitsje wolle by de Hear Jezus Kristus, dat ik
ferlof
hawwe mei, hjir te bliuwen oan`t sinne opgong moarnier, dat de demoanen
my net by jimme komst al martelje en ôffiere nei it kweade
erfdiel
dat ik wûn ha as judaslean.'
Sint Brendan sei tsjin him: 'Wat de Hear wol mei barre. Dizze nacht
oan`t moarnier ta silsto gjin proai fan de demoanen wêze.'
Nochris frege de godsman him, en sei: 'Wat moat dizze lape hjir foar
dy?'
Hy sei tsjin him: 'Dy lape joech ik oan in melaatskenien, doe`t ik
noch in kammeraat fan de Hear wie. Mar it wie myn doek net, dy`t ik
joech,
want hy wie fan de Hear en syn bruorren. Derom haw ik fan dat ding ek
mear
lêst dan ferkuolling. En de izeren foarken dêr`t dy lape
oan
hinget, dy haw ik de prysters yn de timpel jûn foar it opskeppen
út de potten. De rots der`t ik op sit, dy smiet ik yn in waad,
yn`e
iepenbiere wei, foar de fuotten fan de oerstekkende minsken, eardat ik
in learling fan de Hear wie.'
En doe`t de skimer fan de jûn de wrâldsee oerskade, bediek
in ûntelbere mannichte fan demoanen, it gesicht fan de
wrâldsee
yn it rûnom, dy't raasden en rôpen: ' Gean dêr wei
godsman,
want wy kinne net by ús freon komme, eardatsto by him wei giest
en wy doarre ús baas net ûnder eagen komme, ear't wy him
syn
freon werom bringe. Do hast ús wrachtich ús proai
ôfnaam,
besykje mar net him dizze nacht te ferdigenjen.'
De godsman antwurde harren: 'Ik ferdigenje him net, mar ús Hear
Jezus Kristus hat him tastien dizze nacht hjir te bliuwen, oan`t
moarnier
ta.' De demoanen seinen tsjin him: 'Hoe doarst de namme fan de Hear oer
him oan te roppen, wylst hy sels de ferrieder fan de Hear is.'
De godsman sei tsjin harren: 'Ik gebied jimme yn de namme fan
ús
Heare Jezus Kristus, dat jim him gjin kwea dogge oan`t moarnier.'
Doe`t sa ek dy nacht foarby wie, ier yn`e moarn, doe`t de godsman de
reis wer oangie, sjoch in ûneinige mannichte fan demoanen bediek
de wetterflakte, hja raasden ôfgryslik, en seinen: 'O, man fan
God,
ferflokt mei dyn yngong en dyn útgong wêze, want ús
baas hat ús dizze nacht gisele mei de slimste swipen,
omdat
wy him dizze ferflokte finzene net presentearre hawwe.'
De godsman sei tsjin harren: 'Jimme ferflokking jildt net foar
ús
mar foar jimsels, want dy`t jimme ferflokke, dy is seinige, en dy`t
jimme
seinigje, dy is ferflokt.'
De demoanen antwurden him: 'Dûbele straffen sil dy
ûngelokkige
Judas ûndergean yn dizze seis dagen, omdatsto him ferdigene haste
fannacht.'
De earwurdige abt sei tsjin harren: 'Dêr hawwe jimme de macht
net ta, en jimme baas ek net, mar dat sil yn de macht fan
God.wêze'
En hy foege dêr nochris oan ta: 'Ik gebied jimme en jimme baas yn
de Namme fan ús Hear Jezus Kristus, dat jimme dizze man gjin
slimmere
folteringen oandogge as foarhinne.'
Hja antwurden him: 'Bisto dan de baas fan ús allegearre, dat
wy nei dyn praatsjes harkje sille?'
De godsman sei tsjin harren: 'Ik bin Syn tsjinner, en al wat ik yn
Syn namme gebiede sil, dat bart, dêrta haw ik it amt, yn alle
dingen
dy`t Hy mei tastiet.'
En sa ferfolgen hja him, oan`t dat hja Judas net mear sjen koenen.
Ek de demoanen gienen wêrom en hja tilden de ûngelokkige
siel
mei grutte fûleindigens en geraas tusken harren yn.
HAADSTIK 26
By Paulus de Hearremyt.
De hillige Brendan fear mei syn meistriders fierder
nei it
suden
en ferhearlike God yn alles. De tredde deis seagen hja yn`e fierte yn
it suden in lyts eilantsje. Doe`t de bruorren fûl
begûnen
te roeien, om tichter by dat eilân te kommen, sei Sint Brendan
tsjin
harren: 'Mannen, bruorren, jim moatte jimme net sa ôfbeule. Jimme
hawwe dochs wurk genôch. Sân jier is it al lyn, mei
kommende
Peaske, dat wy út ús heitelân gien binne. En no
sille
jimme de geastlike hearremyt Paulus sjen, dy`t al sechstich jier
oanien op dit eilân wennet, sûnder wat te iten foar syn
lichem.
Want dêr foar naam hy tritich jier lang iten oan fan ien of oar
bist.'
Mar doe`t hja by de kust kaam wienen, koenen hja der alhiel gjin tagong
fine, fanwege de grutte hichte fan de kust. It wie mar lyts en de hiele
omtrek fan dat eilantsje, net mear as sawat 185 meter. It wie keal
fan`e
grûn ôf oan`t boppen ta, en it like in neakene rots as in
klif.
It wie like heech as it lang en breed wie. En doe`t hja farrend om it
eilân
hinne gienen, fûnen hja in haventsje, sa lyts dat it de
stjûne
fan it skip kwalik opnimme koe en in opgong tige slim om te beklimmen.
Doe sei Sint Brendan tsjin syn bruorren: 'Wachtsje hjir, oan`t ik by
jim wêrom kom. Jim meie net oan lân gean, sûnder
tastimming
fan de godsman dy`t hjir wennet.'
En doe`t de abt oankaam op de top fan dat eilân, seach hy twa
grotten, iepening tsjinoer iepening yn`e side fan it eilân
tsjin`e
opgong fan`e sinne, en in tige lytse welle, rûn, yn it model fan
in skûtel, dy`t opbuorle út de rots, foar de iepening fan
de grot, dêr`t de strider fan Kristus siet. Mar dêr`t de
boarne
ûntsprong slurpe de stien him ek fuort wer op. Doe`t Sint
Brendan
tichte by de iepening fan de iene grot kaam, kaam de âlde
út`e
oare nei bûten him temjitte en sei: ' O, wat is it goed, wat
hearlik
as bruorren byinoar wenje en it iens binne.'(ps. 133:1)
Doe`t hy dit sein hie, droech hy Sint Brendan op, dat hy alle bruorren
opdracht jaan soe út it skip te kommen. Wylst hja mekoar oer en
wer tuten en sitten gienen, neamde hy in elk by syn eigen namme. Doe`t
de bruorren dat hearden, wienen hja tige ferwûndere, net allinne
troch syn wiere profesije, mar ek troch syn foarkommen. Want Hy wie
alhiel
bedutsen troch syn hier en syn burd en fierdere hier, oan`e fuotten ta,
en dat wie sa wyt as snie, troch syn hege âlderdom. Allinne syn
gesicht
en eagen wienen te sjen. Hy hie oars neat oan as syn lichemshier.
En doe't Sint Brendan dit seach, waard hy tige fertrietlik by himsels,
en sei: 'Wee, my, dat ik, ûnder wa sa folle steld binne yn de
namme
fan de oarder, it habyt fan in muonts draach, no`t ik hjir in minske
fan
fleis en bloed sitten sjoch, oan`t no ta ûnbedoarn troch
fleislike
sûnden, yn de steat fan in ingel.'
De godsman sei tsjin him: 'O, earwurdige abt, safolle en sokke
wûnderdieden
toant God dy, dy`t Hy gjinien fan de hillige ôffaars blike litten
hat. En do seist yn dyn hert, datsto net wurdich biste in muontse kleed
te dragen, hoewol datsto mear biste as in muonts. In muonts yt en
klaait
him fan it wurk fan syn hannen. God lykwols fiedt en klaait dy en dyn
folk,
al sân jier út syn ferburgenheden. En ik sit hjir
ellindich
as in fûgel op dizze rots, neaken op myn hier nei.'
Doe frege Sint Brendan him nei syn komst, wêr`t hy wei kaam,
en hoe lang hy sa`n libben al úthâlden hie.
Hy antwurde him: 'Ik waard grutbrocht yn it kleaster fan de hillige
Patricius, fyftich jier lang en ik fersoarge it tsjerkhôf fan de
bruorren. Op in dei, doe`t myn deken my in grêfplak oanwiisd hie
foar in ferstoarne dat ik dy begrave soe, seach ik in ûnbekende
âldman, dy`t tsjin my sei: 'Broeder, dêr moast gjin gat
meitsje,
want dat is it grêf fan in oar.'
Ik sei tsjin him: 'Heit wa bisto.'
Hy sei: 'Watte, kensto my net? Ik bin dochs dyn abt?'
Ik sei tsjin him: 'Myn abt Sint Patricius?'
En hy antwurde my: 'Dy bin ik. Juster haw ik ommers dizze wrâld
ferlitten. Dat is it plak fan myn eigen grêf. Meitsje hjir it
grêf
foar ús broeder, en sis gjinien wat ik tsjin dy sein ha. En gean
moarn hjir wei nei de seekust, dêr silst in skipke fine,
dêr
silst yngean, en dat sil dy bringe nei it plak dêrsto de dei fan
dyn dea ôfwachtsje silst.'
Yn de moarn gie ik dêrwei nei de kust, neffens it gebod fan de
abt, en haw it fûn sa`t hy my foarsein hie. Doe`t ik yn it skip
gien
wie, roeide ik trije dagen en nachten achterinoar. Doe`t dy foarby
wienen,
haw ik it skip gean litten, wer`t de wyn it mar smite woe. En de
sânde
deis seach ik dizze rots, dêr`t ik fuort oanwâl gien bin,
it
skip haw ik mei de foet fuorttreaun en geanlitten, dat it gean mocht
wer`t
it weikaam wie. En fuortdaliks seach ik it mei tige grutte faasje de
weagen
troch snijen oer de wetterflakten, om wêrom te gean nei syn
heitelân.
Mar ik bleau hjir. De middeis om trije oere hinne brocht in otter
my in miel iten út see, dat wol sizze, hy hie in fisk yn syn bek
en in bondeltsje twigen om in fjoer te meitsjen tusken syn foarste
poaten,
en kuiere op syn beide achterste. Doe`t er de fisk en de planten foar
my
dellein hie, is er weromgien nei wer`t er weikaam wie. Ik haw in izer
naam
en dermei op in fjurstien slein en in fjoer makke fan de twigen, en my
sa in miel reemakke fan de fisk. Sa hat dyselde tsjinner my tritich
jier
lang, altyd de tredde deis, dat selde iten brocht, dat wol sizze, ien
fisk,
foar trije dagen. Elke dei haw ik troch Gods geunst in tredde part fan
in fisk iten en nea gjin toarst hân, want sneins kaam der in
bytsje
wetter nei bûten út dizze rots, dêrfan koe ik
drinken
nimme en myn krûk fol dwaan om myn hannen mei te waskjen.
Nei tritich jier fûn ik ek dizze beide grotten en dizze boarne.
Fan dy boarne libje ik en haw ik neitiid sechstich jier libbe,
sûnder
oar iten as wat wetter út dizze boarne. Yndied in njoggentich
jier
bin ik no op dit eilân, tritich jier mei fisk as iten en
sechstich
jier mei iten fan dizze boarne, en fyftich jier wie ik yn myn
heitelân.
Alle jierren fan myn libben oan`t no ta binne hûndertfjirtich
jier.
En hjir moat ik no, sa as my tasein is, libben de oardielsdei
ôfwachtsje.
Gean dêrom fierder nei jimme heitelân en nim folle fetten
mei út dizze boarne. Dat sille jimme ommers nedich hawwe, want
der
wachtet jim no noch in reis fan fjirtich dagen, dat wol sizze,
oan`t
de sabbat fan Peaske.
Jimme sille de Hillige Sabbat en Peaske en de hillige dagen fan Peaske
fiere dêr`t jim it al seis jier fiert hawwe en dernei, neidat jim
de seine ûntfongen hawwe fan jimme fersoarger, sille jimme
ôffarre
nei it Lân dat oan de Hilligen tasein is, en dêr sille
jim
fjirtich dagen bliuwe, en dêrnei sil de God fan jim ôffaars
jimme sûn en wol liede nei it lân fan jim berte.
HAADSTIK 27
Jasconius jout in lift
en de Fersoarger giet mei as gids nei it Beloofdelân.
Neidat de godsman har seinige hie, begûnen Sint Brendan
en syn bruorren nei it suden te farren de hiele fjirtich dagen tiid, en
harren skipke dreau dan hjir dan derhinne en har iten wie allinne it
wetter
dat hja mei krigen hienen fan it eilân fan de godsman, troch om
de
trije
dagen te iten bleauwen hja allegearre fleurich sûnder ienige
honger
of toarst.
Doe kamen hja, sa as de godsman foarsein hie, by it eilân fan
de fersoarger op de Hillige Sabbat. En doe`t hja by de haven kamen,
rûn
hy harren mei grutte blydskip temjitte, mei eigen earmen tilde hy
harren
allegearre út it skip. En doe`t de earetsjinst fan dy hillige
dei
folbrocht wie, sette hy harren in jûnsmiel foar. Doe`t it al
jûn
wurden wie gienen hja yn it skip en dy man gie mei harren.
Doe`t se goed en wol fearen fûnen se it meunster fuort op
it
wenstige plak en dêr hawwe hja God de hiele nacht loflieten song
en yn`e moarn de missen. Doe`t se klear wienen mei de mis, gie
Jasconius
syn wei en alle bruorren dy`t mei Sint Brendan wienen, rôpen de
Hear oan en seinen: 'Ferhear ús, O God, dy`t ús heil is,
betrouwen fan al ierdryks einen en fiere kusten.'(ps 65:6)
Sint Brendan bemoedige syn bruorren en sei: 'Wês mar net bang,
want hy sil jimme gjin kwea dwaan, mar jim help biede op de reis.'Yn
rjochte
koers kaam it meunster oan de kust fan it eilân fan de
fûgels.
En dêr binne hja bleaun, oan`t de achtste deis fan Pinkster.
Neidat hja dêr de tiid fan de jierlikse feesten trochbrocht
hienen,
sei de fersoarger dy by harren wie tsjin Sint Brendan: 'Gean op it skip
en meitsje jimme wettersekken fol út dizze boarne. Want
dizze
kear sil ik jimme reisgenoat wêze en jimme gids.
Sûnder my sille jimme it Beloofdelân fan de Hilligen net
fine kinne. Wylst hja oan board fan it skip gienen, songen alle
fûgels
dy`t op it eilân wienen as mei ien stim: 'Dat de God fan
ús
heilwinsken jimme in goede reis jaan mei.'
HAADSTIK 28
Sint Brendan en syn maten fine it Beloofdelân fan de Hilligen.
Sint Brendan en dy`t mei him wienen fearen nei it eilân fan de
fersoarger en dy gie sels mei harren, en dêr namen hja foarrieden
yn foar fjirtich dagen. Har skip fear no fjirtich dagen lang yn
eastlike
rjochting. En de fersoarger sels gie harren foar en bestjoerde harren
reis.
Doe't dy fjirtich dagen foarby wienen, en it tsjin`e jûn
rûn,
bediek harren ynienen sa'n tsjokke mist, dat de iene de oare mar kwalik
sjen koe. Mar de fersoarger sei tsjin Sint Brendan: 'Witte jim wat
dizze
mist is?'
Sint Brendan sei: 'Wat is it dan?'
Doe sei hy tsjin him: 'Dizze mist leit om it eilân hinne dat
jimme al sân jier sykje.'
Nei in skoft fan in oere, omstriele harren wer in geweldich ljocht,
en it skip lei oan`e wâl.
En doe`t hja út it skip gienen, seagen hja in wiid lân,
mei beammen fol fruchten, lykas by`t hjerst. En salang`t hja dat
eilân
rûngienen, hat it by harren nea nacht west. Hja namen allinne fan
de fruchten safolle`t hja woenen en dronken út`e boarnen en sa
trochkrústen
hja fjirtich dagen lang it hiele lân en koenen de ein derfan net
fine.
Op in dei fûnen hja de grutte stream dy`t midden oer it
eilân
rûn. Doe sei Sint Brendan tsjin syn bruorren: 'Dizze stream kinne
wy net oerstekke, en wy witte net hoe grut dit lân is.'
Doe`t hja dit by har sels wol graach woenen, sjoch dêr kaam
harren
in jongeman yn`e mjitte, wylst hy harren mei grutte blydskip tute, en
in
elk by syn namme neamde, sei er: 'Lokkich dy`t yn Jo hûs wenje.
Hja
kinne Jo aloan de lof tasjonge.'(ps 84:5)
Doe`t hy dat sein hie, sei hy tsjin Sint Brendan: 'Sjoch hjir is it
lân dêrsto lange tiden om socht hast. Do koest dat net
fuortdalik
fine, omdat God dy ferskate fan syn geheimen yn de grutte oseaan sjen
litte
woe. Gean no wêrom nei it lân fan dyn berte, nim mei fan de
fruchten fan dit lân, en fan de sierstiennen, safolle as dyn skip
lade kin. De dagen fan dyn fiere reis komme nei oan, datsto sliepe
meist
mei dyn ôffaars. Nei folle jierren, as de ferfolging fan de
kristenen
kaam wêze sil, sil dit lân tawiisd wurde oan jimme
neifolgers.
Dizze stream dy`t jimme sjogge ferdielt dit eilân. Sa as jim it
no
sjogge, mei ripe fruchten, sa bliuwt it yn alle tiden sûnder
ienich
skaad fan de nacht, want Kristus is it ljocht dêrfan.'
En doe`t hja fan de fruchten fan it lân naam hienen en fan alle
soarten fan sierstiennen en de fersoarger en de jonge man gean litten
hienen,
gie Sint Brendan mei syn bruorren wer yn it skip en begûn troch
de
mist te farren. Doe`t hja der troch hinne wienen, kamen hja oan it
eilân
dat 'It Hearlike' neamd wurdt. En dêr brochten hja trije dagen yn
gastfrijheid troch, en nei de seine ûntfong te hawwen, is Sint
Brendan
rjochtút rjochtoan nei syn plak weromgien.
HAADSTIK 29
En dermei ferruilet Sint Brendan it tydlike libben foar it ivige.
De bruorren ûntfongen him mei tige hertlike lokwinsken, hja
ferhearliken
God, dy`t net woe dat hja berôve waarden fan it sjen fan de sa
minlike
abt, dat hja, troch syn ôfwêzichheid salang mist hienen.
Doe
hat dy hillige man, wylst hy harren betanke foar harren leafde, alles
ferteld
dat foarfallen wie ûnderweis, dat hy him te binnen bringe koe en
hoefolle fantastyske wûndertekens de Hear him sjen litte wollen
hie.
As lêste hat hy ek mei betrouber bewiis, syn oansteand
ferstjerren
bekend makke, neffens de foarsizzing fan de jongeman yn it
Beloofdelân
fan de Hilligen.
Dat hat ek de ein fan de saak wol oantoand, want neidat allegearre
har goed achter him opsteld hienen, is hy nei in koart tuskenskoft,
fersterke
troch de hillige sakraminten, út de rigen fan syn learlingen wei
romryk
hinnegien nei de Hear, oan Wa`t de ear is en de hearlikheid oan`t yn
ivichheid.
Amen.
Yndex
Sint Brendan
Vita
Seereis
De Reis
Gebed
E-mail
|