Dit verhaal is er ook in een Nederlandse versie.
Een brede planke mei opsteande rânen, op de ein in dwerssket mei fjouwer rjochthoekige gatten, en 30 skiven fan boekehout. Dat binne de attributen fan it sjoelspul. De planke ferbliuwt meast op solder of efter yn in kast, en wurd faak pas tefoarskyn helle as it jier sawat om is. Wêrom dan? Dêroer kin ik alinne mar spekuleare. Miskyn hawwe der yn de rin fan it jier wol plannen west foar in sjoelspul mar is it der net fan kaam. Gjin nocht om nei solder of dy kast leechromje.
Of it hat mei de feestdagen te meitsjen, tiid by't soad om te fergriemen, swier tafele, alles wol sawat sein. Dan is der ferlet fan in aktiviteit wêr it net te bot op de holle of de lea oankomt. Sjoele is ideaal, skiven op it boerd en skowe mar! En eltsenien kin it like goed, want kinst wol miene dat de skiven troch dyn tûkens yn de gleuven ferdwine, mar it is puur gelok!
Hoe ik sa by sjoelen kom? By myn ûndersyk nei de ynwenners fan Feanwâlden en de Wâl kaam ik yn de Ljouwerter krante bysteande adfertinsje tsjin. Fan in sjoel partij op snein 22 september 1878. Liket neat bysûnders, mar it is de ienichste sjoel adfertinsje dy't yn de njoggentjende ieuw yn de Ljouwerter krante stiet. En der is flink wat te winnen, 7.50 is sawat in wyklean foar in arbeider yn dy tiid, yn keapkrêft omrekkene nei dizze tiid sawat twahonderd euro.
Omdat dit de ienichste adfertinsje foar in sjoel partij yn Fryslân is yn de njoggentjinde ieuw, kinne we stelle dat Feanwâlden destiids de Sjoelhaadstêd fan Fryslân west hat. En de kâns dat guon fan ús foarfaars der by west hawwe op dy snein yn Klein Spoorzigt liket my ridlik grut.
Wat ik my ôffreegje, wêr komt it sjoelen wei? It soe oarspronkelik út Ingelân komme wêr it shuffleboard neamd wurd. It Ingelske wurd shuffle hat deselde betsjutting as it Fryske wurd sjoele of sjoelje, wat slepe, skowe of slofkje betsjut; eat bewege wylst it yn kontakt bliuwt mei de ûndergrûn. Mar it Ingelske spul hat in prinsipieel ûnderskied. By dat spul giet it derom de skiven nei in bepaalde posysje op it boerd te spyljen. Dêrby kinne skiven fan oare spilers fuortreage wurde. Op deselde wize as bygelyks by Curling. By it Fryske sjoelboerd of sjoeltafel moatte de skiven troch 4 gleuven mikt wurde. Dat makket it Fryske sjoelen uniek, want foar safier ik neigean kin bestiet nergens oars op de wrâld in sjoelspul mei inselde konstruksje.
Oannaam wurd dat it Fryske Sjoelen yn de rin fan de 19e ieuw ûntstien is. Mar wannear krekt, en oer de útfiner is neat bekend. Best mogelik dus dat it yn Feanwâlden betocht is! It is ek net bekend of it sjoelen syn foarm bewarre hat oer de tiid, of dat it evolueard is. Wy kinne oannimme dat it sjoelspul yn Spoarsigt sawat itselde wie as wat wy hjoeddedei kenne, mar it kin der ek hiel oars útsjoen hawwe.
De konstruksje is bepalend foar de wize fan spyljen. By it Ingelske shuffleboard en ôfliede spullen komt it behalve op túkens qua mikken ek foaral oan op de dynamyk fan it sjoelen. Te hurd of te sêft betsjut dat de skiif net op de winske posysje telâne komt. Dat lêste is by it Fryske sjoelen fan minder belang. Dêrmei liket it Fryske sjoelen geskikter foar minsken mei in wat minder ûntwikkelde fine motoryk.
Ûnderskied bestiet ek by de psychology fan it Fryske sjoelen. By it Ingelske sjoelen kin winst fluch omslaan yn ferlies as de tsjinstander dyn skiif fan it boerd mikt. By it Fryske sjoelen kin pas nei 3 beurten en optellen fan de punten in winner útroppen wurde. Frustraasje by it Fryske sjoelen komt faak as de poartebalke ferstoppe is mei in bulte dêrfoarlizzende skiven, wat de spiler oanset om steeds hurder, om mar net te sizzen agressiever, te sjoelen. It Fryske spul wurd dan in striid tsjin jinsels, ynsté fan tjsin de tsjinstanders.
Earder bewearde ik dat Sjoele in geloksspul is en net in behyndighydsspul. Dat is net hielendal wier. Mar de kâns dat immen in sjoelskiif fan 52 millimeter op in âfstân fan oardel meter troch in poarte fan 60 millimeter sjoelt is lyts. De marge is 8 millimeter. Dat betsjut dat de hoekmarge foar de spiler, op it plak wêr hy de skiif loslit, mar 0.3 graden is. Dat is in lytsere marge dan in triple-20 by darts! Lykwols, in tûke spiler hat fansels mei 30 skiven statistysk sjoen mear kâns om punten te heljen dan in wat minder tûke.
Om earlik te wêzen, ik bin sels gjin grutte leafhawwer fan sjoelen. Lykwols hat dit ferhaal my ynspireard om in firtueel sjoelspul te meitsjen. Klik op it plaatsje hjirûnder.
Foar spulrigels sjoch by de Algemene Nederlandse Sjoelbond, de ANS.